| |
| |
| |
Trinus Riemersma:
De herberch mei de wynflek
Wer hat de advokaet by by west om my op it harspit to nimmen en om my to biwegen mar bilies to jaen. In biroufol sûnder hat mear kâns op genede as in misdiediger troch tsjuk en tin, sei er. De rjochters binne gjin goaden, mar se hawwe wol in hert, sei er ek noch. Ik haw biswier makke tsjin syn ynsinuaesje dat ik in misdiediger wêze soe. Hy weau hwat tryst mei de hân en skodholle. Ik kin myn pleit hjir op bouwe, dat jo yn in fleach fan waensin de needlottige taest dien hawwe. It wie gjin waensin, foel ik him tusken de wurden, ik wie klear by myn forstân, ik wie like normael as nou. Like kalm en like gewoan doe't jo..., mar man, ha jo dan gjin grisseltsje gefoel? Wolle jo mar gean? sei ik, en ik drukte op 'e skille. Wês nou wiis en brûk jou forstân! As jo jo net foroarje, hwer bidarje jo dan? Ik kom sa gau mooglik wer, sei er noch, doe't de sipier de doar iepen die.
Ik bin sûnt dy snein in bilangryk persoan wurden. Seach oars komselden ien nei my om, nou rint de advokaet my de doar hast plat en de psychiatet biskôget my as in profeet en hy notearret iverich al myn útlittingen. En dochs haw ik hieltyd it gefoel dat se in ordinair spul mei my spylje, lykas twa skoaljonges dy't in houn krektsalang flaeije oant er syn kunstkes fortoant, mar sadré't er opsitten en poatsje jown hat, skoppe se him fan har ôf. Se hawwe my faker as ienris oanstien om nou alles to fortellen en neat binefter to hâlden. En as ik dat dien haw, itselde relaes fan altyd, sjogge se my ûnleauwich en ûntofreden oan, en se stelle fynynleine fraechjes. Se sitte beide to dollen om dingen dy't der net binne, mar dat wolle se net oannimme. It is ek mar in simpel forhael, en ik kin my wol hwat bigripe dat it foar de psychiater net ynteressant is en foar de advokaet tomin hâldfêst biedt. It is sa'n simpel forhael.
It wie de earste moaije snein fan dit jier, krekt fjirtjin dagen nei Peaske, en it wie oft de greiden, de fûgels en de minsken op dizze skoandere sinneskyndei wachte hienen om de maityd yn to lieden. De sinne stie mei majestuëus gewelt oer de wrâld, as wie er krekt út 'e oernevels wei opdûkt en bigluorke er foar it earst de sêfte sprútseltsjes gers. Ik waerd poëtysk, al wist ik tagelyk dat it nep wie, dat de sinne altyd gelyk skynt, waer of gjin waer, simmer of winter, en al wist ik dat
| |
| |
ik skielk wer flokke soe op dat frekte kouweskiten grien. Ik wist it, mar it sei my neat, ik koe der om glimkje, mar sûnder dat it sear die. Yn 'e beammen sieten in stik of hwat mosken to frijen en to tsieren en op 'e strjitte wienen bern oan it toudounsjen. In pear fammen fan sechtsjin, sawntjin jier der by to sjen yn ljochte, fleurige jurken, dy't se hjoed foar it earst droegen, koe ik bigripe, hwant Peaske hie it sútrich west. Hja teanten wifkjend om de dounsende bern hinne, mar it waerd har to machtich en laitsjend weagen se de sprong yn it draeijende tou. De rokken wipten op en ik seach yn it gewapper fan petticoats de sierlike brune fuotten. Maityd, tocht ik, en ik wie der tofreden mei, ik wie bliid, ik woe dat it maityd wie, en ik woe my fiele lykas ik my fielde. De beide fammen rounen hân yn hân, laitsjend en útlitten it finster foarby. Ik wist net hwa't it wienen, ik woe it net witte, alles wie nij wurden hjoed, it wienen fleurige fammen dy't de maityd meinommen hie. Doe wist ik ek dat ik langst hie nei in faem, in maitydsfaem lykas der hjoed tûzen troch de fjilden rinne soenen en by de útrinnende wylgen lâns. Mar ik roun der net op foarút, om't ik fielde dat de maityd it my net ûntkeare soe, my likemin as de mosken en de jerken, dy't fan eigen op oarmans wyfke wipten. De maityd en ik wienen ien, wy woenen itselde. Ik soe my driuwe litte op dit fielen fan lok en alles fine dat foar my ornearre wie. Ik die in nije wite strûper oan, tearde in oerjas en sjael mei soarch yn 'e fytstas en stiek ôf. Ik forliet it hûs fan de winterske kjeld en de boarch fan myn allinne-wêzen om de breid to sykjen dy't de maityd foar my yn syn griene tún forburgen hold.
It wie drok op 'e diken, hieltyd fleagen my auto's foarby, guon mei iepen kappen en manlju yn strûper oan it stjûr. En der kaem my in frommiske tomjitte fytsen dat, doe't hja noch in hiel ein fan my ôf wie, al oan har rokken bigoun to lûken. Ik waerd der noch blider fan en ik moast der hieltyd nei sjen doe't hja my foarbyried en de seame tusken de knibbels beethold. Tsjin tolven waerd it stilderoan en yn it doarpke dêr't ik oanlanne, skrepten de lju mei it miel. Ik bitroude folslein op 'e lieding fan 'e maityd. Yn in lyts kaféke frege ik in miel iten, mar sop en kroketten soenen it my skoan dwaen kinne, lake ik tsjin it tsjustere, wrantelige wyfke. Sop kinne jo krije, mar kroketten haw ik net, sei hja. Bring my mar hwat, sei ik. It wie in lytse seal mei in brune, houten flier en in biljert yn 't midden. Oan wjerskanten fan de taep hongen tinnen kantsjes fan forskillende mjitte en fuort efter de taep wie in fitrine dy't fan 'e groun oant 'e souder rikte en dy't fol stie mei
| |
| |
allerhande wynflessen en drankkrûken. Ik gyng sitten by in rút dat útseach op in troch sketten omheind blikje, dêr't in pear stikkene kninehokken stienen hweryn't in kat lei to sintsjen. Ik hearde geklap fan stimmen en geskaei mei itensark en ik forbylde my dat ik it sôp rûke koe. Ik krige dochs sin oan hwat, mar ik joech my noflik del en stiek ien fan de sigaren oan dy't ik by my stutsen hie. Troch it tinne houten skud hearde ik it rûzjen fan in gebet en dêrnei it geleppel yn 'e boarden. In setsje letter brocht in faem my leppel, foarke en mes en in gleske mei sâlt. It sop is ré, sei hja. Ik bûgde dat ik it bigrepen hie en koe it glimkjen net litte. Hja is goed, tocht ik, de wrâld is goed, mar men moat it moaije ûntdekke en it wearzige mei in leaflike fantasij omklaeije. Ik iet it hite, krûdige sop, wylst de faem my frege oft ik ierappels woe of leaver in útsmiter, mar dat soe even tiid nimme. It hindert net, sei ik, hwat jo mar it gaedlikst útkomt. Ik krige ierappels en in apel nei, en wylst ik dy skylde, kaem it evenredige lûd fan de húsfaer mei in myld bibelwurd fan de oare kant fan it skud. Ik koe net forstean hwat er lies, mar it joech my in fielen fan frede, en ik naem de hannen gear doe't it jinsen stil waerd. Ik stiek myn sigaer wer oan en seach nei de kat dy't syn prakje yn 'e blikke bihimmele. De faem kaem om myn board to heljen en hja frege oft it my smakke hie. Ik antwurde dat ik tige iten hie en dat hja mefrou myn komplimint meitsje moast. It is myn mem, sei hja, en fuort der efteroan: Oars hienen jo ek wol by ús oan tafel ite kinnen, mar wy wisten net oft jo dêr priis op stelden. It hie goed west, sei ik, mar sa wie it ek goed. Hawwe jim in soad oanrin? frege ik noch. Né, sei hja, selden. Soms simmerjouns komme hjir guon om bier en wy slite wolris in flesse drank, mar brea sit der net
yn, né. Us heit is by de boer en mem bioardert dit hjirre. Witte jo dat jo de earste binne dy't hjir komt to iten sûnt Jabik-kuorkerinder stoar? En dat is wol tsien jier lyn, ik wie doe noch op skoalle. Hjir komme noait frjemden.
Hja gyng fuort om har mem to freegjen nei de kosten fan it miel en ik pandere de seal op en del. Der siet in brune flek op it griene lekken fan it biljert foel my op, en ik bleau stean om him neijer to bisjen. Wyn, tocht ik, it sil in wynflek wêze. Ik bitelle de faem hwat ik skuldich wie en hja winske my goede reis.
It waerd gâns waermer midden op 'e dei en ik wie suver allinne op de stille, smelle slingerdykjes tusken it greidlân troch. De doarpkes dêr't ik trochkaem wie it ek rêstich, hwat bern dangelen op 'e buorrens om en út 'e tsjerken klonk
| |
| |
sjongen en oargeltoanen. It wie lomich waer en ik krige myn nocht fan it fytsen. Ik stapte ôf en gyng yn it skaed fan 'e wylgen by de sleat sitten. Troch de tûken blikkere de sinne yn it wetter en yn 'e wâl bloeiden de bûtergieltsjes. En dêrboppe leinen in eachweid fier de griene greiden, sa ûntsachlike grien as ik it ea sjoen hie, en hiel yn 'e fierte like it oft wetter oanbrûzen kaem en de tsjerketuorren en pleatsen stienen yn de triljende weagen. Ik liet my efteroer sakje en seach tusken de fingers troch de djipblauwe loft mei in inkeld wolkje dat stadich oer dreau. Doe kearde ik my op it liif mei de holle op 'e earm en de noas ticht yn it farske gers en ik sliepte.
Doe't ik wekker waerd, siet ik fortize yn in binearjende dream. Hwat it krekt west hie, koe ik net mear efterhelje, it sloep fuort út myn ûnthâld, allinne skimeren my reade flekken foar de eagen, krekt as hie ik nei in griene lampe sjoen. It wie bloed, dat wist ik klear, en miskien hie ik dat ek wol dreamd. In hiel read waes kaem foar myn eagen, it lân en de loft wienen read. Ik gyng oerein sitten en doe wie it oer, mar dat eangstige fielen rekke ik net kwyt. It moast hwat slims west hawwe, dêr't ik fan dreamd hie, dat it my nou sa út it lykwicht sloech. It fleurige fielen fan de moarntyd wie fordwoun, ik wie yn in oare wrâld bidarre. Ik fage de smoargens fan myn klean en gyng sitten to smoken. Yn 'e fierte sloech in klok, fiif kear, en justjes letter hearde ik it fan in oare kant. Ik gyng oerein en woe mar werom, hwant ik hie der gjin sin oan om noch fierder de wrâld yn to swalkjen. Ik fytste de kant út dêr't ik weikommen wie en njonkenlytsen kaem ik wer ta mysels. De minsken dy't ik foarby kaem, it fjild, de bisten, alles wie gewoan. As men oerdei sliept, wurdt men altyd sa nuver wekker, tocht ik, it saksearret wol wer.
Ik kaem nei in skoft fytsen wer yn it doarpke dêr't ik de middeis iten hie. Earst hie ik it net yn 'e rekken, hwant oft men in doarp útfytst of ynfytst, dat liket gâns oars. Ik ûntdiek it pas, doe't ik de faem wer leach. Ik koe har fuort werom, en dochs like hja oars as de middeis. Hja wie kreazer nou, mar dat net allinne, ik wist ynienen dat dit de faem wie hwaens byld my de moarns to dizze tocht oanset hie. Nuver dat it my de middeis net opfallen wie. Dat allegearre gyng yn my om, en ik hie myn tinzen noch net iens goed oardere doe't ik my in oerstjûr ‘dachl’ ûntkomme liet en ik remme sûnder erch ôf. Dach, sei hja. Sille jo wer op hûs oan? Dat soe 'k al, mar 'k doch it net. O né? frege hja. Ik gean mei dy nei hûs. Rin hinne! Hwerom net? Op ljochtskyndei my thúsbringe litte? As it tsjuster wie dus wol. Miskien, sei hja. Nou
| |
| |
hawar, dan sil ik hjir wachtsje oant it joun is. Dat docht ommers gjin inkeld fanke, en ús heit en mem binne ek net thús. Ast allinne thús bist, dan bist dochs ek sels baes. Of meist my net lije? Ik ken dy ommers amper. Doe lake hja ynienen: Kom dan mar mei. Ik wol by dy efterop en fyts in bytsje oan, hear, elkenien hoecht ús net to sjen.
Bring de fyts mar yn 't hok, sei hja, dan sil ik gau kofje sette. Ik die dat en gyng har even letter efternei, mar doe't ik har net seach yn it keammerke, roun ik fierder it hûs yn om har to sykjen. Ik bidarre yn 'e herberch. Dêr wie se net, mar wylst ik de doar wer ticht lûke soe, foel my it each op 'e nij op dy wynflek en ik skrok, hwant hy wie nou helderread en hy hie in spineftige foarm. Ik roun fuort om har to freegjen hwat dit wie. Hja stie yn it keammerke, dwaende de tafel ré to meitsjen, en sa moai en ûnwjersteanber wie se, dat ik har oanhelje en tútsje moast, hieltyd wer. Wy ieten en dronken en ik fortelde har dat ik niis ynienen witten hie dat wy foar inoar ornearre wienen, en ik frege oft it har ek sa gien wie, en hja moast tajaen dat it sa wie.
Doe't de sinne sakke, gyngen wy it fjild yn, dronken fan leafde. Wy kuijeren troch de greiden en harken nei it fûgelguod en soms stienen wy stil om to frijen. Wy praetten net folle, hwant wurden koenen ús leafde dochs net uterje. Dat koe allinne de einichste died en ik flijde har del yn it gers dat sa grien wie, sa ûntsettende grien. Ik streake har boarsten dy't fol en jong wienen, ik mocht se tútsje en ik aeide har skonken. Mar doe kearde hja myn hannen op, hwant hja eange dat tsjustere tusken man en frou, en se wie ek bang dat guon ús oer it mad komme soenen.
It wie al fierhinne tsjuster doe't wy werom gyngen, noch stilder nou en stiff tsjininoar oan. Yn it hûs by de herberch baernde ljocht. It wienen har mem-en-dy, sei hja, en hja woe mar salang yn de herberch wachtsje oant de âldelju op bêd wienen. Hja roun efterom om de kaei to heljen en liet ús der yn. Súntsjes gyngen wy by in taffeltsje sitten. Yn it ljocht fan in strjitlantearne blonken de tinnen maetbekers oan it lewant en de glêzen efter de taep keatsten fine strieltsjes troch de seal. Hja kaem by my op 'e knibbel en sa sieten wy in hiel skoft to flústerjen en to frijen. Doe't wy de âldelju op bêd gean hearden, doarsten wy hwat lûder to praten. Hja frege oft se thé of kofje sette soe, mar it koe my net skele, ik hie allinne mar langst nei har, en doe't ik dat sei, en doe't hja der om glimke, tilde ik har op en lei har op it biljert. Ik treaste har en sei dat se net bang wêze moast. Ik tute har
| |
| |
mûle en har eagen en har hals en har boarsten. Hja liet my gewurde doe't ik de rokken opsloech fan de sierlike skonken en har jongfammelichem bleat makke. Ik kaem ta har en tute har foar de pine dy't ik har dwaen moast en doe barde yn har skerte it wûnder fan de leafde. De tiid stie stil en de lûden swijden en de wrâld hold de amme yn en wy weagen op en del yn in griene sé, weach op, weach ôf, oant wy yn in kolk rekken en sûzjend yn 'e rounte draeiden en de ierde foel om en ik sloech de hannen út om help. Ik lei op it strân fan de tiid as in oanspielde flesse.
Ik bleau lang by har lizzen en hold my stil om har net wekker to meitsjen. Foarsichtich brocht ik har klean ynoarder en loek har manteltsje ticht. Ik harke nei har azem, mar dy wie sa sêft, dat ik it amper hearre koe. Hja sliepte sa fêst, myn leafste faem.
It waerd al letter, de strjitlampe wie útgien en bûten wie it nachtlik stil. Ik woe wol ôfskied fan har nimme en nei hûs ta, mar ik twivele oft ik har wol wekker meitsje moast. Dit maitydslok, tocht ik, kin mar ien dei duorje. Dizze dei wie goed, hwerom soe ik de oantins mei it alledeiske bismoargje? Hwerom soe ik har wekker meitsje wylst wy oars net kinne as skrieme om it foarbije lok, hwant dizze leafde kin nea stânhâlde. Ik sil har sliepe litte en fuortgean, dat hja in suvere oantins hâldt fan dizze kostbere dream. Doe haw ik har ynkâlde lippen tute en ik bin gien.
Dit is it forhael fan dy snein, twa wike nei Peaske, en sa, lykas ik it nou werjoech, haw ik it forskillende kearen forteld oan de hearen dy't har mei my dwaende hâlde, mei myn gefal, sizze se. Dat gefal hawwe hja der lykwols fan makke.
De tiisdeis doe't ik op 'e bank wie, krige ik in wink fan 'e sjef om mei to gean nei syn kantoar. Dêr sieten twa manlju dy't mei my prate woenen; hja legitimearren har as fan de recherche. Yn har auto rieden wy nei myn hûs en doe moast ik fortelle hwer't ik de foarbije snein úthongen hie en hwat ik by de ein hawn hie. Ik fortelde har dat ik de middeis hwat omfytst hie en dat ik de joun trochbrocht hie by de faem út 'e Herberch mei de Wynflek. Hja fregen my om de klean dy't ik dy sneins droegen hie en ek om it ûnderguod. Ik hie dat noch oan en doe seinen hja dat dat letter dan wol kaem. Ik moast mei har yn 'e auto en it paed wize dêr't ik lâns gien wie. Ik wist it net sa krekt mear, doe skynde de sinne en wie it maityd, nou wie it suterich waer en kâld, it wie in oare wrâld. Nou en dan bleauwen wy stean by in krusing, om't ik
| |
| |
my net yn 't sin bringe koe hokker kant ik útgien wie, en ienkear sloegen wy in oare wei yn as ik oanwiisde. Wy stapten út en wylst de man dy't hieltyd it wurd fierde de auto ôfsleat, biseach ik it hûs. Dit is it nou? It stiet der net mear, sei ik. Hwat net? De namme. De namme stiet dêr: Kafé Hoekstra. Né, dêrre, op dat boerd! Wy gyngen de taep yn en hy naem fuort it wurd wer: Hjir hawwe jo dus sneintomoarn iten en de jouns juffer Hoekstra... selskip holden, lit ús sizze. Ik swijde, it wie sa'n frjemde fortoaning, de iene rechercheur stie by de doar en de oare roun foar it biljert hinne en wer. Netwier? frege er. Juffer Hoekstra? sei ik. Né, né, sa hiet se net. Hoe dan? Ik wit it net mear. Hy sei neat mear, hy seach my mar oan en ik seach hwat om my hinne, hwat hie ik der op 't lêst mei to meitsjen. Mar doe ynienen krige ik yn 'e rekken dat dit dochs itselde kafê wie; de wynflek, tocht ik. Dat is gjin wyn, dat is bloed, sei er skerp, en jo witte tige goed hoe't dat der komt. Ik antwurde him net, ik bigriep net hwer't er op doelde. Hwat ha jo hjir mei dy faem dien? Nou... frijd. Soa, frijd! Siz mar dat jo bar forkrêfte hawwe. Dat is net wier! sei ik. En fierder? Oars neat, doe bin ik nei hûs gien. En hja? Sy wie yn 'e sliep fallen. Kom mei, sei er. Wy stapten wer yn 'e auto en hy feegde yn ien kear troch nei de stêd ta en ried it plein fan it sikehûs op. Papieren waerden toand oan de portier en yn in nuvere optocht gyngen wy in pear gongen troch oant de suster stean bleau foar in doar. Dy neist my die de doar op en treau my nei binnen. Hy pakte my by de earm en loek my nei in lichem dat dêr lei. Dizze faem wie it nou? Dit is de faem dy't jo forkrêfte en formoarde hawwe! Siz it mar. Hoe komme jo derby? sei ik, ik haw gjinien hwat misdien. Mar dit is dus wol de faem út it kafé? Né, sei ik, se
liket der hwat op, mar se is it net. It hier is wol sahwat gelyk, soe 'k sizze, mar harres wie sa slûk net. Se hie greate blauwe eagen; dizze hat de eagen ticht, hen. En se wie ek lang sa bleek net, se hie folle reader lippen. En se hie lytse, sêfte boarsten, earlik wier. Ja, gean mar fierder! rôp er. Har hals, wie dy ek sa sêft doe't jo him tichtkniepen? Ik loek de skouders op. Wy gienen wer fuort en hja brochten my nei it Hûs fan Biwar. Ik moast my waskje en ik krige ûnderguod en sokken fan it Hûs en doe ha se my opsletten.
It bisef oer ûre en tiid is my ûntkommen, ik bin de tel fan de dagen kwytrekke en libje as yn in dream. Myn iennichst hâldfêst is dy moaije snein doe't it maityd waerd. Der is neityd
| |
| |
wol in soad bard, mar it is allegear sa ûnwêzenlik, dat it my soms net oan wol dat it echt is. Ik bin yn in keamer brocht wurden dêr't nou en dan minsken kamen en dy seagen my op en del oan en seinen: Ja, ja, dat is him. Guon wienen opsternaet, mar dy waerden der gau wer út set. Noch in pear oaren ha my ûnderfrege en ien sei, ik moast der mar net mear omhinne helje. Hy sei: Wy hawwe oan jou klean in substansje ûntdutsen dy't allinne by yntime kontakten foar it ljocht komt. Boppedat sieten der oan jou ûnderguod bloedspoaren fan deselde bloedgroep as fan it slachtoffer. Soenen jo mar net bikenne en jou siel ûntlêstigje fan dizze munsterlike misdied? Leauwe jo yn God? frege er ynienen. Ik haw neat werom sein, ik woe net iens safier gean en tink yn ien sike oan dy hearlike maitydssnein en oan soks wearzichs as sied en bloed en moard.
De psychiater hat my letter noch útkloarke, sa't ik al forteld haw, en myn advokaet komt hieltyd by my. Hy leaut my ek net, mar hawar, dêr meitsje ik my net drok om. Hy sei tsjin my: As jo dy faem net formoarde hawwe, dan soe hja dus noch libje en dan soe hja sadwaende jou ûnskuld biwize kinne. Hoe hyt se, hwer wennet se? Siz it en jo binne mei in pear ûren frij. Hwat moat men op sok praet antwurdzje? Misskien hat hja allinne dy snein bistien en is hja doe wer fordwoun. Miskien ek sliept hja noch, miskien is hja bigoun to dreamen en bistean ik nou allinne yn har dream. En as dat sa is, wurdt hja skielk wol wer wekker en dan sil dizze komeedzje in ein nimme. Mar it duorret nou al sa lang en har dream wurdt sa eangstich. Faeks hie it dochs better west dat ik har wekker makke hie. Mar har sliep wie sa djip.
|
|