De Tsjerne. Jaargang 20
(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 84]
| |
Fedde Schurer:
| |
[pagina 85]
| |
en koartoan folge troch daverjende tongerslaggen, moasten wy yn 'e hûs, wylst fierôf yn it sudeasten in brân oplôge. ‘Dat is op 'e Langelille of op 'e Koaisleat’, stelde Jan Wind fêst, en hy hie meastal gelyk. Wylst elk yn syn eigen hûs gong, wikselen de manlju noch in koart petear: ‘Der is gjin forsinding’, ‘de buijen wurkje tsjinelkoar yn’, ‘de wyn is nochal heech’ - oarakelspreuken dy't ik net bigriep, mar as in soarte liturgij ûndergong. As wy wer ûnder de lampe sieten, skeukend fan slûgens, krige Heit de bibel en lies psalm 29, de tongerpsalm, of psalm 91, oer de feiligens yn it skûlplak fan de Alderheechste. Under it lêzen bilune de tonger ta in guodlik grommeljen, al fierder en fierder ôf, wylst in sêft tikkeljen fan druppen tsjin 'e ruten oanwoechs ta in sterk en oanhâldend gerûs. Dan wie it tiid dat Mem sei: ‘It ûntaerdet yn reinwetter’, en Heit: ‘Mar pas op, dêr kinne noch wol rare slaggen út komme’. As ik lang om let, wer by Tsjip yn it ûnderbêd kroep, koe ik noch krekt bitinke hoe't ik moarn op skoalle fortelle soe hwat wy allegear bilibbe hiene, foardat de sliep my oermânsk waerd. It libben leit yn kringen om ús hinne, hat Piter Jelles sein, mar dy kringen lizze faek nuver yn- en trochelkoar, binammen foar in bern, dy't de taest op it bitreklike noch net hat en alles folslein en ôfroune bilibbet. De húshâlding, de skoalle, de tsjerke, it hat allegearre syn eigen bining en ienzens, mar it is net meielkoar yn it lyk to bringen. Altyd moast men ré wêze it iene formidden foar it oare to forrieden, om sels net forret to wurden. Ien fan myn skriklikste ûnderfinings haw ik trochmakke yn 'e twadde klas by master Bergsma. Ik hie al fjouwerkear de finger opstutsen, mar it slagge my net gehoar to krijen, en ik koe net langer wachtsje. Doe fielde ik ynienen in waerme stream troch myn klean rinnen, tagelyk seach ik in puozze ûnder 'e bank stean. Myn skrik hie noch gjin tiid hawn om yn skamte oer to gean, doe't de klasse fan in stil wurkjende mienskip foroare yn in tsjotterjende kloft. Hiel yn 'e fierte hearde ik master Bergsma sizzen: ‘Jonkje, freegje dan ..’, mar deunby pylken tweintich skerpe fingers nei my, en ik hearde fan alle kanten: ‘Broekjepisser, broekjepisser -’ Nea haw ik letter wer sa field hwat it is om útstaet to wêzen, nea wer stielen wredens yn minske-eagen lêzen as doe yn de eagen fan dy lytse minsken, dy't as duvels op my ynflammen. | |
[pagina 86]
| |
Allinne dy yndruk haw ik ûntholden. Hoe't dat fierder ôfroun en oprêdden is, dat is allegear út myn oantinken weifage.
Mei it learen op 'e kristlike skoalle oan 'e Langestreek, dêr't A.B.H. Funcke (Alexander Berthold Hendrik bitsjutten dy foarletters, wisten wy mei earbied), in freonlik man mei in griis puntburdtsje, haed wie, haw ik gjin lijen hawn dat makke, al lei yn 'e sechte klasse de algebra my wol swier op 'e mage. Myn greatste sin wie by tael en skiednis, mar ik wit jit hoe't it my yn'e fjirde klasse noch al hwat spul joech om de heitelânske en de bibelske skiednis útelkoar to hâlden. Net allinne dat ik úteinsette mei de bibelske forhalen yn 'e omkriten to lokalisearjen (sa wist ik sûnder twivel dat it bûtendyks lân dat wy Murkemerlantsje neamden, it ‘land Gosen’ wêze moast), mar ek haw ik in tiidlang omtize mei de foarstelling, dat de bibelske skiednis einliks in hillige omskriuwing fan de heitelânske histoarje wie. De stamme fan Juda wie dan Hollân, wylst de oare provinsjes de tsien stammen útmakken. Miskien dat in ûnbirette útlitting fan ien fan de ûnderwizers oer ‘it Israël fan it westen’ der skuld oan hawn hat, mar it hat noch al hwat duorre ear't ik hjir hwat mear klearrichheit oer krige. En wy wiene doe noch net sa float yn it freegjen as de bern fan tsjintwurdich, omdat der safolle saken wiene dêr't men net nei freegje en net op ynfreegje mocht. De minsken dêr't men tusken libbe hiene allegearre stille weten meielkoar, dêr't net oer praet waerd, en sa taestte men yn 'e geheimen om. It geheim fan God, dêr't hja wol hwat, mar net it neiste fan seinen; it geheim fan 'e herkomst fan 'e lytse poppen, dêr't hja har mei in koartswilichheit ôf makken, it geheim fan 'e dea, dat earne yn 'e swarte modder fordwoun. Sa, mei leafde omjown, mar yn wêzen bûten it hoe en hwat holden, rekket men op jinsels. En ik kin my hiel goed yntinke dat Rilke skreau oer ‘der Schule lange, bange Zeit’. In bern hat it bigryp ‘gekheit’ noch net leard op to fetsjen sa't de greaten dat dogge. As ús mem tsjin my sei: ‘Mûle iepen, eagen ticht’, dan die ik dat sûnder mear, hwant de ûnderfining hie my leard dat der dan hwat goeds yn 'e mûle kaem. Yn 'e oanrekking mei oaren kriget dat bline bitrouwen wolris in knoei, ek sûnder dat dy oaren nou krekt forkearden hoege to wêzen. De fytsmakker yn 'e Skâns dy't my in yllustrearre priis- | |
[pagina 87]
| |
krante joech en sei dat ik mar in fyts útsykje moast, miende dat as in grap. Fjouwer wiken lang bin ik (ik wie doe sawn jier) mei klopjend hert syn winkel yngien om to freegjen oft de fyts der al wie. Op it lêst joech er my in izeren hoep, en doe wist ik dat er my forret hie. Dat gefoel fan forret to wêzen hie ik nammers net allinne by greate minsken. Ek by bern. Us heit wie skûtmakkersfeint by de bruorren De Boer, op 'e houthelling (der wie ek in izerhelling) en doe barde it ris in kear dat in skûtsje op 'e Tsjûkemar to sink rekke. De skipper mei syn frou en in jonkje fan myn jierren, tsien faeks, stipten sahwat forlern op 'e helling om, en heit sei: gean mar mei it jonkje nei myn frou ta. Dat om healwei fiven de middeis doe't ik út skoalle kaem, mette ik harren dêr. Mem hat my blykber it gefal noch al hwat gefoelich forteld, en it wie foar my alteast tige opwinend dat wy earme skipbreklingen húsfesten. It jonkje hiet Jasper, en ik moast mar moai mei him boartsje tocht mem. Nou liket soks fansels altyd moaijer en makliker as it is. Ik socht út myn boartersguod hwat aparts út, in doaze mei seisentweintich papierrene keardeltsjes, dy't elk in letter fan it a-b-c op it liif droegen; mei in bytsje bûgen fan 'e skonken koene hja stean en dan yn 'e rigele omkûgele wurde. Jasper seach it gefal noch al út de hichte oan, en die ienkear mei. Doe striek er my oer it hier, sei: ‘Kliem der mar moai mei om, hear’ en gong njonken syn mem sitten mei de fuotten op 'e stoelspeake. It moat wer hwat letter west ha, hwant ik siet yn 'e sechte klasse, doe't wy op skoalle in forhael lêzen hiene út de jongestiid fan Michiel de Ruyter, dy't yn 'e Vlissinger dunen mei syn maten geuzen en spanjoalen boarte hie Ik libbe der djip yn mei, en wie der fuort foar to finen om it spul nei to spyljen. Wy hienen wol gjin dunen, mar koene it wol oan 'e sédyk fortoane. Dêr't de eastdaem en de dyk heaks byelkoar kamen, leine altyd greate bergen fan séwier, dat dêr sa troch 'en dei oanspielde. Soms lei der ek wolris in deade brúnfisk tusken to forgean, en sadwaende hiet it hjir de Stjonkhoeke. Wy praetten ôf dat wy mei in man of tsien dêr de oare moarns om acht ûre wêze soene om dan de ploegen to fordielen en de oanfierders to bineamen. Ik fielde my optild, dat wy hjir nou ek ris hwat dwaen soene dat boppe it gewoane weikrûperke en krijboartsjen útkaem. Ik hie noch al hwat wurk om mem to oertsjûgjen dat ik al sa ier de doar út moast, mar rêdde it dochs, al moast ik rinne om op tiid to wêzen. It wie in | |
[pagina 88]
| |
kâlde, dizige moarn. Ik haw der in healûre omheukere, mei myn stok yn it séwier dold en tusken'e stiennen in pear stikelpenningen fongen. Healwei njoggenen bin ik nei skoalle gien. Gjinien like mear oan de ôfspraek tocht to hawwen. En ik haw net fornimme litten dat ik der wol oan tocht hie en op tiid west hie. De smaed haw ik allinne forarbeide. Yn boekjes lêst men dan wolris dat bern oer sok ding by heit of mem harren need kleije en mei in goed treastwurd yn it lyk brocht wurde. Ik leau net dat ien bern dat dwaen sil. Dizze skamte en skande praet men mei gjin minske oer. Ik haw as bern gâns lêzen; dat hearde der by ús thús sa by. Efterôf wit ik net oft it wol goed is foar in bern om folle to lêzen. In oare wrâld kringt him yn it plak fan de taestbere en bisteande. In wrâld, of fan de djipste illinde ‘een uitgeteerde gedaante op een schamel bos stro in de hoek van een armoedig zolderkamertje’ of ‘de kinderkamer’, ‘vaders rijtuig’, ‘samen een paar heerlijke weekjes naar het strand’, allegearre biskriuwings dy't net útkamen mei ús eigen bihuzing, dy't bistie ut in ienkeamerswenning mei gonkje, souder en kelderke. Net dat ik my dêrtroch ea ûnlokkich of forûngelike field ha, mar wol hat it my bisterke yn it gefoel der docks einliks net by to hearren. Dêrom lies ik ek graech boeken oer oarloch, dêr't heltedom in birikberheit wie en elk wûnder binnen de mooglikheden foel. Myn greate réens om to fjochtsjen as dat sa útkaem wie leau ik ek net to forklearjen út forbittering of hate, mar folle mear út driúw nei it aventûr, it sykjen fan de kânsen om eat wier to meitsjen fan it romantyske wrâldbyld dat ik mysels boud hie. Mar yn de gewoane romantyk fan it jongeslibben, draekfleane, knikkerje, tipelje, skipkesile haw ik nea in master west. De taestbere wrâld kaem net út mei myn lektuer, mar ek en binammen net mei myn bigryp oer God en de meiminsken. De frommens en de ôfhinklikens fan God, dy't ik fan heit en mem mear as in geastlik klimaet en minder as in biskriuwber systeem bilibbe, krige op skoalle, op 'e knapeforiening en op it fragelearen in grypber ramt. Ik learde dêr to witten hoe't it ynelkoar siet, en hoe't der in djippe streek dwers tusken minsken en minsken roun. De jonges dêr't ik mei boarte op 'e helling, gongen nei de iepenbiere skoalle; ús bêste buorlju, de dikke, goedaerdige buorfrou Lammichje, dy't fan God noch gebot wiste, de trouwe en helprée buorman Jan Wind, dy't sels in greate | |
[pagina 89]
| |
soasialist wie, hoe koe ik harren plak jaen? As de Hear Jezus werom komme soe op 'e wolken, op ien fan dy platte, leadkleurige wolken dy't út sé wei oer de dyk skouwen kamen, dan soene hja forstaet wurde yn'e ivige tsjusternis, en wy soene de Heare tomjitte gean yn 'e loft. Koe men, by sa'n foarûtsicht mar meielkoar omgean krekt as wie der neat to rêdden? Fierders wiene dêr noch de roomsken, dy't de heechste toer fan 'e Lemmer, mei in rinnende klok deryn, op har tsjerke hiene, mar dy't my neat wiis hoegden to meitsjen; har misse wie in forflokte ôfgoaderij, en hja woene neat leaver as ús wer op'e brânsteapel bringe. En lykwols smakke it plakje woarst dat ik wolris fan 'e roomske slachter Wiersma krige my bêst en wie Wiersma in freonlik man. Mei de herfoarmen wie it net sa oersichtlik. Hja wiene by ús op skoalle, mar der moast mei harren tsjerke it ien of oar net doge, dat wie dúdlik. Hja holden snein op goedfreed en songen gesangen, en letter waerd ik wiis dat hja de lju fan ôfskieding en doleânsje net sa aerdich bihannele hiene. Doe't ik in kear by it krystfeest yn 'e herfoarme tsjerke wêze mochte, hie ik it gefoel yn in heidenske timpel to wêzen, en it slimste wie dat hja dêr ús psalmen sjonge doarsten. En dochs moast men yn it gewoane libben mar dwaen krekt oft dizze skriklike ûnderskiedingen net bistiene. Fan politike ûnderskiedingen wist ik doe noch net, dêr waerd thús ek net oer praet, al lei it foar de hân dat de soasialisten oproer meitsje woene, en de boel meielkoar parte. Ik wist allinne dat mem dêrfan sei: ‘De bazen litte har it heft noait út hannen nimme’. En op skoalle, yn 'e sechte klasse, hiene wy soms in hwat aparte skriuwles. Dan krigen wy, ynsté fan ús skriften, in stik of fjouwer, fiif heale bledtsjes, dêr't wy op skriuwe moasten: ‘Kiesvereeniging Vrijheid en Recht. Vergadering op Woensdag 8 uur in de consistoriekamer. Komt allen’. En dy bledtsjes moasten wy dan nei skoaltiid toplak bringe. Foar my wie dat altyd in wichtich barren, omdat ik de namme Vrijheid en Recht op ien of oare wize yn forbân tochte mei de Boere-oarloch, sa't ik dy koe út de boeken fan L. Penning. En fierders krige ik dochs yn dizze bitize wrâld it fielen krekt op it goede plak tolânne kommen to wêzen lâns in hwat grillige kronkelstreek, dy't roun fan Claudius Civilis oer Bonifatius, Floris V en Filips fan Bourgondië, oer Luther | |
[pagina 90]
| |
en Willem fan Oranje, de Geuzen en de Prinsgezinden, nei it biskutte domein fan it grifformearde libben, in eilân yn in greate sé, dêr't rounom de brânning tsjin briek, mar dêr't it feilich wie en goed, omdat de godsillichheit de bilofte hie foar dit en it takommende libben. Dy godsillichheit bistie, njonken de mystike forwachting dy't libbe efter Heite bidden en bibellêzen en it meielkoar sjongen fan 'e Sankeylieten yn skimerjoun, as it noch to ier wie om de lampe al op, út it mijen fan de wrâld en har bigearlikheden. Dat bitsjutte: net merkehâlde, net kaertspylje, net dounsje, net nei de komeedzje en noch folle mear net. Dat hong allegearre gear mei it ‘ús âlde natûr deameitsje’ in thema, dêr't de ûnbistriden autoariteit fan dominy De Geus hwat ûnoantaestbers fan wist to bouwen. Foar de measten fan myn maten wie der altyd noch wol in middenwei to finen tusken in strange théory en in tolerante praktyk, mar ik moat sizze dat ik dit allegearre tige earnstich en swier naem. As God it guozzebriefkjen forbea, omdat it boartsjen mei de foarsjennichheit wie, nou, dan guozzebriefke ik net. Mar altyd gong de rjochtstreke hearrigens net op. Dêr wie b.g. it flokken. Hwat wie flokken, dat wie net iens sa maklik út to meitsjen. Heit woe net iens lije dat wy ‘werachtich’ seine, omdat hjiryn in godlike eigenskip útdrukt waerd; der wie mar ien werachtich. En de tsjinwurp fan ús Tsjip, dat der ek mar ien goed wie en dat wy dat dan ek net mear sizze mochten, die my sear ynsté fan my oan to sprekken. Op skoalle lykwols wisten hja der hwat op. ‘Pot mei blommen’, ‘blaksum’, ‘Harre Jakkes’ en sels ‘Jassus Krastus’ wiene gjin flokken en kamen dus yn ús idioom torjochte. Ik bin der altyd foar werom huvere, al naem ik de oare foarmen út dyselde rountetael, kop, kont, poaten, klauwen, frette en sûpe, skite en mige mei graechte oer, al soe der my thús net in sprút fan ûntkomme. Myn foarkar yn'e lektuer gong yn dizze snuorje binammen út nei bikearingsforhalen fan de Ingeiske skriuwster Fanny Eden. Mysels ien tinkend mei Philip Bright, koe ik wol gûle om de ôfstân dy't my fan dizze godsillige jonge skaette. Tomear omdat ik de wei wiste, en dus mei dûbele slaggen fortsjinne slein to wurden. Yn dy frije sektor, fier fan God en syn ingels, koe ek allinne de útwei lizze foar it ûntweitsjend geslachtsgefoel. Somlike jonges diene ‘fiis’ mei famkes; ik soe dat, ek al | |
[pagina 91]
| |
doarst ik, nea kinne. Hwant famkes wiene neffens myn literatuer reine en skrutene jonkfrouwen, dy't men oan 'e ein fan it boek in earbiedige pea op 'e foarholle joech. De jonges fan 'e boerestreek lykwols ljochten as bitûfte réalisten ús yn oer de forhâlding fan man en frou, learden ús de wurden dy't dêrby hearden en ûnderrjochten ús yn 'e technyk fan 'e selsbifrediging. Dat gong boartsjenderwize, en men ûnderfoun it earst as in ûndogenske grap, dêr't greate minsken nea hwat fan hoegden to witten. Dy greate minsken sels, mei it fraechstik ek mar amper op 'e hichte, praetten nea oer sok ding, mûskoppen der soms ûnder elkoar oer of diene it yn ien sike ôf as smearlapperij. Sa gong dat dan, oant men ynienen by de katechismus foar it sawnde gebod kaem to stean, dat folle mear blykte yn to hâlden as it forbrekken fan in houlik. Men mocht oan dingen dy't forbân holden mei dizze fielings ek net tinke, en de katechismus hie der it skriklike en ûnfortaelbere wurd ‘onkuisheid’ foar. Dieden, gebearten, wurden, tinzen en al hwat de minske der op bringe koe, wie fan God forflokt. Hwat haw ik my, nei elke delfal op dit gebiet, illindich en forwurpen field. Hwat haw ik my, by elk haechlik gefoel of spontane ereksje, forgriemd fan wanhoop en birou. Mei de jonges koe ik der net oer prate, hwant hja soene my útlaitsje. Mei heit of mem net, hwant hja libben yn 'e stilswijende ûnderstelling dat sokke dingen net bistiene of net hearden to bistean, en sa'n code kin men net forbrekke. En mei de dominy alhielendal net. Dêr soe men trouwens nearne mei oer prate. Dy learde ús hwat to ús sillichheit nedich wie en dêrmei út. Allinne it gebet fan in forwurpene bleau oer. Letter, ja folle letter, haw ik bigrepen dat elkenien dizze dingen op syn eigen wize trochmakket en de bêste oplossing siket. Mar hwerom moast dy iensumens sa grousum wêze? Nou kin ik út de hichte wei prate oer puritanisme en victoriaenske fizens. Mar in bern hat gjin formules to syn foldwaen. Ik moast de sédyk útswalkje en prate mei de sémukken dy't boppe it Lemster Hop har kreauwende dûkflechten makken. Of ik wykte út yn boeken oer de Spaenske tiid, oer de Eastynjeske kompanjy of oer it libben fan 'e Waldinzen. Jongesboeken en Yndianeliteratuer wiene my to berneftich, doe al. Sa kaem de ein fan myn skoaltiid; mei tolve jier koe men der ôf, en dan lei it foar de hân dat men in hantwurk learde. Ik hie oer dy deunbije takomst einliks nea | |
[pagina 92]
| |
tocht. Hwat ik wurde soe, dat wiksele mei de boeken dy't ik it lêst lêzen hie; boskwachter, of sékaptein, of biropssoldaet, of dokter, mar dat hie allegearre neat to meitsjen mei de wurklikheit fan it húske oan 'e sédyk, dêr't myn beide susters der al út wiene, de iene by omke Petrus en muoike Nanke yn Ermelo, om yn 'e forpleging oplaet to wurden, de oare yn in tsjinst, en myn broer as pikjonge op 'e izerhelling. En doe't der bisletten waerd dat ik mar by it timmerjen soe, naem ik dat as fansels oan. Us Wim, dy't fan Heit de jefte urven hie foar in float rym, makke in gedicht foar my dat ik by it ôfskie foar master Funcke opsizze moast. It eine mei de rigels:
Dat meester Funcke lang mag leven
tot heil der christelijke school
en meesters lessen na te volgen
zij steeds der leerlingen parool.
Dat wie in ûnminsklike opdracht. Hoewol de knappe technyk weardearjend, stie ik net efter de tekst, dy't my to servyl wie, ek al koe ik dat wurd fansels net. Ik koe der ek net foarwei, hwant der soe thús frege wurde ‘hwat sei master’, ien fan dy fragen dêr't ek nea in bifredigjend andert op jown is. En it kaem al út sa't ik eange: it rêstige stuit en it rêstige plak wiene der ek net, hwant by it útgean fan 'e skoalle dangelen der noch in pear bern troch it lokael en master bleau ûnforduldich mei ien foet op 'e bank stean, doe't ik mei in lûd, dik fan opkommende illindetriennen, myn rigels der út wrong. Ien fan de neibleaune bern, in fanke dat ik altyd forachte hie om har slûnzich uterlik en har dommens, hat my noch dagenlang op strjitte lûd neihúnd: ‘... Gekke Fedde... dat meester Funcke nog lang mag leven...’ Dat wie om troch de groun to gean. |
|