| |
| |
| |
Prof. Dr. J.H. Brouwer:
Nijnoarsk en Frysk
II
c. Noarwegen nei 1945
Yn it foargeande liket it taelstribjen wol yn in tige idéalistyske sfear syn bislach to krijen. Forlykje dat ris mei hwat nei 1945 bard is, seit Skard. De nije sivilisaesjefoarm nei Amerikaensk model komt ek oer Noarwegen, regelrjocht út Amearika mar ek oer de omwei fan oare lânnen - en hy komt mei gewelt. In folk fan boeren en fiskers wurdt ta in naesje fan konsuminten en foarstêdbiwenners, kommersialisearre, mechanisearre, automatisearre en uniformearre, ‘in folk yn wite jassen’. Yn 1980 sil 70% fan 'e Noaren yn 'e stêd wenje. De produksjefoarm foroaret, de kultuerfoarm folget op 'e foet, sels de libbensstyl giet mei.
It formogen en de wil om it nije to assimilearjen en in eigen stimpel to jaen wurdt lytser. Hoe passyf men wurdt komt faeks it bêste út yn it kritykleas oernimmen fan Ingelsk-Amerikaenske wurden ek dêr't goede Noarske bisteane. Yn 1962 dielde de Noarske radio mei, dat in melody opgong makke hie, ‘hoewol de tekst yn it Noarsk wie’! Orkestkes yn boere-doarpen tuge in Ingelske namme oan. Dat gâns jongeren aerdichheit hawwe oan oerwâlddounsen en jazz is it slimste net, mar dat hwat fordivedaesje wêze moast ta de bilangrykste geastesynhâld wurdt.
Nou soe men forwachtsje, dat wy ús geastlike wjerstânskrêft forsterkje soene en biwust ús eigen formogens útbouwe soene om yn de nije wrâld ús eigen gesicht to hâlden en de machtige kultuerfoarmjende faktoaren yn eigen geast to brûken en dat dit binammen útkomme soe by de tael, dat dêr al it yndividuéle en aparte mei sin fuortsterke wurde soe. Mar sa is it net. It liket wol oft men der nei 1945 op út is alle typysk Noarske taelstof oan kant to krijen.
It útgongspunt wie de staveringsherfoarming fan 1938, dy't de wil ta oparbeidzjen to heech oansloech en to hurd woe mei de fornoarsking fan it Bokmål en skerpe réaksjes oproppen hat. Der is bisocht de biswieren op to heinen yn de saneamde learboeknoarm fan 'e offisiéle Noarske taelkommisje. Mar der wiene krêften losmakke yn 'e organisaesjes fan Bokmål-foarstanners dy't net mear to hâlden wiene. Foar de offisiéle
| |
| |
bineaming Bokmål keazen de konservative eleminten Riksmål, dêr't dúdlik harren doel yn útkaem. In striid tsjin alle Nijnoarsk sette yn. Dat soe wer as haedtael út 'e folksskoalle en as twadde tael út 'e hegere skoallen fordwine moatte, ja der wiene sels guon, dy't it Nijnoarsk as lykbirjochtige offisiéle tael ôfskaffe woene. En it Bokmål soe tobekdraeid wurde moatte ta de tastân fan 1917. Dy plannen wiisde it Storting ôf, meidat it de learboeknoarm mei greate mearheit oannaem.
Mar de Bokmålopposysje sette troch, mei oare machtsmid-dels. Der waerd jild foun om in stream fan artikels en brosjueres út to jaen tsjin de fornoarsking fan Bokmål (de skelnamme ‘Skamnorsk’ foar Samnorsk seit genôch) en listen mei Noarske wurden dy't as vulgair mijd wurde moasten. Greate útjowerijen doarsten om 'e klandyzje net oars as slút harren dêr by oan yn nije útjeften, in hiele rige kranten die itselde en gâns sakelju folgen. De presjegroep naem it yn har propaganda neat net krekt; de foarbylden dy't Skard oanhellet biwize mar al to dúdlik, hoe't alles yn 'e emoasionéle sfear belle waerd en hoe't neat mijd waerd om de foarstanners fan Nijnoarsk op 't sear to kommen mei hún, spot en skelwurden; yn 1961 waerd sels steld, dat de taelsituaesje yn Noarwegen forantwurdlik wie foar de forswakking fan leauwe, autoriteitsfielen... en foar de jeugdkriminaliteit! De tsjinstanner yn taelkundich opsicht waerd bikûgele mei wurden as ‘forpøblingen’, ‘idioternes babbel’, ‘infantile tonedøve’ ensfh., dy't sûnder oersetting ek wol dúdlik binne. Kultivearre Riksmål-lju gyngen út prinsipe net mear nei in Nijnoarsk toanielstik en liezen út prinsipe gjin Nijnoarsk boek mear.
De politike situaesje waerd misbrûkt; der waerd spile op de wjerstân dy't yn guon rounten bistie tsjin de oanwinnende dirigearring, kontrôlle en burokraetsy fan 'e wolfeartssteat. Ek hie de nije mienskipsstruktuer, dy't Noarwegen nei 1945 sa hurd foroare hat, ynfloed. Oeral binne de unifoarmearjende machten yn opmars, ek taelkundich. En der binne nije presjemiddels bykommen, ûnôfhinklik fan 'e steat.
De minsken sette hwat langer hwat mear nei de stêd ta. De âlde gearbinende mienskippen falle útinoar. Greate folksmannichten sykje in nije status yn in nij formidden en de tael wurdt hwat langer hwat mear ta in prestigeteken. Dat wol sizze, hiel hwat lju ûnderfine harren âlde, harren ûnderskiedende tael net mear as in stipe, mar as in bihindering; hja wolle der leafst net útrinne, mar krekt oarsom skûlgean yn 'e mannichte. De stêd, de technyk, it ynternasionale wurkje it stribjen fan de Bokmål-propagandisten yn 'e hân.
| |
| |
De agitaesje wurdt stipe troch hiel hwat sakelju en troch de rekiame: gjin Noarske wurden yn 'e advertinsjes, of se moatte iroanysk-humoristysk brûkt wurde. De útjowerijen doare, ûnder ynfloed fan de presjegroep, net oars as yn harren útjeften har oan to passen by de winsken fan dy groep, dy't alhielendal neffens Amerikaensk foarbyld to wurk giet.
Hoe't it lân derhinne leit docht faeks op 'en dúdliksten bliken út de biwurking fan My Fair Lady troch André Bjerke, hwant dêr wurdt it echte Noarske taelgebrûk fan de haedpersoan foarsteld as de iennichste greate bihindering om talitten to wurden to de sosiael akseptabele rounten. De biwurker skreau nei de première, dat it syn doel west hie to biwizen, dat de gewoane man him wier ‘foroarje’ kin, dat er loskomme kin fan syn oarspronklik formidden en syn natuerlike tael en dat dit proses like winsklik is as ûnûntkomber.
Skard wol syn útgongspunt net nimme yn propagandafrazen (fan beide kanten), mar yn de feitlike situaesje. De eardere opfetting fan Nijnoarske kant (en de hjoeddeiske fan konservative Bokmål-lju) dat Bokmål mei gauwens it plak romje sil foar Nijnoarsk is ûnréalistysk; Bokmål is in libbenskreêftige tael, dy't in tige sterke posysje ynnimt yn bistjûr, skoalle, tsjerke, krante en literatuer.
De Noarske tael fan 'e takomst sil tige it merk drage fan Bokmål, foaral op it technysk-wittenskiplike en kommersiéle flak. Nijnoarsk is krektoarsom in minderheitstael en is nei de oarloch sels ôftakke, omdat yn gâns dingen de stream fan 'e tiid tsjin is.
In feit is ek, dat Bokmål, sa't it nou is, net klear is om de ienheitstael fan 'e takomst to wêzen. De measte Noaren sille wolle, dat de skriuwtael foar it meartal in natuerlike tael is, d.w.s. dat dy reedlik oanslút by de sprektael en it libbene taelfielen fan de Noaren fan nou. Gjin forstannich minske sil de skriuwtael hielendal op 'e spraek bouwe wolle; likemin sil men allinne mar mei de skriuwtradysje rekkenje wolle. Mar de Noaren binne sa demokratysk dat se forlangje sille, dat de skriuwtael fan sa folle mooglik minsken as eigen oanmurken wurdt. In biswier tsjin Bokmål yn dit forbân is, dat it nei komôf en ûntjowingsgong in ynfierde tael is, dy't de langste tiid fan har bistean it hawwe moast fan literatuer en ûnderwiis, net fan libjende dialekten; it feitlik uteringsformogen fan de tael fan nou hinget dêr mei gear.
De ôfstân tusken skriuwtael en spraek is great. Lang wie Bokmål foar it greatste part fan it folk in frjemde tael; hjoed- | |
| |
de-dei binne spraek en tael tichter byinoar kommen troch de fornoarsking oan de iene kant en de ynfloed fan skriuwtael op sprektael oan de oare. Mar noch altiten is de grounslach swakker as dy wêze koe en moast.
Noch altiten hawwe hiel hwat kriten en doarpen, ek dêr't Bokmål skoalletael is, in sprektael dy't op bilangrike punten tichter by it Nijnoarsk stiet as by Bokmål. It giet hjir net om lytse dialekt-farianten, mar om taelmateriael, dat eigen Noarsk is ek foar de Bokmål-sprekkers: oer lânskip, natuerfoarmen, bosk, berch en mar, waer en wyn, klank en geur, wurk en folkslibben ensfh., like eigen Noarsk as de plaknammen. Dêrom is de wikselwurking tusken dialekt en skriuwtael sa'n wichtich fraechstik.
Yn greate stikken fan Noarwegen (en yn Oslo) bitsjut it ûnderwiis yn it Noarsk, dat de learlingen ôfwend wurde fan har natuerlike sprektael en nei in literaire skriuwtael twongen wurde dy't harren mear of minder frjemd is.
De libbene folkstael wurdt keard út it Bokmål, dat men hjoed-de-dei yn kranten en boeken sjocht. Holle en hert fan de bern sitte fol Noarske wurden, dy't fanselssprekkend foar harren binne en dy't forbân hâlde mei hiel har wrâld fan bilibjen, fan gefoel en assosiaesjes. Mar yn Bokmål meije se dy net brûke.
Der wurdt sein, dat it ûnderwiis yn de twa talen op 'e Noarske gymnasia sa'n formuozjen fan krêft is, mar dat is neat forlike by it systematysk ôfwennen fan de eigen tael, dat in great part fan it folk yn 'e meast ûntfanklike jierren ûndergean moat. En dat op ien fan 'e persoanlikste gebieten fan it sielelibben. Unwissens en minderweardichheitsfielen is gauris it resultaet. De (yn Bokmål skriuwende!) auteur Kare Holt hat oanjown, hoe't er as bern de skoalletael ûndergyng, as in bilesting yn syn ûntjowing as minske, dy't noch oer de sosiale druk hinne kaem. ‘In tael dy't to fier stiet fan de eigen tael fan it folk wurdt field as in skroef om 'e geast, as in geastlike slavetastân. Dy misfoarmet de minsken en makket se ûnfrij.’
Foar withoefolle Noaren bliuwt Bokmål in tael, dy't harren net eigen is, dêr't se har tinzen en fielen net frij yn uterje kinne; hja binne boun oan cliché's. Dat kin men bygelyks skoan hearre by fraechpetearen foar radio en tv; it is net wier, dat elts it Bokmål sûnder biswier leare kin - withoefolle brûke it stadich en sykjend, sûnder nuances, kleur en humor. De tael forberget faek de persoanlikheit. Dit jildt net allinne foar de ienfâldige man, mar ek wol foar knappe akademisi en politisi. Har taelgebrûk is faek in demonstraesje fan it minsklik tra- | |
| |
gyske yn 'e Noarske taelsituaesje. En soks nei ieuwenlange oefening yn 'e skoallen. Dat de kwaliteit fan it Nijnoarsk ek min wêze kin is allinne in oare kant fan deselde saek.
Alle dagen giet der gâns forlern fan it eigen taelerfskip en uteringsformogen. Dat bitsjut in great minsklik forlies, mar likegoed forlies foar de literatuer: Bokmål is lang net by steat utering to jaen oan it hiele Noarske libben. It National-theater komt mar hiel inkeld ris mei in stik oer in folksaerdich Noarsk formidden, de lyryk yn Bokmål mist klank, it ierde-nije, de konkrete krêft (ek foarfjochters fan Bokmål jowe ta, dat de Nijnoarske lyryk better is en freegje der faek om yn in winskprogramma fan de radio), ek it proaza lijt fan de isolaesje fan it eigene, de styl is faek bleek en kâld, substantivysk en abstrakt, fol fêste útdrukkingen (forlykje mar mei de sprankeljende, oarspronklike Ingelske krantestyl) en as tael foar oersettingen hat it Bokmål (‘dy hurde en meagere tael’, sa't prof. Smith, sels in Bokmål-man, skreau) greate tokoarten oft it nou om Aischylos of Edda, saga's of folkslieten giet - it kin lang net út tsjin it Deensk en Sweedsk.
Sa wie it al ear't de aksje foar Riksmål bigoun; as dy it pleit winne mocht, soene de tokoarten noch helte slimmer wurde.
By twang fan in standarisearre, konservative Bokmålnoarm soe de taelkundige ûnfrijens bûten alle roai oanwinne. Nou al moatte Bokmålskriuwers de tekst soms ómskriuwe; de taelkundige earmoed soe allinne mar greater wurde. Nou al kin men it proses oan 'e gong sjen yn kranten dy't ûnder de ynfloed fan 'e Riksmål-aksje steane. Al it eigen Noarske driget útsouwe to wurden.
Ek de boere- en arbeiderskranten dogge neat, dat boeren en arbeiders har eigen tael oanhâlde sille, krekt oarsom lykje hja der op oan to stjûren, dat dy sa gau mooglik har oanpasse by de fynste taelkundige en sosiale standert. En Nijnoarske studinten yn Oslo ûndergeane sterk de ynfloed fan 'e Bokmålstudinten, dy't oansteane op oanpassing en konformaesje.
Ien en oar is namsto gefaerliker sjoen yn it ramt fan de wrâldûntjowing sûnt 1945. Men kin der mar steat op meitsje, dat de uniformearjende twang hwat langer hwat sterker wurde sil en dat it mei gauwens sa fier wêze kin, dat de fraech net mear is Bokmål of Nijnoarsk, mar oft der wol hielendal fan Noarsk praet wurde kin. De standarisearre wrâldsivilisaesje en de ynternasionale wrâldtael sil yn hege weagen oer Noarwegen komme. Dêrfoaroer soe de tael in sa breed mooglike grounslach yn it folk hawwe moatte; de taelkultuer yn Bokmål en Nijnoarsk soe de wjerstânskrêft allinne mar forsterkje kinne.
| |
| |
Mar yn sté dêrfan hâldt men in klopjacht op de tael-eleminten fan it folk yn beide talen, in ûnforantwurde en wanhopich dwaen; de boarnen fan taelkundige fornijing wurde ôfsnien. As in lyts plak ûnder de agitaesje fan de Riksmål-lju fan Nijnoarsk op Bokmål yn 'e skoalle oergiet, bitsjut dit allinne, dat de swakke stipe, dy't it eigene oant nou ta joech tsjin de tael fan magasyn en kiosk hielendal weiwurdt. Hwat dêr yn it lyts bart bidriget de hiele naesje.
De Noaren sille mei gauwens alle krêft nedich hawwe om de kulturéle en taelkundige druk to wjerstean. Hja kinne net bûten de ûntjowing fan de wrâld bliuwe, mar faeks al de ûngunstige ynfloeden dêrfan opkeare troch in biwuste wil wekker to meitsjen om it eigene to hanthavenjen yn 'e nije mienskip. It earst-nedige dêrta is foarljochting oer de feitlike taelsituaesje. It is net wier, dat ‘Samnorsk’ in ûnduldbere twang útoefent sawol op Bokmål as Nijnoarsk; Samnorsk bistiet net en sil yn lange, lange tiid gjin réaliteit wurde. Der binne foarsichtich foroaringen oanbrocht om de beide talen hwat tichter byinoar to krijen, dat is alles.
Beide sille noch withoelang bistean bliuwe; it werklike probleem is it gearlibjen fan dy twa. Sil dat better wurde dan is it alderearst nedich, dat de geastlike ynstelling foroaret en it positive yn it sintrum komt to stean. Striid op libben en dea tusken de beide hat gjin doel, hwant se hawwe inoar nedich, omdat net ien fan beiden ek mar yn 'e fierte folslein is.
Nijnoarsk hat it foardiel fan it histoaryske, fan it folkseigene, fan in rykdom oan wurden foar natûr- en folkslibben, foar it konkrete en bigryplike, mar mist faek de wurden foar de moderne stêdssivilisaesje, dêr't Bokmål mei syn wurdefoarrie, syn syntaktysk raffinemint en salon-élegance gâns foar hat.
Men moat net forjitte, dat de beide talen net folslein ûnôfhinklik fan inoar binne; se hawwe inoar byinfloede en kultivearre Noaren libje oant in hichte yn beide. Yn 'e takomst sille de Noaren lang forlet fan beide hâlde, mar de aparte rykdommen fan beide moatte op deselde foet yn 'e tael fan 'e takomst opnommen wurde, dat sil ek de swakheden fan beide forminderje.
Men moat de swierrichheden net ûnderskatte, al hoe nijsgjirrich it is to sjen hoe't dy beide, se meije inoar noch sa nei wêze, fan ûngelikense stylwil droegen wurde. Mar it mienskiplike gebiet is great en wurdt greater. Men moat jin ek net op 'e hjoeddeiske tastân forsjen; it taelfielen foroaret mei de generaesje. Fyftich jier lyn sei in foaroansteand taelman dat
| |
| |
de striid der op útrinne soe, dat ‘beide partijen sizze soene dat se it woun hiene.’ Om safier to kommen kin it net sûnder de wil ta oparbeidzjen. De bilangen fan de foarming moatte forboun wurde mei brede lagen fan it folk, troch de beide talen safier as mar kin, meiinoar oparbeidzje to litten en yn 'e tuskentiid de werklike wearden yn beide libben to hâlden yn bliidskip oer de bisteande mannichfâldichheit en rykdom. Men moat ophâlde de tsjinstanner to hunen, alteas offisieel - anonyme briefskriuwers sille der altiten bliuwe. De goedwollenden yn beide kampen moatte de lieding oernimme.
Der binne gâns praktyske opjeften foar sok oparbeidzjen. It Nijnoarsk moat yn steat steld wurde yn libben to bliuwen. Dat wol net sizze, dat der neat yn foroarje mei; jongere skriuwers yn Nijnoarsk nimme gauris wurden en útdrukkingen út Bokmål oer, as dit wier in útwreiding fan it uteringsformogen bitsjut. Mar der is gjin sprake fan, dat Nijnoarsk in lykweardich plak hat yn 'e administraesje, yn it iepenbiere libben, yn 'e hegere skoallen. It is ûnrjochtfeardich dat der op 'e measte fakgebieten gjin Nijnoarske learboeken bisteane. Der moat in ekonomyske lykstelling komme.
Hwat de literatuer oangiet, stiet Nijnoarsk frij sterk yn 'e lyryk, yn algemiene kultuerskriften en yn goede oersettingen. Ek it goedkeape slach boeken wol wol en Syn og Segn is it meast forsprate algemiene tydskrift. Mar hwat de oarspronklike Nijnoarske roman en Nijnoarske oersettingen fan romans yn 'e bestseller-klasse oangiet is der kwantitatyf in efterútgong om ekonomyske reden.
Ek de posysje fan it Nijnoarsk as skoalletael moat fannies bisjoen wurde; dy wurdt nou bipaeld troch in systeem fan lokale stimmingen. De paedagogen binne der allegearre foar, dat de natuerlike tael fan it bern de tael fan it earste ûnderwiis wêze moat, hwát letter ek de haedtael wêze mei; de fordieling fan de beide talen op 'e folksskoalle soe stadichoan yn oerienstimming brocht wurde moatte mei de greate dialektgebieten. Oer it skriftlik Nijnoarsk op it gymnasium wurdt nou al withoelang striden, mar as lykstelling en taneijering ynhâld hawwe sille, moatte de gymnasiumlearlingen dochs harsels beide talen oaneigenje.
Mar de bilangrykste faktor bliuwe de Bokmål-lju, al wie it mar omdat dy folle machtiger binne. Allinne in réalistyske herwurdearring by harren kin de fêstroune situaesje wer los meitsje. It is in utopy to mienen, dat der frede komme kin troch de konservative Bokmål-lju hwat ta to jaen; dat soe op in rige inoar bistridende noarmen delkomme. By de taelûntjo- | |
| |
wing moat de natuerlike tael fan de greate mearheit it bilangrykste útgongspunt bliuwe; dat kin net bistean yn de biheinde tael fan in lytse heechliteraire elite. Dérom moat de stavering fan 1938, lyk as dy letter foroare is, de grounslach bliuwe. En de Bokmål-lju sille bitinke moatte, dat dy regeling bidoeld wie as in rom ramt foar in aktive fornoarsking; it apart-Noarske mei net útsouwe wurde, mar moat mei blidens ynhelle wurde.
Der moat fierder frijheit foar de skriuwers komme, hwat taelgebrûk oangiet, ek yn de greate blêdden en útjowerijen oan 'e Bokmål-kant. Oanmoediging ta eksperimintearjen mei it Noarsk is helte better as bistjurring. Hiel hwat skriuwerij yn Bokmai mist it stilistysk formidden foar it eigen Noarske, yn poëzij en proaza beide. Dat apart-Noarske soe ek yn Bokma1 opnommen wurde moatte en sadwaende it vulgaire karakter forlieze. It literaire opbouwurk yn it Nijnoarsk soe helte mear achtslein wurde moatte; hiel hwat taelmateriael dêrwei soe Bokmål, dat in stedstael is, forrykje kinne. Alden moatte net yngean tsjin hwat bern op skoalle leare, ek al wykt dat fan har eigen tael ôf.
Men moat hoopje, dat der greater niget komt oan it ûngewoane, it frisse en treffende. De kranten soene listen jaen kinne mei goede Noarske wurden (ek de tafloed fan frjemde wurden soe dêr mei keard wurde kinne). Fansels hat Bokmål ek greate literaire wearden út it Deensk wei; dy meije dêrom net forsmiten wurde. De Noarske tael fan 'e takomst sil grif in mingtael wêze, lyk as it Ingelsk. De mechanyske lykskeakeling yn forbân mei de technyske ûntjowing sil syn stimpel sette op beide talen en op it kommende mienskiplike Noarsk, mar dat hoecht noch net in hurdhandige standarisearring en sterke sosiale skifting to wurden. Foar de syntaxis soe Bokmål faek in foarbyld wêze kinne. En ek op biskate terreinen fan de wurdfoarrie, al is der sels op suver technysk en kommersieel gebiet hiel hwat gaedlike Noarske stof, dy't nou net brûkt wurdt.
De greate wearden fan de âldere Noarske literatuer sille, troch de beide talen tichter byinoar to bringen, net forlem gean. Gefaren binne der helte mear yn in fortoarre, ôfbrukt en mechanisearre Bokmål, in broddellape fan banale Ingelsk-Amerikaenske lienwurden, in tael sûnder nuânse.
De bislissing falt yn lêste ynstânsje yn it folksoardiel, net yn e skoalle. De folksskoalle docht fansels wol hwat ta it biwarjen fan de oarspronklike taelgrounslach fan 'e bern, mar yn 'e reaelskoalle en it gymnasium wurdt dy faek faei; ûnder de sterke ynfloed fan 't formidden, de krantetael en de unifoarmearre massaliteratuer. Hast noch slimmer as de dialekten op
| |
| |
JAN-MAGNUS BRUHEIM (berne 1914)
Nijnoarsk dichter
| |
| |
TOR JONSSON (1916-1951)
Nijnoarsk dichter
| |
| |
it lân forwetterje dy fan 'e stêdden, dy't hielendal gjin hâldfêst hawwe oan in skriftlike noarm. De persoanlike identiteit yn 'e goede, libbene, sprutsen stedstael soe biwarre wurde moatte en bifoardere; de stedsbifolking komt hwat langer hwat mear yn fakânsjetiid en troch simmerhúskes yn forbining mei it plattelânsfolk en soe de ynfloed yn tael dêrfan ûndergean kinne.
Efter alles stiet in maetskiplik probleem, dat fan 'e sosiale oanpassing ûnder de technyske sivilisaesje. Gâns Noaren steane midden yn in ûnoarm omfoarmingsproses, as se fan plattelân of doarp nei de foarstêdden en flatwenten forfarre, nei it formidden, dat isolearret en sûnder wille is, sûnder waermens. Hja lije faek oan in ‘geastlike krisis efter it goede fortsjinst’ as ‘ûntwoartele groep’ yn in maetskippij, dêr't se in nije wize fan libjen opbouwe moatte. Yn harren need sjogge se út nei nije noarmen, net út swakkens of snobisme, mar om féstichheit to hawwen, yn it plak foar de forbiningen dy't toloar gyngen. Ek de tael spilet hjir in rol. De taelréaksionairen hawwe dit skoan foar 't forstân en biwurkje dy minsken om oer to stappen op de Bokmål-standert. Dit moat tsjingien wurde, yn it bilang fan de minsken sels, fan har eigen wolwêzen. Hja soene oerstappe kinne moatte op in taelnoarm, dy't tichte stiet by de natuerlike tael fan it formidden dêr't se út wei komme; dan soe der kontinuïteit wêze, se soene har yn it nije formidden thús fiele. Mar dit ûnderstelt, dat de opinyfoarmjende krêften it hâlde mei it taelkundich aparte en bisykje niget oan it forskaet oan to kweken.
De kearn fan it probleem sil lykwols altiten persoanlik wêze. It giet om in algemien kultueridéael om tsjin de hiele sivilisaesjestream fan ús tiid yn to sizzen: ik wol oars wêze, ôfwike fan partij en maetskiplike groepearring, fan massale opfettingen en fan de driuw omheech, fan hwat damesblêdden en moadejournalen en it formidden jin foarskriuwe wolle. De wil to selsstannigens is min of mear latint yn ús allegearre; as de útdaging fan nije kultuerfoarmen dy wekker makket as in posityf en fruchtber forset, komt dat ús persoanlik en de naesje to'n goede.
Skard freget himsels ôf oft sokke rêstige oertinkingen noch doel hawwe yn 'e forgiftige atmosfear yn Noarwegen. Is it Noarske folk net to lyts? Hoe jong en swak is de Noarske kultuer, hoe ûnwis binne greate groepen. Yn in Noarske kultuerwike yn Kopenhagen doarst in Deensk skriuwer it bistean en bispot de fornoarsking yn bywêzen fan de Noarske kening en syn minister foar bûtenlânske saken; Deenske kranten pro- | |
| |
testearren, mar de Noarske konservative kranten joegen it stik in eareplak.
As it Noarske folk kultureel bistean bliuwe wol yn de kommende tiid, dan moat de opiny mobilisearre wurde foar in réalistyske taelpolityk. De kultuerwearden dêr't it om giet hawwe inerlike krêft. Better as to kleijen oer de twaspjalt fan 'e Noarske skiednis is it each to krijen foar de rykdommen, dy't de spanningen brocht hawwe.
It weardegefoel wint oan. Wol men witte hokker kânsen Noarwegen hat, dan moat men ris forlykje mei Amearika, it greate proeflaboratoarium foar de ynternasionale businesskultuer. De natúr wie ryk, it technysk organisaesjeformogen ûnoarm, de folksmassa's oeral wei wiene net biswierre mei tradysje. It resultaet wie: wolstân en wrâldmacht. Mar tagelyk is men deabinaud foar dy triomfantlike ûntjowing; de ûntwoartele siket hâldfêst foar it eigene en persoanlike. Omdôch kin men yn Amearika sykje om libbensfoarmen, dy't apartens en takomstperspektyf jaen kinne oan 'e rykskultuer. Noarwegen dêrfoaroer hat ieuwenlang gjin sintralisearre steatsbistjûr en ienfoarmige rykskultuer kend, hwat in sterk en fariëarre lokael en persoanlik yndividualisme ta wêzen brocht hat. Noarwegen sit, midden yn 'e standarisearre wrâld, noch yn 'e skeppingsperioade: it buorlet omheech yn skilderkunst, kunstambacht, muzyk, literatuer, ek hwat de tael oangiet yn beide offisiéle foarmen. Sjoch it literair forskaet fan Hans E. Kinck oant Inge Krokann.
It bigryp foar dy rykdom wint oan, de wil om dy to brûken wurdt sterker. Mei in ûre riden is men ek noch fan Oslo yn in oerwâld; it sil net tafalle de Noarske kultuer ta ynternasionael soft ice to meitsjen, ek net op it stik fan de tael.
It libben is twafâldich. Oan 'e iene kant in rêstleaze jacht, in fanselssprekkende lúkse, jins iten wurdt skielk foar in great part synthétysk makke, smaek, rook, gehoar, it sjen ûndergeane oanienwei kunstmjittige yndrukken. Mar oan 'e oare kant ûntstiet in komplemintaire driuw yn de minsken nei it ienfâldige en libbensneije, ek op it gebiet fan smaek, rook, gehoar, sjen. Hja tsjogge de natûr yn, hâlde der in simpel hûske op nei, krije bilangstelling foar folksdouns, foar nasionale kostúms. Ek yn de tael utert him dy driuw. Doe't it 50-jierrich bistean fan it Nijnoarske théater fierd waerd, wie de wurdearring algemien; dat bitsjutte tagelyk wurdearring foar it eigene, foar it eksperimintearjende en ûnforwachte, ek yn e tael.
Mar tagelyk is der de eangst, dat de Noarske ûntjowing mar
| |
| |
in ûnbitsjuttend detail wêze sil yn in ûnoarm proses fan wrâldformaet, dat oeral de kultuer- en taelfoarmen skept, dy't de nije maetskippij easket. Lykwols, it Noarske probleem stiet net op himsels. Universéle krêften roppe universéle tsjinkrêften op; oeral wurdt in elemintair andert jown op elemintaire milieufaktoaren. Yndividuën en groepen sykje in hâldfêst foar it eigene, yn in selshanthaveningsdriuw, dy't net to leech oanslein wurde moat.
De tradisionéle maetskiplike skiften (boeren, fiskers, yndustry-arbeiders, resten fan stedspatrisiaet) krije hurd minder to bitsjutten, oerbliuwsels fan in aldere maetskippijfoarm as se binne. Mar dêrom hoecht it kultureel net deselde wei to gean. Der mei tidige wurde op in oparbeidzjen om alteas it geastlik aparte to rêdden.
Oeral to wrâld wurdt deselde spanning field ûnder deselde druk, oeral wurdt ek socht om in plak dêr't men útpûste kin, dêr't men persoanlik frij is, dêr't romte is foar it yndividuéle en aparte. Dat sit faeks ek efter de abstrakte en non-figurative kunst (los fan banael konvinsionalisme), yn moderne poëzij, yn 'e muzyk (spontaniteit).
En yn alle lânnen siket it ek om in nasionale foarm, faek as in politike en kulturéle opstân tsjin sterke frjemde druk, yn Indonesië en India, yn it nije Afrika, yn Súd-Amearika (dêr't mei Portugeesk en Spaensk fariearre en eksperimintearre wurdt), oeral los fan unifoarmiteit en konformisme. It sit sels yn it gearspyljen fan Heechdútsk en Switserdútsk. Sweedske linguïsten pleitsje der foar, de skriuwtael út 'e dialekten wei to forrykjen, Denen farre deselde koerts. Oeral fielt men it biswier fan in kâlde, hurde, meagere, foarmlike, glêdslipe tael. Dat de Noaren binne yn goed selskip.
It Storting hat withoefaek fêstlein hokker wei de offisiéle taelpolityk lâns moat. Norsk Språknemnd moat dêrneffens arbeidzje. Der is bisocht om dy kommisje to ûndermynjen troch agitaesje yn de dêryn fortsjinwurdige organisaesjes. De nije skriuwersforiening fan 1952 hat in oanbod om ek sit to nimmen yn dy kommisje ôfwiisd. De taelkwestje sil net in saek fan forkiezingen wurde en oan in folksstimming hoecht net tocht to wurden; by lokale stimming om de fiif jier kin de folkswil him foldwaende uterje. Der sil gjin prinsipiéle foroaring komme; binnen it oanjowne ramt moatte taelfoarming en taelkundich gearlibjen har ûntjaen. Dêr is de taelstriid net mei oan 'e kant. De beide talen sille lang nêstinoar bistean bliuwe en op gâns terreinen om de foarrang
| |
| |
stride. Beide moatte har organisaesjes hawwe, mar de striid soe mei goede wil in posityf karakter fan oparbeidzjen en saeklik diskussiearjen krije moatte. Språklig Samling wol dat bifoarderje. Elts lid mei nei foarkar syn tael brûke, mar moat bitrouwen hawwe yn oparbeidzjen op taelkundich gebiet. In sintrumgroep fan Nij-noarsken en Bokmål-lju dus, dy't moderaet binne en har biwust binne fan har forantwurdlikens.
Skard is fan oardiel dat it oparbeidzjen basearre wêze moat op it gefoel foar de wearden, dy't yn de kommende tiid hwat langer hwat wichtiger wurde sille, foar it yndividu, mar ek foar it hiele folk.
| |
III. De tapassing op Fryslân.
De parallellen yn 'e ûntjowingsgong en hjoeddeiske situaesje fan Noarsk en Frysk lizze foar it gripen. Dêr soe lang en breed oer skreaun wurde kinne, mar ik folstean mei in pear opmerkingen. De Aldnoarske literatuer is riker en alsidiger as de Aldfryske, dy't suver allinne út wetsteksten bistiet. Mei de frjemde regearders komt fan bûtenút in twadde tael opsetten (Deensk-Hollânsk) en nimt mei gauwens in oerhearskjend plak yn; de eigen tael kriget de posysje fan dialekt, fan plattelânstael, fan de inkeld mar sprutsen tael. In ljochtpunt as ús 17de ieuske Gysbert Japicx skynt de Noarske literatuer net to hawwen. De Reformaesje komt net yn 'e eigen tael ta de minsken, yn Noarwegen likemin as yn Fryslân. By it ûnderwiis slacht de ynkommeling foar master op, dêrre en hjir; it offisium bitsjinnet him fan de frjemde tael, it hiele kulturéle libben uteret him dêryn.
Ieuwen lang leit de eigen tael foar wyld, sûnder hokfoar stipe fan steat, tsjerke en ûnderwiis en liket foar de dea opskreaun. Dan, ynienen, yn de 19de ieu, bigjint it yn Noarwegen en Fryslân, ûnder ynfloed fan deselde tiidsstreaming, de Romantyk, to risseljen fan nij libben; de minsken binne der, it talint fan skriuwers en lieders is der en de forhûdduke tael makket har klear foar de opgong. Dy giet yn beide lânnen suver op deselde tiden deselde wegen lâns, mei deselde middels, in stadige wrakseling om frijdom en rjocht yn like stadich oanwinnend selsbisef en prestaesjeformogen.
Ek de hjoeddeiske situaesje liket op it earste oansjen deselde. Nijnoarsk en Frysk binne talen fan minderheden. In moai sterke posysje hawwe beide yn literatuer en toaniel. Swak steane se yn 'e stêdden, yn it ekonomyske libben, yn 'e hannel, yn 'e parse, yn 'e tsjerke (hwat komme by beide bibel
| |
| |
en psalmboek yn eigen tael let to stân!), yn radio en televisy, machtige biynfloedingsmiddels fan 'e moderne tiid.
Mar it is goed, ek de forskillen acht to slaen, dy't sjen litte, dat it Nijnoarsk der folle gunstiger foarstiet as it Frysk. Dêr binne alderearst de tallen. It tal Fryskpraters yn Nederlân skat ik op 400.000 en dan bin ik grif oan 'e hege kant; it tal Nijnoarsk-praters rint nei it miljoen. Dat jowt foar it Nijnoarsk al helte mear mooglikheden op it stik fan útjeften en auteurs. Dêr komt by, dat troch de ûnderwiisregelingen de Bokmål-sprekkers alteas in greate passive kennisse fan it Nijnoarsk krije en dus, as hja wolle, Nijnoarske boeken wol lêze kinne; as dat fan de net-Friezen sein wurde koe hwat it Frysk oangiet, hwat soene wy dan in efterlân hawwe!
Mar bilangriker as de absolute sifers binne de forhâldingssifers. Wylst rûchwei sein der sahwat heal safolle Nijnoarsken binne als Bokmål-lju, wurdt dat foar Frysk-Nederlânsk sahwat in forhâlding fan, like rûch skat, ien op fiifentweintich. Dat hâldt yn, dat de Nijnoarsken wol in minderheit binne, mar in bilangrike minderheit, wylst yn Nederlânsk forbân de Fryske minderheit suver forwaerloazge wurde kin; hjá kinne macht útoefenje, wy hawwe o sa'n bytsje om by to setten.
Sa is it ek to forklearjen, dat it Nijnoarsk fierder kommen is as it Frysk. Al yn 1885 wurdt it Nijnoarsk de twadde offisiéle tael, mei yn bigjinsel deselde rjochten as Bokmål. Dat hat syn ynfloed, net to min, yn it offisiéle forkear, by it ûnderwiis byg. As der wetlik romte makke is, hinget it mar fan 'e taelwil fan it folk ôf hwat der fan tolânne komt. Sa is alteas de théory. Mar wy witte allegearre wol, hoe'n sûging der útgiet fan in mearderheitstael, dy't tagelyk de tael fan 'e maetskiplike boppelaech is, foaral as dat de tael is fan de greate stêd, dy't al fêstige posysjes hat by ûnderwiis en krante bygelyks.
Der is noch in bilangryk ûnderskie tusken Nijnoarsk en Frysk, it bilangrykste faeks. Yn Noarwegen wurdt doelbiwust stribbe nei in synthese fan de beide talen, hwat yn 'e praktyk bitsjut dat it Bokmål hwat langer hwat mear fornijnoarske wurdt, al ûndergiet it Nijnoarsk ek wol foroaringen. Knud Knudsen brûkte yn 1886 yn syn boek Hvem skal vinne? de aerdige forliking fan it wurk oan 'e Gothard-tunnel, dêr't fan twa kanten oan arbeide waerd; op 't lêst moeten de ploegen inoar. Al hat út it boek fan Skard bliken dien, dat it hwat de ienheitstael oangiet, in lange en swiere wrakseling wurdt, it doel bliuwt bistean en fan it regear wurdt op dy ienheit oanstjûrd. Hiel oars leit it mei de forhâlding Frysk-Nederlansk.
| |
| |
Fan it ombûgen fan it Nederlânsk nei it Frysk ta kin gjin praet wêze, fan it Frysk nei it Nederlânsk likemin; it Frysk moat him krekt ôfsette tsjin it Nederlânsk om as tael bistean bliuwe to kinnen. It doel kin dus hielendal net wêze, lyk as yn Noarwegen, om de beide talen ta ien gear to ranen.
Ien en oar makket, dat wy ús net hoege to forgapjen oan hwat yn Noarwegen bart, mar yn ús eigen situaesje in eigen wei sykje moatte. Dat wol net sizze, dat wy net leare kinne fan de striid foar it Nijnoarsk. Foaral as wy dy sjogge, lyk as Skard dat docht, yn it ramt fan ús tiid en tsjin de eftergroun fan al mar driigjender op ús oankommende massifikaesje, de forstedsking fan it plattelân, de útstreaming fan de stedtsjers oer de doarpen en sa mar fuort. Dan hâldt, né, dan kriget it Fryske stribjen yn de kultuersituaesje fan ús dagen lykwols glâns en bitsjutting. It is noch altiten de muoite wurdich to striden foar in Frysk Fryslân.
|
|