Wolnou, de aerdichheit bigoun foar my al fuortendaliks by it earste haedstik, dêr't dr. Fessard in karakteristyk yn jowt fan it Fryske lânskip en it Fryske folk. Om it karakter fan de Fries to bigripen moat men, neffens dr. Fessard, Fryslân sjoen hawwe by 't hjerst, ûnder de leadkleurige loften en by in iiskâlde wyn út it noarden. ‘De iensume pleatsen mei hwat skrale populieren der om hinne, de greate dekken faek dutsen mei in reiden tek, jowe smoutte oan de wenning en de skuorre. It slach stien fan de muorren fan dy pleatsen is hurd en somber fan kleur en dy somberens wurdt noch oanset troch it crême of it grijs fan de finsterkezinen’.
Wy komme mei dizze biskriuwing alheulendal yn 'e sfear fan de romantikus Jan Slauerhoff. Mar lit ús noch eefkes harkje nei dr. Fessard. Oer ús greiden skriuwt er, dat mollen hjir de sûre groun omwrotte (le sol acide) en dat skiep en swarte kij (vaches noires) melankelyk omdoarmje yn it fjild en de snút stekke yn it flanterige gers (l'herbe maigre). O, wis, wy hawwe ek ús fette lânsdouwen, mar de kij binne oeral gelyk, Fryske kij, biklaeid mei in rouklaed (robe de deuil).
Ljouwert is in plattelânsstêd, rêstich en boersk, mei in ûnbidich greate fémerk (son immense marché aux bestiaux), dêr't it aparte fan is dat de solide, izeren hikken keaplju en fé in militaire oarder optwinge. De trottoirs yn Ljouwert binne kreas en wurde goed skjin hâlden. 't Is hjir sûkerskjin. Dat is it wurd. De Gemeentlike Reinigingstsjinst kin wiis wêze mei dizze ûnbikrompen lof út Frankryk.
It is de auteur Fessard bikend dat de Hollanners gauris lekskoaije op de Friezen, dy't stroef en provinsiaelsk binne en der in eigen, ûnbigryplike tael op nei hâlde, in eigen Frysk kostúm (costume national) en sels in eigen flagge mei abstrakte emblemen (aux emblémes abstraits).
Mar dit is de nijsgjirrige skildering fan de bûtekant.
Wy komme nou ta de binnekant, by de Fryske siele, by de l'ame frisonne, dy't biskûle is efter in ynbannich antlit (derrière l'impassibilité du visage), dat bonkich is en glêd (osseux et glabre).
Efter dit Fryske masker libje sawol skrutenens as drystens (l'attrail de la peur et l'appel du danger). Der sitte eigenaerdige tsjinstellingen yn it Fryske karakter. It is oan 'e iene kant ‘rûch, hurd en net ôfkearich fan bloedich gewelf, mar dêrtsjinoer steane in sterk mienskipsgefoel (le sens du clan) en teargefoeligens (sensibilité du coeur)’. ‘De Friezen kinne inoar formoardzje om in hoekje groun en krije triennen yn 'e eagen by it sjongen fan krystlietsjes.’
It moaiste het dr. Fessard biwarre foar it lêst. Hjir folget de tekst:
‘Enfin n'oublions pas que, de tous les peuples envahis par les Romains, les Frisons furent les seuls à ne jamais se soumettre, les seuls à préserver leurs institutions et leur langue, qu'ils ont maintenue, du moins le prétendent-ils, jusqu'à nos jours.’
‘Mar ta bislút, lit ús net forjitte dat fan alle folken, dy't oermastere waerden troch de Romeinen, de Friezen de iennigen wiene dy't it net opjoegen, dy't har eigen ynstellingen biwarren en har eigen tael, dy't hja - dêr wolle se tominsten sels op út - ûnderhâlde oant yn ús tiid ta.’
Sa sjocht dus in Frânskman Fryslân en de Friezen. It lânskiplik byld dat dr. Fessard fan Fryslân jowt, komt my hwat karikaturael foar, mar hwat hy fan 'e Friezen seit klinkt wol goed, dat is to sizzen: net ûneigen. Skruten en tagelyk dryst, dat wie Jan Slauerhoff