Jelle H. Brouwer:
Maeijedagen 1940
Hwa't nou noch libje, diene doe to min. Ik hear it Arthur Miller en freon Henkels sizzen. Fansels bisykje wy it kreas hwat to bilizzen, mar it bliuwt wier, wy diene doe to min, to min.
Wy wiene net klear foar in moderne oarloch en likemin foar in moderne bisetting. Théoretysk koene wy witte, dat it der foar Abraham, ús Zionistyske freon, dêr't wy yn ús jonge jierren in gedicht oan opdroegen, hielendal net poëtysk útsjen soe sa gau't de Dútskers hjir baes waerden; in Nederlânske plysje, dêr't er sa goed mei koe, hat him gewoanwei ophelle en yn it forneatigingskamp wisten se wol wei mei him. In pear wike foar de bifrijing noch kamen se Wiger oer 't mad, doe't er ien nacht to lang thús bleaun wie, omdat syn frou net goed wie, en skeaten him del foar har bleate fuotten. En ik moat tinke oan Bertus en Jan en Willem... Mar dat stiet allegearre sa fier fan dy maeijedagen ôf, dêr't de redaksje fan De Tsjerne jin oer gear hawwe wol. Ik kin der nou wol in moai forhael oer gearstalle, mar wierheit is, dat dy maeijedagen foar my ien tizeboel binne.
Wy sitte moarns oan 'e brochjetafel; aenst moat de fytstocht nei Ljouwert wer oangean. It waer is kostlik, it wurdt in plezierrit. Ien fan 'e bern fljocht by de tafel wei nei it rút: troch it suden jaget in eskader fleanmasinen. Nou hearre wy ek it droanen fan 'e motoaren en foar 'e hûs steane minsken to sjen en to wizen. Der moat hwat bysûnders wêze. Dat is der ek. Dat fornimme wy forgoed, as wy efkes letter by in buorman nei de radio harkje. Noait ha ik sa mei ynmoed harke, noait hat it Wilhelmus, dêr't de útstjûring mei bisletten waerd, sa'n yndruk op my makke.
Nei't wy in skoft wifke hawwe, oft wy nei Ljouwert sille ja of né, sette M.K.S. en ik dochs mar ôf. It wurde wûndere dagen. Op 'e weromreis moetsje wy ús eardere oerbuorman Reinberger, de Dútsker dy't mei de stúdzje fan it Frysk pielt. Earlik sein steane wy him net rjocht. Is er as spion nei Fryslân kommen? By it kafé fan Brouwers hawwe wy in koart en fûl petear. Letter sil it bliken dwaen, dat er ta de goede Dútskers hearde.
Swierder to fortarren is it foarbytsjen fan in motorisearre Dútske kolonne, ien glinstering yn 'e sinne, sûnder ein, sûnder ein. Wy sizze gjin wurd tsjininoar, wylst ús banner oer de tegels fan it fytspaed rûzje, wy sjogge de lannen oer, as ob-