dekke se ta har blidens dat er gjin hoarntsjes op 'e kop hat en dat har ek gjin sweveldamp tomjitte slacht. Deryn dus. Noch net hielendal gerêst nimme se de keamer op: maegdelik wyt yn 'e ferve, twa spinnende katten efter de kachel, fatsoenlike stuollen ynsté fan de folterwurktugen dy't se forwachte hiene. Hè-hè, is dàt tafallen! En lit my dy Van het Reve nou ek noch tafalle, it is deagewoan in aerdige fint, syn praet is bisteklik en ynteressant en hy wìt gâns. By it ôfskied wurde de fjouwer oermoedich: Soe Van het Reve net ris in lêzing foar de skoalklub hâlde wolle? Ei jawol, dat wol er mei alle wille.
Panyk yn 'e learaerskeamer: Sa'n man moatte wy hjir net ha! Mar hoe it gefaer ôf to kearen? Je kinne sokke bern ek net planút wize op biskate dingen yn it libben, ik woe mar sizze, dat giet net, nou? Dus seit ien fan 'e learaers: Jonges, soene jim dat wol dwaen? Dy Van het Reve is mar in prutser, freegje leaver in gòèije skriuwer. Kletspraet fansels, der komt dan ek in better útstel: Van het Reve moat hjir net sprekke, jonges, hy soe wolris dingen sizze kinne dy't jimme sear diene (!), mar hy mei wol mei trije fan ús learaers sit nimme yn in foarum. Dit waerd fansels allinne útsteld om ta ôfstel to kommen - tochten jo dat der ien neist Van het Reve sitte woe? In pear dagen letter hiet it dan ek: Wy hawwe der nochris oer neitocht, jonges, mar dat foarum, dêr sjogge wy ôf. It hat gjin inkele sin om mei Van het Reve to diskussiëarjen. Hy is eksistinsialist, en mei in eksistinsialist falt net to praten.
Kommintaer fan Van het Reve: Och, die zaak is allang afgedaan. Ik heb een heel nette brief gehad van die jongens. Wat u vertelt over ‘mijn existentialisme’ is nieuw voor me - leuke mop hoor, even noteren. Welnee, ik heb me helemaal niet kwaad gemaakt, sinds vijftien jaar trek ik het me niet meer aan. En dan zo'n kweekschooltje. Soms ben ik razend! Niet doen, kalm blijven, ik heb het erg druk, ik moet nog veel schrijven.
Lit ús dan mar kalm bliuwe en dizze fraech ris bisjen: Hwerom wurdt it wegerjen fan Van het Reve as sprekker motivearre troch it opplakken fan it etiketsje ‘eksistinsialisme’? Hwerom it krekt by it eksistinsialisme fan Sartre to sykjen, de man dy't langlêsten yn it Friesch Dagblad noch oantsjut waerd as ‘de heidense schrijver’ (of: ‘den heidenschen’, dêr wol 'k ôf wêze)? Binne se op 'e kristlike kweekskoallen tsjintwurdich sà min yn bibelkennis dat se net witte hoe't yn Leviticus 18 biskreaun stiet dat elke man dy't mei famyljeleden, manlju, geiten, hazzen of wite mûzen pearet, útroege wurde moat? Of doare se net foar har bigjinsels út to kommen en sykje se it dêrom by de heidenen?
TR. RIEMERSMA