De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 306] [p. 306] Sjoerd Leiker: Flechtich (Pred. 1:1-9) Flechtich, alles is flechtich, flechtiger as reek. Alles giet fan ús ôf. De iene generaesje giet en de oare generaesje komt; en 't is alles mar in sucht. In dei is samar tonein. De sinne komt op, de sinne giet ûnder; en hwer't hja opgean moat, dêr hinne is hja ûnderweis. Der is gjin rêst en der is gjin duer. Yn wurden is 't net to heinen hwat rêst is en hwat duer. Flechtich, flechtiger as flechtich saeit alles oan each en ear foarby. [pagina 307] [p. 307] Doktersheide Kom ik wol ea wer by De Leijen, op 'e Tike en de Doktersheidereed? - in ryk út bernejierren sa fortroud. 'k Hie o sa lang gjin weet dat dêr in himel op ierde groeide. Gjin beam waerd mear kapt en skeind, de wâllen woeksen stadich ticht. Gjin Eabele om der yn om to slaen. Hy is fuort-‘saneard’. Allicht. Syn âlde spultsje leit yn pún. Brannettels en rûchte wize it plak. En rounom oare steden, ek forlitten. Oer is de skerne en de reinwetterbak. En yn de túntsjes oars net as kjitten; it krappe libben roun op 'e non. Hwat bleau der fan de minsken as allinne noch hwat oergroeisel; in sear plak yn it paradys, it witten fan suterich bloeisel; earmoed, lijen en ûngemak. [pagina 308] [p. 308] Narkose Tusken twa ikebeammen wie myn lêste sté. Ik doarme tusken hûs en hôf, ik wie noch lang net ré. Myn lêste gong roun ik mei yn in lichem lichter as reek, njonken ús mem, sljochtwei mysels, treaastend wol, mar gjin gepreek. Dea is in ôfskie foargoed en hoe't ik ek praette en die en sei: ik bin der noch, gewoan, de oaren wisten dat it net sa wie. Hja brochten my stil to hôf, yn leed en forlegenheit. Tsjinstridich iksels; yn 'e tiis oer it libben yn ivichheit. De âlde beammen dripten en de dook wie as iis sa kâld doe't in stim forheven rôp: de opstanding bin ik, o wrâld! Wekker wurde op 'e jongste dei, dat wie my to hâlden jown, mar ik wie sa wekker as hwat, ik hie de rêst net foun. De dream set stadich ôf. As yn in núnder op it strân rûzet yn my it libben oan, in sé fan tiid, it fêste lân. Vorige Volgende