coyannis is yn dramatyske foarmjowing de gelikense fan syn fiere foarfaer. Hy hat de stof frij biwurke en sels de struktuer fan it forhael nei syn hân set, sûnder dat der hwat essinsieels fan de trageedzje forlern giet. Krekt oarsom: troch de mooglikheden fan de film, it grandioze dékor, de wide romten, de dialektyk fan ljocht en tsjuster, kriget hja suver in diminsje mear. De taskôger merkt it amper dat der in bihoarlik ein stomme film yn foarkomt, men mist it wurd net.
Men ken it forhael. Agamemnon, de held fan Troje, komt nei tsien jier op syn boarch werom en wurdt formoarde troch syn frou Klytaimnestra en har minnaer Aigisthos en dan bigjint it eigenlike drama: de wraak fan Elektra en har broer Orestes op harren mem en har kearel. It is in spul fan grime en hertstocht dy't in minske, ek as er de gerjochtichheit tsjinje wol, forniele. In yntrigue yn de moderne sin is hjir net. Euripides wist ek neat fan ús psycho-analityske theoryen en dogma's, mar hy koe de minske en syn tsjustere djipten troch ende troch en om dizze fan syn wraek en syn wroeging forskuorde minske is it him to rêdden. De film fan Cacoyannis is like ienfâldich fan struktuer en like yngeand as minsklik drama. It geheim fan in great kunstwurk is noch altyd it ûnforklearre en ûnforklearbre geny fan syn skepper.
Cacoyannis syn kamera kin alles. De opnamen fan it lânskip ûnder it wûnderkleare ljocht fan de Grykske himel of ûnder driigjende tongerwolken, de ploegjende boeren, de wetterdragende froulju, de forduldich stappende ezels, binne hjir gjin oerstallige romantyk, mar yn it drama yntegrearre faktoaren. Ljocht en tsjuster wurde personifiëarre natûr, ûnmidlik bitrutsen op de minske en syn striid, syn hope en wanhoop, syn skuld, syn needlot en birou. De massale koardounsen binne filmyske hichtepunten. In seldsume klimaks is it momint, as Klytaimnestra troch har bern formoarde wurdt. Himel en ierde komme yn opstân, it ljocht dôvet yn opwaeijende stofwolken, swarte fûgels en fuortfjouwerjende hynders aksintuearje de ûntsetting fan it kritende minskekoar.
It drama wurdt treflik spile troch de greaten fan it moderne Grykske toaniel. Fier boppe allegear út lykwols riist Irene Papas as Elektra. Hja spilet as in flêsk wurden hertstocht. Djip minsklik is har forheftich birou nei de died. De film hat in iepen ein: twa jonge minsken dy't de skandlike moard op har heit wreke hawwe, moatte fierder libje, mar witte net hoe. Se hawwe har mem formoarde en mei dy skuld biladen fordwine se yn it driigjende ljocht.
INNE DE JONG