Krityk yn it koart:
Gjin poezij en dochs poezij
De lêste suns, fersen fan Theo Jensma, mei tekeningen fan Coby Vogel. Utjowerij Brinkman, Amsterdam, 1964.
De bondeling fan tsien fersen moat hwat bysûnders wêze, it moat alteast in karakteristyk jaen fan it oeuvre fan in dichter, it moat in kar wêze, dy't yn syn uterste biheining nei in hichtepunt rikt. By útjowerij Brinkman to Amsterdam is forline hjerst sa'n bondeltsje útkommen fan Theo Jensma, mei in oantal yllustraesjes fan Coby Vogel, ûnder de titel De lêste stins. De earste fraech dy't ik my by it trochblêdzjen fan dit bondeltsje steld haw, wie: hwerom? In debutearjend dichter dy't in bondel mei tsien fersen útjowt moat syn eigen wurd wol tige heech achtsje. Mei de útjefte fan De lêste stins freegje ik my wer ôf, oft it sin hat om fan in jong en noch libjend dichter 10 fersen út to jaen. Tsjûget dit fan in ôfsluten fan it wurk? Is dit it restant fan it dichterlik sykheljen fan Theo Jensma, of meije wy meidetiid mear wurk fan him forwachtsje? Yn it lêste gefal hie er better wachtsje kinnen mei publisearjen oant hy in respektabel oantal fersen mei niveau sammelje kin. Hwant hwat er yn De lêste stins byelkoar brocht hat is net mear as it kokhalzjen fan in pear houterige, ûndichterlike wurdtuorkes. Ien foarbyld. Wy nimme it fers fan pagina 9 (bigraffenis) hjir yn proazafoarm oer: de famylje kaem gear yn it lokael nêst de tsjerke de swarte skaden fan froulju en har swijende mannen / het uur heeft geslagen de predikant geef ik het woord sei de koster mar in deabidder hat it ek wol wêze kinnen / minsklik bispriek de dûmny it libben fan de overledene en de dea dy't ta syn hûs foar elk de poarte skynt to wêzen / ûnderweis nei it tsjerkhôf stiene bern heal earnstich heal gnyskjend to sjen op it lân waerd arbeide / rûpsk skeuvelen de minsken werom nei it lokael hwer't froulju té yngeaten sigaren
gongen roun / in omke tanke de oanwêzigen doe woechs it deistige praet de koster kryg in goune en in elk op nei hûs
Dizze útjower hat noch tomin bigryp hawn oer ditsoarte fan geâldehoer om der op weardige wize distânsje fan to nimmen. Mar genôch dêr oer. Dizze gedichten binne gjin poëzij. En dochs in sympathike bondel. Sympathyk om de tekeningen fan Coby Vogel, dy't wol poëtysk binne en somstiden in bysûnder knappe komposysje hawwe. Allinne om dit grafysk wurk achtsje ik dizze útjefte forantwurde, mar sûnder de fersen wie dizze bondel in poëtysk wurkstik wurden om wiis mei to wêzen. Utjowerij Brinkman hat der in kreas boekje fan makke en dat makket de saek allinne mar tragysker.
DURK VAN DER PLOEG