| |
| |
| |
Prof. Dr. J.H. Brouwer:
Nijnoarsk en Frysk
I. Ynliedend oersjoch fan de Noarske taelûntjowing
As jo it lok mei hawwe en yn in Noarsk selskip prate meije oer de skiednis fan it Frysk en syn hjoeddeiske posysje docht it al gau bliken, dat der yn beide (skiednis en sitewaesje) gâns oerienkomst is mei it Nijnoarsk. Jo komme fuortynienen yn in libben petear mei de foarstanners fan dat Nijnoarsk en mear as ien Fries stiet om deselde reden yn drok skriftlik kontakt mei sokke Noaren.
Wy kleije dan wolris, dat it der hwat de talen oangiet net sa ienfâldich hinneleit yn Fryslân, mar yn Noarwegen is it foaral net better. Yn syn kostlik humoristysk boekje Nuggets of Norse. A skirmish with sounds, words and language feuds in Norway (1952, mar der sille wol letter útjeften fan bistean) - in boekje dat guon Noaren hwat swier op 'e mage leit - bigjint Philip Boardman mei in anekdoate. In man seit tsjin in freon: ‘Dy Olsen is my in linguist’. ‘Hoe sa? Hoefolle talen bihearsket er dan?’ ‘Acht en sawn dêrfan binne Noarsk.’ Om it taelforskaet yn Noarwegen noch hwat dúdliker to meitsjen fortelt er, dat de treinreizger yn Noarwegen de koupé's net-smoken oanjown fine kin mei ‘røkning forbudt’, ‘jøking ikke tillatt’, ‘ikkje røykjarar’ en ‘røyking forboden’.
As wy it Finsk (in pear tûzen Noaren prate Finsk) en it Samersk of Lapsk (ik seach tallen neamd fan 15.000, mar ek fan 20.000) der bûten hâlde, giet it yn Noarwegen om twa talen: Bokmål (sa't de offisiéle namme sûnt 1929 is, mar withoefaek komt men ek noch of wer de namme riksmål tsjin) en Nynorsk (mar de âldere namme Landsmål wurdt ek wol brûkt). It binne beide offisiéle talen.
Foar in goed bigryp fan de hjoeddeiske sitewaesje hat it syn nut de skiednis nei to gean en as it net nuttich wie soe it lykwols doel hawwe dat to dwaen, al wie it mar omdat de parallellen mei de ûntjowing fan it Frysk sa dúdlik nei foaren springe. Der is fansels gâns literatuer oer dy Noarske taelskiednis; ik basearje my hjir binammen op it kleare, rike en ûnpartidige opstel fan Ingvar Torvik A survey of the language situation in Norway (yn de Revue des langues vivantes, XIX-5).
It Aldnoarsk, de oarspronklike tael fan Noarwegen, kriget
| |
| |
IVAR AASEN (1813-1896)
grounlizzer fan it Nijnoarsk
| |
| |
OLAV DUUN (1876-1939)
romanskriuwer yn it Nijnoarsk
| |
| |
yn 'e Vikingtiid (700-1050) in greate forsprieding; op har tochten bringe de Vikingen it nei de Orkneys, Shetlân, it noarden fan Skotlân, it easten fan Ierlân, Man, it noarden en westen fan Ingelân, de Fär-Øer, Iislân en Grienlân. Aerdige boekjes oer dy tiid binne Johannes Brønsted, The Vikings (Ingelske oersetting), in nûmer fan de Pelican Books (1e edysje 1960), en G. Turville-Petre, The heroic age of Scandinavia, Hutchinson's University Library (1e edysje 1951). Dat Aldnoarsk is biwarre bleaun yn in rike literatuer út 'e 12te en l3de ieu: de skaldepoëzij, de Edda, de (Iislânske) saga's, de wetten.
Denemarken, Sweden en Noarwegen geane yn har taelûntjowing sûnt sahwat 800 útinoar; om 1300 hinne binne se dúdlik fan inoar ûnderskaet. De taelûntjowing yn Noarwegen is mei bipaeld troch it wikseljen fan haedstêd: earst wie it Nidaros (nou Trondheim) yn it noarden, doe Bergen, fan likernôch 1300 ôf Christiania, de stêd dy't nou Oslo hjit. De skreaune tael waerd sadwaende efterinoar biynfloede troch de dialekten fan it noarden, it westen en it easten.
Politike oarsaken laetten der ta, dat dit Noarsk yn de 15de en 16de ieu yn it neigean rekke; om 1600 hinne wie it ôfsakke ta in tael, dy't net mear op skrift brûkt waerd en suver allinne op it plattelân praet.
Yn 1319 waerd Noarwegen foriene mei Sweden. It Sweedsk krige ynfloed op it Noarsk. In twadde en gâns sterker ynfloed fan bûtenút kaem út Denemarken wei, dêr't Noarwegen yn 1380 in uny mei oangyng. Yn dit twamanskip wie Noarwegen ekonomysk mar ek kultureel fierwei de swakste partij. De bisluten fan de kening wurde al moai gau wear en mear yn it Deensk jown, de Uny-akte fan 1450 is ek yn it Deensk; Deensk is de steatstael wurden. De earste drukparse yn Denemarken is fan 1480, de earste yn Noarwegen komt 150 jier letter! De reformaesje-literatuer komt allinne yn it Deensk oer de Noaren. Denen nimme bilangrike posysjes yn yn tsjerke en steat en hâlde har Deensk oan. Yn 1600 is de lêste âldnoarske wet yn it Deensk oerbrocht; it pleit is foar ieuwen bisljochte.
De Deenske perioade duorret fan 1600-1814. It wie, ekonomysk en kultureel, in minne tiid foar de Noaren. Hja hiene gjin universiteit (hwa't studearje woe moast nei Kopenhagen), der wiene mar in pear skriuwers fan bitsjutting en dy skreauwen ek noch yn it Deensk. Oan 'e ein fan dy perioade wurdt it Noarske selsbisef wekker û.m. by de Noarske studinten yn Kopenhagen, dy't in eigen foriening stiftsje.
| |
| |
Yn 1814 wurdt Noarwegen selsstannich; it kriget in eigen grounwet. En dan wurdt ek al gau it forlet field fan in eigen tael; oars soe de selsstannigens ommers noch mar heal wêze. Mar hoe to kommen ta in eigen tael? Dêr is yn 'e jierren fan 1830-1850 hiel hwat oer ôfstriden. Der wiene guon dy't it Deensk, lyk as dat doe yn Noarwegen brûkt waerd, fornoarskje woene, troch der hwat langer hwat mear Noarske wurden yn op to nimmen en troch ek de foarmleare by it Noarsk oan to passen. Oaren woene helte radikaler to wurk gean. Noarwegen hie ommers in eigen tael hawn, in tael dy't nosh yn dialekten libbe; it moast dochs mooglik wêze út dy dialekten wei in eigen Noarsk op to bouwen. It is de tiid fan de romantyk en lyk as oeral wurdt de niget oan folkslibben en folkskultuer ek yn Noarwegen wekker; folkssangen, sêgen en mearkes wurde sammele, der wurdt stúdzje makke fan de Noarske skiednis en fan de dialekten. By it nasionale komt it sosiale motyf: it Deensk wie foar gâns Noaren suver in frjemde tael en omdat se tofolle swierrichheit mei it lêzen fan Deenske boeken hiene, liezen in hopen hielendal net.
Sa wurdt de tiid ryp foar it stribjen nei in eigen Noarsk (Landsmaal) op grounslach fan 'e dialekten. De man hjirfan wie Ivar Aasen, in boeresoan út westlik Noarwegen, dy't my, by alle ûnderskie, altiten sa sterk tinken docht oan Harmen Sytstra. Aasen is immen mei in útsûnderlike taelkundige oanliz; hwat hy, in man sûnder wittenskiplike foarming, prestearre hat, krige de biwûndering fan alleman, dy't hwat oardiel oer sok ding hie. Wy soene yn Fryslân hwat mear oandacht foar him hawwe kinne; dat is ús maklik makke, omdat Reidar Djupedal syn brieven en deiboeken yn trije mânske dielen útjown hat (1957-1960), syn lêste wittenskiplik wurk Bidrag til vort folkesprogs historie (1954) en ek syn dichten Symra og andre dikt (1963). As jongkeardel skreau Aasen al in grammatika fan syn eigen doarpsdialekt; yn opdracht fan Videnskabernes Selskab yn Trondheim reizget er fan 1842-'46 fan doarp ta doarp om de dialekten op to tekenjen en yn 1848 kin in greate Noarske grammatika fan syn hân forskine, yn 1850 in Noarsk wurdboek. Dêr is dan de grounslach mei lein fan it ‘Landsmaal’ (sa't er syn nije tael neamt); sûnt 1850 hat Noarwegen twa skriuwtalen. Aasen wie net allinne wittenskipsman, hy wie ek skriuwer; by hat mei de die biwiisd, dat syn Landsmaal brûkt wurde koe foar poëzij, proaza en toaniel. Syn lieten wurde noch songen, syn toanielstik Ervingen troch amateurs spile.
| |
| |
Sa ûntsteane der dus twa streamingen nêst inoar: dy fan 'e fornoarsking fan it Deensk (Henrik Wergeland, Bjørnstjerne Bjórnson, Henrik Ibsen en de skoalleman Knud Knudsen, dy't in great wurdboek skreau om safolle mooglik Deenske wurden troch Noarske to forfangen) en de folgelingen fan Ivar Aasen. In freedsume konkurrinsje is it net wurden, mar in fûle striid, dy't oant hjoed-de-dei trochduorret; der is gjin ûnderwerp dêr't men de Noaren sa maklik oer los kriget as de taelsituaesje.
It Nijnoarsk krige yn de twadde helte fan de 19de ieu in sterke stipe, meidat bilangrike skriuwers der op oergyngen. Sa Aasmund Vinje en Arne Garborg, dy't it Deensk en it Deenske Noarsk dêr't se by opbrocht binne sjitte litte om konsekwint yn har wurk it Nijnoarsk to broûen. Tige moaije útjeften fan dichtwurk fan Vinje (Dikt, 1960) en Garborg (Haugtussa og andre dikt, 1961) hat Reidar Djupedal wer foar soarge.
Yn 1885 bisleat it parlemint (Storting), dat de beide talen deselde rjochten hawwe soene; dêrtroch en troch in wet fan 1892 koe it Nijnoarsk yn 'e folksskoalle komme. Fan 1892-1900 namen 250 skoallen it Nijnoarsk as earste tael oan; it pleatslik skoalbistjûr koe dêrta bislute, neidat earst de âlden dêroer stimd hiene. Dat liket dus aerdich op 'e proseduere by de twatalige skoallen yn Fryslân. Yn 1949 gyngen 92.397 learlingen op legere skoallen mei it Nijnoarsk as fiertael tsjin 207.692 learlingen op skoallen mei Bokmål; yn 1951-'52 wiene de sifers resp. 95.278 en 225.360. Rûchwei sein wie de forhâlding Nijnoarsk : Bokmål dus 1: 2. Der kamen ek wol tobeksetters; doe't ik yn 1954 in skoft yn Noarwegen tahâldde, stiene der gauris meidielingen yn 'e kranten, dat skoallen fan Nijnoarsk wer op Bokmål oerstapt wiene of oerstappe woene. Binammen it forfarren nei stêdden of kriten mei Bokmål bitsjutte gâns forlies. Skard skat yn 1963, dat 1/5 fan alle Noarske skoallen Nijnoarsk as earste tael hawwe; dat is dus bilangryk minder as yn 1951-'52.
Ek op 'e kweekskoallen en middelbere skoallen foroare de taelsituaesje; by it ûnderwiis wurdt der op oanstjûrd, dat de learlingen beide talen skriftlik yn 'e macht krije.
Net allinne by it ûnderwiis, ek by de radio krige it Nijnoarsk tagong, op alle gebiet. Torvik skat de forhâlding Nijnoarsk: Bokmål foar it nijs op 1: 3, foar de preken ek op 1: 3. Dat is dus hwat ûngunstiger as by de folksskoalle. En ek hjir is op- en delgong. Yn Språkleg Rettferd wurdt útrekkene, dat yn 1959-'60 mar 15,9 persint fan alle radiopro- | |
| |
gramma's yn it Nijnoarsk jown waerden. Op itselde stuit wie mar 0,56 persint fan de tael by de televisy Nijnoarsk! Deensk en Sweedsk namen in folle greater plak yn, om fan Bokmål mar to swijen.
Mei de tsjerke waerd de ynfiering fan it Nijnoarsk in taeije sneed, mar Torvik dielt mei, dat fan de 1100 tsjerken 320 op it Nijnoarsk oergien binne foar it ritueel en dat hiel hwat dominys yn it Nijnoarsk preekje. Djupedal kaem yn dit forbân foar 1949 op plm. 0.5 miljoen minsken Nijnoarsk tsjin 2.6 miljoen minsken Bokmål. De folsleine oersetting fan de bibel kaem yn 1921 ta stân, yn 1925 folge fan in Nijnoarsk psalm- en gesangeboek, dat al gau yn sa'n 320 tsjerken brûkt waerd.
Nêst de literatuer is it toaniel fan greate ynfloed. It Noarsk Toaniel yn Oslo, dat in tige goede namme hat, spilet allinne Nijnoarske stikken, oarspronklike en oersette; L.H. Bouma hat dêroer skreaun yn De Tsjerne (jg. 17, 1962, 314).
De boeken binne noch altiten foar it greatste part yn Bokmål; alle deiblêdden binne ek yn Bokmål, al nimme se ek wol stikken yn it Nijnoarsk op - der binne wol pleatslike blêdden en in pear wykblêdden en tydskriften yn it Nijnoarsk. Ek yn 'e wittenskiplike literatuer hat it Nijnoarsk foarderingen makke, al is it dêr noch fier yn 'e minderheit.
Lykop mei de ynfiering fan it Nijnoarsk as haedtael yn gâns in ripe skoallen gyng de ynfiering yn de pleatslike amtlike administraesje; mei de sintrale ynstânsjes lei it hwat swierder, mar yn 1924 stelde de minister fan tsjerke en ûnderwiis yn in memorandum al, dat brieven skreaun yn it Nijnoarsk ek yn it Nijnoarsk biandere wurde moasten. It Ministeary fan Justysje liet de provinsiale en stêds-rieden sels de tael fan har korrespondinsje kieze. Djupedal joech foar 1950 op, dat 203 gemeenten mei 945.000 ynwenners (hwerfan 252.000 yn 'e stedden) foar Bokmål kieze, 290 gemeenten mei 683.000 ynwenners foar Nijnoarsk, wylst yn 250 gemeenten mei plm. 1.5 miljoen ynwenners it gebrûk fan beide talen tastien is. Fan de provinsjes (fylker) wiene yn 1950 2 foar Bokmål, 10 foar Nijnoarsk, 8 neutrael (mar yn 1954 wiene 4 provinsjes en 2 stêdden foar Bokmål).
De earste wet yn it Nijnoarsk waerd, nei gâns striid, yn 1894 ôfkundige, mar doe barde dat yn gâns in tiid ek net wer; yn 1946 wiene fan de 1000 útstellen en amindeminten yn it parlemint 146 yn it Nijnoarsk steld. Neffens Torvil brûkt in fyfte part fan de leden fan it Storting Nijnoarsk yn de diskusje; hwat yn it Nijnoarsk sein is wurdt ek sa notulearre.
| |
| |
De posysje fan it Nijnoarsk is swak yn 'e stêdden en yn it sakelibben, yn de kranten en yn wittenskiplike publikaesjes, frij swak yn radio en televisy.
Sûnt 1885 hat dus de Steat to krijen mei de ûntjowing fan de beide foar de wet lykbirjochtige talen. Troch parlemint en ministearje binne in hiele rige fan bisluten nommen dy't der allegearre op út binne de beide talen nei inoar to to bûgen yn 'e hope, dat it lâns dy wei slagje sil op 'en dûr ien tael to krijen. Dat de foroaringen yn stavering, foarmleare en wurdfoarrie foaral it Bokmål gouwen, leit foar de hân, omdat it Nijnoarsk basearre wie op it Aldnoarsk en de moderne dialekten. Dat by sokke foroaringen gauris de kar tusken twa foarmen iepen litten waerd kaem de ienheit fansels net to'n goede. En Bokmål hie nou ienris in sterke tradysje mei. In great biswier wiene ek de Dútske en Platdútske wurden en foarm-eleminten, dy't it Bokmål opnommen hie, mar dêr't it Nijnoarsk neat fan witte woe. Hja wolle wol ôf fan de dûbele skoalboeken, de dûbele wetsteksten en sirkulaires, de politike partijen wolle neffens harren programma's meastepart to op ien tael, dy't 'dan in mingsel fan Bokmål en Nijnoarsk wêze moat (Samnorsk = ienheitsnoarsk), gâns ûnderwiisminsken wolle dy kant ek wol út, mar der binne ek fûle foarstanners fan it Nijnoarsk sawol as fan it Bokmål.
It regear stjûrt dus oan op ien tael. Yn 1951 naem it Storting it bislút, dat it regear in permaninte taelkommisje ynstelle soe; dy kommisje Norsk Språknemnd waerd maert 1952 bineamd. It is in advysorgaen foar regear en folk. De leden binne professors, wurdboeklju, ûnderwiisminsken, skriuwers, journalisten, toanielspilers en dominys; allegearre lju dy't kennis en bigryp fan tael hawwe en de tael as medium tige brûke. Der binne likefolle leden fan de Nynorske as fan de Bokmålkant yn 'e kommisje opnommen; allegearre wurde hja ûndersteld meiwurkje to wollen ta in fusy fan de beide talen. De kommisje krige greate ynfloed op de skoalboeken en op de ienheit fan terminology yn de beide talen.
De ynstelling fan de kommisje waerd net troch eltsenien mei likefolle jubel bigroete. De skriuwersforiening fleach útinoar oer de frage oft de foriening meidwaen moast oan de kommisje, ja dan né; sa'n tritich fan de twa hûndert leden stiften nêst Den Norske Forfatterforening in Forfatterforeningen av 1952. Lang hiene de foarstanners fan Bokmål it inisiatyf en de propaganda oan 'e warbere striders foar it Nijnoarsk oerlitten, mar nou liken se klear wekker to wurden. Men hoecht de opstellen fan de skerpe en skerpsinnige Noarske
| |
| |
essayist Sigurd Hoel mar to lêzen (byg. Frihet eller tvang i sprogsaken? in foardracht dy't er hjerst 1952 hâldde) om to bigripen dat de lôge der doe útsloech. De âlden waerden oansprutsen en de Bokmål-kranten organisearren in hantekening-aksje, dy't gâns sukses hie.
Yntusken is it mooglik wurden, jin in oardiel to foarmjen oer it wurk en de bitsjutting fan dy kommisje, omdat koartby, by gelegenheit fan it tsienjierrich bistean fan de Språknemnd in boek útkommen is ûnder de titel Skriftspråk i utvikling. (It jierforslach oer 1963 fan de Språknemnd is ek al útkommen). It is in nijsgjirrich boek, net allinne omdat it in breed oersjoch jowt fan organisaesjefoarm en wurksumheden fan de Språknemnd (wy soene soks yn Fryslân ek hawwe moatte), mar ek omdat it dêrnêst in oersjoch jowt fan it oparbeidzjen tusken Denemarken, Noarwegen en Sweden op taelkundich gebiet en fan de wurksumheit fan soartgelikense kommisjes yn Finlân (foar it Sweedsk dêrre en foar it Finsk), Sweden, Denemarken en Iislân, wylst Reidar Djupedal in tige fundearre stúdzje bydraecht oer de ûntjowing fan de tael fan de Fär-Oer. Ek tael-probleemgebieten bûten Skandinavië komme yn opstellen oan 'e oarder: Joegoslavië (A. Gallis), België (A. Bolckmans), Fryslân (J.H. Brouwer), Ingelân (E. Sivertsen). It boek bislút mei in pear opstellen oer taelnoarmearring.
Faeks dat der yn oar forbân in gelegenheit komt om op dit boek hwat djipper yn to gean. Dêr soe dan yn bihelle wurde kinne in oare útjefte fan de neamde kommisje, dy't sahwat tagelyk forskynde ûnder de titel Nordisk språkspørsmal 1961 og 1962 (der bisteane ek Deenske en Sweedske edysjes fan) mei ynteressante bydragen oer de stavering fan frjemde geografyske nammen yn de Skandinavyske talen, oer de ynfloed fan Ingelsk en Amerikaensk dêrop en oer nije wurden yn it Deensk, Noarsk en Sweedsk. Hjir kin it mei it neamen fan de boeken ta.
| |
II. De publikaesje fan Skard
a. Amearika
In foar alle bilangstellenden yn de fraechstikken fan taelstriid nijsgjirrich boek is Målstrid og massekultur fan prof. Sigmund Skard (Oslo 1963). It bifettet skôgingen dy't foar alle taelstriid jilde, mar it giet wiidweidich yn op de Noarske taelsitewaesje fan hjoed-de-dei.
Skard is professor yn Amerikaenske literatuer yn Oslo. Hy is in opmerklik foarbyld fan forbounens mei eigen lân en
| |
| |
wrâldwide oriëntaesje. Lang hat er bûten Noarwegen wenne û.m. yn Amearika en yn hiel hwat lânnen hat er lêzingen hâlden. Hy is in alsidich man: man fan wittenskiplik ûndersiik, mar ek dichter, oersetter en essayist. Syn bilangstelling giet út nei alle tiden en nei alle literatueren. Doe't er koartby sechtich waerd joech er in boek út mei biografyen fan skriuwers en steatslju fan tsien folken. Hy arbeidet tige mei ta in better forstean fan de folken en pleite koartby noch foar greater oandacht fan de wittenskip foar Azië, Afrika en Súd-Amearika.
Alderminst dus in binypt man mei in smel eachweid, mar lykwols tige forboun mei de kultuer fan syn eigen lân, yn stúdzje en praktyk. Sels is er stêdsminske, mar gâns famylje fan him wennet op it plattelân en fan jongs ôf hat er it pleit fierd foar it Nijnoarsk.
Krekt dêrom is de boppeneamde publikaesje sa'n opmerklik gefal. It is gjin gewoan striidskrift, hy set de Noarske tael tsjin de eftergroun fan de algemiene kultuersituaesje fan ús tiid. Dêrom is syn wurk ek foar ús as Friezen fan bilang en leannet it him op 'e foet to folgjen. Hy hat mei sin syn boek de ûndertitel meijown Tanker til ettertanke; hy wol oproppe ta bisinning, ta in saekliker en réalistysker diskusje, krekt út e ûntjowing fan wrâld en kultuer yn ús tiid wei.
Hy bigjint mei de meidieling, dat it jierrenlange forbliuw yn Amearika foar him in opfrissing bitsjutte. Thús wie it faek wol hwat binypt en lyts; de Amerikaenske kultuer hie dêrfoaroer hwat iepens en greats. Foaral yn de twadde oarloch bisefte er hoefolle mienskipliks de Amerikaenske en Noarske idéalen hiene. Mar nei de oarloch kaem er njonkenlytsen oars foar Amearika oer to stean.
Yn fyftjin, tweintich jier is Amearika sa radikael foroare, dat men it âlde Amearika der hast net yn weromfine kin. De nije yndustrialisearre massamaetskippij brekt har dêr mei gewelt baen en nimt foarmen oan, yn in konsekwinsje en in formaet, dat mannichien der gjin wei mear mei wit. Alles wurdt kommersialisearre, mechanisearre, automatisearre, uniformearre. De bloedieren fan de nije maetskippij binne de greate autowegen. Lâns dy wegen streamt it folk nei de stêdden; mar 6 persint fan de bifolking wennet as eigenierde boer op it plattelân. De minsken arbeidzje yn 'e stêd, mar wenje yn foarstêdden (de sliepstêdden) en mei gauwens sille de kusten yn West en East gearhingjende villastroken wêze.
De middenstân wreidet en sûget de beide oare klassen op en wurdt sels opsûge troch in al mar gelikenser wurdende Amerikaenske sivilisaesje, ûnder ynfloed fan anonime mach- | |
| |
ten yn yndustry, hannel en reklame. Mar in pear greate stêdden hawwe mear as ien deiblêd, de kommersiéle radio en tv komme oeral; tydskriften en pockets, dy't yn greate oplagen forskine, de films, se jowe praktysk allegearre itselde en rjochtsje har nei de leechste kulturéle greatste-gemiene-dieler. It symboal fan dy maetskippij binne de greate warehûzen, dêr't yn massa's alles útstald wurdt hwat in minske yn in wolfeartsteat mar bigeare kin.
Dêr stiet fansels it nedige foaroer: elts hat tagong ta kennis en kultuer yn Amearika; men leaut yn ûnderwiis en foarljochting; de Amerikaenske wittenskip is machtich; der binne prachtige kunstsamlingen, in rige fan orkesten; goede grammofoanplaten en boeken binne der by de bult en net djûr; men wit fan offerjen; der is gâns selskrityk en men sjocht de gefaren fan it nivellearringsproses skoan.
Mar it skuort net út, hwat de trochslach jowt is de massakultuer fan Amearika en it feit, dat dy it foarbyld is foar de hiele wrâld, sels foar de kommunistyske lânnen en as de automatisearring trochset is dit ek noch mar in bigjin.
Skard wol de ‘goede âlde tiid’ alderminst forhearlikje; net ien soe dêr mear yn libje wolle. De technyske revolúsje is net to kearen en makket greate dingen mooglik: it útroegjen fan earmoed en sykte yn al greater part fan de wrâld; it ofbrekken fan klasseforskillen en it bringen fan sosiale rjochtfeardigens; de ynternasionale sprieding fan geastlike wearden; de mannichten, net allinne in tinne boppelaech, krije diel oan kultuer en komme inoar neijer oer de hiele wrâld; der komt in kâns foar freedsum gearlibjen fan 'e folken yn 'e takomst. Wichtige kanten fan it yntellektuéle en kunstnerslibben binne allinne to tinken yn it ramt fan de technyske kultuer, dy't ek ús persoanlik bistean biynfloedet.
Mar, der sit ek in great gefaer yn de nije libbensfoarm. Dat spilet nou al yn Amearika, skielk oer de hiele wrâld. De alles lykmeitsjende machten driigje alle forskil fan folk, alle nasionale, sosiale en suver minsklike forskillen op to romjen, faek mei it doel winst to meitsjen. Hwat der útkipt, hwat ôfwykt fan it standerttype kriget in swiere striid tsjin de enoarme unifoarm meitsjende druk. It kin safier komme, dat de technyske kultuerfoarm krekt dy wearden ôfsnijt, dêr't alle wrâld har diel oan hawwe koe.
Ek Noarwegen foarmet al gjin útsûndering mear. De ûnpersoanlike en boppe-nasionale machten geane dêr yn hege weagen oer hinne. It leit hwat ôfsidich en de nije tiid kaem dêr hwat letter, mar by kaem likegoed mei autoqueues en turbines
| |
| |
DR. SIGMUND SKARD (berne 1904)
heechlearaer yn literatuer, Oslo
| |
| |
TARJEI VESAAS (berne 1897)
roman- en toanielskriuwer
| |
| |
en de glâns fan blinkende doelmjittigens, mar ek mei it gefaer fan nivellearring en banalisearring. De yllustrearre blêdden, it geastesfoer foar gâns lêzers, hawwe gjin persoanlik of nasionael stimpel; fan 't selde is it mei de pockets, al is de tael dan noch foar in part Noarsk. De ljochtreklames oant yn lytse doarpen propagearje ynternasionale konserns en waren: Esso, BP, Ford, South State Cigarettes.
Yn dat ljocht, wol Skard hawwe, moat de Noarske kultuersitewaesje en ek it taelprobleem bisjoen wurde. De enoarme foroaringen fan hjoed binne net minder bilangryk as de ûndergong fan de antike wrâld en de trochbraek fan de Renaissance; net ien libbenssektor bliuwt der frij fan.
| |
b. Noarwegen foar 1945
Dochs is de kultuersitewaesje, tinkt him, net nij; nij binne allinne de foarmen, de diminsjes, it tempo. Altiten hawwe de Noaren in lyts en earm folk west yn in ôfhandige oarde; altiten hawwe se yn haedsaek de ûntfangende partij west, foar it materiéle mar likegoed foar it geastlike bistean. Mar yn'e bêste perioaden wiene de Noaren net suver reseptyf; hja forarbeiden en forfoarmen hwat hja oernamen en setten op it frjemde it stimpel fan eigen wêzen. Yn naesjes en persoanen sit in ivige spanning tusken it frjemde en it eigene, it persoanlike en it oernommene, as se alteast hwat hawwe om by to setten. Dy eigen skeppende wil dy't it frjemde omraent, is werom to finen yn 'e tsjerken, mar likegoed yn'e wrâldske boukunst, yn de skilderkunst, it houtsnijwurk, it weefwurk, yn ethyk en godstsjinst, yn it godstsjinstige en it heltedicht, yn forhael en folksliet. Ek yn 'e lette Midsieuwen, doe't de kultuerynfloeden fan bûtenôf sa sterk wiene; ek yn 'e oersettingen en yn de tael. Yn Konungs Skuggsja (de keningsspegel) fan de 13de ieu wurdt sein: ‘Lear alle talen en leafst Latyn en Frânsk, hwant dêr komt men it fierste mei, mar forjit lykwols dyn eigen tael net’.
It ‘nasionale’ dat sa ta stân kaem, wie gjin romantysk gefal en noch minder in saek fan lân- of rassemystyk; it is in natuerlik geargroeijen yn plak en tiid, sa't in yndividu geargroeit mei syn formidden en syn oantinkens. Dúdlik sjocht men it ûnderskie yn karakter tusken in Noarsk en in Deensk folksliet. De Deenske tiid bitsjutte in brek yn it patroan; der hat in tiid west, dat men de ynfloed dêrfan oerdreau, mar it is like oerdreaun dy hielendal wei to riddenearjen. By alle oer- | |
| |
ienkomst yn 'e Skandinavyske talen komt yn 'e forskillen in ûngelikense stylwil en temperamint ta utering; dy wjerspegelje har ek yn ûngelikense kultuerfoarmen. Tink der mar ris om hoe't guon Denen mar min kinne oer Noarske eigenheden fan it Bokmål en noch helte minder oer it Nijnoarsk. Yn 'e Deenske perioade fan 'e Noarske taelûntjowing waechst der hwat bryk, komt it ta kultuerforlies; forlykje mar mei de Skandinavyske buorlannen yn deselde tiid. De hegere kultuerdragende laech yn it Noarske folk rekke it forbân mei de eigen literaire tradysje kwyt; de libbene folkstael biynfloede de út Denemarken oanhelle skriuwtael mar in bytsje.
Dat forgreate de suver sosiale skiedingen. Der wie mar in bytsje adel yn Noarwegen, de Noarske boeren wiene frij. En lykwols waerd hjir de kultuer fan 'e boppelaech minder in fuortsetting fan de libbensfoarmen fan it folk as yn Denemarken en Sweden; it geastlike swiertepunt dêrfan lei bûten Noarwegen. It waerd nou helte mear as yn 't foarige in kwestje fan imitaesje, net fan assimilaesje; it jin oaneigenjen fan in frjemde tael en literaire tradysje ferge tofolle krêft.
Lang hat men der net rjocht weet fan hawn, dat it hjir in brek gou, dy't de groeikrêft fan it libben drige oan to taesten. Oan 'e ein fan de 18de ieu komt de trochbraek yn de polityk-sosiale revolúsjebiwegingen en tagelyk yn 'e kultu-reel-literaire romantyk, mei harren eask fan frije ûntjowing fan de minsklike persoanlikheit, polityk, sosiael, ekonomysk, kultureel en taelkundich, yn yndividu en naesje. Noch altiten geane de bilangrykste minsklike idéalen op dy tiid werom.
Yn it Noarske folk mei syn bysûndere histoaryske oanliz waerden de nije idéen ta in great polityk, sosiael en kultureel program, dat de takomst biskaette; frjemde idéen krigen fannijs in eigen Noarske foarm. Yn 1840, 1850 bigjint in nasionale Noarske renaissance, dy't de deroanfolgjende ieu bihearsket. Yn it ramt fan 'e politike frijdom komt it minmachtige en earme Noarske folk ta in ymponearjend geastlik ekspânsjeformogen. Yn skilderkunst en kunstniverheit, yn muzyk en literatuer, gebieten, dêr't de kultuer it djipst yn it folkslibben grypt, skoepen de Noaren hwat nijs en oarspronkliks. Frjemde ynfloed waerd wer forarbeide yn eigen tradysje; Noarwegen naem fan de wrâld, mar hie de wrâld ek hwat to bieden.
Dit koe û.m. omdat de frjemde ynfloed net stjelpich, mar stadich kaem; der wie genôch tiid om it mei it eigen Noarske gearrane to litten. Der wie ek inerlik forset tsjin de greate ynfloed fan bûten.
| |
| |
De osmose tusken it eigen Noarske en it Deensk-Noarske waerd opkeard, omdat dat Noarske erfdiel fan de brede folkslagen wie en gjin prestige hie. Hiel hwat Noaren wiene nasionael ûnwis en brûkten it Noarske Deensk om har sosiael fan it folk to ûnderskieden. It hat generaesjes fan foarljochting ferge en it hat noch meast de biwûndering fan it bûtenlân west, dy't makke dat Noaren yn 'e stêdden net langer de gek hiene mei Noarske boerekunst en folksmuzyk.
Ek hwa't net fan boere-komôf wie krige op 'en dûr bigryp foar de wearde fan de materiéle kultuer (four, yn, mar foaral nei de earste wrâldoarloch), út nasionael bitinken, en sa gyng it ek mei de tael, al wie dat in hiel hwat swierder opjefte. De ôfstân tusken Nijnoarsk en Bokmål wie moai great en Bokmål hinge tige nau gear mei de Deenske literaire tradysje. Sa'n hûndert jier lyn bistie de lektuer yn Noarwegen foar it greatste part ut 'e Deenske literatuer fan de gouden tiid, waerd op it Noarske toaniel allinne de Deenske útspraek as folslein sosiael oannimlik biskôge, Noarske eigenaerdichheden waerden útsouwe.
Net allinne, dat it Deensk in heech ûntwikkele literaire tradysje hie en bilangrike kunst- en stilistyske wearden fortsjinwurdige, ek yn it Noarske Deensk wie in greate literatuer skepen, dy't it gesicht fan it Noarske folk yn 'e wrâld bipaelde. Dit koe men net oan 'e kant skouwe. Mar dêrnêst hie de tael fan it greatste part fan it plattelân syn wearde en rjochten. Soe in gearranen fan beide talen wol mooglik weze?
De kwesje waerd net makliker, doe't de taelfrage in bilangryk elemint waerd yn 'e politike striid. ‘De tael fan it folk’ waerd programpunt foar it demokratyske front en de sosiale ôfstân makke de spanning great. De boppelaech bigriep foar it greatste part net, dat it Bokmål foar gâns Noaren in suver frjemde tael wie en hiene de gek mei it Landsmål; de opkomst dêrfan achten hja vulgarisearring. Mar polityk, sosiael en ekonomysk woun de ‘folkspartij’ de slach. Earst namen de boeren harren rjochten, ek kultureel; hja woene ta op ien Noarske folkskultuer. De tael moast de gewoane man helpe yn syn striid om it bistean en ynfiere ta in demokratyske maetskippij. In nijnoarske noarm waerd fêststeld en ynfierd yn 'e folksskoallen yn 'e nijnoarske gebieten. It Nijnoarsk die in skoat foarút en ek stêdfolk holp mei. En parallel dêroan gyng de fornoarsking fan de tradisionéle skriuwtael fierder. Yn beide talen, Bokmål en Nijnoarsk, waerd wurk fan bitsjutting skepen.
| |
| |
De opbloei paste yn in Jeropeeske kultuerbiweging, mar birestte dochs alderearst op in nasionale grounslach. Technysk en ekonomysk libbe Noarwegen noch yn 'e ûnskuldige tiid, de yndustrialisaesje wie amper bigoun. Sa tsjin 1900, yn 'e striid om it kearen fan 'e import fan frjemd kaptael, waerd it dúdlik, dat der in ynternasionale trochbraek drige, ek taelkundich-kultureel. Yn 1899 skreau Sophus Bugge: eltse stomboatfluite yn ús fjorden is ‘in segesang foar ús Riksmål’; hy hie net foar it forstân, dat dy stomboaten ek wolris de foarrinders fan in ynternasionale technyske sivilisaesje wêze koene, dy't de Noaren net mear baes oer eigen ûntjowing litte soe.
It forlet fan nasionael oparbeidzjen dreau it regear yn 1907 derta, it Nijnoarsk op gymnasia yn to fieren en mei de Deenske stavering to brekken. Moltke Moe kaem om 1905 hinne mei in great programma foar de Noarske taelûntjowing. Neffens him wiene de beide talen draechsters fan ûngelikense kultuertradysjes. ‘Beide ha hwat gelyk, ha gâns gelyk, mar net ien fan beiden hat hielendal gelyk’. De beide talen soene stikje foar bytsje ta ien tael wurde moatte, mei bihâld fan it erfskip fan beide streamingen, ta bate fan it hiele folk yn pleats fan foar lytse elitegroepen. It wie in soarte fan kultureel pluralisme, dat Moltke Moe foarstie; yn it demokratysk ramt moasten tael en kultuer fan 'e takomst sa mannichfâldich mooglik wêze. Soks soe allinne mar kinne by greate fordraechsumens oan wjerskanten. De staveringsregeling fan 1917 wie it earste greate resultaet.
Tusken de beide wrâldoarloggen kamen de arbeiders polityk en sosiael yn it plak fan de boeren, mar de idéen oer in Noarske takomstkultuer foar it hiele folk foroaren net. Ek hwat de tael oangiet waerden de idéen fan Moltke Moe trochset; de stavering fan 1938 wie der wer op rjochte de beide talen tichter byinoar to bringen ‘op grounslach fan de Noarske folkstael’. De foroaringen fan 1917 en 1938 wiene radikaler as dy fan 1907 en stuiten ek op greater tsjinstân; lykwols waerden dy fan 1938 mei in folle greater mearheit yn it parlemint oannommen as dy fan 1917. De wil ta oparbeidzjen waerd sterkeroan. En yn de tiid tusken de oarloggen waerd yn beide talen wurk fan bilang skepen. De twadde wrâldoarloch forsterke uteraerd tige it ienheitsfielen.
(tonei it lêste)
|
|