De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 309] [p. 309] Durk van der Ploeg: Dit is in lyts gedicht De poézij in hielal De ierde in lêzend each; In moanne fan flesk Under dûnkere wolken. Net it teken fan 'e minsken: Ierde, stien, wetter, bloed, Mar in woune yn 'e sinne, In groede op in planeet. Efter myn radareagen Stean ik Einzen yn de romte As de ûnsichtbere, Wjoklamme bylddrager. [pagina 310] [p. 310] Ik wenje yn de wolken De stimmen fan de stêd, In tûzenfâldich liet yn myn skulpen. De minsken minsken Krûpe, falle, fleane, stige. De stêd groeit fûgelheech, Myn hûs stiet yn de wolken, De keamers steane as tosken op elkoar. Op de stille drimpel fan it plein Leit de sinne in laemsfel to druijen Mar yn de floedlyn fan de frede Marsjeart in leger foarby. En nachts: ik skriuw en lês as in masjine; Stiet de moanne oan de himel as in stiich En alle treppen wegerje, Hwant it hert fan de stêd leit Oan de drimpel fan de sé. Hwer sil ik wenje? Ik haw it rounom frege, Mar nimmen wist it, in elk Wiisde my de sinne, it wetter: De ôfstân is to great om yn to wenjen. Ik haw in trep nei boppen En alle dagen groei ik heger, Hwant de stêd is in plant Tsjin har heechste plafond Wol ik in gedicht skriuwe Dat woartels drage oant yn de djipste rioelen. Ik smyt sjit- en djipteleaden út Hwant it gefaer groeit ûnder de minsken As woartels ûnder it hûs. [pagina 311] [p. 311] De wrald is blyn De wrâld is blyn En de morael sa swiet as sûker. Mar dêr leit nimmen hwat tsjin yn. De wrâld is blyn. Mar 'k wol de earme donders wikke, Dat kapitael is ek mar skyn. Faeks kin jim fan de oerhang rikke. De wrâld is blyn. De minsken wyt, de minsken swart, Meitsje him kleureblyn. As elk syn eigen kleur mar hat. De wrâld is blyn. De wrâld is blyn, Hy nimt it deafet swiet as sûker. Mar dêr leit nimmen hwat tsjin yn. De wrâld is blyn. Poezij is oeral Sjoch, dit is poézij; In hân, in woune, Of ûnsichtber yn it wetter Ebbe en floed Oant yn hûndert havens, Of gjin sé, mar in lânskip. Tusken Ljuens en Piaem Wurd ik troch wolkens oerdutsen De poézij is oeral. [pagina 312] [p. 312] Dit is in dei Fan 'e moarn kaem ik fan it bêd Mei in hânfol brieven fan it forline, Mei de dei, de moanne, de sinne, Mei wol mear as hûndert hannen, Mei it fortriet fan mûlen, Doarren en rein dy't triennen op myn eagen set. Ik rin de treinen, auto's, fytsen en skippen Tomjitte. It binne de dieren fan de joun Dy foarby geane as in oantinken oan folle, folle dingen. Leafde Nou wer de hertslach to fielen As in kâlde hantaest. En dyn lippen as taesters fan in masine. Ik kin by dy net stjerre Hwant de leafde foarmet har tradysjes. Wy binne in ritueel sûnder dialooch. Us brêgen binne ûnbitrouber. Wy ride ús weinen oer de sé. De muorren sille ús bidekke En bergen sille op ús falle. Vorige Volgende