De âld brêge, dy't der yn William syn dagen al wie, ruoiken wy ûndertroch, wy fearen by Trinity Church lâns, dêr't er bigroeven leit en seagen wylst út op in lânskip, hwat parkeftiger faeks as yn de 16e ieu, mar nei alle gedachten net sa folle oars.
Swannen wiene der ek noch op de Avon, al hat fan 't simmer ek in Amerikaen, dy't se sa moai foun, der tolf fan krige. Hja kosten him seistûzen goune, foar it forfier allinne, hwant hy krige se forgees. Dat lêste is al nuver, hwant men krijt yn Stratford net folle forgees. It stedtsje is alhiel ynsteld op it frjemdeforkear, dat de Shakespeare-kultus hjirre bringt. Men stroffelet yn it plak suver oer de stênbylden, monuminten en oare oantinkens oan de greate toanielskriuwer. Men kin it bertehûs fan Shakespeare bisjen; it boerehûs fan Ann Hathaway even bûten de stêd yn Shottery; Hall's Croft, dêr't dochter Suzanna wenne hat; de âlde Grammar School, dêr't er leard hawwe moat; de Trinity Church mei de grêfstien dêr't it sleauwe ferske (fan hwa?) op stiet: ‘Good frend for Jesvs sake forbeare, / To digg the dvst encloased heare. / Blese be the man that spares thes stones / And cvrst be he that moves my bones’, en de buste fan Shakespeare troch Gerard Janssen dy't dêr yn 1623 in plak foun hat en dy't nou net fuortendaliks ynspirearret; it Shakespeare Theatre dat yn it plak kommen is foar in earder dat yn 1926 ôfbarnd is; it Shakespeare Centre en folle net genôch. Men kin útfanhûzje yn it Shakespeare Hotel, as dat alteast net fol is of to prizich foar jins biheinde jildmiddels, mar yn elts gefal kin men jin thé of bier ynjitte litte troch de útweakke weardinne fan Judith Shakespeare Inn.
Yn de souvenirwinkels en -winkeltsjes, en dat binne frijhwat, kin men Shakespeare en Shakespeariana krije yn koper en porslein, men kin de oantins meifiere op potleaden en kaeiringen, op leppeltsjes en boekjes, kop-en-pantsjes, jiskebakjes, bûsdoeken, strikken, ansichtkaerten, tegels, breukbannen, steunsoallen, folle net genôch.
Dit omfodzjen mei de neitins fan in geny mei hwat fortrietlik lykje, Shakespeare sels - homo economicus dy't er wie - soe der grif frede mei hawwe en lit ús itselde dan mar dwaen.
Wy troffen it net, hwant yn it Shakespeare Theatre waerden dy wyks gjin Shakespearestikken opfierd, mar aldergeloks wie der yn Londen noch in moaije opfiering fan A Midsummer Night's Dream, wylst útgeande fan it Shakespeare Centre like nijsgjirrige as streksume lêzingen hâlden waerden.
It nije Shakespeare Centre is op de 22ste april fan dit jier iepene, ta gelegenheit fan de fjouwerhûndertste jierdei fan de berte fan Shakespeare. Keningen, prinsen bûgje de holle: op