fragen. De omset oan Fryske boeken dy't troch KFFB-hannen geane is trije kear sa great as dy fan de boekhannel.
By de jury dy't ynkommen hânskriften hie to hifkjen en bistie út Sch. de Boer, J. Dotinga en G. van der Woude, stie diskear op it boppeste buordtsje in roman fan P. Akkerman oer de ûntfolking fan it plattelân, deselde skriuwer dus dy't tritich jier forlyn de leverânsier wie fan de earste KFFB-útjefte mei it forhael As de bern great wurde. In twadde bikroaning krige fan 't jier mefrou G. Spaanderman-Wielinga, dy't op 'e lappen kaem mei in roman titele It loeder fan Clancarty. In titel dy't by my daliks oantinkens losmakke oan MacCarty, mar dat sil him oan my lizze.
By it lêzen fan dy titel haw ik - al wie it om in oare reden - dochs efkes de foarholle yn tearen lutsen. ‘It loeder fan...’. Meitsje de wadmanniaensk-kommersiéle romantitels fan de lêste jierren nóú al furore? En dat by de KFFB?
Sa net, de moade om sokke mei gâns affekt laden skelwurden yn boeketitels to bimjoksjen iepenet oars wol swide perspektiven. En fuort útlotte is de romanskriuwer ek net, hwant ús ‘âld bargoensk’ kin him fan datoangeande in rike risping leverje.
Men sjocht se al yn 'e útstallings fan ús boekwinkels lizzen, romans mei bylkjende en daliks ynslaende titels as: De pûdsekken, It ljidske fan Ljippenwâld, De moard op Murk Mokses, Gjin lins foar lúsangels, Ik Jan Kreauwer, De loebes fan Lolckama-State, Dy klier fan in klaeiboer. It is mar in idé, dizze foarbylden, mar miskien kinne takomstige romanprodusinten der hwat mei en wy wolle it wol skikke mei de auteursrjochten. By mooglike útwreiding op eigen houtsje fan dizze rige moat lykwols bitocht wurde, dat oars ek wol hânsume ynvektiven lyk as skarlún, sâltsek, fekke en slet as komponint fan titeloantsjuttingen al earder troch skriuwers bikaeid binne.
Neffens in forslach yn de Friese Koerier fan de KFFB-jubileumgearkomste moat mr. K. de Vries dy't de feestrede hâldde, ornearre hawwe: ‘foar Smearlappen en Labbekakken is by ús gjin pleats (hy sil moai grif ‘plak’ bidoeld en ek sein hawwe!). Op himsels is dit foar de 12000 KFFB-leden, dêr't ûnderskreaune ek ta biheart, gjin forrassend nijs. In wadman-pocketsje yn 'e KFFB-rige? It soe beare as skuorde klokken en alle Algra's soene yn 'e klokstouwen fleane. Mar as men de teneur fan dizze útspraek hifket, komt dochs de fraech by jin op: gjin plak foar smearlappen of labbekakken, goed, mar wól foar loeders?
D.A. TAMMINGA