De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 81] [p. 81] [Nummer 3] Sjoerd Spanninga: Kwatrinen Alwer in nij kompleks ik wit it sûnder mis sjoch my dat fearjen fan dy fuotten ris en op hwat sex en rhythme komt dochs alles oan ja - 't hat hwat yn eardat de geast folwoeksen is... Nou tref ik him dan dochs al hat it der om spand hy klaeit him foar in sultan net sa elegant mar stel ìk hie de gunst ris fan syn favorite dan hong 't gewisse my ek oan 'e romme kant. Hy teach om utens en gjin mins dy 't wist nou sûpt er mei de bargen waei en bjist dat wurdt er wekker nei de sûndefal faeks hat net ien yn 't paradys him mist. De duvel lêst jo fierstofolle toverboeken? hy wit jou stelten noch as angelstôk to brûken? slykslakje dan mar fierder mei de kloet oars fisket er jou deugden ek noch út 'e fûken. Hat him de siel forlern jown oan de sinnen it hert dat bliuwt almeasten blyn fan binnen mar wurdt it heil jin berne yn 'e dream men sjocht de minsken wer as beammen rinnen. [pagina 82] [p. 82] De beammen De beammen stappe roungear de buorren op en del de kjeld sit har noch stiif yn 'e lea nei 't wintertij hja steane soms to hânbûtsen sa snijt de skrouske wyn har troch it liif dat de treurwylch rint hast mei de noas op 'e groun sa lit er de moedfearren hingje oft it ea noch maeije wurde sil mar likegoed bûtendoar fansels âld strampel dat er is. [pagina 83] [p. 83] De Nachten Wer dûkt de nacht djipsilend yn de séen wer is in dei foarby mei syn misère hwant sjocht it libben del op syn troféen it wit har meast yllúzjes as wy stjerre sa jowt men jin soms wurch nei sliepen mar lûkt de ûnrest ús op al har tochten der stjit in sterker liet wer yn jin iepen - aenst dôvet wol de dea de lêste ljochten... Taheakke Ta kommentaer is elts biret de paris soir en de gazet mar tinkt de ien nou ha 'k it ret dan lêst in oar sa is it net... Fers Wurdt men forhearlike of húnd it is al ienderlei hwer't it bigearlike fordwynt lit it hwat núnders nei. Vorige Volgende