Israël
It spyt my dat Gj. Dykstra Asn. in leffe smaek oerhâlden hat fan myn forhael 333777. Kontrakrityk hâld ik net fan, ik soe dan ek op syn stikje net yngean, al hie er my, bihalven Courths Mahler, ek noch Fanny Eden en Johanna Breevoort op 'e lea skoud. Mar as de kritikus bigjint to hinein-interpretieren, mei opsetsin of troch in misforstân, dan mien ik dat de skriuwer rjocht hat op in lytse réaksje.
Ik soe in falsk byld fan Israël tekene hawwe, paradyslik en healsêft. En dan trapet er iepen doarren yn mei syn forklearring dat Israël gjin heilsteat is. Tafallich wist ik dit al, ik ha dêr freonen sitten en ik ha frijhwat oer Israël lêzen. Arthur Koestler syn Thieves in the night mear as ien kear. Myn koart forhael to forgelykjen mei in ynternasionael forneamde roman is folslein yrrelevant. Ik hie de romte net en it wie myn doel net om in byld fan de steat Israël to tekenjen. It gyng my yn it forbân fan myn forhael om hwat oars, ntl. dat Israël foar de Joaden hwat oars en hwat mear bitsjut as Fryslân foar de Friezen en Amsterdam foar de Amsterdammers. Dat Joaden, sels út de hel wei, dêr genêzing fine kinne. Dat in ryk Amsterdamsk fanke (ik ken sokken) in moai en maklik libbentsje ruilet foar de kibboets. As it my net mist is de titel fan Ben Goerion syn pas útkomd boek (ik haw it noch net) yn de Hollânske fortaling Israël, land van de vervulde belofte. Eat fan dat elemint haw ik bisocht oan to tsjutten.
Dit noch: ik ha in jiermennich lyn in gearkomste meimakke, dêr't de bikende dr. Gunning, by syn libben rektor fan it Amsterdams Lyceum, spriek. Der wiene ek Israéliërs bywêzich. Gunning hie efterinoar twa reizen makke, ien nei Amearika en ien nei Israël. Fan Amearika sei er: nijsgjirrich, mear net. Fan Israël: ik foel fan de iene forbazing yn de oare, ik sprek joun oer it ‘wûnder’ Israël. Yn it skoft frege ik in kunde, al sûnt de oprjochting fan de steat advokaet yn Jeruzalim, in tige kritysk ynstelde saeklike réalist: hwat tinkt jo hjir fan? It spyt my foar Dykstra, mar hy lake him net in aep. Hy glimke en syn antwurd kaem hjir op del: it wie hwat ryklik subjektyf en dochs bigryp ik earne myn âld-learaer wol. Ik kom hast elk jier yn Amsterdam, stiiffol krityk op myn folk en steat. Mar as ik soms mei de boat werom gean en Haifa komt yn 't sicht mei de Karmel op 'e eftergroun, dan wit ik it ynienen wer: Israël! It fisioen fan Jesaja 62 komt my dan yn 't sin.
Is dit healsêfte romantyk op it nivo fan de Fryske boer-ealman?
INNE DE JONG