wist er it net. Hwat soe it in opskuor jaen, hy hie it bitrouwen yn gâns in krite. Mei in dei as hwat siet er faeks al yn Ljouwert... Hy krige slim bigreatsjen mei himsels. Soe er op 'e bus gean, yn It Fean de trein nimme? It helle neat út, hy soe it dêr mar minder mei meitsje... Joun nei Westra...
Ynienen fearre er oerein, dêrom hoegde er hjir noch net sitten to bliuwen, hy koe noch dwaen en litte hwat er woe. It wie noch gjin joun, hwerom soe er dêr nou al oer ynsitte? Kop op!
Lyk as altyd roun er hast glimkjend troch de buorren. Fan elk waerd er groete, foar elk hie er in swierige groet werom. Mar op 'e stille strjitwei mei de âlde ikenbeammen, fleach it him likegoed wer oan. Hja soene him dochs net allinne yn in sel slute? Né, né, hja soene syn persoan oansjen en der rekken mei hâlde dat er himsels oanjown hie. Hy wie op it lêst gjin misdiediger. Fansels soe er net gean en steen kinne dêr't er woe, mar hja soene him administratyf wurk jaen, in kantoarke of sa... It tichthûs..., né, né, hy soe net sokke klean oankrije, dat wie foar moardners en mear fan dat naesje... Foar Doede Nieboer en al dy oaren wie it net bêst, hast allegear lytse lju, mar hy hie it net mei opset dien, hwat ûngelokkich west en, nou ja, froulju wiene djûr...
Ear't er der om tocht wie er al yn Aldfean. In ôftanke pastorij, in útwrydske toer en tsjerke en Hiemstra's pleats, dat wie 't. As er oars by Jabik Hiemstra nochris in skoat weage, men wist it soms net... Hy roun de tsjerkeleane del, mar né, hy soe gjin domme dingen dwaen.
Mei't er stean bleau, bigounen de klokken to lieden. In autobus by it hôf en bigraffenisfolk, hwa mocht der wei wêze? Hy roun der oan te. Krekt, de Lagevenen út Nijfean, it wie ommers ek sa, âlde Kobus Lageveen, hy hie it yn 'e Drachtster krante sjoen. Hwat fan siden naem er de staesje op. Wel, wel, wie dat in dochter fan Jan? Toe mar, toe mar! Sûnder him to bitinken roun er efter de froulju trije slaggen mei om it hôf. Démoedich stie er by it grêf. Mei't de klokken stil foelen, spriek de boppemaster: ‘Rêst yn frede, trouwe freon’. Doe roun Keizer mei de hoed yn 'e hân op Jan Lageveen te.
‘Myn hertlike dielnimming mei it forlies fan jimme heit. Ik wit wol, de man is op goede jierren kommen, mar foar jimme bliuwt it gemis. Ik lies it yn 'e krante en woe him de lêste eare mei biwize, ik haw him sa lang kend’.
‘Tanke Keizer’, sei Jan oandien, dat de man de reis dêr om makke hie, it die him goed.
Noch ien kear rounen hja om it hôf, doe wachte de bus wer.
‘Wy soene aenst noch justjes byinoar komme yn it sealtsje