| |
| |
| |
Jo Smit:
Danse macabre
Lit my fuort forklearje, dat ik der tige priis op stel dat Inne de Jong my de eare oandocht it net lykfine to kinnen mei myn stik Goede smaek as kritearium yn De Tsjerne, nr. 9, jg. 1964.
It witten in opponint to hawwen makket jin riker. It jowt jin in bliid gefoel, hwant men wit jinsels in folsleiner minske. Likernôch itselde, tinkt my, sil in âldfaem ûnderfine, dy't lang om let noch oan in man slagget. Al mei de djipste driuw yn har altiden west hawwe om baes to wêzen, om har wil op to lizzen, har tankberens makket dat hja it de man o sa noflik makket, dat hja him heint en fiert safolle as mar kin.
Sa bliid bin ik mei myn opponint, dat ik ek o sa'n hoed fan him stean wol; ik wol hoeden en mijen wêze; ik wol him hâlde.
Myn opponint is boppedat in hoask man: net inkeld hat er it stik dêr't er biswier tsjin ynbringt, mei nocht lêzen, seit er; letter neamt er myn namme noch as ien fan de Tsjerne-meiwurkers, dêr't it net al to min mei wiist. Ek mei dy útlittingen bin ik wiis en dêrfoaroer wol ik graech sein hawwe, dat ik Inne de Jong as iepenbiere figuer en as idéalist tige heech haw; en dat sûnder irony of dûbelde boaijem. Mar dan moat ik ek to earnstiger, of, dat is my yn dit forbân like folle, boartliker saken oergean. De opponint hat dêr rjocht op. Lykas de man fan de hjirboppe yntrodusearre faem (yn elts gefal op bêd) rjocht hat op mear as hoaskens, freonlikens, tagedienens (dy't de goede smaek har ynjaen moat); rjocht hat op hwat dat tagelyk earnstiger en boartliker is, om't it sûnder hokker bybidoelingen bidreaun wurdt (en dêr't de goede smaek irrelevant yn is).
Pour se disputer, it faut être d'accord: om bihoarlik meiinoar redendiele to kinnen moat men it iens wêze. Inne de Jong makket it ús dêrmei net maklik, hwant wy binne it fuort al bare ûniens oer hwat ik winliken skreaun haw.
Dat muoit my wol, hwant as ik, om it mar mei in grou wurd to sizzen, in essayistysk stik skriuw, dan is dat aldermeast om to klearder bigryp to kommen. Der bart yn ús wrâld (om ús hinne en binnen yn ús) in hiel soad, dat my fornuveret, unbigryplik foarkomt, bang makket en dat ik graech foar mysels forhelderje wol, nuet meitsje faeks ek, yn 'e greep krije... en dan is it de baes en skriuw der oer. As it jin slagget - né,
| |
| |
net in oar to oertsjûgjen, hwant dat is winliken net fan bilang, al kin dat formeel syn wearde hawwe - oaren dúdlik to meitsjen hoe't men de problemen sjocht en ta hokker oplossing men op in stuit komt, dan jowt dat in soarte fan bifrediging. As in oar seit dat er hwat dêrfan net bigrypt en soks taskriuwt oan ien fan trije mooglikheden: syn lyts bigryp, myn kompakte formulearring of myn préokkupaesje (De Jong, Tsjerne '64, bls. 430), dan wit ik, dat ik nei alle wierskyn net ta myn doel slagge bin. As my lykwols yn ien sike troch forwiten wurdt, dat myn hypothesen it karakter fan dogma's oannimme, dan makket my dat wier net kjel. Hoe't ik binnen it ramt fan inkelde siden, dy't ien avontûrke op it mêd fan de kunst bifetsje, fan in hypothese mar fuort in dogma meitsje kin, ûntgiet my. Foarst bin ik net botte dogmatysk (mar sa'n forklearring seit fansels net folle, likemin as dy fan De Jong, dat er gjin rankunes hat), mar wichtiger is, dat hypothese of dogma yn forbân mei sa'n opstel gjin sinfolle ûnderskieding is. De hypothese, yn it algemien sjoen, wurdt earst dogma as men prinsipieel net ré is de wurkberheit to hifkjen oan de útkomsten. Dat, op bar, docht earst bliken as jin de feiten ûnder de noas treaun wurde, dy't net mei de hypothese strike en men dan oars net sizze wol, as dat soks dan bigreatlik is foar de feiten.
Dy kâns haw ik net hawn en wurdt my ek yn it stik fan De Jong net bean. Feiten lykas hjir bidoeld wurde jowt De Jong net, al bringt er in great forskaet fan, gauris feitlike, útspraken op it aljemint. Hwat ik dêrmei oan moat wit ik net. Gâns derfan kin ik samar byfalle, mar dochs haw ik it gefoel dat hja foar in part of faeks allegearre bidoeld binne tsjin myn konstruksje to tsjûgjen. Mar dat bliwt in gefoel, hwant hja binne sa biroerd oardere, dat it ek mooglik is dat it yntraepjen fan iepen doarren gewoan as sport bidoeld is. Mar it wurdt sa àl in sigerich gefal.
Ik haw skreaun oer Goede smaek as kritearium, hwant dat yntrigearre my, it woelde yn my om, ik hie der gjin klearrichheit oer. Ik haw doe bisocht op it spoar to kommen hwat it wie dat my dêryn yntrigearre. Dat wie net it hieltyd foroarjende en relative fan it bigryp goede smaek, mar folle mear it nuvere dat it tsjintwurdich op 'e eftergroun rekket. Ik bisocht in forklearring dêrfoar oan to jaen en ik konstatearre in ûntjowing, dy't ik bifetsje kin, mar dêr't ik ynstinktyf biswieren tsjin haw. Dy biswieren bisocht ik sa goed en sa kwea dat koe to rasionalisearjen en ik optearre foar de goede smaek as kritearium, yn tsjinstelling ta in vulgarisearjend mjitten fan de publike wurdearring.
| |
| |
Dêrmei wie it opstel klear, mar ik net, hwant de útkomst rôp dochs wer twivels by my op. Dy haw ik werjown op bls. 318/9 fan De Tsjerne 1964 en dat bitsjutte it bigjin fan in twade opstel, dat, krekt oarsom as it earste, ta in ôfwiking kaem. Ik jow ta, der hie in tred by kinnen, dêr't dy tsjinstelling, foar it each oanwêzich, yn ta hegere ienheit brocht waerd foar it neitinkend forstân. Dêr seach ik lykwols gjin kâns ta en doe haw ik de opstellen sa, as twa-ienheit (hoe ek tsjin harsels steand) De Tsjerne oanbean. Dogmatysk liket my dat net.
Wichtich yn de riddenearring fan it twade opstel, dêr't De Jong biswieren tsjin hat, al seit er net oft er it mei it earste lykfine kin, wie dat de kunst sels in ûntjowing trochmakke hat of trochmakket, dy't it forfal fan de goede smaek as kritearium meibringt, los sels fan hwat der sosiologysk bart. It réalisme, dat yn de âlde kunst foar master opsloech, is foar de dea opskreaun.
It giet der langer net om hoe nei de kunstner de réele minske oankomt yn syn útbylding, de fraech is folle mear: hoe fier kin er fan de deistige réaliteit ôfwykje en dochs forsteanber bliuwe.
In great part fan de réalistyske kunst is pseudokunst, dêr't in bipaelde goede smaek suver by eltsenien foar oankweke wurde kin. By estétysk ûnderfinen komt it folle mear oan op de forfrjemding, it is in ûnderfinen dat net foar eltsenien weilein is. Wy krije wer gefoel foar it kunstmjittige yn de kunst, sa haw ik sein.
Nou bringt Inne de Jong fan alles en noch hwat yn it gewear en, lykas ik al oantsjut haw, dat slacht gauris as in tange op in baerch. ‘Nou krij ik fan Jo Smit de yndruk’, seit De Jong, dat er út it stânpunt fan de abstrakte en nonsignifikante kunst wei in to absolute tsjinstelling mei de tradisionéle kréearret.’ Nou, dy yndruk is dan forkeard en dat is spitich, hwant it is it útgongspunt fan De Jong. Yn 'e goedichheit, hoe komt er oan dy yndruk? Ik sette réalisme en net-réalisme foar inoar oer. As ik abstrakte en nonsignifikante kunst bidoeld hie, dan hie ik, al hoe slimme wurden it ek binne, dy termen ek wol brûkt. Foar in oar part lykwols leit de skuld by my, hwant ik hie gjin foarbylden neamd om myn thorétysk forhael mei to forljochtsjen. Dat wie net sûnder reden, om't ik miende dúdlik genôch to wêzen, ja, my tocht dat de bosk better to sjen wêze soe sûnder al dy beammen. Elts foarbyld hie nammentlik wiidweidich taljochte wurde moatten, om't yn 'e praktyk - ik haw dat noch expressis verbis sein oan 'e ein - de strekkingen dêr't it om giet, net altyd folslein réalisearre binne, net yn
| |
| |
reinkultuer oanwêzich; mar om't it giet om mear en minder, om rjochting en aksint.
Foar it greatste part lizze de misforstannen oan in préokkupaesje oan de kant fan Inne de Jong. Hoe't er miene kin dat er in Achterberg of in Picasso tsjin myn opstel oanfiere kin is my in folslein riedsel. As ik om gaedlike foarbylden foar myn stellingen socht hie, soene dy it nou krekt west hawwe kinne. Ut myn stik moast dochs wol klear wêze dat ik it nije net by 1945 bigjinne litte wol. Ik haw earder alris sein, en wol it noch wolris sizze, dat ik net leau oan in dúdlike brek op ien punt. Ik leau àl dat der fan in distânsje sjoen, sa'n brek is tusken it tradisionéle réalisme en it net-réalisme. Dêrby - ik bin nou ienris gjin folsleine nitwit, al haw ik fansels net de bilêzenheit en bisjoenheit fan Inne de Jong - is it my net ûntgien dat der troch de tiden hinne wol in driuw west hat om oan it sinleaze réalisme to úntkommen; wit ik dat eltse foarm yn 'e kunst hwat kunstmjittichs is, dat dus tsjin it réalisme stiet. It wichtichste lykwols is dat it réalisme-op-himsels earder in stan-yn-'e-wei foar de estétyske ûnderfining is as in foardiel.
Tige slim om oan syn goede bidoelingen to leauwen, makket Inne de Jong it op side 432 dêr't er de forneamde definysje fan de âlde Poelhekke ‘kunst is het maken van mooie dingen’ op myn conto skriuwe wol. It hiele twade part fan myn stik wie der krekt op rjochte om sjen to litten dat dit goede-smaekkritearium gjin stân hâlde kin.
Sjoch ik it goed, dan is de réalistyske driuw yn de westerske kultuer tige stipe troch de klassyk Grykske, dy't makke hat dat de ieuwen troch it bigryp ‘klassike skientme’ as de greate forlieder mank ús omgean koe. It idé fan de tradisionéle skientme komt psychologysk ta stân, mei't wy by steat binne fan it bisûndere to abstrahearjen en in algemien byld to ûntwerpen, dat dan tagelyk ‘moai’ is. Om dit to fordúdlikjen in foarbyld út 'e technyk. Men soe fan hûndert frouljusgesichten in foto nimme kinne, allegearre yn deselde stân. Dan kin men se mei in hûndertste fan de normale biljochtingstiid oerinoar hinne útforgreatsje. It resultaet is in portret fan de frou, geef, regelmjittich, tradisioneel moai - Gryksk moai en like forfeelsum. Troch differinsiaesje - net de frou, mar bygelyks de Fryske faem - en yntegraesje - romtelike foarmen, kleuren ensafh. - kin dit allegearre útwreide wurde, mar it idé fan it ôfwoegene, fan de harmony bliuwt dêrmei dy fan de idéalisearre réaliteit. Diskriminearje kin men mei in ynboud mechanisme, fiede troch ûnderfining: de goede smaek.
| |
| |
PABLO PICASSO Guernica (1937)
| |
| |
Dit moaifinen bistiet, mar it is net hwat ik de estétyske ûnderfining neam. Dat is hwat oars en hwat aparts, lyk as forealens wer hwat oars en ek hwat aparts is, al brûke wy gauris op al dy gebieten deselde wurden. In jongfeint kin in faem moai fine, mar dat sil komselden op de tradisionéle skientme slaen. In dom gelykstellen fan ûngelyksoartige ûnderfiningen hat it lasterlike sprekwurd yn 'e wrâld brocht: leafde makket blyn. Op deselde wize lykwols kin men sizze dat de estétyske ûnderfining blyn makket.
De kou, dy't ûnder de namme ‘ús mem’ yn Ljouwert to finen is, neam ik moai. Dochs jowt it byld gjin estétyske ûnderfining; it is gjin kunst. Nou sil it my nij dwaen oft Inne de Jong sizze sil: by it sjen fan ‘ús mem’ haw ik gâns estétyske ûnderfining. Sa ja, dan witte wy yn elts gefal hiel wis dat wy ûnder estetysk ûnderfinen hwat hiel forskillends forsteane. Sa né, dan freegje ik: hwerom net?
Hwant wier, ik bin der mei oan. Inne de Jong fortelt nammentlik dat er Picasso syn Guernica oangripend fynt. En dat slacht op 'e estétyske ûnderfining. It skilderij lykwols hat alhiel neat to meitsjen mei tradisionéle skientme of mei réalisme, minder noch as hwannear't Achterberg seit: ‘Achter de Pyreneeën hurkt het beest.’
Ik bin bliid, dat De Jong dit skilderij neamt, hwant it is meiiens in yllustraesje fan hwat ik in farce neamd haw. Picasso hat hjir as kunstner réagearre op Guernica, dat wol sizze folslein kunstmjittich, folslein net natuerlik. Natuerlik - as der noch fan soks praet wurde kin foar it ûnderminsklik dwaen fan de fascisten oer - hie faeks west ûren godfordomme roppe, of de earste de bêste Franco-freon de harsens ynslaen of nei Spanje fleane en dêr de dea sykje yn machtleaze striid tsjin it bist. De kunstner lykwols hat réagearre mei in kunstwurk, dêr't wy beide fan oertsjûge binne dat it oangripend is, mar dat alhiel net adekwaet is, dat in farce is.
‘Picasso wist ek wol hwer't er stie doe't er syn oangripend Guernica skildere’, seit Inne de Jong. Dêr docht er, leau 'k, de kunstner gjin rjocht mei: op it stuit dat dy dat skilderij makke, tocht er der net oan om adekwaet to réagearjen op Guernica. Hy stie, dat is wier, en by skildere; by réagearre as kunstner.
De solidariteit fan de kunstner hat soms in nuver karakter. Dy solidariteit kin bitsjutte, dat er him ôfkeart fan it natuerlike en deistige; wûndere dialektyk, it kin wêze dat er dy solidariteit inkeld yn de frjemdste egosintrismen toane kin.
As der werris in berntsje fan Vondel stoarn is, giet de greate man oan syn skriuwtafel sitten, slipet de guozzefear, leit skjin
| |
| |
papier foar him del - nuver, net-adekwaet, ûnnatuerlik réagearjen allegearre - en makket in ‘Lijkklacht voor mijn dochtertje,’ mei moaije rimen en yn kunstige foarm. Foar de dea fan it earme berntsje oer in farce, foar it leed fan de mem oer in farce, foar eigen gefoelens oer: in farce. Hwat is de driuw? Forfrjemding; hwat makket it estétysk ûnderfinen mooglik? Forfrjemding.
Mar Inne de Jong neamt sels yn syn ûnskuld oare foarbylden. Hwant hysels brûkt de wurden: ‘Tryste apothéose: de danse macabre’. Is der nou wier safolle forstân foar nedich om yn to sjen dat de danse macabre - yn adekwate, kunstmjittige wize dêr't de midsieuwer mei réagearre op de (al to) greate drigingen fan syn dagen - neat oars is as in farce?
En mei safolle wurden fortelt Inne de Jong it as er Bernlef (de jonge) oanhellet dy't skriuwe woe oer in priiskikkert, in farciaal ûnderwerp, en grif yn it ljocht fan hwer't it winliken om gie, de atoombom.
‘In ambivalinte kunst dy't tagelyk in reis nei it mystearje en in grap wêze soe, is my al hwat tofolle fan it goede’, seit Inne de Jong, hwerby oantekene wurde moat dat de formulearring fan himsels is en dat ik it wurd ‘reis’ en ‘grap’ net brûkt haw. Dit wie nammers hwat de faem út 'e yntroduksje earst ek tocht, mar dat foel letter ta. Likegoed muoit it my om De Jong, dat it him tofolle is, hwant der bliuwt him gâns ûntsein op dizze wize. Dostojewsky, Kafka, De donkere kamer van Damocles fan W.F. Hermans bliuwt him frjemd, mar nuvergenôch net Picasso of Bernlef.
‘I am no orator, as Brutus is; But (as you know me all) a plain blunt man...’ Farce, haw ik sein en dat hie net moatten. Boartlike eleminten sitte yn hast alle kunst, wol Inne de Jong wol tajaen en hy nimt mei krêft en faesje wer in iepensteande doar: it is in tige bilangrike oangelegenheit en gjin frijbliuwende boarterij. Dat jildt nammers ek foar lêzen, mar dat liket Inne de Jong blykber net wichtich ta. Hwer hat er dat ‘frijbliuwend’ wei? Yn elts gefal hat er it yn myn stik net lêzen en likemin hat er dêr ek mar in biwyske fan in oantsjutting foar fine kinnen. Frijbliuwend, hoe frijbliuwend, frij fan hwat, fan hwa?
‘It is in boartsjen op it skerp fan it mes’, seit De Jong. Op it skerp fan it mes, hie 'k n't tocht. Hwat moat ik dêrby tinke? Moat ik dêrby tinke? Letter wurde der grouwe wurden fan in dûmny oanhelle en tsjin my oanfierd: ‘It boartsjen dêr't hjir fan praet wurdt, is in revolusionair boartsjen’. Boartsje allinne mei foaral net, bigryp ik. Mar dan bin ik yn 'e wille om
| |
| |
to sizzen: in greate sangerpot is ommers ek in sangerpot.
Ik sitearje: ‘De moderne kunst is gjin profetyske oangelegenheit lyk as by de âlde lettré, seit Smit. In dúdlik diskriminearjende útspraek.’ Dat tocht ik ek.
‘Yn hokker tiid’ - ik sitearje wer - ‘fiksearret er de âlde lettré?.... hat er foaral Hollân en Fryslân op it each?’ Foar andert op dizze fragen mei ik forwize nei bls. 314 en 315 fan De Tsjerne 1964, oars kin ik wol oan 'e gong bliuwe.
‘En bidoelt er mei “gjin profetyske oangelegenheit” dat de hjoeddeiske kunstners gjin nonkonformisten wêze soene?’ Né, dat bidoel ik net, krekt oarsom. Ik hie skreaun ‘.... gjin profetyske oangelegenheit, mar beuzichheit neist oare, net alles omfiemjend, mar forfrjemde fan oare funksjes: kunst.’ Sa'n kunst kin ûnder oare ‘dynamyt lizze ûnder in sterile werklikheit’, om de wurden fan De Jong to brûken. Dat docht de profeet net: dy profetearret, as it in echten-ien is, dy profitearret, as er sa'n ien is dy't him in profetyske hâlding oaneigenet.
‘In man as Menno ter Braak’, forfolget De Jong, ‘hat him mei lichem en siel en mei al syn talint forset tsjin it opkommende ryk fan de ûnderminske.’ It is wier, mar hoe doar in man as Inne de Jong it to sizzen en it oan to fieren tsjin my, dy't bisiket ta kleare ûnderskiedingen to kommen. Neam my byneed in epigoan fan Ter Braak, mar bisykje net syn neitins tsjin my to mobilisearjen yn in stik, dat in gearmjuksel is fan alles dêr't hy him tsjin keard hat. In stik sûnder kleare ûnderskiedingen, útgeand fan partis pris, rêstend op forkeard lêzen en heal sitearjen, in stik sûnder selsûndersyk en sûnder selskrityk. It muoit my dizze dingen sizze to moatten, lyk as it Ter Braak - mear as Du Perron - muoide ûnfreonlike dingen fan de Dirk Costers sizze to moatten. Afscheid van domineesland, dêr bigoun Ter Braak syn krústocht mei en hy forwarde him dêryn tsjin deselde dingen dêr't it stik fan De Jong fan optilt: retoaryske wurden en tinkbylden, in healnôge profetehalding, superioriteitsfielen op groun fan in dizenich, moaiklinkend wurdgebrûk, in estétisearjend biskôgjen fan problematyske saken.
It hat gjin doel jinsels to forrifeljen mei moaije, treastgjende wurden. Dêrom brûkte ik it wurd ‘farce’ en ik leau dat ek mei de foarbylden dy't ik boppe jown haw it wurd bisteansrjocht hat: by Picasso, Vondel, de danse macabre, Bernlef...
To folle misse wy dit by de Tachtigers en de Jongfriezen, dêr't ik fan sei: ‘De moderne kunstner gniist him dea as hy de profetyske hâlding sjocht fan Tachtigers of Jongfriezen, en hy bisaut him as er yn har wurk mar sa'n lyts dripke of alhiel
| |
| |
gjin kunst oantreft.’ Inne de Jong réagearre der û.o. op mei: ‘Gorter skreau syn Mei en dêr gniist gjin moderne kunstner him dea om.’ Yn alle ûnskuld wurdt hjir it aksint ûntalitber forlein: de profetyske hâlding fan (somlike) Tachtigers wurdt forfongen troch in (bipaeld) kunstwurk. Hwat men op soks sizze moat wit ik net. Hwat fan dy profetyske hâlding, mei foarbysjen fan hwat ik (plain blunt man) bisocht wer to jaen fine wy oan 'e ein fan it stik fan De Jong. ‘Wy moatte meiinoar foarút. Fryslân is yn de greate wrâld opnommen, syn literatuer hat forlet fan posityf talint.’ Posityf talint... dat is mei permisje nou krekt hwat ‘bloedhounen as Hitler en Stalin, dy't de frije kunstner as outcast biskôgen en bihannelen’ ek altiten sein hawwe. En mar hiel inkeld gie it tsjin in réalistysk kunstner, dy't de profetemantel omhinge hie, mar hast altiten tsjin net-réalistyske kunst, dy't ‘dynamyt ûnder in sterile wurklikheit’ lei. Lit ús hwat dat oanbilanget ús net forsinne: de ôfwizing fan har kunst kaem net inkeld fan de bloedhounen, mar om to bigjinnen fan de kunstbruorren en in rige kunstkenners. Dat joech de bloedhounen har kâns, dat en ûnkleare ûnderskiedingen en dizenich spraekgebrûk.
Bliuwt by eintsjebislút noch de fraech oan de théologen, dy't ik yn 't foarbygean, hwant yn in noat, formulearre, mar dêr't ik nou nijsgjirrich nei wurden bin om't Inne de Jong him bilangryk achtet, al binne der dan ek wichtiger, nammentlik: wie it de goede smaek, dy't Adam ta de apel brocht, ja ofte né?
|
|