al en hwat er der net mei kin. Hy is wol sahwat de regisseur dy't De Sweach nedich hat.
Ik leau, dat soks ek wol bliken docht út de manier hwerop hja yn it iepenlofttheater fan De Sweach fan 't simmer Adam de Skepper spile hawwe. Dit stik fan de Tsjechyske bruorren Karel en Josef Capek is dêr yn 1956, ûnder regy fan drs. J.F.D. Sprock ek alris spile. It muoit my, dat ik dat doe net sjoen haw, hwant neffens de minsken dy't der doe wiene is in forgeliking tige nijsgjirrich. Sprock - dat is my fan oare dingen wol dúdlik wurden - tinkt soms, dat in stik fan niveau de goedwollende amateur boppe himsels úttille kin en ynspirearje ta spyljen, dat suver hast takomt oan hwat it yn sa'n stik wêze moat. Jef van der Heijden mei syn fiif jier ûnderfining op De Sweach giet der fan út, dat hy fan amateurs - op in inkele útsûndering nei - in subtyl spyljen net forwachtsje kin en dêrom siket er it (miskien wolris hwat to folle) yn uterlike effekten. En dat is better as it spyljen yn in styl, dy't sûnder goede foarming dochs net birikt wurde kin.
En fan foarming, sa hat de ûnderfining wol leard, komt yn greate amateurploegen net folle tolânne. Under de spilers fan Opsterlân wiene fan 't jier wer gâns nijelingen, ja sels guon, dy't net earder toanielspile hiene. Yn sa'n gefal makket allinne de regisseur, dy't fan de réaliteit útgiet, in kâns.
Adam de Skepper - wer echt in stik mei in boadskip, mar dochs mei gâns fine, humoristyske, ironyske trekjes - giet oer de minske, dy't de forneatiging fan de wrâld (net troch in kanon, lyk as yn it oarspronklike stik, mar troch in bom, lyk as Jef van der Heijden it hawwe woe) oerlibbet en op syn ientsje in nije wrâld skept. As ien fan syn figueren sels ek oan it skeppen slacht, rint it wer mis en de wrâld is noch neat fierder.
By de première waerd it stik to stadich spile; mannich spiler koe syn rol noch net goed oan. De Adam-figuer waerd to krampeftich troch Eppy Kylstra spile. T. Rook wie as Alter Ego goed en Jan Radsma - wol ien fan de bêsten op De Sweach - hat fan de Superman Miles wol hwat makke. Akke Radsma en Lysbeth van der Werf, twa ûnderleine spylsters, wiene ek goed. Eva lykwols, in wichtige rol oars, waerd troch Hanny Feenstra swak spile en dat hat binammen it earste part fan it stik gjin goed dien. Sa waerd dizze opfiering fan Adam de Skepper lang, mei in mannich sloppe einen, mar dochs ek mei mominten, dy't foar it moedich bisykjen fan spilers en regy in tankbere bileanning wiene.
It resultaet yn Jorwert wie better, mar ek gâns makliker to birikken. De soele premièrejoun makke it jin al net to swier om jin to forpleatsen nei it waerme suden, hwer't it 16e ieuske stik Dundo Maroje fan de Súdslavyske skriuwer Marin Drzic spilet. Mar ek de opfiering fan it stik het de eftergroun fan dizze loftige komeedzje tige akseptabel makke en boppedat is it Stinus Veldkamp, dy't oars ek al gauris hwat goeds prestearre hat, nea earder sá slagge om in passend dékor yn de Jorwerter notaristún to meitsjen. Sa wiene der dus al in mannich eleminten foar in goede opfiering fan dit stik, dat fier bûten Fryslân en lang foar ús tiid spilet. Tabe Beintema het it net allinne yn it Frysk oerset, mar ek biwurke en hy die it sà, dat it - sûnder oan tiid en ôfstân tokoart to dwaen - in biskate relaesje mei it hjoeddeiske Fryslân like to hawwen. Beintema arbeide handich en geastich mei de talen en birikte mei Italiaenske en Dútske forbasteringen komyske effekten.