| |
| |
| |
Rainer Maria Rilke:
oersettingen fan Fedde Schurer
Oansizzing (Verkündigung)
(de wurden fan 'e ingel)
Dû bist net neijer dochs as wy
mar wûnderbaerlik binne dy
Sa rypje hannen by gjin frou
sa blank út mantels seam:
Ik bin de dage, ik bin de dauw’,
Ik bin ynein, it grypt my oan,
hwat Hy dêr op 'e goud'ne troan
my hiet - ik siz 't forkeard -
mar 't wie foar dy, oerwinnende,
ik draech it yn myn dream;
sjoch: ik bin it bigjinnende,
Ta fiere tocht, mei great gerûs
haw ik myn wjokken spraet,
trochweage is nou dyn ierdske hûs
fan dit myn himelsk klaed.
Dochs sjochst mar skraech myn heech komôf
ik wit, ik bin in twjirre yn 't hôf,
Ek in gels kinn' har eangsten ha
noch nea wienen ús langsten sa,
Faeks bart dy ring in wûnder wol
to heech foar ús bigryp -
wês groete, fan Gods graesje fol
dû groeiste yn réëns ryp.
Dû bist in greate, liege doar
| |
| |
dy't iep'net nei de wrâld.
Mar amper haw ik dyn gehoar
myn wurden geane yn dy toloar
Sa ha 'k dy de forfolling brocht
fan mannich djippe dream.
'k Stiich op, forbline fan Gods ljocht -
| |
De panter (Der panther)
Hy is fan 't almar trêdzjen foar de spilen
wol sa ynein, dat er it sjen forleart;
oft tûzen spilen foar syn eagen dwilen
en efter tûzen spilen fierders neat.
De sêfte feargong fan syn sterke lidden
dy't yn de alderlytste rounte giet
is as in douns fan krêften om in midden
dêr't in forhoalen, greate wil yn stiet.
Soms skout it wite flues fan 'e pupillen
lûdleas fansiden, en in byld krijt fet,
rint troch de lea, dy't, strak en spand, bistillen -
en wurdt ûnmerkber earne wei, yn 't hert.
| |
| |
| |
De dea fan 'e dichter (Der tod des dichters)
Dêr lei er. Syn totoansteld oantlit, skier,
mei tsjinsin yn dit steile kjessen setten,
noudat de wrâld, de greiden en de fearten,
fan al syn sinnen bûtensletten,
weromfoelen oan 't ûnbitrutsen jier.
Dy't him sa dwaende seagen, wisten net
hoe ien syn wêzen wie mei al dy dingen;
dy bosken en dy delten en dy klingen
en dizze marren wienen syn portret.
Syn wêzen wie de wrâld, de greate, wide,
dy't nei him ta wol en dy't by him heart -
en dit syn masker, dat nou bang forstjert,
is tear en iepen as de binneside
fan in meloen, dy't oan 'e loft bidjert.
| |
| |
| |
Ut bernejierren (Aus einer kindheit)
It tsjuster wie in rykdom net to neamen
dêr't jouns de lytse jonge yn weikrupt wie.
As mem dan troch de doar kaem, as yn dreamen,
tinkele 't glês, dat yn 'e hoekspyn stie.
Hja fielde sels har kommen as forried,
en streake sêft de lytse man oer 't hier.
Dan seagen beide skruten nei 't klavier,
hwant mannich joun wist hja in seldsum liet,
dat djip troch dizze bernesiele gong.
Hy siet hiel stil. Syn wide stoarjen hong
mar oan har hân, mei ringen swier biladen,
dy't taestend, as yn sniedúnpaden
dan oer de wite toetsen gong.
| |
| |
| |
Earnstich stuit (Ernste stunde)
Hwa't nou skriemt earnehwer yn 'e wrâld
redeleas skriemt yn 'e wrâld
Hwa't nou laitsje moat earne yn 'e nacht
redeleas laitsje yn 'e nacht
Hwa't nou giet earnehwer yn 'e wrâld
redeleas giet yn 'e wrâld
Hwa't nou stjert earnehwer yn 'e wrâld
redeleas stjert yn 'e wrâld
| |
De leste huzen (Die letzten hütten)
De lêste hûzen. Hjir en dêr in klint
en nije bousels, dy't as frjemde dingen
bisykje út it stêdsgewoel to kringen
en witte wolle hwer't it fjild bigjint.
De maitiid krijt hjir nea syn rjochte skot
de simmer moat efter dy skedden kjirmje
de kersebeammen en de bern fortsjirmje -
inkeld de hjerst hat dêr ik wit net hwat
hwat mylds en wilds: men fielt de dei forgean
en sjocht, wylst yn it lân de dieren rêste
in ienlike âlde skeper by de lêste
lantearnepeal forlern to drôgjen stean.
| |
| |
| |
'T is in slot (Ist ein schloss)
't Is in slot. It formdôgjende
Beamkrunen waechse as bôgjende
Yn it stadich forsinkende
Finster forriisde in blinkende
Blom yn oandwaenlik blau.
Né, gjin skriemende frou -
Yn dizze broaz'l jende bou.
|
|