Joad út 1938, dat (as demonstraesje fan eigen ûnmacht to in analyse?) yn hear en fear ôfprinte is. wurdt net yn 't minst bisocht om yn de dialektyske tinkwize en de paradoksale redeneartrant fan de skriuwer to kommen, né, him wurdt op in domme en fize manier anti-semitisme oanwreaun; der wurdt skermesearre mei de útlitting ‘hjar (= de Joaden) tal to forminderjen’ sûnder jilde to litten dat dit slacht, slaen móat, op de numerus clausus dy't b.g. Amearika yn dy dagen foar Joadske immigranten ynstelde.
Mar de mopshoun hâldt moedich de poat omheech en keft op dizze wize fierder: ‘dizze selde man, dizze antisemitysk ynfektearre farizéer skuort de bek ek noch yn 't wiidst iepen oer de seedlike bidoarnens fan de moderne literatuer...’ Fierders hat bauke de jong it hieltyd oer ‘dy man’ en ‘dy jonge’, as sette er in earste-jiers to plak. Opmerklik is dat er yn alle talen swijt oer greate thetyske en polityk-filosofyske artikelrigen as De wifkjende demokratsije en Yn it neigean, dy't fan Folkertsma ek yn it wykblêd De Stim fan Fryslân stien hawwe en wol yn dyselde jierren. Se kamen de komentator grif net yn syn kream to pas.
Krekt as wie dat allegearre noch net moaijernôch, jowt er syn pamflet twa titels mei, dêr't grif om lake wurde moat, mar dêr't de foaropsette haetlike bidoelingen daliks al yn bleatlizze. De iene is E.B. FOLKERTSMA, US BESTE TSJERKEBLEDTSJE-ESSAYIST GRIF, in slach yn 'e loft dêr't men yndied om laitsje kin. De twadde (mei in forbinend ‘of’) is DE DOARPSIDIOAT AS ESSAYIST, in oantsjutting dy't planút misledigjend neamd wurde moat. It is foar him to hoopjen, dat bauke de jong net sokke geastlik mishipte skepsels yn syn famylje hat.
Koartsichtich en blyn fan foaroardiel binne ek de opmerkingen oer ynhâld en gearstalling fan Folkertsma's beide proazabondels Toer en tsjerke (1934) en Eachweiding (1950). Ut it meastal misse bitinken dat yn dy samlingen stikken opnommen binne út krante- en tydskriftartikels dy't by it forskinen fan de boeken har aktualiteit al forlern hiene, makket menhear op dat der by de auteur ‘arrogânsje’ yn 't spul is. Mar as er by guon lju ris fornommen hie, hoe't dizze beide wurken ta stân kommen binne (nei lang en fûl oanstean fan it Bibleteek-bistjûr kaem it der einlings fan), dan soe him sa'n skimpwurd net ûntkommen wêze. Dan soe er psychologysk ek better oardiel hawn hawwe oer Folkertsma's ôfwizing fan de Gysbert Japicxpriis yn 1959. Nou sûcht er der allinne mar fenyn út, hwant hy fynt dy wegering in traep efternei foar Anne Wadman, yn