Meidieling
It maeijenûmer fan De Tsjerne sil útjown wurde yn in apart omslach nei in ûntwerp fan Johs. Mulders en yllustrearre mei tekeningen fan Janmurk de Vries. Sa'n tweintich skriuwers wurkje der oan mei, dy't allegearre yn proaza en poëzij har oantinkens werjowe oan de earste oarlochsdei (-dagen) fan 1940, nou 25 jier forlyn. It nûmer sil yn in formaet fan likernôch 80 bledsiden om 1 maeije hinne forskine ûnder de titel DY TSIENDE MAEIJE.