De Tsjerne. Jaargang 19
(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 293]
| |
Fedde Schurer:
| |
[pagina 294]
| |
Bûtenpost en stie op 'e sprong om mei him nei Súd-Afrika to gean, doe't hja ús heit mette op in Sindingsfeest op Swarteweisein. Doe is dy forkearing útskuord en oardeljier letter troude hja mei ús heit. Sa op it each in lichtsinnich, modern aventûr, dêr't my lykwols in hiel oar ljocht oer opgien is doe't ik, jierren letter, de bitreffende briefwiksel yn hannen krige. Dat is to sizzen, allinne Heite brieven, dy't Mem biwarre hie, wylst hja har eigen mei sin weidien hie. It wie in oangripend stik lektuer, dizze meastal op lette jounen yn it retoaryske Hollânsk fan dy tiid skreaune epistels, dêr't Heit him almar piniget mei de frage oft hy nou de skuld is fan in oar syn ûngelok en oft er wol yn 'e rjochte wei is. Lit dat nou 75 jier lyn wêze, hwat is yn 'e skiednis 75 jier? Boppedat is it jins eigen heit dy't it skreaun hat. En it liket suver oft men in kleasterhânskrift ûnder hannen hat, men wurdt rekke fan in hiel oar geastlik bistean, dat jin frjemd is en jin ûnwennich makket. Ja, ús Heit is yn 'e Teijen opwoechsen as soan fan Tsjip Douwstra en Wim Schurer. As bern like ús dat al nuver, dat in pake in oare fan ha koe as in heit. Der waerd nea mei safolle wurden oer praet, en fragen, ek fan de âldere bern, wimpele Mem ôf, dat koe hja wakker bihyndich dwaen. Sa by stikjes en bytsjes is ús de wierheit, dy't as in dûnkere mythe op 'e eftergroun fan heite libben stie, hwat klearder wurden. Sa moat it likernôch west ha: Beppe hie as fanke fan achttsjin jier in plak foun, sa fan 'e Tyksterheide ôf, yn in weardshûs oan it Great Skavernek to Ljouwert, dêr't gâns soldatefolk kaem en dêr't it fleurich om en ta plichte to gean. Ut en troch kaem der ek ris in jonge keapman, út de famylje fan in stoffefirma mei in Westfaelske namme, dy't it mear om it aeilaem as om it earlaem to rêdden wie, en op frije jounen hold er ús beppe faek selskip. Wol moast it tige tomûk gean, hwant syn folk wiene dwaende lju en boppedat goed Roomsk. Mar hoe mear tomûk, hoe fûlder it doe ek al like to frijen, en doe't beppe him der lang om let goedermoedsk oer ynljochte dat hja swier wie, bistoar er as in lyk. Hoe't it mankundich wurden is sil gjinien mear fortelle kinne, mar de pastoar rekke op 'e hichte, en doe't hy bigoun to praten fan ôfkeapjen en sa, sei dizze hoeder: Gjin merakels, dû bist de heit fan dat fanke har bern, dus bist har man en troust mei har. Mar pastoars seagen de dingen doe ek wolris hwat roaskleurich yn. De feint, sa sil ik him mar neame, is, al of net | |
[pagina 295]
| |
ûnder meiwurking fan syn âlden, útpike nei Amearika, en beppe bleau mei har bringst en har wanhoop sitten. Sa nei hûs gean, mei dizze skande nei de Tyksterheide, dat koe net. Dy't yn dy dagen hwát heit wie, moast yn sa'n gefal neffens in fêste formule sa'n fanke op it minst ‘de poaten stikken slaen’, al wiene de earme lju hjir barmhertiger as de bigoedigen. Dat hja bleau salang as it koe op har post oan it Skavernek. Salang as it koe, dat wie oan 'e ein ta, doe't de poppe him oantsjinne en ûnder 'e hoede fan in pear bihelpsume froulju to wrâld kaem. As it net to lang duorre, koe it widske salang wol yn 'e jachtweide stean. En dêr is it lytse jonkje, dat letter ús heit wurde moast, mannich kear ûnder tapaslike harmoanikamuzyk troch in guodlik soldaet yn 'e sliep widze. Dat hat in minne tiid foar ús beppe west. Hja hat my, doe't hja al oer de de sawntich wie, ris snokkend forteld dat hja op in wanhopige nacht it bern tsjin it bedsket oankwakt hie, om der mar ôf to wêzen. Mar ús heit hearde by it soarte dat soks oerlibbet, en der ek gjin trauma fan skipet. Alle grime slyt út, en it kaem safier dat beppe mei har bern dan yn 'e goedichheit mar wer thúskomme moast. Dêr ûntfong Bouke Schurer, de âld pontonnier dy't mei Napoleon (Napke, sei er amikael) nei de Beresina west en der in skonk by forlern hie, har plichtmjittich grânzgjend, en Beppe briek yn snokken út. (Alle minsken skriemden doe folle mear as tsjintwurdich, dat blykt ek út âlde literatuer). De pontonnier, dy krekt in bakje mei blauwe wâldtsjes siet to skilen, seach it gefal earst hwat wantrouwich oan, mar it duorre net salang of hy hie it bakje njonken de amer set en it jonkje op syn iene geve knibbel naem, wylst de houtene skonk der rjochtút by lei, en wie, earst hwat skruten en doe foarser, stoatlich bigong to sjongen:
jij zult het zien en ondervinden
het hele regiment is naar de maan
Dat like dus bêst. En sa bleau Wim tonearsten thús. Fan har Ljouwerter freon hat hja nea wer tael of teken heard. Of né, sa is it net alhiel. Der moat ienkear in brief kommen wêze. Ut Amearika, sei de postrinder, en dêr wie sawn stûren fracht op. Wim wie doe allinne mei it jonkje thús, en hja wist dat sawn stûren hjir in slompe jild bitsjutte. Dat hja sei: nim him mar wer mei. En dat hat dan de útsetter west, bihalven dan dy advertinsje yn 'e Ljouwerter, mar dat wie jierren en jierren letter, dêr't yn to witten dien waerd dat dy-en-dy (mei de namme kaem it út) op syn safolleste jier (mei de âlderdom kaem it ek sahwat út) yn Wisconsin Texas forstoarn wie, noch | |
[pagina 296]
| |
wakker ûnfoarsjoen, mar foarsjoen fan de hillige sakraminten fan 'e stjerrenden. Dy advertinsje hat beppe net iens lêzen. Wim wie nou wol thús en koe har bern sels rêdde, mar fierders soe it yn it wyld opgroeije as it âld minske him net hwat bybrocht oer hâlden en dragen en oer de ivige dingen, hwant fan de pontonnier gong yn dit stik minder as neat út. Flokken en rûge soldatetael koe it bern fan him leare, mar bidde bygelyks, ho mar. Dêrom, as it bern mei beppe op it ierdapellân wie en hja ieten dêr har brochje, dan sei hja: nou moatst earst dyn bannen geardwaen en dyn eagen ta, en siz dan beppe mar nei: aller ogen wachten op u en gij geeft hen hun spijs te zijner tijd amen. Hja wist it sa krekt ek net, en hja wie net lettere, mar dit wie dochs in gebet en in goed gebet. It hat by ús heit in libbenslange yndruk neilitten. Likefolle as dy oare formule, dy't beppe soms út de groun fan har hert sizze koe as hja ris in kear neffens har sin lekker en oerdiedich iten hie: ‘Och, dat nou alle earme minsken nou sa sêd wiene as ik, en de riken noch sêdder; boarstten se dan boarstten se’. Dat hearde net sa aerdich fansels, mar beppe wie mar in ienfâldich sloof, en it wie as in utering fan tankberens miend. In skerpe heugenis hie ús heit ek noch oan 'e jounpraterijen, dy't winterdeis soms yn 'e spitketen holden waerden. Dan siet der in omsittend laech by de fjurpot, der hong in panne mei rapen en ierdapels oer dêr't elk in steal fan opskept krige. Dan die de pontonnier forhalen oer de tocht nei Ruslân, en de iene nei de oare bigoun to fortellen oer hwat him wjerfearn wie yn it stik fan spoeken en foartsjirmerij. Dan huvere it bern, en hy tocht oan dy wide, tsjustere heide rounom, fol gefaren en drigingen. En hy kaem earsten ta rêst as hja meielkoar it liet ynsetten:
Loof aarde loof alom den Heer, ut ré
dient God met blijdschap, geeft hem eer, ut ré
komt nadert voor zijn aangezicht
zingt Hem een vrolijk lofgedicht
ut ré mi fa sol la, ut ré mi fa sol la.
Ien fêste bisiker wie der, dy't elke sneinejoune weromkaem. En dy bie altyd in apel of in pear njuete nuten en soms in pûdtsje mei suertsjes foar him. En dy lange skredige feint praette lang mei mem. Oant it op it lêst safier wie dat hja de klinte forlieten om by dizze man, dêr't mem mei troude, yn 'e Teijen to wenjen. Dat wie Tsjipke Douwstra, dy't in bêsten heit foar him wurden is, en dy't ik altyd as myn pake kennen haw. Mar heit hjitte Schurer en dat bleau sa. | |
[pagina 297]
| |
Neffens hwat ik sa foar en nei fan heit heard ha, is der fan syn skoalgean net folle op 'e hispel kommen. Fan it sechte oant it achtste jier - nou ja. Heit hie foar syn tolfte jier al yn 'e lynbaen west, en by de wever, en by de boer, faek mei de binde nei 't ierpellân. Hy moat him dêr wol ienlik field hawwe, binammen omdat er net meidwaen koe yn de noch al rûge fordivedaesje. Ik haw alteast letter, doe't ik niget bigoun to krijen oan folkloristyske saken, fan heit nea in tekst loskrije kinnen fan de dêr songene lieten. Hy achte dy dingen idel en goddeleas en woe se foar gjin noch safolle trochjaen. Heit wie in fromme jonge, dy't him al tige ier biwust makke foar Gods oantlit to libjen. Foar it neiste moat er dat fan 'e kristlike skoalle meikrigen hawwe, hwant thús lei it op dit stik tocht ik net sa tige nau; ik haw letter alteast wolris murken dat Bouke (ús heit) noch al achtslein waerd om syn thús wêzen yn geastlike dingen. Beppe wie goed, oant djip yn it sentimintéle ta (hja gûlde like lûd fan blidens as fan fortriet) en pake Tsjip wie in ienfâldich, nommel man mei uteraerd net sa'n wide kym; ik leau net dat er lêze of skriuwe koe. Wol haw ik him letter faek, doe't er in lytse negoasje hie mei in hounekarre, mei boerekryt rekkenjen sjoen. Ek de soannen, Douwe en Gaitsen, hawwe ús heit altyd as in broer en hast mear as dat, bisjoen. Pake Tsjip hie, faeks mei ûnder ynfloed fan heit, in greate earbied en krektens yn it stik fan 'e snein. Ik wit noch dat hy der ris tige lêst fan hawn hat, doe't er him gean litten hie tsjin in tûke skieppekeapman, dy't him sa by syn noas lâns frege: As 't nou gjin snein wie, Tsjip, hwat soestû dan foar dat skiep freegje?
Sokke minsken kamen net faek fan 'e pôlle, en dat biheinde de petearen wol tige. Pake hie yn syn trouwen ris in pear wiken nei Grou west to ûngetiidzjen, en dat wie in great ding yn syn libben. Al langer lyn wie syn tsjinsttiid, in gloarje dy't nea werom kaem en hast mythologysk waerd. Mei syn hwat heas lûd koe er ûren fortelle oer dy dagen by de grenadiers en jagers, doe't er in unifoarm mei wite fangsnoeren en in lange sabel droegen hie, en hoe't der gjinien wie dy't sa mei de hynders omgean koe. En it hichtepunt wie it forhael fan it oproer yn Leiden, dêr't it hynstefolk oan to pas komme moast. Somlike idéalisten miene wolris, dat men ienfâldige minsken der net maklik ta kriget om op har ûnfortúnlike mei-arbeiders, dy't troch honger en illinde yn opskuor rekke binne, yn to sjitten of to houwen. Ik leau, op groun fan pake syn forhael, dat it oars is, en dat krekt dizze goede minsken har fuort en | |
[pagina 298]
| |
folslein ien meitsje mei it unifoarm dat hja drage en springe op it bifel dat hja krije. Net allinne mei de eangst, mar ek mei de greatskens en de grime fan de midsieuske hearrige, dy't de kleuren fan syn foarst folge. Ik hear it pake noch fortellen: Hja stiene mei de messen en mei de balstiennen foar ús, en skreauden: ‘honger, honger!’ Wy moasten earst stil stean bliuwe. Mar doe rôp de kaptein ynienen: ‘trrrek uit sabelll! voorrrwaarrts, marrrs!’ En doe woene hja wol omlyk; sei pake dan, ‘och man och man, hwat stoude dat naesje.’ Der hat nea in spoar fan twivel oer gelyk of ûngelyk yn dizze saek by him west, en it wie it stuit dat er it libben ienkear great bilibbe hie. Mar jitris, dat moat net yn 'e kiif stean, hy wie de goedheit sels. Us heit hat tige bislist gjin wylde jeugd hawn. Merkehâlden, dounsjen, kaertspyljen en al dy dingen hat er him fier fan holden. Hy wie sa't men sei ‘fyn’, en der bistie foar him ek gjin probleem ‘kristendom en kultuer’. De wrâld gong foarby mei syn bigearlikens, en men moast sykje nei de ivige dingen; dat wie him ynmoed. Syn godstsjinst wie piëtisme op syn bêst, en joech him de romte en it útsjoch, dy't syn maetskiplik biheinde krite him net jaen koe. Sadwaende libbe er foar de knape- en feinteforiening, en letter foar it sneinsskoallewurk, dêr't er altyd warher yn wie, hwant hy koe moai fortelle. Yn 'e sosiale biweging hat er him nea net bijown, ik tink, omdat dit ‘wrâld’ wie, it forgonklike, fan gjin bitsjutting by de skatten yn 'e himel. Sadwaende haw ik by him ek nea hwat murken fan ûnfrede mei syn biskieden maetskiplike steat; hy wie altyd tankber foar hwat er hie en bigearde net mear. Oft dit in deugd op himsels of in flecht út de feiten wie, stiet net oan my om út to meitsjen. En hwat dy feiten oangiet, dy leine sa, dat ús mem letter mei seis, sawn goune yn 'e wike dochs mar bisykje moast de eintsjes oanelkoar to krijen. Gjin ûntofredenens dus, mar wol langstmen en idéalen. Heit hat as jonge in tiidlang sindeling wurde wollen. Hy hie der fansels in fierstento ienfâldich idé fan, en de iene dominy nei de oare hat bisocht it him út 'e holle to praten. Der wie op 'e feinteforiening yn Drachten noch ien, Hindrik sil ik him mar neame, dy't der ek gauris op om praette, en it wolris mei heit bisykje woe. It is op in bittere ôffal útdraeid, en Hindrik hat it oer in oare boech smiten; dy rekke oan 'e drank. Oft dat út wanhoop wie of dat it him nea sa djip sitten hie, ik wit it net. Mar as Hindrik faek yn letter jierren de herbergedoar efter him sleat en hwat to lûdroftich troch de nachtlike strjitten fan Drachten lavearre, plichte de polysje, dy't him nei it | |
[pagina 299]
| |
hounegat loadste, syn tragyk gear to fetsjen yn 'e wurden: ‘Fan sendeling op swendeling.’ Us heit hie fieling foar dit soarte wrange humor, oars hie er my dit forhael net sa geef oerbrocht.
Doe't ús heit achttsjin jier wie, hat er bilidenis dien yn 'e grifformearde tsjerke. Foar him wie dat gjin formeel ‘oannimme litten’; men moast witte hwer't men foar stie en hwat men oandoarst. Dêr stie it moanjend tsjûgenis yn it formulier foar it nachtmiel: ‘...hwant dy't ûnweardich dit brea yt en dizze tsjelk drinkt, dy yt en drinkt himsels in oardiel’. Sokke wurden leagen der net om. En heit wie sa bang om him hwat oan to eigenjen dat him net takaem, bang dat er himsels op in stuoltsje fan eigengerjochtigens sette soe. Hwat er my fortelde oer syn striid yn dizze saek biljochtet op bysûndere wize syn suver franciskaenske libbenshâlding: ‘Ik roun dy deis fan to foaren by de greiden lâns, ik woe allinne wêze om mei mysels ta klearrichheit to kommen. Doe stie der in kou, mei de kop omheech, en dy seach my oan mei syn greate ûnskuldige eagen, dat it my troch alles hinne gong. En ik sei: Earm beest, dû koest better bilidenis dwaen as ikke.’
Folle biwitten oantinkings oan myn earste fiif libbensjierren haw ik net. Hwat men mient yn jins ûnthâld to hawwen stammet faek fan forhalen, dy't letter yn 'e húshâlding dien binne. Op in beukerskoalle haw ik net west. Ik swalke hwat om hûs en hear, binnen inge grinzen dy't wiid liken, op 'e helling, tusken de blokken en tartonnen, by it hûs fan 'e baes, dêr't twa parrebeammen stiene en dêr't in druvestrûk by it dak opkroep. De hellingmannen hawwe grif hiel hwat freonlike dingen tsjin my sein, dy't my, mei har nammen, forgetten binne. Nuver dat men de ûnaerdige dingen, de skrikeffekten, skerper ûnthâldt. De pikjonge, Evert hiet er, koe soms, as ik yn 'e wei siet, as in duvel op my tasjitte en dan sei er: ‘Oe dû rare, de bok pakt dy’. De baes hie twa jonges, Pyt en Geart, dêr't ik wol mei boarte, mar de iene wie hwat greater en de oare hwat lytser as my, en dat jowt op dy jierren in hiel forskeel. En sneins nei tsjerketiid wiene der de lange tochten nei pake en beppe yn 'e Teijen, foar myn ûnthâld forboun oan sealjebledtsjes, krúsbeijen mei lang hier, in slypstien en in wettertonne. Fierders wie de wrâld bûten de helling frjemd en fijannich. Efter de kalkovens stiene wenweinen, dêr't, sa't Pyt my fortelde, de Biggen en de Lappen yn wennen. Dat sille wol skelnammen west ha. Ienkear, | |
[pagina 300]
| |
doe't ik dêr geskreau hearde, bin ik nei de kant fan 'e Dwarsfeart flein om dêr ta myn ûntsetting in frommis to sjen mei it hier wyld om 'e holle en de hannen yn 'e loft, dy't skreaude: ‘Hja sette 'm nei mei it blanke mes!’ De dramatyske feiten dy't der grif om hinne lein hawwe en dy't ik ek wol fortellen heard hawwe sil, binne forgetten sûnder it minste spoar nei to litten. Inkeld dizze tekst is yn myn ûnthâld bleaun. Us lytse went op 'e helling wie in iepen hôf foar gasten fan great forskaet. Bihalven de gewoane kunden út de wurkkring fan tsjerke en sneinsskoalle sleat ús heit gau forbining mei hellingjende skippers, dy't dan ris mei de frou delkamen. Us mem wie dit net altyd like wolkom, ek al omdat der wer de nedige bisiken werom oan forboun wiene. Bitiden diene har dêr oangripende mominten by foar; sa wie it b.g. dat ús mem ris in kear it thédrinken by in skippersfrou hwat op 'e romte holden hie: ‘hja soe wolris sjen’. Mar doe naem de skipper de moarns op 'e helling ús heit efkes apart om him oan to stean dat de frou it dochs frâl dwaen moast; en sahwat mûskopjende foege hy deroan ta: ‘der is ek sprake fan in ûns koekjes.’ De Haulderwiker bokskippers wiene fêste gasten, en mei nijjier stjûrden hja in sels opmakke en birime nijjierswinsk, dêr't dizze rigels noch fan by ús as bern yn it ûnthâld hingjen bleaun binne:
ik wens dat u dit jaar geen ongelukken hinder
ik wens Here kinder.
Dit soarte sitaten hawwe gâns fleur yn ús jeugd brocht. Yn kritike sitewaesjes wie ús klintsje faek in spelonk fan Adullam, net inkeld om rie en die, mar ek om biskerming to sykjen. Op in nacht doe't it freeslik swier waer wie (ek dizze forskynsels bilibbe men yn dy tiid folle dramatysker as nou), kamen der trije minsken by ús ynflechtsjen om hwat treast en bimoediging. De lêste wie Knjilliske, de bolkoerrinster, dy't as opjage wyld nei binnen fallen kaem mei de wurden: ‘Red u om uws levens wil’. Knjilliske wie ek foar my in bikende figuer mei har kuorren. It sjerpboltsje dat ik mei sinterklaes ris in kear út de koer krige, yn 'e foarm fan in ein, mei in krint as each, sil my nea wer forjitte. Knjilliske hat ris in aksidint mei de tsjerkeried hawn, ik wie noch to jong om to bigripen oft hja har yn 'e leare of yn it libben misgien hie, mar yn elk gefal roun it noch al heech en hja rekke ûnder censuer. Ek de wurden dêr't hja har mei by ús mem oer dizze saek biklage, binne ûnder ús hingjen bleaun: ‘Nou moat Griet ris bigripe, nou ha hja my ek noch ûnder 'e suresyng set.’ Dat liket letter allegear wer ynoarder kommen to | |
[pagina 301]
| |
wêzen. Alteast, doe't it krystfeest wie, forraste Knjilliske de kommisje mei in lúsjefersdoaske fol dûbeltsjes (hwer't men út sjen kin hoe bitreklik sels de oarspronklikens fan Mies Bouman in heale ieu letter wie) dy't hja foar dit feest opgearre hie. Hja stie it ôf ûnder bitingst dat it doaske oan 'e krystbeam hingje moast en dat it gedicht, dat hja der by makke hie, op datselde sté foarlêzen wurde soe. Sadwaende hat ús heit de tekst fan dat gedicht ûntholden. It wie sa:
De kerstboom in 't midden gehuld
en daar de zondaar omheen met zijn schuld
en God er omheen met zijn zegen
zo zijn wij elkander genegen.
Sa kin men sels de suresyng lyrysk oerlibje. Ek in tiidlang hat Piter Bruinsma de komst by ús hawn. Dizze namme sil in hopen sportlju yn Fryslân noch wol heuge; Piter wie in forneamd hurdrider, dy't it wrâldkampioenskip op syn namme hawn hat. En ik leau dat er noch mear op syn namme hie, hwat wol yn forbân brocht waerd mei syn forfarren nei Amearika. Mar hy wie nou werom; hy hie in sleepboatsje, en kaem faek del mei syn frou, in kleijerige figuer, dy't Jenny hiet en allinne mar Ingelsk praette, sadat ús mem der net folle mei wurde koe. Piter Bruinsma neamde ús heit ‘broer’ of ‘broerke’. Hy wie nammers bikeard, hie him by it heilsleger jown en makke in skerp ûnderskie tusken de âlde Piter dy't er west hie en de nije dy't er nou wurden wie. In inkelde kear wie dat wolris net sa maklik. Sa krige hy ris in oanfarring mei in skipper yn 'e Langewyk, dêr't beide elkoar de skuld fan joegen. De rûzje roun op it lêst sa heech, dat der útdagings dien waerden en beide mannen op 'e wâl sprongen om de fete to sljochtsjen. De skipper hat grif net witten hwat âld sportliuw hy foar hie, en lei al sahwat útteld doe't ús heit fan 'e helling ôfkaem, om Piter ta rede to bringen. Dy stie al wer oerein, sloech him de moude fan 'e klean en sei: ‘Ja broer, dat wie de âlde Piter.’
Feten en fjochterijen, ek yn 'e foarm fan mear ideële striid, sieten de Drachtsters wol yn it bloed, en ik haw de forheftigens fan dit libben wol om my hinne brûzjen field, al bigriep ik der neat fan. Der wiene de fûleindige gearkomsten op 'e seal fan 'e Phoenix (sprek út Poeniks) dêr't Piter Jelles Troelstra spriek, en dêr't de jonge soasialist Jansonius (de lettere boargemaster fan Ljouwerteradiel) it bistie en hingje doctor Kuyper sels yn 'e kaem. En it is Hindrik Hoanne in kear oerkommen, doe't er it | |
[pagina 302]
| |
wurd fierde yn in gearkomste mei ‘debat gewenscht’ en krekt oangripende wurden sprutsen hie: ‘en als die nieuwe, rechtvaardige maatschappij komt, dan...’ dat in rûch lûd út de seal skreaude: ‘Dan moatte hja dy alderearst dyn greate bek snuorje!’ In yngreven frijdomsbisef mei in net altyd like helder doel oer mienskipsoarder, lyk as dat yn 'e Walden mear foarkaem hat, tinkt my, yn Drachten it libben noch alris yn roer set. Folksgerjochten wiene yn dy tiid ek noch net sa frjemd, ek al kaem it hiele doarp der net oan to pas. Sa hinget noch yn myn ûnthâld it forhael dat Hindrik Blom, de turfskipper, ús ris die oer de âld doarwarder, dat in man west hie mei in aertsfaderlik burd en in duorjende toarst. It stie fan him bikend dat er by de haedbrêge, dêr't nou in bakkerssaek is, mar doe noch in herberge wie, altyd de hoeke mijde om de hypothenusa to nimmen, skean troch de taep. As hy dan de twadde doar útkaem, fage er him mei de rêch fan 'e hân oer de snoar en sei tsjin 'e tafallige foarbygonger: ‘Dat snijdt af.’ Dizze man wie in libertyn, in bern fan 'e forljochting, mar ienkear fordwaelde er mei in freon, dy't itselde swak foar geastryk drinken hie, op in sneintomiddei yn tsjerke, dêr't hja togearre yn in bank delsakken en forheard it lûde psalmsjongen ûndergongen. Mar doe kaem der in ding dêr't hja net op rekkene hiene, de kollekte. De doarwarder seach forwezen nei it foar him skommeljende ponkje, hy groef al syn bûsen leech en stalde de ynhâld op 'e bank, mar koe nearne jild fine. Hy loek oan syn skouders, makke in brede swaei nei de diaken en rôp lûd: ‘Letter mar offerje!’ En om gjin twivel oan syn goede wil to litten, skreaude er der noch oerhinne: ‘Hwant wi hâlde fan offerjen!’ De gemeente wie yn it sjongen krekt tusken twa fersen yn, dat dizze útroppen klonken lûd en joegen wakker opskuor. Foar de koster foldwaende om syn plicht to witten. Mei in oarenien helle er de doarwarder út 'e bank en sa'n bytsje hingjend tusken twa yn brochten hja de man, dy't der neat fan bigriep, nei bûten. De freon bleau sitten, yn de tryste steat fan in dronken minske dy't syn oanhâld kwyt is tusken safolle nofteren lju. Mar nimmen yn 'e bank dy't him hwat tomjitte kaem. Doe, om de ienlikheit to forbrekken, kearde er him om en rôp tsjin de man dy't efter him siet, boppe oer de preek hinne: ‘Hwat gong dat niis mâl mei de doarwarder, net?’ En Hindrik Blom biëine syn forhael yn 'e styl fan 'e Handelingen: ‘en de fuotten dergenen, dy't de doarwarder útdroegen hiene, stiene ré om him ek út to dragen.’ | |
[pagina 303]
| |
Dizze doarwarder, gjin kwea minske oars sa't men bigrypt, hat ienkear in folksgerjocht oer syn holle helle. Dat wie sa: der wenne op it Noard in earme widdou, dy't de hier net opbringe koe en nou by eksploat út har hûske set wurde soe. Fansels bleau sa'n foarnimmen net forhoalen, en sa waerd it ek bikend by in ploechje hynsterossers yn 'e Folgeren. Mei de doarwarder prate, in brief skriuwe? Hja holden fan mear rjochte wegen as de slingerpaden fan 'e proseduere, en fetten har wei gear yn it wurd: ‘Bidrave’. Dat bitsjutte dat de doarwarder op in roettsjustere joun, op wei nei hûs, troch fjouwer man opwachte waerd dy't him ûnforbidlik noegen om effen mei to gean. Op 'e Folgeren hat ien him doe by it burd krige as in hynder by 't bytling, efter him hearde er it oanmoedigjend klappen fan in swipe, en sa binne hja twaris mei him de Folgersterloane op en del draefd. Hy mocht earsten nei hûs, doe't er hymjend ûnthiet dat er al it minsklik mooglike dwaen soe om de útsetting net trochgean to litten.
Ja, it wie in rûge wrâld doe, safolle foar de tiidrekken fan Philips. De fete en rêd en heech opflamjende gefoelsbiwegingen setten har yn alle formiddens troch. Der hat yn dy jierren fuort nei 1900 in bittere striid west yn it formidden fan 'e kristlike skoalle om de figuer fan it haed, master Kroese. Hwer't it krekt op fêst siet soe ik net sizze kinne, mar wol wit ik dat it tij heech gong, en ek wol dat ús heit in fûl partijgonger fan master Kroese wie, tsjin de opgeande stjerre fan master Jongejans. It skeel sette him sels troch yn 'e tsjerke, dêr't dominy Siertsema wol bisocht op in bihyndige wize troch tapaslike preken oalje op 'e weagen to jitten, mar it is him, tinkt my, mar foar in part slagge. En midden yn 'e striid rekken wy fuort, nei de Lemmer. Hoewol ik noch seis jier wurde moast, haw ik dochs yn Drachten noch in skoftsje op skoalle west. Ik haw der neat gjin omtinken fan oerholden as dat ik net woe, en elke kear oer de draei de oare kant útsette. Dan moast heit fan 'e helling komme om my dochs op it goede paed to bringen. Faeks haw ik troch dit ynderlike forset wol alle oantinken oan dit bilibjen weitreaun. Ja, ien ding wit ik dochs noch. En wer krekt hwat raers. Wy koene dêr yn skoalle sa fan it iene lokael yn it oare sjen. Ik siet by in juffrou, en hie it each op 'e klas fan 'e master. Dêr hat him doe dit ûntsettende taferiel yn myn geast snien. Dêr yn 'e klas fan 'e master, dêr't alle bern sieten, stie ien jonge rjochtoerein yn it paed. Hy stie dêr mei in laei, dat er yn syn beide hannen omheech hold. Ik bigriep dat er it | |
[pagina 304]
| |
net dellizze mocht, en ik seach syn hannen skodzjen. It wie in skippersjonge, hja leine by de helling. Doe hearde ik ynienen mei in skel jongeslûd ‘godfordomme’ troch de klas skreauwen, dat freeslike flokwurd, dat men ûnder gjin bitingst sizze mocht. En tagelyk klettere it laei yn diggels op 'e flier. Fierder wit ik der ek neat mear fan.
Wy forfearen nei De Lemmer. It hûs waerd leech helle, alle guod kaem yn it skip fan Jetse Schokker, en wy moasten der sels ek yn. Tibert, ús swarte kat, bleau knypeagjend yn it lege finsterbank sitten. Hy koe net mei, en Pyt en Geart soene goed op him passe. Drachten wie histoarje wurden. Hwat is it foar my? In eftergroun fol ûnforklearre fielings, earste yndrukken en trochjowne forhalen. Dochs in eftergroun dy't ik net kwyt wurd. Doe't wy in pear wiken op 'e Lemmer wennen, kaem der in brief fan 'e baes út Drachten. Der siet ek in kladtsje fan Pyt by yn foar my, fan dizze ynhâld: ‘Uw kat is doot. Halbe heeft hem verdroken.’ Dat haw ik doe as tige ôfdwaend field. Pake en Beppe bleauwen yn Drachten, Gaitsenom en Douweom ek. Mar fan it doarp forfrjemden wy, ek al soe ús yn 'e hos op 'e Lemmer nea in wurd Súdwesthoeksk ûntkomme, likemin as bûtendoar in wurd Drachtstersk. Ik moast earst oer de middelbere jierren hinne wêze, ear't ik my myn djippe bining oan Drachten wer taestber biwust waerd. Doe, yn dy lettere jierren, haw ik wol op 'e âld draei stien yn it wetter fan 'e Langewyk to sjen, en mysels bitrape op it fielen: ‘Dit is wetter.’ Alles hwat ik letter sjoen ha wie mar surrogaet, sabeare wetter. En doe't ik fan 'e famylje Van der Werf in par krige, fan de âlde beam, wist ik it ek: ‘Sa smakket de iene, de wiere par. Alle oaren binne mar sabeare parren.’ Doe't ik al hast fyftich wie, haw ik nochris forheard nei de âld Kroese-skoalle sjoen. Hy stie fuort by de helling, in stapmannich mar, en foar myn bigryp wie it in hiele ôfstân. Doe haw ik yn myn twivel in frou dy't der wenne, frege: ‘Stiet dy skoalle der al lang?’ ‘O hea ja,’ sei it minske, wol fiifentwintich jier.’ ‘Ek wol fjirtich jier?’ frege ik. ‘Dat wit ik net,’ sei hja, ‘dat is al sa lang lyn. Mar it is in fine skoalle.’ Dan moat it dochs deselde west ha. De forfrjemding tsjin wil en tank is in tragyske ûnderfining. Doe't Douwe-om to hôf kaem, wie ik dêr al in frjemde fûgel yn it selskip. In âld man mei de hân yn it krús bleau neitinkend foar my stean: ‘Jo kin ik net thúsbringe.’ Ik hoegde doe | |
[pagina 305]
| |
allinne mar to sizzen: ‘ik bin ien fan Bouke,’ en ik wist my thúsbrocht. Yn 1956 fleach ik yn in helikopter oer Fryslân foar forkiezingstaspraken op ûnderskate plakken. Boppe Drachten frege ik de Ingelske piloat, hiel leech oer de helling to fleanen. It hûske like út de loft wei hast to lyts om wier to wêzen. Mar ik koe it buordtsje boppe de doar ûnderskiede: Onbewoonbaar verklaard. En yn 1963 krige ik in swier postpakket út Drachten. Ik makke it iepen en foun in brief fan Geart van der Werf: ‘Jim âld hûs is juster mei de groun lyk makke. Ik stjûr hjirby in estrik út de kelder.’ |
|