De Tsjerne. Jaargang 19
(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 392]
| |
Jan Tj. Piebenga:
| |
[pagina 393]
| |
forrifelderij. De dogma's lizze op in minne namme, dat wol dan sizze, allinne de âlde en klassike. It ljocht brekt troch de ieuwenlange tsjusternis en tankber litte de minsken fan goeden wille har forljochtsje: yn nutslêzingen en kursussen en moderne traktaten. Busken Huet en Pierson en in stikmannich oaren meije dan it dûmny's-amt dellizze, neffens gâns oaren kriget de dûmny as de bringer fan it seedlik-reedlik boadskip nou earst syn greate kâns. De minsken fan it nije ljocht binne ek oprjocht en djip oertsjûge, dat de roomske tsjerke ta de doetiid heart. Hja mei yn Nederlân dan krekt ûnder in eigen hiërarchy brocht wêze, dat is net folle mear as in blinkje foar de dea. Dat de protestantske tradysje by de dei forswakket, dat Guido Gezelle in greater dichter is as Beets of De Génestet, dat yn de ôfskieding har in wûnderbaerlik stik folkskrêft oppenearret, dat dêr ek in elemint fan sosiale révolúsje yn stiket, de modernisten hawwe der gjin euvelmoed yn. Blynseach, optimist as hja binne, bouwe hja oan de nije toer fan Babel. De modernisten yn Fryslân, foarsafier 't hja om 1860 hinne jong binne en út it folk fuortkomme, nimme dan as medium gauris it Frysk foar kar: it is net ôfbrûkt, it is net ûnwier, it is net deftich en tradysjoneel. Oan nou ta gyng de boargerij altyd trou it kouwepaedtsje lâns en hearde hja leafst de biwende Hollânske lûden, mar nou komt it op sels dwaen, sels sykjen en sels oardieljen oan. Forieningen sjitte as poddestuollen út de groun op en op alle forieningsjounen moatte taspraken hâlden en foardrachten jown wurde. Hwat de frijmitslerij foar de liberale hegerein is, dat binne de nutslêzingen en it winterjounenocht foar de liberale boargerij. Natuer en wierheit, koartswyl mei in skepfol morael, de deugdsume minske dy't alle hochelderij efter him litten het, sjedêr it program. Mystyk wurdt yn ien feech ôfdien as dwylsinnige dweperij; dat de minske yn tizen sit en de greatste fijân fan himsels is, wurdt ta gekkepraet forklearre. Gjinien yn Fryslân ken de nammen fan de tiidgenoaten Kierkegaard, Dostojewsky en Nietzsche en it is mar goed ek; hwat sin hat it, it folk fan de flakke fjilden by de fulkanen to bringen, dêr't it fjûr opgarre wurdt dat iens Europa yn reade lôge sette sil? In typyske biwenner fan it flakke fjild is Johannes Dirks Baarda (26-10-1836-23-6-1903). It sil wol spanne, in like typearjend fortsjintwurdiger fan it moderne, frysksinnige, ethyskidéalistyske Fryslân fan likernôch 1860 njonken him to setten. Hy is in Ljouwerter jonge, hwat hjir en dêr yn syn wurk wolris to fornimmen is. Hy wurdt berne yn it loazjemint De Phoenix yn de Sint Japiksstrjitte, dat syn âlden yn bihear hiene. | |
[pagina 394]
| |
Syn jonges- en feintetiid is net altofolle fan bikend; hwat it Nieuw Ned. Biografisch Woordenboek, IX, 38, en it tydskrift Fryslân, 1929, 179, dêr oer fortelle, liket lang net allegearre to klopjen. De heit, Dirk Johannes Baarda, berne yn Ljouwert op 18 septimber 1807, is al jong widner en bliuwt mei twa jonges, Johannes en Pieter, sitten. Johannes wurdt yn 1841 fan Cornelis Eabes Bakker en Hendrina van der Feen, dy't sels gjin bern hienen, yn 'e hûs nommen; faeks wie de helpster fan syn heit, Aaltje van der Feen, in suster fan syn stiefmoer, en koe der sa in bân lein wurde. Dy bân wie tige hecht en folle mear as uterlik, sa 't bliken dwaen sil. De heit trout foar de twade kear yn 1842, mar moat yn 1845 it loazjemint forlitte; al to rom kin er it net hawn hawwe. Hy is frij jong forstoarn, foar 1855 al. De stieffaer, Cornelis Eabes Bakker (23-4-1798 Drylts - 16-2-1871 Ealsum) is yn 1833 yn Ljouwert kommen, dêr't syn frou weikaem, en stiet dêr opjown as sûnder birop. Letter stiet er as notarisklerk bikend en dat wurdt Johannes ek. Op 4 maeije 1855 geane hja mei har trijen nei Mitselwier; Bakker en Baarda sille dêr wol by deselde notaris wurke hawwe. Hjir yn Mitselwier wurdt Johannes Frysk skriuwer; ûnder syn stikjes set er ek altyd it wenplak; as er syn pseudonym Simen Aukes brûkt, is dat ‘Friesegea’. Yn jannewaris 1859 giet er syn eigen wegen, nei Damwâld. Dêr bliuwt er oan 1870 ta. Dan giet er nei syn âlde baes, mr. Van Kleffens, yn Mitselwier werom; faeks om it plak fan syn stieffaer yn to nimmen? As de notaris syn kantoar yn 1878 nei Feanwâlden oerpleatst wurdt, giet Baarda mei. Troud wied er doe noch net, - lyk as mear Fryske skriuwers fan syn tiid wied er dêr let mei, - mar it jier dêrop boaske er oan Dieuwke Willems Kuipers fan Hantumhuzen; der kamen twa famkes, Pytsje en Anna Hendrina. Yn Feanwâlden is er ek forstoarn; fierder as notarisklerk hat er it nea brocht. By hokker tsjerke er hearde, ha 'k net fine kinnen; syn heit wie herfoarme, syn pleechâlden wiene mennist en by de mennisten sil Baarda him wol bêst thúsfield hawwe. Sjedêr de sljochtwei feiten en formoedens oangeande in sljochtwei klerkebistean. Mar mei dy feiten is syn skriuwersbistean noch net forklearre. Hwat fan in erflike bilesting sil der grif west hawwe. Yn 1855 komt der yn Ljouwert in bondeltsje rymwurk út fan 96 siden: Nagelaten Rijmen van D.J. Baarda. De makker, heit fan Johannes Dirks, is dan forstoarn; by syn libben roun er al mei it plan fan útjefte om, mar nou soargje inkelde freonen foar de publikaesje, mei it goede doel ‘dat de voordeelen hier- | |
[pagina 395]
| |
uit voortvloeijende, voor de achtergeblevene weduwe en hare kinderen tot eenige verkwikking en opbeuring in hare treurige omstandigheden mogen verstrekken.’ Dirk Johannes Baarda moat by syn libben al hwat namme hawn hawwe as feardich skriuwer fan gelegenheitsfersen. Dy steane hjir lang net allegearre yn, mar de opnommen rymstikken binne ek gelegenheitswurk, - in stikmannich binne earder al apart printe, - flot delskreaune uteringen fan in man dy't syn earste frou forlern hat, dy't fan leed wit, mar ek fan fleur en koartswyl, in from kristen en tige keningsgesind, in skriuwer dy't it folkslibben goed acht slacht, in Ljouwerter dy't ek wol Fries wêze wol. Lêsber en ek wol nijsgjirrich is noch: Eene Kleine Wandeling om en door Leeuwarden in October 1845, in stedsbiskriuwing op rym fan njoggentsjin siden lang, dêr't de ‘liberael’ ek wolris om 'e hoeke kipet, sa, as er in ôfskiedene tsjerke sjocht:
Dââr kreeg het Oud Geloof, dat men sinds lang reeds hoonde,
Nu ook een kleine Kerk voor hunne Dordsche Leer.
Daar wordt, (zoo als men zegt), het waar Geloof verkondigd;
Daar vindt men zielerust en Geestelijk gewin,
En wie ooit tegen een der Formulieren zondigt,
Of Evangeliesch zingt, treedt nooit den Hemel in.
Hwat fan it aerd fan de skriuwende heit fynt men yn de skriuwende soan maklik werom. Dat Johannes Dirks oan it Frysk skriuwen slagge is, sil him lykwols net oan de heit, mar oan de stieffaer Cornelis Eabes Bakker lein hawwe. Dat wie de man, dy't as skriuwer fan Fryske almanakstikjes en fan inkelde dûbeltsjese boekjes (lenfaldige Ljeafdescydnis, 1844, in oersetting fan in forneamd proazastik fan Justus van Effen, en Brokken uwt it Frysce forscaet, 1846) ûnder de skûlnamme Broer Okeles bikend stie. Neffens eigen wurden is er fan it Frysk ‘ien great minner’ en hoe't er fierder yn it libben stie, kin men wol opmeitsje út de fiif bledsiden ‘Stelrigels in grounstellingen, dy troch alle tyden hinne befoun binne fen tapassinch in bruwkbir to wezzen,’ sa't dy yn dat festjebûseskriftke út 1846 foarkomme. Yn in foech tweintich aforismen wurdt hjir in ienfâldich stik stoyske libbenswysheit dellein, mear filosofysk en moreel fan aerd as godstsjinstich. Sa is de natuer foar Broer Okeles in goede mem, dy't de minske jerne en oermyld alles slinkt: ‘Hwa nammers it measte trou bljouwt oan de natuwr, dij is ijn ir died wijs.’ Mei sokke foarbylden foar eagen, set de jongkeardel Johannes Dirks Baarda, goed tweintich jier âld, as Frysk skriuwer útein. Hy tekenet him meast mei ‘Johannes’ - ‘in namme dêr | |
[pagina 396]
| |
ik wol hwat swak op hab, om't er sa'n djippe biteikenis în leit’ - mar as it better útkomt brûkt er ek ‘Simen Aukes’. Yn in jier as seis, sawn, fan 1858-1865, skriuwt er gâns hwat byinoar; hy moàt skriuwe blykber; der sit dan net sa'n bytsje fan de formoanner en preker, mar ek wol fan de tsjûger yn him. Binnen it ramt fan de folksskriuwerij doar er bêst in persoanlik lûd hearre litte. Hy wurket oan alle Fryske tydwurkjes fan dy jierren mei, - Iduna, Fryske Húsfreon, Bijekoer, Swanneblommen, - mar kin dêr syn produksje net iens kwyt, dat yn 1862 en 1864 bisiket er it mei in eigen jierboekje De Folksfrieun. Stiet der de earste kears op it titelblêd ‘For it Frîske Folk Utjown fen Johannes en Friso, onder meiwirking fen oaren’, twa jier letter is de ûndertitel hwat blomriker: ‘In Frîske Reisger troch it Frîske Lân, ûtstiûrd troch Johannes, Friso en oaren. Twade reise.’ Dan is der ek Hollânsk yn opnommen. De titel sels is net origineel; dy wie wol ôfsjoen fan it moanneblêd fan de Nederl. Vereeniging tot Afschaffing van Sterken Drank, dat op 1 july 1846 bigoun wie to forskinen. Baarda wie mei hert en siel ôfskaffer en syn jierboekje moast de propaganda foar de goede saek tsjinje. Hy wie de earste Fryske skriuwer net, dy't him oan de blauwe biweging joech - ek as sprekker - en hy soe de lêste ek net wêze. De ‘Friso’ dêr't Johannes Dirks Baarda mei gearwurket, is ek in apart man: Jitze Gerrits de Vries (1840-1902), keapman, radikael-liberael, tige striidber drankbistrider en modernist. Der moat tusken dy beide jongemannen in nauwe freonskipsbân bistien hawwe. Johannes komt yn syn skriuwerij gauris op de wearde fan de freonskip, giet dêr sentimenteel op yn, idéalisearret har; hoe'n forheven karakter hy der oan jaen wol, kin men yn, mar noch mear efter de rigels fan syn fers Oan myn frieun J... yn De Frîske Hûsfrieun fan 1860, s. 93, lêze. Friso stie yn it theologyske loftser as Johannes en hat syn freon dy kant ek wol mear úthelle. Allebeide seagen hja amper ûnderskie tusken har wurk foar Fryslân, har ethysk idéalisme, har krityk op dommens en falskens, en har trou oan de moderne theology. Al seit Johannes sels, dat er nimmen to nei komme mei, - ‘om't ik sa'n stik fen in notarisklerk ben, hwaens earste plicht it is, to swyen’ - dochs grypt er foar syn forhalen oanhâldend nei foarbylden út it deistich libben om him hinne. Hy kin wol aerdich fortelle, mar ûnderbrekt syn forhael hieltyd troch de preek, de moralisaesje of meditaesje. Hy stribbet wol nei in libbene styl, mar foar alles moat er it boadskip kwyt dat him op it hert baernt. Is er yn syn fersen - gâns aerdige | |
[pagina 397]
| |
minnesankjes, mar ek natuer- en religieuze lyryk, leedsangen, in widzesankje dat der wêze mei - wol gauris los en boartlik en jowt er soms sels bliken Heine lêzen to hawwen, yn syn proaza kin er him mar min fan de aktuéle problematyk frijmeitsje: fesinten, wit goed dat de drank in duvelsk kwea is; fammen, ‘tink er dôch hwet om, dat godstsienst it moaiste is hwet jimme forsiere ken’; tsjerkegongers, doch ôfstân fan alle húchelderij, wês dieders fan it wurd. Friso hat itselde; yn in skôging oer It Foaroardiel (De Folksfrieun, 1864, s. 75-90) is elke rigel polemyk, mar ek elke rigel bilidenis; hy jowt der lykwols net de foarm fan in forhael oan.Ga naar eind1). Johannes wol oer de rede hinne - mar altyd yn it reedlike - it hert fan syn lêzers reitsje. Foaral as er dat yn fersfoarm docht, ûntkomt er mar selden oan it pathétyske. Yn De Folksfrieun steane twa fan syn meast opfallende, greatere fersen, Des Weitsers Stem en In Liet der Profecy en beide binne hja in wrakseling om ta forheven utering to kommen, beide bifetsje hja goede, mar ek skriklik mislearre rigels. Dy troch de oratorium-eftige foarm en it Tsjibbe Gearts-eftige pathos hinne sjen kin, wurdt dochs troch de oprjochtens fan dit wurk troffenGa naar eind2). Baarda hat hiel hwat ôfskreaun - ek toanielwurk en journalistike artikels en polemiken - mar syn literaire produksje yn ingere sin leit dochs almeast yn de jierren 1858-1865. Hy is typysk de jongkeardel dy't om leafde en om wierheit siket en dy't de miswoeksen maetskippij ta sede en deugd herfoarmje wol. Oft syn leafde har op in faem of op in freon rjochtsje wol, wurdt net iens iderkear dúdlik; toant er inkeld net ris in lichte oanstriid ta it platonyske? Yn de striid fan de geasten stiet er fansels oan de kant fan it nije, it liberale, it loftse, mar dan net sûnder foarsichtichheit en sûnder in iepen each foar de wierheit fan oaren. ‘Ik ben net gereformeerd, ik ben protestant! Dêrom protesteer ik, forset ik my tsjin alles hwet ûs tobek fiere mat nei de tîd fen prîsterlike hearskippye. Wierheid wol ik, liocht, en nen skînsel fen profesters A. of B., nen wierheid fen domeny C.; mar IK sels scil dat liocht siikje en dy wierheid, sonder my oan dy fabelleare to steuren fen dy waenwîsen dy hiar sels Gods gezanten neame’. Dat skriuwt er yn 1861 yn De Frîske Hûsfrieun yn In letter oan Seakeleboer, in bjustere balstjurrige brief neffens Seakeleboer (Waling Dykstra), dy't him yn syn andert dan ek fyntsjes freget: ‘Scoe 't den ek sa ris wêse kenne, datste sonder 't sels to merken siuchste troch de bril fen mînhear B... H...?’ (Busken Huet). Bilêzen is Johannes Baarda yn elk gefal en - al fljocht er gauris as de bolle yn 'e reak - | |
[pagina 398]
| |
de sucht nei earlikheit ûntbrekt him net. Oan De Frîske Hûsfrieun fan 1864 draecht er in tige lang, mar faek libben skreaun opstel by oer ‘Bibellêzen’, fortelstof mei tapassing en kommintaer, of faeks noch earder oarsom. Alle orthodoxy forsmyt er net, ‘mar siuch, al to folle is în Frîslân it orthodoxisme it kalde, libbenleaze, it formelike onder de orthodoxen.’ Al to fûle partidichheit stjit him ôf en hy sjocht ek wol hwat fan de ûnfordraechsumens fan de radikael-liberalen, mar it bliuwt dúdlik hwer't er sels stiet. ‘It rasen tsjin de moderne theologie giet my wol net oan, omdat ik net bipaeld dêr by hear’, sa konstatearret er, mar der binne dan dochs twa sielen yn syn frijsinnich boarst en hieltyd swaeit dizze stridende siker nei de moderne kant oer, al soe 't allinne mar wêze om de karikatuer dy't de orthodoxy der neffens him hieltyd fan jowtGa naar eind3). Dat allegearre bisiket Johannes Baarda nochris stal to jaen yn in boekje fan tachtich siden, yn 1862 skreaun en yn 1863 útjown. In Profeet în sîn eigen Lân hjit it en it hat as ûndertitel In teikening. It is in geastlik selsportret en it hat safolle autobiografysks oan him, as it yn it Fryske formidden mar lije koe, hwat fansels net altofolle wie. De skriuwer moat wer in stevige kapstok hawwe, dêr't er syn fracht idéën en réaksjes oan ophingje kin; dat it spul gauris fan boppen komt, hat er net iens yn 'e gaten, hwant syn waerme en striidbere natuer hâldt net fan stean bliuwen. It doarpsromantsje hat soms wol aerdige dialogen en ek net minne karakteristiken, mar it hâldt gjin ôfstân. Eabele, soan fan in yn it forhael al forstoarne rike boer, is om syn stive skonk en ek om syn nocht oan lêzen, boekforkeaper wurden; hy is net troud, mar slagget op it lêst oan Antsje, in famke út in arbeidershúshâlding, in oerwinneling fan de mem, in ingel fan in bern, ek foar har sûpende heit. Eabete stiet hwat apart yn syn doarp; hy heart net by it selskip Het Morgenlicht - sokssahwat as in krite fan De Dageraad - mar ek net by de tsjinpoal dêrfan, de ôfskiedene tsjerke. Foar herberchssetten en -pretten fielt er net, mar ek net foar de ‘oefening’; hy is ôfskaffer en dat is hwat tige nijs en bysûnders. Folle wurdearring hied er foar ‘ûs foarige, echte liberale domeny’, binammen om dy syn winterlêzingen oer natuerkunde, ‘dy in 't earst wol tige forkettere waerden, mar dôch niunkelîtsen al mear en mear folk trieken.’ As der in nije dominy komt, dy't neat fan de Utrechtske skoalle en de Opzoomerianen hawwe moat, dy't koartom orthodox blykt to wêzen, bigjint Eabele sels mei folksfoarlêzingen - ien is yn it boekje ôfprinte, yn it Hollânsk - mar troch de tsjinwurking | |
[pagina 399]
| |
fan dominy moat dat ophâlde en Eabele rekket ‘by in bulte liu în wanachting.’ Mar al wurdt de profeet yn eigen lân net eare, hy wurdt net mismoedich: ‘Né, mei 't hert nei de himel en de himel în 't hert, socht hy op sîn eigen wei foarût to kommen, mei 't fêst fortrouen dat it goede nea forlern giet.’ It is in man fol tsjinstridichheden, dy Eabele, mar dat binne profeten altyd en yn Fryslân dôch. It romantysk en it rasionalistysk libbensgefoel yn him kinne it mar selden lyk fine. De freonskip wurdt wer as in himeiske jefte eare. Dat bigjint al yn de opdracht fan it boekje: ‘Oan dy, mîn stalke! wirde disse blêdden hillige troch dîn Johannes.’ Eabele syn freon in spe hjit fan Ids, mar hy moat earst troch de profeet pastorael bihannele - en dus ek ta ôfskaffer makke - wurde, ear't er de wiere freon is. Hwant: ‘De lieafde het faek mar ien, ien inkelde eachwink nedich om djiep în 't hert to sjietten; mar de frieunskip ken en mat net sa ringen ontstean. Hia mat, ear't de namme fen frieunskip bisteanber is, mannich tiidpark trochroan wêse, foar dat it heilichste fen de ûren komd is, dat twa geasten elkoar as broerren minje meye, twa stoffelike wêsens elkoar lêsen habbe în de siele, en mei de hândruk der troue ien bân, - foar 't each fen de Wraldgeast wol kenber, - knotte ha, twisken beider geast ien bân, en for îwich!’ Mar de ûre komt, dat it forboun sletten wurde kin en Eabele sjocht syn freon dan mei sa'n earnst en sa'n leafde oan, dat Ids dy eachblik yn syn siele fielt: ‘Ik freegje dîn hert, in hert dat for my klopje ken as for in broer în de geast. En den, nim as blîk fen mîn fortrouen disse rie oan: wachtsje yet hwet mei dîn bîslût, (om ôfskaffer to wurden) en doch lîk as ik die: bid!’ Dochs is Idse freonskip foar Eabele net mear as de leafde fan froulju. Hy hâldt allinne net fan de geafammen, dy't oars nearne fan witte as fan skrobjen en wettergriemen, fan tsjernjen en ierappelsieden, en dy't trochleard binne yn de boeremoade. Dêrom siket er it by Antsje, hwant dy hat ‘in hert fetber for deugd, en în in aerdich holtsje ek hwet soun forstân.’ Hoe fûl as Eabele' hert ek slacht, it forstân moat baes bliuwe. Dêrom ek moat it wûnderklaed fan de bibel ôflutsen wurde. De dead en de duvel binne poëtyske tinkbylden, neat mear: ‘De menske blieut libjen, de geast steart net.’ De werkomst fan Kristus is ek in poëtysk idé; nou moat hy komme en djip yn ús wenje. De bibel is, ‘allîk as alle bikende en mogelik yet onbikende saneamde heilige skriften - menskewirk. Hy is onforsteanber soms, as men de wralds- en godsbiskôging fen dy dagen do't er skrieun is, net în oanmerking nimt.’ Eabele en syn geastessibben wolle wol yn Gods wurd leauwe, ‘mar den | |
[pagina 400]
| |
sidse wy der by, dat wy sels frijheid bihalde wolle om, nei ûs însjen, dat wird fen God to siikjen.’ Hja wolle it ek wol hwat stûfer sizze: hjir wurdt gjin theologyske koal forkocht, wy binne sa domperachtich net, der mei wol ris in ein komme oan dy prysterhiërarchy. Hja leauwe net yn de stabilisaesje en kodifikaesje, mar yn de évolúsje fan de wierheit: ‘Yet altiid wirket de Wraldgeast în sîn skepping ta folmeitsing.’ De wei giet foarút en omheech, dêr is Johannes wis fan. It sil Eabele hieltyd better slagje, foar syn tinkbylden yngong to finen by de minsken, al is ek him de âlde klacht net frjemd: ‘Witnis en biskaving tsienne by de boeren wol hwet mear în achting to stean, en de mode en de pronk hwet minder.’ Mar de epilooch fan it forhael is fol moed en bitrouwen: ‘Profeten în hiar eigen lân, hia benne der sa riu! - Hiar lot is ek al 't lot fen de profeten by aids. - Dy în wierheid in profetiske geast het, scil lîkwol, ho ek bistorme, foracht, forkettere, net ophalde to tsiûgen, hwet de geast him seit. - De wrald wol it tsiuster, - mar hy dy Prester is, wol it liocht. Hy kondiget it moarnread ek to midden fen de nacht. Hy profeteert frede - to midden fen de storm. - De sake fen de ôfskaffing, hia is in bern fen de humaniteit. Neist hiar steane dêr folle forieningen, - bern fen ien mem, dy ek lîk as hia, de Menske în de menske sîkje op to wekken! - Profeten, dy it menskebern net allenne fry meitse wolle fen de twang der sonde, mar ek it folk forlosse wolle fen de twang der overlevering - fryheid, wierheid, liocht sîkje en forspriede;... de Master stiet oan jimme sîde; de Kerstus liochtet oer jimme paed. Oan alle ôfskaffers, mîn broederlike heilbea!’ Sa'n epilooch is in skoalfoarbyld fan it Fryske idéalisme, sa't dat yn 'e midden fan de njoggentsjinde ieu ûntstien isGa naar eind4). It is jong, it is nayf, it is waerm. Neffens syn idéologyske ynhâld stiet it net sa fier fan de tinksfear fan Hjerre Gjerrits van der Veen, mar it is frjemd oan dy syn wredens en rankune, oan dy syn ûnmooglike dwersbongelderij binammen. Hat Johannes Dirks Baarda it hwat mei de hurdkoppen, trochsetters en dwylgeasten yn de Dokkumer Wâlden fine kinnen? It soe ús gjin nij dwaen, dat syn freonskip mei Jitze Gerrits de Vries letter wol hwat forklomme is. Van der Veen seach er tige kritysk en dat sil er Gerben Postma ek wol dien hawwe. Hat er sels ek hwat fan it lot fan de Fryske skriuwer field, ienling to wêzen of to wurden? Hy hat noch oan de Burgumer krante en oan it Friesch Volksblad fan Oebele Stellingwerf meiwurke. Stellingwerf moat syn man ek wol west hawwe, stimulator fan in brede, folksaerdige, ethysk-idéalistyske en net anti- | |
[pagina 401]
| |
religieuze biweging as er wie. It liket der lykwols in soad op, dat nei it trouwen Baarda syn stridersfjûr frijhwat útbaernd wie en syn skriuwersdrift forkuolle; wy komme dan syn namme mar sporadysk mear tsjin. Ek dêr is er gjin útsûndering yn; it mei earder frysk-eigen hjitte. In bondeling fan it bêste wurk fan Baarda bistiet der net; yn dat stik hat sels syn heit gelokkiger west. Hy is forgetten en dat fortsjinnet er net; as net ûnbitsjuttend eksponint fan syn generaesje hat er rjocht op ús omtinken. By mar in bytsje skriuwers fornimt men ommers sá goed de bloedslach fan de tiid as by him. It boppesteande wol dan ek in bisykjen ta rjochtfeardich earbitoan wêze. |
|