| |
| |
| |
Sjoerd Leiker:
Odysseus
foar D.A.T.
Dêr riist út sé it eilân al;
wy moatte hjir hastich foarby,
net by Sirenen yn 't kûzich nêst,
en dû fêstboun oan 'e mêst.
De boargerij hat grif gelyk:
suver strûpt troch de knevels
sa wie hy bitsjoend troch it liet.
It neifortelle? Ja, mar allinnich
| |
| |
| |
Panta Rhei
foar Hessel M.
Hwat falt hjir noch to sizzen?
't oermastert jin, men is oerwoun.
jawis, de fraech bliuwt lizzen,
njonken ús, waeks as in houn.
Hwat foar sin hat it libben?
men is by de wurken, 't brekt jin de lea.
ien yn de rige fan foarfaers en sibben,
hwat nammen, hwat data, de dea.
Hwat het it reid to fornimmen
as allinnich it wetter, de stream;
en fan de boaijem it ûntnimmen
In ‘tinkend reid’ jin to witten,
lyk as Pascal, - in fine fear.
Us poel de stêd, de strjitten,
de tram, de Amsterdamske sfear.
| |
| |
| |
Monolooch
Hoe sil 'k it sizze, it leit jin sa by
dat der efter jin immen stiet,
in ûnbikendenien, - it swijen sels,
dy't lichter is as in hjerstmistried.
Der binne dagen, dan is 't by jin wei;
't is krekt as is 't in dream,
eins kin 't gjin sprekken lije
en minder noch dat ik it neam.
Men wol dat foar jinsels net witte
dat men wachtet op syn stim;
né, net ôfhinklik, heul gewoan,
krekt as bin 'k it skaed fan him.
Mear as ienris siz ik by mysels:
wês foarsichtich as dy âld chinees:
hwa't it seit dy wit it net,
dy't it witte swije net forgees.
Stel, ik praet hjir fan syn lûd,
it wie waernimber okkerdeis:
- lit alles los, lit alles farre -
of sokssahwat, 't wie ûnderweis.
En ek in kear by in âld stumper:
- broer, de hear dy haf dy stjûrd -
it wie gepreuvel fan de radio,
in preek fansels en o sa biroerd.
Ik wit, nou siz ik al to folle,
mar twivel is der net mear by,
dêr is it to ienfâldich foar,
En op sa'n stuit komt it forwar.
hinderlik folgjen? jin der oan ûntwine?
dat is 't nou just, der is gjin kar,
allinnich selsforwyt en pine.
| |
| |
| |
Nachtredakteur
Yn tinzen wei, de wrâld forgetten,
rattelt de telex him út 'e dream.
o god, wurdt der wer earne sketten?
flokkend stoart er him yn 'e stream.
Der is hwat machtichs oan 't barren;
om him hinne kolket it nijs:
it kwea is net mear to biswarren,
rounom binne eskaders ûnderweis.
Minsken wurde dwyl as miggen,
hiele stêdden rane samar wei;
noch just net oan dizze lânsiggen,
mar radio en tv binne al foarby.
In tel om de headline to finen:
alles oan flarden, kristus komt -
bliuwe de setters by de mesinen?
of hawwe se 't al fordomd?
Mannen, in ekstra edysje bringe;
gjin tiid om de hannen gear,
nofteren bliuwe, jin bitwinge,
earst de krante, dan de hear.
It lêste oardiel, 't kin net misse,
mar just dat freget om forhael,
skieding fan it wisse en it ûnwisse,
feiten, ynformaesje, kleare tael.
It barren kin noch op dagen lizze.
foar ús gjin bidstoun en gjin skoft;
feiten en nochris feiten, wierheit sizze;
ta 't lêste stride tsjin falsk geroft.
En is 't ek hjir net mear to kearen,
wolnou dan, HONEST TO GOD,
bisykje net it oars to tearen,
skriuw dy de fingers kapot.
|
|