kin men de bakker wol ôfsizze. De Fryske skriuwer en kritikus fan dizze tiid hat binammen striid to fieren tsjin literair analfabetisme, tsjin forjierre tradisionalisme, tsjin de flecht yn in bipaeld soarte fan pleatslike pop-art, dy't ‘Heimatliteratur’ hjit. Oan dy striid wol ek dit tydskrift dielhawwe, al wiist it in absolute brek tusken de skriuwende generaesje ôf as irréeel en ûnfruchtber.
Steande tusken hwat wie en hwat komt, wol de redaksje hjir lykwols forklearje, dat hja solidair wêze wol mei skriuwers dy't eigen wegen gean wolle en, sûnder to biswiken foar de forlieding fan literaire klykfoarming, yn in him yndustrialisearjend en oan de hjoeddeiske wrâld oanpassend Fryslân sykje om nije foarmen fan ekspressy en in nije forantwurding fan de ‘condition humain’.
Der is yn de literatueren fan Nederlân de lêste jierren, foaral yn de sektor fan it proaza, frijhwat yn it foroarjen. De Tsjerne wol hjirút de konsekwinsjes lûke en noch mear as foarhinne bisykje dy foroaring kritysk to stimulearjen. De fraech nei niveau sil dêrby boppe alle oare kritearia de foarrang hawwe. Unfruchtber is in mentaliteit dy't ornearret ‘nei ús komt neat’, mar likegoed ien dy't seit ‘fóár ús wie neat’.
Materieel stiet De Tsjerne der op 't heden better foar as hokfoar Fryske periodyk yn it forline. Troch it fallen yn in ryksregeling kinne meiwurkers nou in bileanning krije gelyk oan noarmen dy't ek jilde foar oare literaire tydskriften yn Nederlân, wylst ús útjowster goedseit foar foarkommende eksploitaesjetokoarten. Dy materiéle posysje is troch de jierren hinne moedsum biwrotten.
Der is wol jammere, dat yn De Tsjerne in geast fan selsfoldienens en arrivisme him baesmakke hie. Hwa't dat úthâldt wit yn de Fryske situaesje fan grins, forhâlding noch idéael. Hwat Piter Jelles yn 1890 fan de ‘fjirde stân’ sei: ‘ja alles moatte hja jit winne’, - dat jildt mutatis mutandis op dit stuit foar it hiele literaire bistel yn Fryslân. Hwa't him hjoed-de-dei as Frysk skriuwer arrivé achtet, hat de blynkape op of is net goed wiis.
Ek foar de kommende jiergongen dogge wy in birop op eardere en nije meiwurkers om de krêften to bondeljen en fan dit útsoarte lytse Fryske tydskrift meiinoar hwat to meitsjen, dêr't wy yn alle biskiedenheit mei foar it ljocht komme kinne.
REDAKSJE