As ik myn sin siz...
Yn 'e lêste alinea fan syn krityk Spanning yn swart-wyt (De Tsjerne, febr. 1965, bls. 75-76) makket Sikkema in hele frjemde gisel mei to biwearen dat Abe Brouwers roman ‘binammen dyjingen hwat to sizzen hawwe (sil), dy't net al to kritysk binne en dy't ré binne, har troch de forteller Abe Brouwer meifiere to litten.’ Binammen dyjingen; oaren ek wol in bytsje, mar foaral dus de lêzers dy't it net folle ynteressearret hwat se yn hannen krije. Dy hat dit boek hwat to sizzen. Hwàt it sokken to sizzen hat? Ik soe 't net witte, en Sikkema wit it sels ek net. Nei it lêzen fan syn krityk bin ik ta de konklúzje kommen dat de roman Springtij him, as kritysk ynstelde lêzer, neat to sizzen hat, mar hy hat dat blykber sels net ûntdutsen, hy sprekt dat tominsten net út, by forklearret allinne mar dat it net-krityske lêzers wòl hwat to sizzen hat. Nuver, nou?
Welné, hielendal net nuver, sjoch mar hwat Sikkema skriuwt yn De Tsjerne 1962, bls. 123: ‘In folle greater misfetting lykwols sit oan de oare side, ntl. by dyjingen dy't miene dat alles... mei literaire mjitstêven hifke wurde moat.’ En: ‘Normael is it likegoed, dat der tusken literatuer en minderweardich lêsfoer in fjild leit fan lektuer; en yn Fryslân moatte wy ús dêr ek stadichoan ta wenne en soargje dat dat fjild sa breed mooglik wurdt. As eask meije en moatte wy dan stelle, dat de tael yn styl en stavering goed brûkt wurdt.’ Sjoch jo wol, sa giet dat by Sikkema, hy is de roman Springtij mei literaire easken to liif gien, mar doe't er seach dat der dan gjin grevel fan oerbleau, hat er de roman ta lektuer forklearre, en hupsa! alle literaire mjitstêven oerboard, hwant lektuer moatte je net literair hifkje, mar lektureel, d.w.s. sjen oft der ek tael- en staveringsflaters yn sitte, en oft it boek der kreas útsjocht. Eventueel kinne je it ek noch oan 't ingster hingje, of de letters telle, lykas se by de KFFB dogge, spaesjes en lêstekens telle ek mei. Ja, it is my nou sa helder as glês. Styl en stavering, dat is it, hen. Stom dat 'k der sels noait op kommen bin. Douwe Tamminga, wit je, dy hie it allang yn 'e rekken, dy hat jierren lyn al in novelle útjown ûnder de titel Styl en stavering. En kenne jo syn sammelbondel Op 'e taelhelling? Kostlike forhalen, en hwat in prachtige stavering, it snijt jin as in âld sok troch de siel! En kenne jo J.K. Dykstra's Frysk taelboek, en Anne Wadman syn Taeleigen en eigen tael? Hwat binne wy dochs ryk oan greate skriuwers en hwat bloeit de Fryske stavering!
Ien ding leit my lykwols net sa noflik op 'e mage, ja, it bloed krûpt hwer't it net gean kin, hoe moat sa'n redaksje nou mei De Tsjerne oan, dat literáír tydskrift? Der mar mei ophâlde, tink? It sil de baes wol wurde en stjûr tonei de hiele brod, foarsafier't men it net yn kachel of jiskefet triuwt (om mei ds. Smilde to praten) mar nei De Pompeblêdden.
K. HARKEMA