De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 3] [p. 3] Jan Dotinga: Sleat Doe't de wolken in lange dei fakânsje namen en de sinne it allinne foar 't sizzen hie, skeaten strjitten en stegen fol wyt libben. Fan alle kanten skouden skippen, mei in fleurige frede bifrachte, - nije Ku Klux Klan bitogers - op 'e stêd ta. Auto's houden spulbrekkend, de skrille eachopslach fan in stêd steurd yn syn rêst, net achtslaend. Dêr't dyk en grêft oan inoar forsein rekken, waerd de stêd berne. Gevels pronken mei harren bertedata; bern dy't in jierdei fierden. Lofts en rjochts houden twa stiennene brêgen, forfeelsum boppe 't wetter gapjend, de huzen yn 'e blâns. Op in bolwurk stie de portier, in mole, biskieden jûchhei to roppen. De nije minsken, warbere, brune tuorren, brochten safolle fet yn 'e stêd, dat it Bootervaatje op 'e nij bigoun to glimmen, dat de linebeammen by 't wetter lâns in momint fan harsels liken to fallen. Yn 'e tsjerke fan 'e Reformaesje roek alles nei religy, mar it miste krêft om devaluaesje fan hout en stien tsjin to gean. Oekumene kaem stuitsjend op gong: [pagina 4] [p. 4] om fjouwer ûre kraeiden Rome en Dordt om bar har eigen tiid. Oan it Achterom swei, noch altyd dolearjend, de lytse tsjerke. En as tsjûgjend biwiis foar it karakter fan stêd wachte op 'e wetterkant in iepenbier urinoir. [pagina 5] [p. 5] Kaart van Gaasterland Gaesterlân is spraekles nimme, is nammen neame, is artikuleare. Yn 'e Leiseleane tusken de beammen nei de 1 fornimme en yn 'e Bargebek happe nei de bolbjirken wyn fan 'e mar - sjonge fan Blokjebrêge en Wyldemerkwei, Wyldemerkwei en Blokjebrêge. Oan 'e stikume Davidsreed komt de r op gleed en yn 'e Heaburgen hat er him yn 'e romte forburgen. Tusken Ald en Nij binne oer alle Boegen de Hege Bouwen bêst fan tael. Lykwei lêze is leed omsizze. Nij Amearika foarmje is de mûle iepen hâlde foar ‘Frjemd en dochs eigen’. Lorbuorren, Hoitebuorren, ‘Huorre, huorre, de baerch is yn 'e skuorre’. Gasterlân, Gaesterlân, lân fan 'e Geast. [pagina 6] [p. 6] Wierum In greatske toer fret sé en lân sa 't liket, mar yn 't doarp sels jowe allinne hwat âlde huzen noch om sizzen; Ternaerderdyk en nijbou tekenje foar harsels. De bouwen stjûre ienfâldichwei in dyk nei 't doarp, mar eigen sin en wet wringe him ta de bocht. De sé hat ôfdien; it slyk draecht antikwarysk hjir en dêr in boat. It Wad is Wierums dwinge. Rysdammen foar de dyk binne krusen fan hoop. Yn 'e fierte blinkt hwat sé, dêr hamsterje eilannen wetter. Dit doarp is allinne yn sinne en wyn, hwant it hat fan syn buorren de beammen forballe. (bihearrend ta de syklus Dongeradielen) Vorige Volgende