réaksjes fan de ‘ik’ op dy omlizzende wrâld. Dat dékor is tryst en tryst binne ek de ynwindige refleksen.
De ik-figuer is in jongtroude fabryksarbeider - hy wurdt yn it hiele boek mei gjin foarnamme noch fan oantsjut - dy't yn in kontinu-konservenbidriuw syn brea wint en dêr út syn doarp wei mei de bus hinne reizget. In yndustrywurker sa't der tûzenen langer binne, tuskenbeiden forstân, sûnder folle bilangstelling of hobby's, passyf de dingen oer him komme littend, koartom, in Telegraaf-lêzer mei in shagpûdtsje. Mar der is hwat mei dizze jongkeardel. Hy hat in suver artistike hypergefoelichheit oer him en dingen dêr't syn maten om laitsje of oerhinne libje réagearret hy op mei sterke inerlike spanningen. It wurdt ridlik gau dúdlik, dizze ‘ik’ lijt oan hallusinaesjes en eangstkompieksen, hy is in frustrearre natuer, in ûnwennige mei machteleaze opstigings fan dwarsens en forset, immen dy't yn en troch it eigen milieu en de eigen oanliz stadichoan geastlik fynknypt wurdt.
Stadich en mei lytse trekjes, mar dochs mei wisse hân bout de skriuwer in byld op fan it sykteproses dat him yn dizze ‘earme fan geast’ ôfspilet. Rounom sjocht er gefaer en spoek. It fytsen nei syn wurk lit er farre om't er bang is forkearsflaters en ûngelokken to meitsjen; yn syn húslik bêd is er oanhelle mei ympotinsje, hy wearzget fan televisy, kriget oankomsten fan ingtefrees yn in tichte minskemassa op in drok winkeltrottoir, ‘grübelt’ oer it midstwa stekken fan in wjirm by it túnhakjen, walget fan de smarhuning op syn breatafel as er tinkt oan it geslachtslibben fan de bijen en bigjint syn fabryk to freezjen as in forslinend munster hwannear't in meiarbeider troch in trepsgat heal dea falt. As er mei syn lytse bern oer de flier boartet, fielt er him meisleept nei in wrâld dêr't er ôfstân fan nimme wol. Alles wurdt him fijân, oan it eigen lichem ta. Hy doar it libben net mear oan, wol in maits wêze yn in klompe fleis, in iel yn in lyk, in lintwjirm yn it yngewant fan syn frou. Al njonkelytsen wurdt alle forlet nei minsklike kommunikaesje yn him ôfstompt, hy forfrjemdet fan syn formidden, stadich wurde de stinzen fan syn geastlike wjerstân sloopt; as er by in trep op moat, tinkt er him yn, in rûp to wêzen dy't him mei sûchnappen omheech hyst. Fijân is him ek God dy't er him net oars foarstelle kin as in wjoklamme ingel; yn tsjerke fielt er him as in rôt yn in stap. Yn him steapelje de skuldgefoelens har op en hy komt ta it einbislút, dat er út twa hâldingen kieze kin: skuldich ta de dea of ûnforskillich, in dilemma dat er ek daliks wer fan him smyt as in to primitive konstruksje. Sa tiist er mei himsels om, sa wrak-