Biologysk wûnder I:
‘Nou wurdt it bigryp “jongen krije” gauris troch in biwegingswurd = skokke oanjown; in kou smyt in fôlle’ (prof. dr. J.H. Brouwer yn De Pompeblêdden, nr. 5, jg. 1964). |
Biologysk wûnder II:
‘...ergens in het boek duikt ook nog een jongeman Masticot op, die - als u het zo gauw kunt volgen - een wettige halfzuster van de onwettige Bertine blijkt te zijn’ (dr. Anne Wadman yn Leeuwarder Courant, 20-6-'64). |
Feestreedner ds. J. de Kleine út Nijemardum op it prysterjubileum fan pater Amatus van Straten to Wytmarsum: ‘Ik herinner me nog zo goed de tijd dat ik vader werd.’ |
It út in sliepkuer wekkerwurdend tydskrift quatrebras, nr. 1, jg. 9, skriuwt: ‘In kunstner is in individu op himsels dy't fan in oar net folle ha moat.’ Opmerker: ‘Mar in oar moat faek wol folle fan him ha.’ |
Itselde tydskrift (blykber noch neigapjend): ‘Binne toanielskriuwers hjirre priemkeskouwers?’ Antwurd: ‘Sûnder mis, hwant men heart op har gearkomsten gauris de breidpriemmen tikjen!’ |
F.J. Bergstra by neipetear Tsjerne-middei to Ljouwert: ‘In kliché is eat dat de skriuwer noch nijsgjirrich fynt en dat de lêzer al lang forfeelt.’ |