De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 121] [p. 121] [Nummer 4] Tiny Mulder: N.S.-cyclus 1 Trein tsjillen rûtse fan dy ôf flatgebou flatgebou men freget jin ôf hwer't sa gau de flinters keare noch in lêste himelhege biwenning dan it lege grien en bisten wisten wisten jim it net? ôfskie né in string fan 't hert knapt en yn de fierte swarte fierte efter my silstou sitte by de opprikte flinters slacht de flamme dy net út dou foar 't rút ljept gjin fjûr fan dy my efternei? sit stil ik bin fortrokken op wide greideblokken stiet de damp yn in flarderige moanne deadelamp efter 't boarstbien lypt de pest sparje de flinters lea 't hat west [pagina 122] [p. 122] 2 Stasion treinen skotse werom en foarby hupsûpengroattenbrij se nimme dy yn de govert mar de dounsmaster mei de reade pet hat my yn de telefoansel finzen set en gounzjend skotse se mei dy werom en foarby de perrons nei oare stasions is it al nacht nou't de rein fluitet? 3 Telefoansel ljochte sel yn de joun mei ûngefear twa miljoen kânsen yn keamers en gongen hui even mei dy boartsje foar in dûbeltsje en in kwartsje mar dyn kaei is blykber brutsen hwa hat dy kaei yn de bûse stutsen? de hoarn hat him forhongen earme leave telefoan swart dôf stom stoarn ik jow him de stasionschef oer hy wit hwat dit bidoelt hy streaket stadich de hoarn en gûlt [pagina 123] [p. 123] 4 Wachtkeamer hjir mei ik wachtsje ha se sein út de hjerstwyn út de rein ober ropt syn sos nei de kok kofje foar de toarstige broadtsje foar de hongerige - - neat foar de leavjenden de leavjenden ite de moanne de leavjenden drinke de rein mar bring dizze frou brea telefoan nei him is dea libbenstried is leechblet kok forjit de kofje net 5 Spoarboekje spoarboekje lêze nimmen wêze sifertabellen by elkoar optelle en de som fan fortrek- en oankomstûren omrekkenje yn fluitsjende ûren tusken gleon binijde muorren dêr't wy elkoarren leafde fuorren [pagina 124] [p. 124] 6 Rangearterrein néonkonstellaes es op acht meter hichte de stjerren skamje har dea bidêst glinsterje de sliepende rails om har drokke dagen de wikselwachters lizze slûgjend by de tv stel dat ik út dizze exakte chaos de wiksel foun fan it spoar dat nei dy roun yn de fierte wikselt it sein der rydt in hert foarby yn de deadewein 7 Oerkapping God bout in biskermjende oerkapping oan beide einen iepen ien om to weitsjen ien om to sliepen en alle flinters reitsje út it net út de vitrine alle treinen kinne weromkeare alle sellen kinne iepen finzenen en deaden lizze nije forbiningen mei de leavjenden de frijen Vorige Volgende