foriensuming fan de minske yn de komplikaesjes fan it moderne libben, de striid fan in yndividu tsjin de mienskip dy't him opeasket en opslokt. De eangst foar de ivich fergjende maetskippij kin him konsintrearje op ien konkreet forskynsel dat symboal wurdt fan de hiele situaesje. Yn Trinus Riemersma syn boek is dat b.g. it fabryk.
Alain Jessua syn prosédé is nuodliker, hjir is gjin konkrete faktor, gjin oanwiisbre oanlieding of oarsaek dêr't de kunstner syn drama op bouwe kin. De haedpersoan fan de film, Jacques (Charles Denner), is ynienen, ûnforklearre en ûnforklearber, op alle fronten non-konformist. By sa'n oanpak wankt fansels it gefaer dat de filmer (of auteur) yn de problematyk forslacht en syn skepping yn abstraksjes omkomt. Dat is hjir net it gefal: de gong nei it folsleine isolemint, de totale iensumens, wurdt hjir mei in suver mathematyske krektens dy't dan ek noch yn elk stadium dramatysk is, útbylde. In biwiis fan Jessua syn masterskip. Dan is der in twadde, biskiedend elemint yn de film, dat de titel wier makket. De wenstige gong fan sa'n syktegefal is dat de pasjint, fan de iene need yn de oare fallend, yn de uterste ellinde ûndergiet, flokkend en tjirgjend bygelyks op in jiskebult. Hjir is it krekt oarsom: Jacques ûnderfynt elke forwidering fan minsken en wrâld as in oerwinning en de ein, it absolute isolemint, as in bifrijing, in feest. De trêdde faktor dy't dizze film bûtenwenstich makket en it ‘omkearde libben’ bifestiget, is dat hjir troch de tragyk hinne irony en humor spylje. Der wurdt gâns lake yn de bioskoop, faek ûnrjochtlik, mar wol forklearber. Tsjin de ein wurdt it lykwols stiller en it is altyd de muoite wurdich om by it útgean even nei de gesichten fan it publyk to sjen. Ek de lakers geane hjir de doar út mei eagen dy't sizze: dit liicht der net om. In filmer dy't mei sa'n ekstreem gefal syn taskôgers sa yn 'e bisnijing hat, is hwal mânsk.
De film is winlik ien flashback. Jacques lit jin by it forslach fan syn gefal de wrâld troch syn eagen sjen. It bigjint samar, as er op in middei allinnich thús is en him seldsum lokkich fielt. It slagget him om dit loksgefoel ek to birikken yn selskip, mei him fan de oaren to isolearjen. En dan bigjint syn offensyf tsjin alleman en wrâld, tsjin de dingen en tsjin de minsken. Hy hatet net en forachtet net, hy makket him allinne los fan alles en elkenien, hy anneksearret tagelyk de minsken dy't him neist steane ta syn doel. Sartre syn ‘de hel dat binne de oaren’ wurdt hjir: myn boustiennen dat binne de oaren. Men soe it forgelykje mei it prosédé fan de primitive animist dy't koppen ôfslacht om himsels de sielestof fan syn slachtoffers ta to parten. Slachtoffers wurde ek syn frou, Viviane, en syn mem. Seldsum knap is de ûntjowing yn twa moannen fan Viviane (Anna Gaylor) fan in frij ûnbitsjuttend fotomodel ta in pracht fan in frou, dy't har krisis oerwint (se hat bisocht harsels fan kant to meitsjen) en by him weigiet, ynfieren, great en bigripend. As se fuort is, sleept Jacques alle meubels ta de doar út, minsken en dingen hawwe tsjinne ta syn doel en moatte fordwine. Men sjocht him foar it lêst yn de klinyk fan in dokter, dêr't er frijwillich hinnegiet en yn in lege, wite keamer genietet fan himsels en syn wrâld.
Men freget jin ôf: hwat wol Jessua mei dizze tragi-komeedzje? Is dit in tindinsfilm, in kredo? It protest tsjin in wrâld dy't de frije minske ta sokke healwize dingen twingt? Ik leau it net. It liket my ta dat er mei in skerp en koel yntellekt it probleem fan de bidrige privacy troch ende troch tocht hat en út dy situaesje wei in pathologyske narsissusfiguer skepen hat. Earnstich en boartlik, mei krekt