Durk van der Ploeg:
De oarloch is net bigoun
Wy wennen op in terp yn de âlde gemeenteskoalle, dy't nei de opheffing ta in dûbelde went forklost is. Op in dei kaem der in man op in fyts mei kusjebannen. Hy fûstke mei ús mem, sei dat er Gosses hiet en frege oft er it hûs wol efkes sjen mocht. Oan syn eagen koe ik wol sjen dat er yn de keamer net folle eigens ûntdekke koe, mar by biwûndere tige de kleankast yn 'e hoeke fan 'e keamer mei de greate heakken, dy't neffens it sizzen fan de man noch krektlyk wie as fjirtich jier lyn, doe't er yn dizze skoalle foar de klasse stie. Letter die my bliken dat dy man professor Godard Gosses wie, dy't om 1900 hinne yn de gemeenteskoalle op 'e terp oan de Ealsumers de earste bigjinsels fan wittenskip bybrocht. Noch fier foar de tiid dat Gosses ûnderwizer to Ealsum wie, stie oan deselde skoalle as haed R. van Assen, in ierdrykskundich man, fan hwa't in boekje oer ierdrykskunde fan Fryslân en in skoallekaert forskynd is. Fan dy skoallekaert haw ik oan de Fetzeskoalle to Dokkum noch leard hoe't Fryslân mar in lûst wie yn de wrâld en dat Fryslân op de globe yn de hegere klassen alhiel net foarkaem.
Mar de terp mei de âlde skoalle en it mastershûs wie great. Dêr foarmen har ek de earste bigripen oer de oarloch en sjitterij, hwant simmerdeis waerden der op sneontojounen oan de hússide fan it eindichste hûts sjitoefeningen hâlden troch de BVL. In greate wite kaert mei swarte sirkels en in dûnker hert as roas waerd op de hoksside slein. Om beurten skeaten de mannen dwers oer it tún en it skot wjerkeatste tusken de romte fan it hok en de huzen. As jonges mochten wy dan de lege hulzen mei nije leadtsjes stopje, mar as it al to let waerd kaem der ien om 'e hoeke fan it hûs om ús yn 'e hûs to roppen. Wy wiene der lykwols al op ôfjage en doeken tidich yn it hok, sadat nimmen ús fine koe. Wilens wy op 'e hûken foar de húskedoar sieten to wachtsjen oant de kust wer feilich wie, pikten de kûgels feninich tsjin it sket. En dan gyng it wer út in draef nei de mannen om de hulzen fierder yllegael to stopjen. En fansels waerd sa'n joun oer de polityk praet, al koe ik der dan ek neat fan bigripe. Mar doe't it mobilisaesje waerd wie it dien, wy hiene ús lêste kûgels makke.
De oarloch. Ik wit net hwer't it bigjint. Mei skokken falle de