De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 383] [p. 383] 1 - 2 - 3 - 5 - 7 - 11 - 13 - 17 - 19 - 23 - 29 - 31 - 37 - 41 - 43 - 47 - Helen Spalding: Lit us nou priizgje de prymgetallen út New Poems, 1960 Lit ús nou priizgje de prymgetallen Mei de heiten dy't ús wounen: Macht en eigen gloarje fan 'e prymgetallen Is dat neat har woun, Gjin foarfaers, gjin faktoaren, Adams mank de formannichfâldige slachten. Nimmen kin har komst foarsizze. Tusken de ordinale telwurden Dogge hja net oan plakbisprek, hja forskine hommels. Yn 'e rige fan 'e kardinale tallen Komme hja op as wûnderbaerlike bistroppen, Elts foar oar absolút, net nei to kommen, autonoom. Yn it bigjin, dêr't de chaos Ophâldt en it nulpunt fordwynt, Forkringe hja har op 'e foargroun oerdiedich as de bosk, Mar fierderop forsilje hja, Op greate ôfstân ont ûneinichheit Wurde hja selsum as ienkearige kometen. O prym ymprobabile tallen, Lang meije de formulejagers Dampe ta abstraksje, forgrieme oan it skema forduld'gens: Bliuw non-conformist, in pleach, Fenomenen ûnherliedber Ta systeem, folchoarder, patroan of forklearring. (oersetting H.Tj. Piebenga) 53 - 59 - 61 - 67 - 71 - 73 - 79 - 83 - 89 - 97 - 101 - 103 - 109 - 115- Vorige Volgende