bisykje moatten, dan wie er yn 'e izers slein. Mar dy fint soe bysteat wêze en doch biklach hegerop, dan soe er der op 'en moaist sels noch foarrinne.
Nou goed. ‘Moarn acht ûre falst yn 'e wacht. En nou moatst forrekte hurd sjen datst yn 'e bitonningsloads komst.’
Dat wie dat. Mei koai en plunjesek switte Andele de Dellewâl lâns en bilanne by in sânstiennen loads. Dêr hong in swiere stank dy't him bisette. De boatsman dy't út in hokje skeat like dêr gjin lêst fan to hawwen.
‘Wolkom, frjemdling. Mar by de trep op, dêr kinst linich fan bliuwe. De koai op 'e efterste souder, it soe my al raer binije as dêr noch net in plakje wie. Komst wer mei it lok oan, kinst fuort oanfalle, jimme hingje dochs fan iten en drinken byinoar.’
‘Is der noch waerm iten, boatsman?’
‘Wel alle minsken! Dat komt my hjir by nacht en ûntiid oan en dat freget om waerm iten! Sa spikerhurd haw ik it noch noait meimakke.’
De souder. Andele suchte. De sinne skynde yn it stof troch in pear skeane dakglêzen, de koaijen hongen twa heech boppe inoar. Efteroan yn 'e meast skimerige hoeke fan dy stjonkende romte wie noch plak foar syn koai. Dit soe ek wol wer wenne, earst mar ite.
Op in oare souder sieten se oan 'e keale tafels, allegear frjemden. Hy skoude by op in bank. ‘Hwat nou, wolstù hjir dyn fakânsje trochbringe?’
Bûten skynde de sinne mei lange reade strielen oer it hast droechfallen waed. De ivige kobben sieten op 'e grien oansleine basaltstiennen.
De iterij krige syn bislach. De souder roun leech op in stikmannich nei. Fjouwer skikten op 'e ein oan 'e tafel mei in spul kaerten. In lange, bleke matroas skodde in doaze mei kleurige stikjes leech en soe oan it puzzeljen.
Koe it frediger? Mar ek, koe it ûnwenniger? In stoffige souder dêr't in swiere stank ware. Fjouwer jonges dy't grimmitich mei kaerten smieten. Ien dy't mei stúdzje en oerlech stikjes papier yninoar paste. Op it skiere Waed wiene de lêste kleuren forfage.
Andele siet mei in brievekaert. ‘Ik bin nei Skylge rekke, marris ôfwachtsje hoelang as dit wer duorret. Yn Amsterdam hiene se it oer oarloch, dat sil wol hwat tafalle. Wy sille der it bêste fan hoopje.’
Letter roun er troch it stille doarp. Hjir soe er ek wol wer kunde krije, it wie nou noch to gau. Moarn alris mei dy adju-