De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 161] [p. 161] [Nummer 5] D.A. Tamminga: De Falskermer Ik, wiffe falskermjager, lang yn kaserne en lager opfokt ta oarlochsfe, hjir stean ik efter de oaren en moat sadaelk nei foaren dryst en ta springen ré. Ik wit my ûnder 't fleanen gjin earn tusken de earnen, wiet fielt it yn myn krús. Strak brek ik fêst de poaten, se sjitte my oan moaten en ik kom noait wer thús. De apocalyps fan Dürer brekt los en foar de Führer bin ik mar sieddelsied. Mem, mem, ik wol net stjerre, net yn it grêf bidjerre dêr't hy ús hinneliedt! Hwerom gean net de folken ien wei op as de wolken...? Dêr blaft it hounsk bifel. Ik flok dy hiele bende en fal nei 't ûnbikende as manna út de hel. - frij nei R.P. SYBESMA - Vorige Volgende