De Tsjerne. Jaargang 20
(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 28]
| |
Jan Tj. Piebenga:
| |
[pagina 29]
| |
Twatalich yn syn produksje soe de dichter syn libben lang bliuwe, mar dat wie Dykstra ek, en hwa winliken net? Sels Harmen Sytstra skreau syn Fryske spraekleare yn it Hollânsk en dat soene nei him G. Colmjon (1863) en Ph. van Blom (1889) ek dwaen. De praktyske publikaesje-mooglikheden, doe noch binaude lyts, koene it stribjen nei ientaligens yn de rjochting fan it Frysk al min bifoarderje. Wie Dirk Bouma Nieuwenhuis, hoewol yn Holwert berne, fan hûs út wol Fryskpratend? Op 14 septimber 1814 wied er dêr towrâldkommen, soan fan de doe 33-jierrige Epeus Ruitinga Nieuwenhuis, griffier by it Fredegerjocht fan it kantoar Holwert, en fan Pytsje Bouma; de fan fan de mem waerd al gau foar dy fan syn heit set. De soan folge de heit yn it amtlik bistean; konneksjes sille wol de oarsaek west hawwe, dat er yn 1830 as aspirantklerk op de Provinsiale Griffy yn Ljouwert oansteld waerd. Foroaring fan wurkfjild hat er net socht of net foun. Hy bliuwt op de Griffy oan de dei fan syn dea, 9 maert 1873, ta. Hy nimt de iene nei de oare trime fan de klassike ljedder: 1832 klerk 2de klasse; 1834 klerk 1e klasse; 1840 adj. kommys 2de klasse; 1851 adj. kommys 1e klasse; 1852 kommys; 1858 kommys-chef 1e ôfdieling. Neffens syn literair wurk moat er lykwols alles oars as in toarre en stive boekhâlder west hawwe, mar binne it net binammen boekhâlders dy't har libbenstiid tramtearre wurde fan it sa minsklike dualisme? Jong troud is Dirk Bouma Nieuwenhuis ek al net. Hy boasket oan Hilligje van Dam, in Ljouwerter fanke dat hast alve jier jonger is as hy; by har kriget er yn de jierren 1850-'63 fiif bern, dêr't ek in Pytsje en in Epeus by binne. Rom sil it net omkommen wêze, hwant wy hearre fan pleechbern, mar ek fan kostgongers. De forneamdste kostgonger hat wol dokter Eeltsje Halbertsma west. Dy moast ûnder fortretlike omstannichheden út Grou wei en dat wylst er mei de dea yn de skuon roun. Hy kaem by Dirk Bouma Nieuwenhuis, dy't doe op it Fliet wenne, yn 'e hûs, mar trof it dêr net. Japik Hepkema lit ús efkes troch de finsters sjen: ‘Alleen als hij (E.H.) stond en aan zich zelven overgelaten als hij was, trof hij het met zijn inwoning op het Vliet niet gelukkig. Hij vond er geen harmonie, maar gedurig krakeel tussen den heer des huizes (een man van geest, toevallig ook een schrijver en allicht de naaste aanleiding, dat hij er kamers vond) en diens ega, dus geen “tehuis”, in den waren zin van 't woord, waaraan hij zozeer behoefte had.’ (Dr. Eeltje Halbertsma, II, s. 22, s.j.). Dr. G. Dykstra wit yn syn dissertaesje fan dy bysûnderheden net ôf; neffens him giet dokter-om mids april 1857 nei Ljouwert: ‘Foar- | |
[pagina 30]
| |
oan op it Fliet hat er in keamer hierd, by in man fan 'e Griffy, Bouwman Nieuwenhuis.’ Ut it fierdere hwat dr. Dykstra skriuwt, moat men lykwols opmeitsje dat dokter Eeltsje gau forhuze is, hwant in wykmannich letter wennet er by in pear âlde minsken. (Dr. G. Dykstra, Dr. Eeltsje Halbertsma, 1946, s. 82-83). ‘Een man van geest’, dêr giet neat fan ôf. Tiede Dykstra hat net de minste Ljouwerter jongkeardels ta Fryske skriuwerij ynspirearre. Der siet yn al dy jongemannen hwat ultra-liberaels, hwat fan in révolusionaire, yn alle gefallen rebelske geast. Hja meije troch de romantyske streaming meifierd wêze, hja steane nea, lyk as safolle romantici, yn de konservative hoeke. Ek D.B. Nieuwenhuis wurdt waerm by it sjen fan fordrukte únskuld, hy hat in ôfgriis fan brânsteapel en moardskavot, by biwûnderet harren dy't forhevene plannen bitinke to heil fan de greate broerskip fan alle minsken. Yn in wiid rikkende proazaforbylding De Avondster (Ljouwert, 1856, 24 siden), dy't er sels ‘eene historische fantaisie’ neamde, hat er grif gâns fan syn idéën en sympathyën dellein. It stik is goed en faek meinimmend skreaun en elk dy't witte wol út hokfoar geastlike wrâld it Oera Linda Bok ûntstien is, kin hjir to gast en to kost gean. Yn greate halen tekenet er libbensgong en lot fan de Friezen en omdat de jounstjerre it forhael docht, leit der suver hwat fan in metafysyske distânsje yn. ‘De zucht tot vrijheid en onafhankelijkheid, waardoor het Friesche volk werd bezield, was een magtige vonk, die in zijn binnenste nooit werd uitgedoofd, en hoezeer het onfeilbaar bukken moest voor den onwederstaanbaren invloed der beschaving, voor welke het wereldgebied is weggelegd, en edeler gezindheden en begrippen daardoor te voorschijn traden uit de ruwe schors, die zijn karakter bedekte, bleef toch die zucht tot vrije zelfstandigheid het altijd bij, om welligt niet eerder te verdwijnen dan met den laatsten ademtogt van den laatsten zijner stamgenooten.’ De figuer en de striid fan kening Radboud hawwe dúdlik syn leafde. Dat kin net daliks en folút sein wurde fan it kristendom, de nije godstsjinstleare: ‘Moest zij hem (Radboud) niet verdacht wezen, niet alleen door den ruwen ijver, waarmede men haar aankondigde, maar vooral ook dáárom, dat hare verspreiding met zooveel aandrang werd voorgestaan juist door den vijand, dien men het meest moest duchten?’ De húsrieme forklearring fan de ûndergong fan it âlde Starum sit him ek dwers: ‘Bekrompen waanwijsheid heeft in dien ondergang eene straf gezien van het verontwaardigd Opperwezen,..., zij schreef het gebeurde toe aan de gramschap van den alwijzen Bestuurder des heelals, alsof deze, Zijne heilige daden rege- | |
[pagina 31]
| |
lende naar de dweepzieke inzigten zijner feilende menschenkinderen, duizenden voor den misslag eener enkele zou willen doen lijden!’ Dat is fansels net sa; oan de himel mei neat taskreaun wurde, ‘wat eenvoudig uit de omwentelingen der natuur en uit de misslagen harer kinderen ontsproten was.’ Fan D.B.N. syn hân moat ek wêze de ‘eenigzins vrije vertaling’ dy't yn 1856 yn Ljouwert útkommen is: ‘De Stedingers. Een volkstafereel uit de Middeneeuwen. Naar het Hoogduitsch van B. von Guseck’, stiet op it omslach; it titelblêd hat it oer ‘een volksroman’ en de koarte ynlieding oer in ‘schets’. De oersetter lit syn namme wei, faeks wol omdat er gjin lêst hawwe wol. Hy heart offisieel wol by de Great-tsjerke, mar syn anti-klerikale ynstelling kin er nea forbergje. De lotgefallen fan de Stedinger Friezen gyngen de sibbe freonen Dykstra en Nieuwenhuis tige oan it hert en hja mienden dêr by har folksgenoaten ek in iepen each foar to finen: de boaijem wie der nei de aprilbiweging fan 1853 ryp foar. Soe der net ris útsocht wurde kinne hwa fan de selskipsmannen út de bigjintiid frijmitseler west hawwe? Yn alle gefallen, Nieuwenhuis fordigenet de oersetting en de útjefte fan dit boek fan 220 siden, dat ien lange forhearliking fan de Stedingers is, mei klam fan wurden: ‘'t Was een volk, dat zich kenmerkte door eene warme liefde voor betamelijke onafhankelijkheid en zelfstandig bestaan, - eigenschappen, die het, van het tegenwoordig standpunt der menschheid beschouwd, boven zijne tijdgenoten deden uitblinken, maar die tevens, bij den geest der middeneeuwen, vooral in het kerkelijke, zijnen ondergang onfeilbaar moesten medebrengen.’ De oersetting wol it oantinken wekker hâlde oan ‘het ongelukkig volk, dat te veel edele hoedanigheden bezat, om het, na zijn verdwijnen van het tooneel der wereld, niet nu en dan te gedenken met de belangstelling die het verdiende!’ Dat is dan ek wol slagge; fuortoan waerd de namme fan de Stedingers by de Fryske striders mei earbied útsprutsen. (Sjoch myn Omgong en Trochtocht, s. 90-94). De nammen fan de twa freonen Dykstra en Nieuwenhuis binne ek oan dy fan de Deenske skriuwer H.C. Andersen forboun. Oft de C.J.N. Nieuwenhuis, dy't as earste fortaler fan Andersen yn it Hollânsk sûnt 1838 nei foaren komt, famylje fan D.B.N. west hat, wit ik net; wol kin it min hielendal tafallich west hawwe, dat de oersetting fan En Digters Bazar yn 1866 yn Gorinchem by J. Nieuwenhuis yn it ljocht kaem. Der hie ommers yn Fryslân nei alle gedachten ek wol in útjower foar to finen west; al yn 1857 wie Van Druten & Bleeker yn Snits mei de Andersen-oersetting Te zijn of niet te zijn? kom- | |
[pagina 32]
| |
men en Suringar yn Ljouwert mei in oaren-ien, Hoe H.C. Andersen zijn leven vertelt. Hoe't dat wêze mei, Bazar eens dichters; door H.C. Andersen. Vertaald door T.R. Dijkstra en D. Bouma Nieuwenhuis', forskynt fjouwer jier nei de dea fan de earste oersetter yn Gorkum, yn twa dielen, 324 en 212 siden. It docht út it wurd foarôf fan D.B.N. bliken, dat Tiede Dykstra mei de oersetting út it Deensk bigoun wie, mar dy by syn dea noch net foar de helt ôf hie. De famylje hie it neilitten hânskrift yn hannen fan D.B.N. jown en dy achte it ‘een pligt der vriendschap, die vertaling voort te zetten en de bedoeling des vereerden overledenen daardoor te helpen verwezenlijken.’ Lykwols, Nieuwenhuis bihearske it Deensk net en dêrom moast er foar it fierdere wurk in goede en fan Dykstra faek priizge Dútske oersetting to baet nimme. It gehiel moast ek noch bihoffene wurde en dat hat er mei trouwe soarch dien. Dat Dykstra him heech lein hat, fornimt men wol út syn wurd foarôf: ‘Voor de vele vrienden van den waardigen Dijkstra, die zoo ruim zijn aandeel aan de vertaling had, zij het werk voorts een aandenken aan den man, wiens gemis zij nog zoo vaak betreuren, en wien deze bewerking vooral eene geliefkoosde bezigheid was, na uren van afgetrokken studie en werkzaamheid.’ It boek sels is Andersen op en út, al is it dan it forslach fan in greate reis nei it Heine Easten, via Wenen, Grikelân en Turkije. Andersen mocht graech reizgje, krige dêr ek hieltyd wer jild foar en wie ynternasionael wol sa forneamd, dat er rounom as in foreare gast ynhelle waerd. Europa kaem troch de stomboaten en de treinen iepen to lizzen en de reisboeken, foaral dy fan romantysk oanleine toeristen lyk as Andersen, rekken yn de moade. De Oriënt-reis, dêr't Bazar eens dichters fan fortelt, waerd simmer 1841 bieinige, mar de oersetting gou neffens D.B.N. yn 1866 net in forâldere wurk: it giet ommers binammen om de dichterlike wearde, net om de krektens en aktuélens fan de géografyske en histoaryske feitenGa naar voetnoot1). Dirk Bouma Nieuwenhuis is net allinne proazaïst en oersetter, hy is binammen dichter. Foar him is de dichter net alderearst sjonger, mar boadskipper, pleiter, tsjûger. Under de skûl- | |
[pagina 33]
| |
namme Theodoor jowt er yn 1860 Eene Teregtstelling út, in wurkje fan in pearhûndert rigels, in produkt fan in fakman dy't de wurden wol fine kin en oer in flotte fersifikaesje biskikt. Hy skilderet de blide, ûntweitsjende natuer en de stêd mei al har drok biweech, mar de blydskip slacht dochs op de flecht, hwant der wachtet in skriklik skouspul:
‘Daar eischt de stem der wet een leven,
't Gehoonde regt ten zoen gegeven;
Daar wijst zij straks een mensch ter dood.’
Wylst de dichter de man folget, dy't ta de dea foroardiele is, freget er allegearre dy't oan 'e kant steane, hwer't hja it oan to tankjen hawwe, dat hja net fallen binne. Hat dy man gjin freonen, gjin goede âlden, gjin leave mem hawn? Sjoch, de stoet is toplak; de misdiediger slacht
‘Met schrillen blik, de lichtschuwe oogen
Op 't straftuig, dat hem dreigend wacht.
Geen hope meer, - zij is vervlogen;
Geen toevlugt, dan bij God, den Hoogen,
In 's levens ondoordringbren nacht...’
De forjilding giet troch, it misdriuw kriget syn lean en alle minsken mije strak dat farske grêef. Mar moatte wy gjin meilijen bitoane, steane wy yn de striid fan it libben dan sa sterk, is it ús net oplein de swakke by to stean en to dragen, meije wy net leauwe, dat der ek foar de torjochtstelde in plak yn it Heitehûs rémakke is?
‘Of zoudt gij hem die plaats betwisten,
Gij, die uw' naasten doemt, als hij
Op and're wijs gelooft dan gij,
En toch een mensch u noemt... en christen?
De liefde oordeelt nimmermeer.
Waar ze ook haar ijver voelt ontbranden,
Geen wraakzwaard stelt ze in menschen handen;
“Mij is de wrake!” spreekt de Heer.’
It thema leit D.B.N. dúdlik swier op it hert, hwant fjouwer jier letter komt er der, nou ûnder eigen namme, yn De Doodstraf, in ferswurk fan tweintich kear tolf rigels, op werom. Wer stiet er by in ‘verworpen graf des dooden’ en in ‘laatst verblijf der schande’, wer komt er ûnder de yndruk fan de greate mienskip, dêr't de dea alle minsken yn forieniget. De kweadwaner ‘die zich een nare, schrikb're groeve gedolven | |
[pagina 34]
| |
zag door 't zwaard der wet’ hat nou ek rêst, mar freeslik waerd dy rêst woun. Wier is it, rjocht moat der wêze, oars hiene wy gjin feilichheit:
‘Doch roekloos menschenbloed te storten -
U-zelv' ter zoenende offerand’ -
Een wezen uit de rij te stooten
Der scheps'len van ééns Scheppers hand, -
Waartoe die wreedheid?’
Forjilding, wraek, each om each en tosk om tosk, it binne bigripen út âlde, rouwe tiden dêr't wy ôfstân fan dwaen moatte. Us tiid moat de straf sykje yn de frijheitsûntnimming, yn de finzenis. Hat al dy strangens yn it forline ea in better maetskippij oplevere? En dan, hwa jowt de minskheit rjocht, libben en dea yn de skealjens to smiten? Alle minske-oardiel is feilber en hoe faek soene der net ûnskuldigen foroardiele wêze? Hwat soe der, o rjochtsjende minske, oan wylde wraeksucht wekker wurde moatte yn it bern fan de torjochtstelde dat ‘met lot en leven, met u en met zijn' Schepper twist’? Dat bern wurdt it slachtoffer, wurdt ek it forkearde paed opjage. Né, ‘de wijde en diepe kloof van 't kwade wordt door geen stroom van bloed ogevuld.’ Gjin forjilding, mar forbettering, gjin wredens, mar genêzing. It spoek fan de bloedwraek sil fordwine, in nije, ljochte moarn brekt oan ‘en 't juichend aardrijk wordt beschenen door 't licht der reine menschlijkheid.’ Soe it helpfeardige Nederlân, dat alle ûnrjocht bistriidt en de slavernij ôfskaft, nou ek net mei de deastraf brekke moatte? Blide takomst:
‘Voorwaar! de zaligheid is groot,
Een' broeder uit zijn' val te beuren;
Een leven aan 't verderf te ontscheuren;
Een ziel te redden van den dood!’
Lyk as alle Fryske skriuwers fan syn generaesje wie D.B.N. in bern fan de ieu fan de forljochting. Hy polemisearret oanhâldend, iepentlik of mear bidutsen, mei de lju fan de nachtskoalle; hy is der wis fan dat de yn syn eagen farizeeske orthodoxy har tiid hawn hat. Ornaris lang fan stof en somstiden in master yn it redenrike, meditative leardicht, hat er dochs ienkear syn libbensbilidenis yn koart bistek dellein yn Oan * * * (Swanneblommen, 1852, s. 43-44), in poëtyske konfessy fan in liberael yn sawn koupletten fan fjouwer rigels: | |
[pagina 35]
| |
Lokkich! dat oer 't frij gewisse
Minskestim gjin rjochtspraek het;
Lokkich, dat dêr de Almacht oardielt
En de wrâldske miening net!
Bern binn' w' allen fan ien Leafde,
Dy ús graech tomjitte komt.
Hwer dy leafde net foroardielt,
Skande oer hwa syn broer fordomt!
Al is by twatalich, Frysk skriuwer meid er yn de jierren 1848-1860 dochs wol hjitte en dan is er grif net ien fan de minsten. Hy hat oan it selskipstydskrift Iduna bydroegen (û.o. inkelde goede Hebel-oersettingen), mar it bêste wurk sit dochs wol yn it jierboekje Swanneblommen, yn njoggen fan de earste alf jiergongen. Hy bigjint mei proaza. Moarn to jond (1850, 32-43) is wer sa'n eigenaerdige histoaryske forbylding yn episoden, dêr't ek de Stedingers yn nei foaren helle wurde. Wurk fan in bigjinner, mar net fan ien sûnder taelkrêft en visy. Yn Oan da mar (1851, 57-74) docht dat ek bliken; de natuerskildering giet hast fansels oer yn in bisykjen om it forline as yn in fisioen op to roppen. ‘De dampbylden, dy sa oer 't wetter driuwe, en eltse eachwink nije foarmen oannimme, hja sprekke in forburgen stomme tael mei him (de Dichter) oer forliden tiden; hja binne foar him mear as idele forskynsels, dy net iens in ôfprintsel efterlitte fan bar bistean, en swijend oprize om allike swijend to fordwinen; hja slagge foar him de heilige blêdden der skiednis iepen, en, as seach hy mei de eagen fan in geast, sa giet, yn 'tjinge se him fortoane, dat forlidene krêftich en helder foar syn forbylding hinne.’ Yn syn dichtwurk slacht D.B.N. swierder en earnstiger toanen oan as wy út de tydwurkjes en jierboekjes fan de jierren fyftich wend binne; hy is gjin man foar De Fryske Húsfrieun fan Waling Dykstra. Hy nimt it net licht, by is gjin koartswylforkeaper, by wrakselet foaral mei it fraechstik fan de dea. Earste tsjerkhôfsnacht (1853, 33-37) stiet dêr yn sa'n hûndert rigels by stil, gefoelich mar weardich, twifelich sûnder fortwifeling:
O! rin dû fierder, iere deade,
Op 't paed nei 't lokkich heitelân.
Hwer ‘st’ wêze meist, en hwat ‘st’ er biste,
Rinst jimmer oan dyn Heite hân. -
Of sliepst mûlk, nou ‘st’ foar tiid en ierde,
Foar freon en migen bist' forstoarn, -
God sil op tiid syn Inglen stjûre,
En, as hja roppe, dan is 't moarn.
| |
[pagina 36]
| |
Yn Mimerjen (1854, 31-37, fyftsjin koupletten fan tsien rigels) treft jin datselde freegjen en sykjen, datselde djippe bisef fan forgonklikheit en ivichheit, dyselde hoop by alle minsklike ûnmacht. Breed en mannelik lit er syn fersrigels rinne:
Fan 't tsjerkhôf wiist dy wei nei boppe. -
Sweefst dêr fan stjer op stjerren oer,
Wyl't wrâlden oan dyn fuotten driuwe
En sinnen glânzgje yn sinnefjûr, -
Dan silst fan heger wysdom leare, -
Hwat hjir dyn stjerlik ear net heare,
Dyn lyts forstân net wite mocht, -
Hwerom des Iv'gen hân allinne
Troch stof en ûnfolkomm'nis hinne
Dyn geast de himel neijer brocht.
Ek yn De Stjerren (1855, 74-79, fyftsjin koupletten fan acht rigels) is it wer it gefoel foar distânsje, foar de kleau tusken it bitreklike en it folsleine, foar de numineuze godserfaring binammen, dy't hjir hast op klassike wize lûd en stal kriget:
Ast' ienris frij, fan sterflikheit
Noch macht fan 't stof wjerhâlden,
De Molkwel lâns, oer stjerren rinst,
Yn 't ivich ryk der wrâlden;
Dan, as - yn al syn einleasheit
Ien inkle, greate krite -
't Hielal nin grins mear foar dy het,
Silst mear, silst alles wite.
Yn Oan in bern (1857, s. 25-30, njoggentjin koupletten fan acht rigels) liket de dichter hwat minder swier oan it libben to tillen, mar dat is mar skyn. Hy is lokkich mei de lokkige lytse, mar hy wit tagelyk fan ûnwaer, tsjustere dagen, sûndeskuld en sielesmert, fan hellelijen en it spoeksel út de ôfgroun. It is in earlik en in ryk fers, dêr't D.B.N. grif folle fan himsels yn utere hat. Al wer op it tsjerkhôf is er yn De âlde toer (1859, s. 56-60), dêr't er de brede strofefoarm yn de steek lit en in hwat direkter sizzen neistribbet. It is syn bêst ferswurk lang net en it kin net helje by By in deade (1860, s. 57-63, 21 koupletten fan acht rigels), dat wer fan bigjin ta ein echte Nieuwenhuis-poëzij is, sawol neffens foarm as neffens ynhâld. Mar forsin ik my as ik der mear stoyske en minder pinige lûden yn hear? | |
[pagina 37]
| |
En hwerom ek de hân to freezjen,
Dy de tsjustre poarte ûntslút?
't Is nin ûnk, de wet fan 't stjerren;
Altyd bringt se in trêd foarút.
't Stof der ieuwen samlet d'ierde,
Mar nin geast het s' earne boun;
As 't fordjer syn went tosloopte,
Hie hy 'n oare wente al foun.
Gjin ûnk, gjin klachten, mar in filosofyske birêsting, in fêst witten fan de oerwinning fan de siel:
Neam' me 't stjerren, sliepen, rêsten,
Oergong, wiksel, lêste nead, -
Fuortgong is 't - forhearlikt libben.
Yn Gods skepping is nin dead.
Der is noch wol it ien en oar, û.o. histoarjefersen, mar de Fryske produksje fan Dirk Bouma Nieuwenhuis falt dochs maklik oer to sjen. Wie de skeppingsperioade hwat koart omdat de thematyk hwat biheind wie, mei oare wurden, hied er him om 1860 hinne al útskreaun? Hied er faeks mei it weifallen fan syn freon Tiede Dykstra ek de ûnmisbere oantruner en bisieler forlern? Hat er him mei syn dreech en earnstich wurk yn de Fryske skriuwerij, dy't nei de dea fan Sytstra en Dykstra kaem, net mear thúsfield? Koed er net oer de erflike iensumheit fan de Fryske skriuwer, it tokoart oan wjerlûd? Hy is nei syn dea al gau forgetten en de neiteam ken syn namme en wurk net mearGa naar voetnoot1). Dochs moat er ien fan de nijsgjirrichste figueren út it Fryslân fan 1850-1870 west hawwe. En dochs hat er inkele fan de dreechste en bêste Fryske fersen út de njoggentjinde ieu skreaun. |
|