Hwer't se bidarre binne mei dy sleauwe puttees om 'e poaten en dy tichte gatsjepanne op 'e kop wit ik net, mar guon woenen derop út, it soenen wol deserteurs of spionnen wêze. Op sahwat itselde sté dêr't dy keardels yn 't grinslânsk stienen to grânzgjen en to switfeijen yn 'e lije maeijejoun hat trije jier letter de boargemaster by ljochtskyndei mei it revolver yn 'e fûst bisocht de molkstakers lytsman to meitsjen en noch wer in goed jier letter roun ik dêr de Zoll yn 'e bek en hie ik doe net krekt it jaske oan dat ús mem keard hie...? Oer de gisel dy't ik yn dat jaske makke ha lykwols yn De Tsjerne oer fiif jier, by libben en sounwezen.
Yntsje Jâns wie dy jouns nammers de man yn Eastersé, dyselde fan it Yntsje Jânsboekje: Wee, wee over Vlaanderen en Friesland, olderling tot Oosterzee - hied er net biskreaun dat it minskdom nochris troch it bloed baeije soe, it Swartedykje lâns, der by kapper De Graaf del oan Klaes Eiju ta? De oare deis (dat sil dan dochs de alfte maeije west hawwe) wienen wy al wer repatriearre nei Ychtenerbrêge en der is gjin drip bloed oan to pas kommen. It iennichste hwat ik mei wierheit sizze kin is dat ik fannijs, lykas de earste, blauwe moarn fan de tsiende maeije, pûr ende pûrrazend wie op dy fordomde Dútskers. Godallemachtich, hwat wie ik helsk! Sa helsk en dûm as in jonge fan fyftjin jier wêze kin as er, machteleas, net fan ien fan syn gelikens mar fan in greate, gemiene loebes ûnforwachts op 'e hûd kriget. Ofsjoen fan boppeneamde feiten oangeande de Slotbundel fan Douwe Wouters, ús Rike har slieppoppe en ús buorman syn Folksweintsje herhelje ik it: it gefoel fan forret en bidondere to wêzen wie it sterkst.
Dy saterdeitomiddeis daveren de earste Dútske ordonnansen by Durk Wiarda de hoeke om, dat út nei Wolvegea, munsters fan keardels mei lange kleppen oan 'e pet en swier yn 't lear. Ik haw, yn dy uterste woede, faeks wol bidden, mar ik haw ek - likemin effektyf - ien momint hope dat in gewanten knaep as Durk (sà fan in Isingsprintsje út in Gerdesboek weistapt) mei syn maten op 'e hoeke stean soe om it mei foarhammer en slaei tsjin dy earste kolonne fuort yn 'e kant to setten.
Doe't se der dan wienen haw ik alle nûmers fan Het Leven dy't ik fan in freon bisette koe yn 'e hûs helle en alle fotoreportaezjes tsien, tweintich kear bisjoen dy't dêr yn stienen. Fan de oerfal op Tsjecho-Slovakije, de opmars yn Poalen, de raid op Scapa-Flow, de raem op Skandinavië. It wienen treflike reproduksjes. It wienen deselde learene loeders. ‘Lüttich is schon kaputt,’ sei in Feldwebel in deimennich letter by de