Giet de sydkeammerkedoar dêr wer?
‘Jo kenne se noch net! Se slipen de wapens, doe't ik hjir hinne fleach. Toe, der moat tiid woun wurde. Se binne troch alles hinne. It wurdt in moardpartij.’
‘Minske’, - altyd dat ‘minske’, - ‘gean nou rêstich sitten!’ Hy drukt har op in stoel del. Krekt as altyd hwannear't er mei syn sterke knûsten oan har komt, forlammet it har. Mar it mei net. Wybren soe deagean as er opsletten waerd yn 't tichthús.
‘Bidarje dochs, mins, ik doch de doarren wol op 't slot, as se der oan komme. Mar Jo bylde Jo mar hwat yn.’
‘Se rame de doarren yn! Oars binne se sa goed as bôlle, mar as se troch 't mâlle hinne binne, steane se nearne foar.’
‘Kom, kom, gekheit allegearre. Hwat haw ik har dan dien?’
Hy bigoun tsjin har to praten as tsjin in bern. - Hwa soe him holpen hawwe om syn snor to biknippen? - Né, nou der by bliuwe mei de holle: ‘Fansels, it is om hwat Jo tsjin Tine sein ha. Dat is de hiele streek oer.’
‘Hwat ha jim jonges mei Tine to meitsjen?’ Wol twa meter foar him út triuwt syn krêft har tobek.
‘Hwat bidoele Jo nou winliken, mins?’
‘Nou, hwat Jo sein ha fan it koe wol mei ien bêd ta.’
‘Hjir moat ik mear fan witte.’ Hy draeit him om en rint nei de gong. Tagelyk heart hja manljuslûden op 'e dyk. Hja fljocht him efternei, yn 'e gong krijt hja him by de jas:
‘Dêr komme se oan! Annema, siz tsjin har, dat ik mei Jo trouwe sil!’ Ear't er antwurd jaen kin, wurdt de doar fan it keammerke, dy't altyd hâldt, mei gewelt iepenskuord. En dêr stiet Tine, driigjend en yn postuer: ‘Hwat sizze Jo dêr, Teatske?’ Annema winkt ôf, Teatske sjocht dat syn finger fluch tsjin 'e foarholle tikket. De moed sakket út har wei, hja kin oars neat bistammerje as:
‘Hwat dogge Jo hjir, Tine?’
‘Hwat soe ik hjir dwaen? Hwat dogge Jo nuver.’
‘Binne Jo hjir dan noch húshâldster?’
‘Witte Jo dan fan neat?’
‘Hoe bidoele Jo?’
‘Wy steane dochs ûnder 'e geboadens!’
‘Ne, dat wist ik net.’
Tabe Annema sjit hastich yn 'e forklaeijersjekker, de jekker fan de freedsroken, dêr't er altyd yn thúskaem mei it lytse freedsslokje op, en dan praette er fan ‘âlde!’
Mar nou seit er biret: ‘Jo moatte nei hûs. Net wer fytse. Wy soene dochs nei de buorren, de fyts komt moarn wol.’ Mei-