Franz Kafka:
Foar de wet
Foàr de Wet stie in weitser. By dy weitser komt in man fan bûten en freget tagong ta de Wet. Mar de Weitser seit, hy kin him nou gjin tagong jaen. De man tinkt nei en freget oft hy dan miskien letter yngean mei. ‘Dat is mooglik’, seit de weitser, ‘mar nou net.’ Omdat de poarte nei de Wet iepen stiet as altyd, en de weitser oan 'e kant giet, bûcht de man him foaroer om troch de poarte hinne nei binnen to sjen. As de weitser dat fornimt, bigjint er to laitsjen en seit: ‘As it dy sa nei giet, bisykje dan mar nei binnen to gean, al haw ik it dy forbean. Mar bitink hoefolle as ik mânsk bin. En ik bin de weitser mei de minste macht. Fan seale nei seale steane der weitsers, de ien al mear mânsk as de oare. Ik bin net by steat en sjuch de tredde yn 'e eagen.’
Sokke swierrichheden hie de man fan bûten net by stilstien; it moast foar elk dochs mooglik wêze yn de Wet to kommen, tocht er. Lykwols, as er de weitser yn syn bûntjas, mei syn greate spitsnoas, syn tin swart Tartareburd, hwat better opnimt, bislút er leaver to tidigjen op tastimming dat er nei binnen mei. De weitser jowt him in stuoltsje en fynt it goed, dat er nêst de poarte sitten giet. Dêr sit er, dagen en jierren. Hy bisiket hieltyd talitten to wurden en de weitser wurdt wurch fan syn gefreech. De weitser nimt him faek even foar 't forhoar, freget him fan alles oer syn berteplak en oer in poarsje oare saken, mar it binne ûnforskillige fragen, út 'e hichte, en op 't lêst seit er aloan wer dat hy him noch net yngean litte kin. De man, dy't alles klear hie foar de reis, hat alles hwat er hat der foar oer, al is it noch safolle wurdich, om de weitser om to keapjen. Dy nimt wol alles oan, mar seit derby: ‘Ik nim it allinnich mar oan, datst net miene silst, dou hast net alles bisocht’.
Al dy jierren sjucht de man hast oanienwei nei de weitser. Hy forjit de oare weitsers en dy earste skynt him it iennige obstakel to wêzen dat him de tagong ta de Wet ûntkeart. Hy forflokt it ûngelokkich tafal, de earste jierren dryst en lûd; letter, as er âld wurden is, bromt er noch yn syn burd. Hy komt yn syn bernskens en omdat er troch it jierrenlang skôgjen fan de weitser ek de fligen yn syn bûntkraech ken, flaeit er ek de fligen him to helpen om de weitser oer to heljen. Op 't lêst wurdt syn gesicht minder en wit er net oft it wier tsjuster om him hinne wurdt of dat syn eagen it net mear