De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 367] [p. 367] [Nummer 11] Fedde Schurer: Columbus foar D.A.T. Der komt in tiid, Columbus dat de weggen griis wurde en de kimen tichtlûke oer de stille oaseaen in tiid dat dyn nimbus fordampet en dy sterke spier, dyn hert fan slach en forset forkrampet datst warleas fielst de hurde heil yn dyn oantlit slaen dat de wisse stimmen binnenmoeds dy forrifelje - datst fortwifelje silst oan dyn koerts. Dan sil yn 'e giselstream dyn dream fan in nije himel en in nije ierde dy sa grounich forriede datst it net mear witst út is 't seit de markenist - As de seilen op twjirwinen flappe boegen en spanten knappe dan sil it domme skipsfolk komme om dy mei forwiten to smiten dy't fierhinne slimmer binne as mist en bline klip foar hokker wrak skip. Dy't net mei de bile foar dy steane en dyn freonen liken faek ré foar dy to krûpen hja geane om efterdeks de sloepen to striken en lef tomûk to ûntwiken. [pagina 368] [p. 368] Columbus, nim har net kwea alle greate bern bin bang foar in bline dea en wolle in hoarison sjen hwat dy de miuwen wikke lit harren inkeld skrikke en de slim, fier en ûnfêst fan de man yn it kraeijenêst kin har dochs net birikke. Ris dy, Columbus, ta dizze dei en gean net út 'e wei foar slachsé noch nachtwé - boartsje de hoazen mei seilen en lûken bin de matroazen net langer to brûken binee alle klommers lyts- moedich drost de skipper bliuwt ommers oan 't lêst op syn post. Sels as der gjin sicht foar de hân is en it neare nacht wurdt sels as Amearika gjin lân is mar inkeld in wachtwurd in greatskips bidroch - Columbus dan noch. [pagina 369] [p. 369] Cactus Mei syn miswoechsenens krûpt er djipségedrocht wjerstribbich nei it ljocht fegetaesje fan forwiten ien fan de forbiten querulanten midden de planten syn ûnfoechsumens falt gewoan út de toan. Wrokjend yn groei en repping ûntkaem er de tsjusternis ûnwittend oft by de skepping it ‘moaisa’ oer him sprutsen is hy tarde net út de romte amper plant, omtrint stien en wie ûnder beamte en blomte net sa'n foarnamen ien. Hy hat doe, sûnder stalle en blêdden him sa goed en sa kwea as it gean koe sels mar rêdden mei besonjes fan libben en dea en kâld foar lof en ôfkar stiet er, stalagmyt fan spot en spyt yn duorjende ôfwar. Mar soms op in krystdei forjit er ad hoc syn bilegere wrok en hat er ynienen in blide rôse, tsjelkwide tear porsleinen blom - God wit hwerwei en hwerom. [pagina 370] [p. 370] Blynflecht Gjin grissel sicht tusken himel en wrâld alles as in pôt sa ticht kolk wolk spoekforskining liz forbining radio hallo hallo. Ynstruminten litte it smoarch sitte wizers draeije dol hallo Ljouwert hallo Schiphol gjin Schiphol, gjin Ljouwt dat rie of biskie jowt. Wy binne troch ús benzine hinne stopje de motoaren broer wy geane yn glydflecht oer bist der noch stalke wy sile yn siedende molke ús s.o.s. hat gjin adres. Siz my in fers fan Jan Wybenga op en psalm 130 dy kinst sa wol út 'e kop ja, it is spitich mar ik woe my graech noch hwat skeare it stiet sa rûpsk foar in man en dan dat wit de Heare. [pagina 371] [p. 371] Dea guod baes De staesje mei it lyk stekt oer de dyk klokken bigjinne - de dingen sûnder mear ha foar dizze kear it ryk allinne. Stuollen kreas en gled stean fjouwerpoats forret hwa sil har brûke - spegel djip en klear jowt gjin wjerbyld mear stiet near blyndoeke. Op it pultrom in trompke mei in giel blomke njonken de trekpot gjin minsk dy't der nei sjocht of it iepen docht nou is 't ek hwat. Sinneleas en dwaes in stiennene faes mei potleaden ek in nuvere boel skriuwen hat gjin doel by de deaden. Kopkes, wyt en dom lizze oarsom wylst bûten de klok let it spul is raer bidoarn net iens thé fan 'e moarn goed, it hoecht net. [pagina 372] [p. 372] Sillich de deaden goeden mei kweaden dy't stjerre yn himels treast stoel, trekpot, tromp en faes hjoed is dea guod baes ja, seit de Geast. De staesje mei it lyk stekt oer de dyk earne, nearne hinne de dingen sûnder mear ha foar dizze kear it ryk allinne. Fiten stalje Fiten stalje, djip en kosmysk reedzje foar har eigen ûnoantaestb'rens boarch spylje hja de tragyske komeedzje fan sabeare sielen sûnder soarch. Sa hâldt men it jierren op 'e fuotten oant it lang om let dochs net mear giet 't jowt net om de wierheit wei to spotten: de ûndergroun is muoite en fortriet. Yn de ljochte en lûde maskerade draecht elk syn forburgen leed yn 't hert dêr kin men in oar net mei bilade dy bigrypt it op in djipsten net. Dêrom, prolongearje de komeedzje fan sabeare sielen sûnder soarch fiten stalje, djip en kosmysk reedzje - wylst de pine fret troch bien en moarch. [pagina 373] [p. 373] Idelheit Idelheit der idelheden seit de preker en ik haw sein ik bin gjin puritein gjin hearremyt of quaker mar de profeet fan fleur blommegeur en sinne. It is gjin idelheit to dounsjen, al is it net mei de breid. In man in man, in wurd in wurd sa boarte ik de selskipsspullen mei njoggens en nullen om my hinne griep de keallen by de sturt en liet se dan wer rinne. Sa hawwe famkes poppen dy kinne ta neat forplichtsje men hoecht har mar to roppen en men kin har fan alles tadichtsje. Mar as de illúzje brekt en men ûntdekt: hja hawwe altyd foar my bistien mar ikke net foar harren hwant hja binne hout en stien dan is dat in wreed wjerfarren in wurd skrousk en kâld en sûnder erch is men âld. men sjocht noch in pear fûgels fleanen en yn 'e leanen en oer de reden skynt it jounljocht bleker idelheit der idelheden seit de preker. [pagina 374] [p. 374] Op it hof Op it hôf lizze de minsken dêr't men grounich mei ôfdien hat mar dêr't men dochs sa bytiden ris efkes hinne moat. Mannichien hat syn jonkheit troch dy reis noch alris forsomme it binne meast jierrige lju dy't hjir út en troch faeks komme. Sa op in moaije neimiddei as it hwat kin om it waer - de frou hat in lichte knik yn 'e rêch de man smookt in sigaer. Hja liplêze stadich in opskrift en steane as yn birie mei in earbied sa djip foar de deade as men nea foar de libbene hie. en de riedsels fan it bistean en it forgean bimasterje har mar dêr binne dochs gjin wurden foar en dêrom suchtsje hja mar. Hja nimme it lyk as it wêze moat sa sûnder wurd of misbaer de frou sjocht bigreatlik, de man lûkt djipsinnich oan syn sigaer. 't Is wol moai hjir sa op it tsjerkhôf by it sêfte beammegerûs en de man en de frou geane swijend en yn greatere ienzens nei hûs. Vorige Volgende