oersetter mar komselden it omtinken, dat er fortsjinnet. Sá frjemd is dat nou ek wer net; ommers, lêzers binne fan bitinken, dat foar oersetten gjin talint, gjin kunstnerskip nedich is. Fansels, dy't der mei to set giet, moat de frjemde tael út 'e pin kenne, mar dat is syn fak, dat dat mei men fan him easkje. Mar de saek hat mear kanten en is hjir net mei ôfdien. Der wurdt nammentlik mear easke as inkeld fakmanskip. De oersetter moat net allinnich yn 'e frjemde, mar ek yn 'e eigen tael trochkrûpt wêze, en mear as dat: hy moat net inkeld syn tael brûke, mar ek tael skeppe. Hoe faken ommers bart it net, dat er yn syn eigen gjin ekwivalint ken foar in wurd of bigryp út 'e frjemde tael. Hieltiten wer komt it der op oan, oft syn geast, syn fantasij in útwei fynt, nou ris troch oan in bisteand wurd in justjes oare bitsjutting ta to foegjen, dan wer troch in nij wurd of nije omskriuwing to foarmjen. Ek moat de oersetter him ynlibje kinne yn it wurk, dat foar him leit. Hy hoecht it net mear to meitsjen, mar hy moat wol bisykje it syn folle gerak to jaen. By slimmer wurk, binammen poëzij, sil er him ornaris allinnich weagje oan hwat in geastessibbe skreaun hat. Dan kin it wêze, dat er him sa yn it wurk ynlibbet en sa krekt oanfielt, hwat de kearn der fan is, hwat it to bringen hat, dat syn oersetting better wurdt as it origineel.
Dizze meditaesjes spoeken my troch de holle, doe't ik de moardskiednis Jiskepûster en de dea fan Ann Mari Falk lêzen hie - in skriuwster, dy't yn har heitelân, Sweden, al namme hat -, forfryske troch prof. J.H. Brouwer en mefrou A.J. Brouwer-Prakke. Lit ús daelks fêststelle, dat hjir gjin praet wêze kin fan in kunstwurkje, dat troch geastessibben ûntdutsen en forfryske is. It giet hjir om in crime-story en dat soarte heart troch de bank net by de hegere kunst thús. Dochs is Jiskepûster en de dea wol hwat mear as in sljochtweihinne detektive. De Sweedske skriuwster hat it motyf út it Dútske mearke helle, mar dan yn krekt omkearde foarm. Yn dit gefal is it famke, dat troch it op 'e nij trouwen fan har heit der twa suskes by kriget, net de dimmene, sêfte, ûnskuldige Jiskepûster. Efter it kreaze antlit skûlet in fyn-ynleine, oergunstige geast, dy't syn fenyn tomûk bringt. It famke kin der net oerhinne komme, dat hja de leafde fan har heit nou mei al har nije susters en mem diele moat. Hoe't dit allegearre ôfrint, hat de skriuwster libben biskreaun en mei rjocht en reden mei men hjir fan in net-alledeiske detektive prate, om't har tekening fan 'e karakters en fan 'e omjowing, foar in part Stockholm, foar it oare in eilân foar de kust dêrre goed en bytiden treflik neamd wurde kin.
Mar hoe dan ek, de prakkesaesjes oer oersetten kamen net, om't dit boek sa bûtenwenstich is. Earder om't de oersetting bûtenwenstich is. Hwant it moat net maklik west hawwe, dizze tige nuansearre tael goed wer to jaen, nuansearre yn dy sin, dat de Sweedske skriuwster foar bigripen as byg. rinne en sizze tsientallen fariaesjes hat. De oersetters hawwe har dêr ek krekt oan hâlden, mar dat is fan dy gefolgen dat it idioom, binammen foar in detektive, wol ris hwat âldfrinzich útfalt. Dit is in net gongber genre yn it Frysk en der moasten dus nije faktermen skepen wurde. Dat harren dat goed slagge is en teffens dat hja warbere wurkers, dy't foar fordivendaesje wolris hwat oars lêze wolle, hjirmei in kâns jowe, binne wol de wichtichste fortsjinsten, dy't Jiskepûster en de dea hat.
G.A. PIEBENGA