De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 287] [p. 287] [Nummer 9] Sjoerd Spanninga: Lyts lofliet Dit is de gouden tiid fan wolfeart hjir op ierde der komt gjin ein oan syn triomfen minsken elk hat syn eigen kykkast en syn waskmesine sels de bline skald hâldt der it twadde gesicht en in ribskjin gewisse op nei ja skielk wurdt men noch berne mei in ynboude radio wol er ha halleluja de prizen fleane as raketten yn 'e hichte men kin se amper mear biëagje mar de bern sobje lustich op de condooms fan parken en portiken it libben brûzet der fleurich om troch en 't binne wier net inkeld de heidenen dy't har in slang om 'e earmtakke bine yn it lân fan de profeet efterlik as sok folk almeasten is bûten syn negoasje ek de kristenen witte fan krústochten ûnder of boppe de griene tekkens en balje mekoar tusken himellof en tôchklaver de hollen fan har rivalen ta wylst wy ús toboarsten frette oan it stomme oerskot by de fûgelweide hwant better in forklofte hân as in forkloft forstân neffens de knoffels gun de gekken dus it plankton dat ruoikjend delsweeft út in sé fol nachtfonken stjerrebloei dy't hiel de loft yn wite tover set mar de bêste gedichten wurde ornaris op in deakiste skreaun [pagina 288] [p. 288] mannichien hie der wol alles foar oer seach er ienkear noch de hynders ploeijen en de sinne dampen yn 't fordreamde ljocht de stille wazem fan it fjild... Regeneraesje Yn dy is wol neat út de oertiid bleaun hwant men wit der it neiste net fan? dol dan ris sa djip yn dysels myn freon dat men stjit op de modderen man mar rinne de minsken dy fiis foarby of men huft op syn eigen rombom tink oan de reptilen ûnder har pij en dyn hilligen komme werom. [pagina 289] [p. 289] Efter de traeljes... Efter de traeljes fan de wittenskip de rôfdiergalerij leit driigjend it gefaer stilbroeijend yn de lome dzjungel fan de middei waerme tigerkleuren weidreamd út de wyldernis by 't roerleaze gewelt dat yn har klauwen sliept mar dan ynienen kin it ljocht opflitse en troch de prachten fan har skouwing brânne griene fonken dûm fan drift de gleone eagen men sjocht de spieren hjitbigearich spannen oer de jacht-ynstinkten har sterke driuw en ûnbidimber wêzen machtich yn biweging kommen om dan fannijs fluwielich wei to dûzjen ûnder 't goudskerm fan de himel oant slûchtrêd hja it reid troch dwale bamboestêven skaedzjend op 'e hûd har evenbyld wylst tichtbiskûle paden har nei drinken jowe foar de nacht... [pagina 290] [p. 290] Ketterske kanttekening Ik wit it wie al yn de himelen bisletten it heil fan de tévé de kranten en rioelen foardat hja yn 'e hannen fan de minsken foelen hwa soe ek waenwiis wêze en stel Jo de wetten dus helje wy de dweilen oer de smoarge smoelen oant ider weardich fan syn eigen stjonkput skiedt mar mócht it barre dat in sjobis it bistiet en set it tsjin ús puriteinen yn 'e kant wol him dan luchtsje nei Jou heech bidoelen en hingje him to pronk foar elke komediant. It naesje De nazitiid hie syn warbere boalen hwant sloech men alaerm ta heil fan de sede hja kroepen út alle hernen en hoalen doe krigen miljoenen de rêst en de frede nou dogge de hearen wakker sabeare lykwols - ek al sjocht men oan sommige kranten dat hja har hantwurk sa gau net forleare - der binne mear as genôch sollisitanten! [pagina 291] [p. 291] Bus As hja de eagen opslacht sjocht men goudstof triljen yn it ljochtsjend donker de strieling fan har siel as hja se slút dan waeijerje de teisters har fluwielich op 'e wangen wy kenne mekoar net en dochs haw ik 't gefoel ik wit hast alles fan har ou har laits is helder en oprjocht springt iepen út it hert in bern hwer't men fan hâlde kin earne is hja my wol nei en docht it goed oan har to tinken tusken al dy oaren yn 'e bus soms hawwe party koppen de forware jierren rûch fan tearen yn it antlit etst jin fansels in soad to sizzen in libben dat wol djipper dûkt as harres rikt en likegoed wer sokken dy't jin neat fortelle as smelsichtige bilangen of de roune selsfoldienens fan de selfmade man mar dizze iene lûkt my alweroan út harren wei om't ik by har my yn 'e neite fiel fan in forwûnderlik bitrouwen dat net de dagen tilt en harren kwea swiersettich fan binearing mar der spontaen en hearlik noch mei boartet - der giet in frisse wurking en bikoaring fan har út [pagina 292] [p. 292] in sprankeljende jeugd dy't alle smoargens keart en elk bigearen mist of suvert ta in kostelik ûnthjit dat as de dauwe dounset op in roazerank en by it skieden hoopje ik yn stilte in sterke hân dy mei har hoedzje dizze prûze bloei dêr yn de greate stêd hwer't har de tuorren klear de loft yn sjonge oer 't wynderjende wetter en de minske op syn ivige ûntdekkingstocht... Vorige Volgende