| |
| |
| |
Rainer Maria Rilke:
Oersettingen fan Fedde Schurer
Pieta
Sa sjoch ik, Jezus, wer dyn fuotten; dizzen
dy't ienris jonge feintefuotten wiene
doe't ik se yn skrutenens ûntbleate en wosk,
doe't hja sa skou dêr yn myn hannen stiene
as wite réen yn in toarnbeibosk.
Dyn lea, to ûnbiroere om eat to sizzen
sjoch ik foar 't earst yn dizze leafdenacht;
't mocht nea my barre om njonken dy to lizzen:
nou bliuwt mar de earbied fan in deadewacht.
Mar sjoch, dyn hannen, hja binne iepen riten
o leafste, net troch my, net troch myn biten -
dyn hert stiet iepen foar elks binnentocht;
dat hie myn yngong inkeld wêze mocht.
Nou bistû wurch; dyn mûle, mêd, ûntdien
hoecht troch myn wrange mûle net biroere -
o Jezus, hwannear wie ús gouden ûre?
Hwat binn' wy beide frjemd togroune gien -
| |
| |
| |
In frouljuslot (Ein frauenschicksal)
De kening op 'e jacht, toarstich en warch
grypt earne in glês om rap in swolch to drinken.
De eig'ner, letter, nimt it, en mei soarch
set er 't fan kant: in feit om to bitinken.
Sa hat licht ek it wyld en toarstich lot
somtiden immen oan 'e lippen naem
dy't dan it faeije libben dat noch kaem,
bang it to brekken, weiburch efter slot
en stalde yn 'e feilige vitrine
by oare núv're kostberheden yn
de aparte dingen en de lytse wûnders.
Dêr stie hja frjemd en koe it net mear fine
en waerd ienfâldich âld en amper blyn
en wie gijn kostberheit en neat bysúnders.
| |
| |
| |
Blauwe hortensia (Blaue hortensie)
Lyk as it oerbleaun grien yn âlde tegels
binn' dizze blêdden, wreed en droech en grou
efter de blommeskermen, fan in blau
dat werjown wêze koe yn fiere spegels.
De rjochte kleur wurdt men der net út wiis
it bliuwt in skymrich spegelbyld fan fierren
en as yn âlde blauwe briefpapierren
sa rint hjir giel troch, fiolet en griis.
Net liker as forwosken berneskelkjes,
lang net mear droegen, dêr't men neat mei docht,
sa kwynt it libben yn dy sljochte tsjelkjes.
Mar soms is 't oft in nije kleurgloed huvert
oer ien fan dizze skermen, en men sjocht
hoe't yndjip blau him oan it grien fornuvert.
| |
| |
| |
De dea fan 'e leafste (Der tod der geliebten)
Fan dea wist er ek oars neat to fortellen
as dat dy jin blynwei yn 'e ûngroun staet -
doe't lykwols hja, net wreed syn earm ûntstellen,
mar sêft syn ierdske each ûnttrutsen waerd
en oerglied nei dy heimige gebieten
fielde er, dat guon dêr nou tonei
har each en laits as moanneljocht bisieten
har leaflikheit fan al den dei.
Doe waerden him de deaden sa fortroud
as wie er nou troch har mei alle oaren
al goede kunde; en hy socht har spoaren
en as hy nou dat lân in namme jowt
dan is syn lûd fan djippe langst bifongen
as hie hysels it ôftaest foar har gongen.
| |
| |
| |
Ofskie (Abschied)
Hwat ôfskie nimmen is, dat haw ik field.
Ik wit it noch: in skerpe, füle skrining
in grousum eat, dat wreed in libbensbining
jitris omheech hâldt, sjen lit, en fornielt.
Men hat gjin sprút forwar, en it is mienen
as hja jin, freonlik roppend, fuortgean lit
en stean bliuwt - alle froulju hjir yn ienen -
mar lykwols lyts en bleek en neat as dit:
In wiuwen, amper mear op jin bitrutsen
in flauwe wergroet noch, fier as in dream
en sinleas, as wie fan in prommebeam
in koekoek gysten út 'e tûken strutsen.
| |
| |
| |
Deadsunderfining (Todeserfahrung)
Men ken de gong net oer dit frjemde paed
omt men net meigiet. En it hat gjin doel
foar dea biwûndering of leafde of haet
to toanen, as 't iensidich masker foel.
Safier lykwols ha wy it noch net brocht.
Elk spilet hjir syn rol noch, sa't wy sjogge.
Salang der noed bliuwt oft wy wol foldogge
hâldt Dea syn rol - hoewol't hy net foldocht.
Mar doestû ôfgongst, brochtst op dizze planken
in wierheitsflits troch 't iepene gordyn;
echt himelblau en echte griene ranken
in taestber bosk en echte sinneskyn.
Wy spylje fierder, meitsje ús meneuvels,
freegje ús ôf hoe't men sa'n tekst nou seit -
mar soms forskynt fan efter fiere heuvels
dyn mei ús stik forgroeide ôfwêzichheit.
Sa komt it ús soms oer, dat yn ús herten
dy oare wurklikheden hommels blinke,
en dat wy foar ien stuit, ússels forgetten
it libben spylje, en om applaus net tinke.
| |
| |
| |
Hjerstdei (Herbsttag)
't Is tiid. De greate simmer is foarby.
Liz oer de sinnewizers, Hear, dyn skaden
en oer de paden jow de winen frij.
Jit nou de lêste fruchten folheit yn
gun har noch in pear sudelike dagen
om har nei de foleining ta to dragen
en driuw dyn swietens yn har swiere wyn.
Dy't nou gjin sté hat bout it him net mear.
Dy't ienlik is bliuwt ienlik. Hy sil hifkje,
weitsje, hwat lêze, lang omstannich briefkje
en ûngeduerich dwale om hûs en hear
as brune blêdden troch de leanen drifkje.
|
|