| |
| |
| |
Tiny Mulder:
De soldaet mei it huodtsje op
‘Hwat sjochstou pears, soldaet,’ tsjottere it famke. ‘De wrâld is ommers blau!’ Se lei tige de klam op is, hwant bern binne wisser fan har feiten as greaten. Alwer ien fan dy bern, dêr't men rounom tsjin oanrint, of leaver, dy't tsjin jin oanrinne. Der lykje miljoenen fan to wêzen en se biwarje noait distânsje. Se smite mei wurden oft it snieballen binne en male der net om hwa't se reitsje; wól aerdich, sa to hearren, mar hielendal noflik fiele folwoeksenen har der net ûnder, hwant je witte noait krekt, hoe't dy bern sok sizzen of roppen bidoele; spotsk miskien? Guon minsken kinne net oer dat kriuweleftich biweech en gepraet fan bern mei earmkes en stimkes as spinreach, tin mar taei, en binammen net as dy minsken nerveus binne. En de soldaet wie nerveus. Dêrom sei de soldaet mei it huodtsje op, neutrael biswarrend: ‘Ja, bern, dat komt derfan.’ Hy fandele al syn goedmoedige, noch mar amper útrinnende greatminskegefoelens foar bern byelkoar en forfette bilearend: ‘De wrâld is trouwens net blau, mar fan glês. Krekt wosken en ôfnommen mei it seemlear. Dou kinst der dwers trochhinne sjen. Sjochst wol?’ Hy wiisde nei it lange en smelle dal foar harren, dat in strjitte wie mei bergen fan huzen foar reuzen oan wjerskanten en mûzehúskes oan de ein fan de wrâld. Yn de fierste fierte stiene in pear neakene heksebeammen op 'e krún fan de ierde en it bern seach it allegearre en knikte omt se de soldaet bigriep of omt se aerdich wêze woe.
‘Goeoeoeije, soldaeaeaet!’ helle se út, kearde har om en draefde de skeante del. Underweis kearde se har nochris om, gychele in striel wille by de helling op en rôp mei beide hannen om de mûle: ‘Soldaet! Dou hast in hiel gek huodtsje op! Miskien sjitte se dy wol net deal’ En wer wist de soldaet net, oft dat aerdich of spotsk bidoeld wie. It gycheljen smoarde yn it efficient gebrom fan in auto. It bern fordwoun yn dy auto, it portier klapte ticht en de soldaet seach lang de auto nei, sa't dy sigesaegjend, de grize stripe fan de slingerdyk del, nei it dal ried, rekkend de bân tusken it famke en de soldaet, oant de bân knapte.
De soldaet skôp in stientsje fuort. ‘Ik sjoch dus pears,’ sei er tsjin himsels. ‘Dou sjochst pears, soldaet.’ En hy tocht oan donkere nageltûken en oan soeijende pearse linten, omt er dy koartlyn sjoen hie op de deakiste fan beppe. Hy hie der in
| |
| |
ekstra dei forlof om hawn. ‘Je moatte mei de eagen tinke, krekt as de bern, dan wurde in soad tsjusterheden wosken en mei it seemleer ôfnommen en kinst der gewoan dwers trochhinne sjen,’ ornearre de soldaet en hy troppe it pûdtsje shag wer yn 'e bûse, mei't er hjir earst fierder op trochtinke woe, foardat er faeks noch lulk waerd op it famke, sa'n pluzich ljocht dinkje, dêr't je mar noait fan wisten oft har naïve praetsjes net fyn ynlein narjend bidoeld wiene. ‘Ik bin it lyk net, it grêf net; noch allinne mar blommeguod en linten, wiet fan de rein, in rekwisyt fan de dea.’ De soldaet huvere yn de skjinne oktoberwyn, dy't as frij man oer de bergen reizge en de soldaet foarby kaem. Se wiene beide ûnderweis nei de top. Dêr tekenen twa balken in keal, swart krús tsjin de loft. Efter it krús naem de wrâld fan granyt en toar gers, losrekke stiennen en blebberbeibeamkes foar de soldaet syn eagen in ein. Hy skuorde syn gek nijmoadrich huodtsje mei de skotse ruten fan de holle en swaeide it ûnder it omheechrinnen hieltyd foarby syn unifoarmoerjas. Ien twa ien twa allons enfants de la patrie, allons boarger en soldaet, allons nei it krús, dat samar oergean kin - je hoege net ienris djip nei to tinken - yn ien soldaet út tûzen soldaten oan de grins fan de wrâld, de earms al útspraet om efteroer to stoarten yn de djipte, in bihindige lawine fan fleis, bonken, unifoarm, stiennen, modder, nei it glêzen dal, dêr't de doarpelingen noch fan neat witte. ‘Dat komt derfan,’ sille sokken roppe. ‘O God, dat komt derfan.’
De soldaet stie by it krús, in flodderich pears lintsje oan it skrille hout fan de dea. In twilingpear strieljagers tekene in loftcartoon: in wyt aureoal fan útlitgassen boppe it krús. De soldaet seach it, sette syn huodtsje wer op en lake. Hwat koe er ek al folle oars! De wrâld hâldde hjir ommers net op. Sjoch mar, in nije glêzen wrâld, nije leaflike skeanten, in gloednij dal en fierderop suver krekt skepen bergen, noch bleek blau fan it wekker wurden. De berch, dêr't de soldaet boppe op stie lykwols, siddere fan âlderdom, fan alles gewaerwurde, trochlibje, witte, sjen, en likegoed suver neat bigripe fan it brune bloed tusken oerjierrich gers.
‘Jo kinne jo wol by ús oanslute, minhear,’ sei de rounlieder. ‘Jo binne fan de forkearde kant kaem, mar dat let neat. Jo kinne bitelje, as de rounlieding dien is, oan de yngong fan it tinkplak. Fyftich sinten foar it ûnderhâld fan dit nasionale monumint.’ In keppel toeristen bisingele de soldaet. Se spraetten in waeijer fan sêftsprutsen talen út oer syn prakkesaesjes. Se bidieken it brune bloed mei har mannichfâldige fuotten
| |
| |
en wapperjende hannen en risselen mei boekjes Mort pour la patrie. ‘Dit krús is oprjochte yn it jier 1947 ta in oantinken foar ivich foar de 50000 deaden, fallen yn de striid pour la patrie en tsjin it folk oan de oare kant de rivier, dy't jimme dêrre sjogge.’ De gids wiisde mei it restant fan in hân nei de fierte en yn de djipte, dêr't de rivier him ûnskuldich formakke yn de sinne. ‘It krús is makke fan twa beammen, dy't hjir oarspronklik stien hawwe en it oarlochsgewelt mei oansjoen hawwe. It krús is 32 meter heech en de dwersbalke is 20 meter.’ It groepke minsken meat swijend de steande beam en de dwersbalke; guon knikten oertsjûge.
‘Binne dy 50000 allegearre op dit sté fallen?’ frege de soldaet.
‘Ja, minhear,’ andere de rounlieder, ‘op dizze skeante. It moat der raer om wei gien wêze.’ Hy kearde him om en wiisde nei in fjild fan krusen en nei in lang en breed skier bouwurk, dat justjes boppe de groun stiek. ‘Dêr by dy krusen lizze 30000 en yn it monumint nochris 20000. Ik sil it jimme aenst allegearre sjen litte. Mort pour la patrie, mdames, msieurs.’ De soldaet seach it restant fan de hân nei, dy't oer de hiele skeante striek en mar amper net de krusen en it bouwurk oanroerde. De soldaet knikte: ‘Moaije roune getallen. Dat komt derfan. Ik hie it altyd wol tocht.’
‘Ochochochochoch,’ krimmenearde in frou fan de oare kant de rivier. ‘Mar it wie alegearre in soarte fan forsin, hear. Jimme president hat noch krekt yn ús lân to gast west en dy hat fiif kear yn it iepenbier soksahwat sein as dat it in soarte fan forsin wêze moatten hat. De kulturéle bitrekkingen tusken de beide folken hawwe altyd bisûnder bêst west, en dat is dochs it fornaemste. Mar ja, de keizer...’
De soldaet harke en dreunde binnensmûls fierder: ‘.... de keizer en de tsaer en de kening en de biskoppen fan Munster en Keulen en de president en de lieder en de greatste kammeraet wize de wei en de soldaet giet yn moaije roune getallen. De himel seit der neat dúdliks fan en de ierde noeget: Kom mar, soldaet! en dan seit de presidint tsjin de keizer en de tsaer en de kening en de biskop en de lieder en de greatste kammeraet: och, it wie in soarte fan forsin, netwier?’
‘Och ja,’ forfette de frou, ‘in soarte fan forsin. Alles is nou wer goed.’ Ynienen seach se de soldaet lyk oan en frege forheard: ‘Hwerom hawwe jo in hoed op, soldaet?’
‘Omt it mei,’ sei de soldaet koart tsjin de trije margriten op it swarte huodtsje fan de frou. Hy seach de rounlieder nei en de frou, dy't mei ûnelegante tripkes fluch efter it groepke oan hipte nei de 30000 krusen ta. De gids wonk de soldaet by it
| |
| |
selskip en fortelde glêd út 'e holle: ‘Hjir steane 29480 krusen, net krekt 30000 sa't ik niis sei, hwant dat wite krús dêr yn de hoeke - it is aerdich greater as de oaren - tsjut it grêf oan fan 520 ûnbikende soldaten. Jimme witte, hoe't dat giet yn in oarloch.’ Guon knikten, de soldaet ek. Hy stelde him de resultaten foar fan in bom yn in heap jongfolk. De restanten foarmje meielkoar de Unbikende Soldaet, dy't blommekrânsen mei wite en pearse linten krijt, omt it allegearre in soarte fan forsin wie en omt in heap restanten slimmer is as in rigele kreaze liken.
‘Wy sille efkes tusken in pear rigelen fan krusen troch rinne en dan sil ik jimme foargean nei it monumint sels, dêr't nochris 20000 mannen byset binne,’ kundige de gids oan. Alle minsken sloegen in bledtsje om yn har boekje Mort pour la patrie en it hearde as triek der in kloft fûgeltsjes oer. De soldaet seach se nei, hoe't se fleagen troch it forwaeide aureoal boppe it krús hinne en fordwounen efter de top fan de berch, dêr't dizze skriklike wrâld aldergeloks ynienen in ein naem. De fûgels fleagen de wrâld út en fuort gie der in gemompel fan nammen op 'e wjok oer de krusen hinne, gewoane manljusnammen fan al den dei foar de soldaet, hwant it hiene syn lânslju west, dêr't de krusen boppe op set wiene, sahwat op it plak fan de plasse; of net. Twivel oan dizze showbusiness by namme Mort pour la patrie wynde yn de soldaet om. Hjir hat in architekt namme mei makke, fansels. 29480 krusen, in tal dielber troch fjirtich, om knappe rjochthoeken to krijen fan tsien by fjouwer krusen, né, deaden. De soldaet fielde him ynienen roppen om de trouhertige gids neijer yn to ljochtsjen oer hwat er hjir winliken fortoande en bygelyks to freegjen, hwat der bard wie mei dy 29481ste soldaet, mar it restant fan de hân, wizend nei it ûnbidige monumint, en de stim, alwer bearend fan nochris 20000, wjerhâldde de soldaet derfan de gids faeks biwuster to meitsjen as dat er wie. De man moast moarn en oaremoarn wer. It devoate swijen fan de groep wjerhâldde de soldaet der ek fan om de toeristen nei 50000 bonkerakken yn to ljochtsjen. Der wie oars net ien soldaet by de groep en hwat forjamme joech it dan, stel, dat er witten hie, hwat er krekt sizze moast. It himmele, uterst biskaefde oprêdden fan hwat de soldaet allinne mar as de kritende hel foar eagen komme woe, en dy herhelber - hwant de keizer en de tsaer en de kening en de
biskop, de presidint en de lieder en de greatste kammeraet binne ûnsterflik - skuorde him flymjend troch de foarholle. De toeristen fordwounen efter de gids oan troch in kunstsinnich biwurke izeren poarte yn it bouwurk. De soldaet stie
| |
| |
allinne tusken de krusen yn de glêsheldere oktoberwyn, dy't fansels like jong en ûnbisoarge as frij man oer de hel kuijere hie as dizze dei oer de krusen en it krús. ‘Hy lûkt der him gjin barst fan oan,’ tocht de soldaet, ‘en gelyk hat er.’ En tsjin de krusen sei er somber en plechtich, it skotse huodtsje yn de hân: ‘Ja, jonges, dat komt derfan.’
Doe sette er syn huodtsje wer op en striek by de kreas biknipte hagen lâns nei de útgong. Dêr stie in kiosk, dêr't se krúskes forkochten en helmkes en printkaerten fan krusen en it krús en fan de kreaze, architektonysk forantwurde bûtenkanten fan gewoane grêven, en postsegels, iis, kaugom, sigaretten, suertsjes. Hy kocht in pakje sigaretten fan de kioskbaes, dy't grapke, dat dit hjirre wier gjin soune oarde wie foar in soldaet. ‘Eigen skuld,’ sei de soldaet eigenwiis. ‘Dat komt derfan.’
‘Hwerfan?’ frege de kioskbaes smeulsk en hy sette demonstratyf de rjochter foet op in stoel. Der wie gjin foet, mar in ein glêdskjirre en glânzjend opwreaun hout. De soldaet bitelle en naeide út. De kioskbaes stelde krekt de fraech, dêr't er de hiele moarn al mei omtoppe hie.
‘Hwerfan?’ Dêrfan! In wrâldatlas fol mooglikheden mei streken en stippen, mei brune, blauwe, giele en griene plakken, en nimmen wit krekt hwat dat allegearre bitsjut, dy't de wrâld net bisjoen hat.
De soldaet sette de stap der yn, daelde ôf, klom wer omheech en smookte en pûste by it klimmen oant er de folgjende top hie. Syn eagen fielden skjin, doe't er wer in lang en smel dal foar him seach, in dal as in strjitte mei bergen fan huzen foar reuzen oan wjerskanten en mûzehúskes oan de ein fan de wrâld, mar op de hegere bergen yn de fierste fierte woeks neat. ‘Hwat sjochstou pears, soldaet. De wrâld is ommers blau.’ De soldaet wiisde mei de tomme oer it skouder en sei greatsk: ‘Dy dêr binne dea, hen? Mar ik sil libje, sa wier as ik hjir stean.’ En efkes letter forfette er dimmen: ‘Forjamme, ja wrychtich wier, God.’
In wikemennich letter stie de soldaet foar de kriichsrie. Him waerd to'n lêste lein, dat er de soldatemûtse net mear drage woe en faek en folle yn de stêd oantroffen wie mei in boargerhoed op, to witten in hoed fan lyts model mei reade en griene skotse ruten. Hy bistammere hwat oer 50000 deaden dy't him signalearre hiene, wylst er libben en wol oer har grêven roun. De ofsieren efter de griene tafel knikten. Dat joech de soldaet moed en by fortelde fan in kritende hel dy't er sjoen
| |
| |
hie, en fan in architekt, dy't der namme mei makke hie, en oer in bêst slagge cartoon fan de loftmacht. Doe skodhollen de ofsieren tryst en ien frege foarsichtich: ‘Hoe kaem dat dan?’
‘Dat komt der ommers altyd fan,’ fústere de soldaet mismoedich út in damp wei, dy't stadich oer de bergen kroep en it krús en de krusen en de libbene soldaet earbiedich bistoppe. Sêft jeuzele noch syn stim: ‘De keizer en de tsaer en de kening en de biskoppen fan Munster en Keulen en de presidint en de lieder en de greatste kammeraet, en it wie in soarte fan forsin,’ mar de ofsieren flústeren efter de hân meielkoar en harken net.
‘Jo kinne dus gjin forklearring jaen fan jou oerhearrich hâlden en dragen,’ wie harren konklúzje. Wurch hime de soldaet by de skeante op om op de top fan de berch to kommen, boppe wolken en damp út. Avenseare, oars komst to let, soldaet, pearse soldaet. Dou hast in hiel gek huodtsje op. Miskien sjitte se dy wol net dea.
‘Der is gjin oare forklearring foar,’ sei de soldaet op it lêst, ‘as dat ik net útmakke wurde wol foar in pearse soldaet, salang't de wrâld blau is.’
Doe't er wer yn de sel siet, bitocht er, dat er hwat oars sizze moatten hie, hwat, dat rjochtdwaende ofsieren ek bigripe koene. Mar hwat?
|
|