De Tsjerne. Jaargang 19
(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 313]
| |
Jo Smit:
| |
[pagina 314]
| |
- en ek hieltyd west hat - om to sjokkearjen, om rebelly to bidriuwen, om bûten de stringen to stappen. In oars nuet man as Wordsworth skreau yn it foarbirjocht fan syn Lyrical Ballads: ‘Every great and original writer, in proportion as he is great and original, must himself create the taste by which he is to be relished.’ It bigryp ûnderstelt in élite, dy't draechster is - en wêze kin - fan in dynamyske noarm, in élite dy't rom genôch is yn kwantitative sin om dat ek yn kwalitative sin wêze to kinnen, dy't linich en liberael genôch is om in plak yn to romjen foar it nije, dy't oertsjûge genôch is om eigen hâlding essinsiéler to achtsjen as de wikseljende ynhâld fan de ûnderfiningsnoarm. In élite, dy't glimkjend sizze kin: ‘de gustibus non est disputandem’ - hwant in mûlfol Latyn komt har ta - mar foar hwa't dochs de goede smaek de ultimo ratio is. ‘De goede smaek’ is in élitebigryp en in literair bigryp. Dat lêste needsaeklik al dêrom, mei't de élite har histoarysk fortoant as literair: yn de fyftsjinde, de sechtsjinde, de sawntsjinde, de achttsjinde en de njoggentsjinde ieu, de tweintichste foar in part ek noch. De hiele ûntjowing fan it boargerlike Westen hat in sterk literaire kant, yn presintaesje en represintaesje. Dat it libben him logyskerwize wjerspegelet yn 'e skriften is fansels wier, mar der is hjir dochs noch hwat mear mei anneks. Yn Fryslân kinne wy dat yn forkoarte perspektyf maklik sjen by it ûntstean en de groei fan de Fryske Biweging, dêr't de skriften dochs ek in oare rol yn spile hawwe as inkeld dy fan passive spegel. Yn Hollân bigjint de boargerlike ûntjowing mei Jacob van Maerlant en dy hat fuortendaliks al gâns in program, útsoarte literair rjochte, rélizzen foar de boarger op kommende wegen, foar de boargerlike élite. De boekdrukkunst hat sûnder mis de greate boargerlike útfining west en al de ieuwen troch, hat de draechster fan de boargerlike idé, de kulturéle élite, dy idé op literaire wize bilibbe. It idéaeltype waerd de lettré, de man dy't de letters koe, mar der ek fan trochfuorre wie, dy't alles lêzen hie hwat de muoite fan it lêzen wurdich wie en op groun dêrfan meiprate koe, goede smaek hie, mei oardielje koe: oer skilderkunst, oer theology, oer wiisbigearte, oer fisika, oer skiednis. De Frânske revolúsje waerd ynlaet troch de encyclopedisten, foar in great part lju fan de eksakte fakken, wis, mar hoe literair yn har tinken. Even letter, om noch in foarbyld to jaen, waerd yn ús lân it Nut oprjochte, boargerlik by útstek, literair fan wêzen en tinken. Lês yn de Rimen en Teltsjes ‘It Boalserter Nut’ der ris op nei. Dr. Joast Halbertsma sels is in skoalfoarbyld fan it boar- | |
[pagina 315]
| |
gerlik-literair élitebigryp ‘goede smaek’. Der bistie foar him fan datoangeande gjin probleem. Foar oare dûmnys, tiidgenoaten en letteren ek wol, mar foaral earderen wiene dy der al: gauris kamen it boargerlik-kulturéle en it kalvinisme, sels nammers ek in eigenaerdich boargerlike represintant, mei elkoar yn konflikt, lyk as de lotgefallen fan Starter, om in foarbyld to neamen, sjen litte. Goede smaek hat net inkeld mei it esthetyske to meitsjen, it ymplisearret ek it ethyske en binammen hat it to krijen mei de frage, hoefier't men op beide gebieten to fier gean kin. Dat nou is tige wikseljend, lyk as wy sjen kinne as wy even in lyts faset losmeitsje meije fan it gehiel. Dat lyts, mar tige signifikant faset is it seksuéle, dat yn forskate tiden hiel oars wurdearre wurdt. In evolúsje, yn de sin fan in trochgeande ûntjowing yn ien rjochting, is op dit mêd net to fornimmen, mear in soarte fan slingerbiweging, dy't nouris it iene, dan wer it oare bûten de wet en dêrmei ek bûten de goede smaek set. Hwat Cats himsels tastiet, hwat Huygens biskriuwt yn Trijntje Cornelis soe de Tsjerne-redaksje faeks net as goede smaek akseptearje wolle, likemin as in inkelde passaezje fan Gysbert Japicx. De fraech nei de oarsaken fan dy slingerbiweging, al hoe nijsgjirrich ek, wol ik hjir net oer útwreidzje. Nou wol ik konstatearje, dat it ieuwenlang hantearre bigryp ‘goede smaek’ op 't heden in krisis trochmakket. Wy hawwe der noch weet fan, de Tsjerne-redaksje seit it to brûken, mar de fanselsheit is der net mear. Dy is der net mear, om't de literair-rjochte kulturéle élite, de draechster fan it bigryp, der net mear as fansels is. De fiergeande demokratisearring hat it élite-bigryp as sadanich oantaest, de ûntjowing fan it spesialisme hat de lettré ûnttroane, om net to sizzen ûnmooglik makke. In witten en in noarmbisef hwerútwei de hiele kultuer bisjoen en woegen wurde kin, is net mear oanwêzich, fan gefolgen dat âlde en biwende methoaden en bigripen net samar mear jilde. Dat wy sjogge in bisykjen om oar hâldfêst to finen, om in wisse greep to krijen foar it gehiel fan de kultuer oer. Bygelyks de fenomenologyske methoade, ‘which stresses the careful description of phenomena in all domains of experience without regard to traditional epistemological questions’, lykas Kl. de Wit sitearret (De Tsjerne nov. '63, bls. 410). De Wit fortelt dêrby noch dat ek yn 'e literatuer dy methoade oanhingers fynt en it is dúdlik dat men sa noch fierder ôf komt to stean fan it maklike élitebigryp fan de goede smaek. In wittenskip dy't tige út is op it biskriuwen fan fenomenen - dy't der suver hielendal yn opgiet, al hoecht dat yn bigjinsel | |
[pagina 316]
| |
net - is de sosiology en it hat der folle fan, dat de sosiolooch yn ús wrâld de toartse fan de lettré oernommen hat. Hwa't in oardiel hawwe wol oer kulturéle oangelegenheden, hwa't meiprate wol, moat witte hwat de sosiolooch der fan seit. Dat mei yn de foarm dêr't it hjir yn delskreaun is, hwat oerdreaun lykje, yn wierheit is dat net sa. Hwer't it op oankomt is dat in nije rangoarder, in nije weardeskael dwaende is him troch to setten. Der hat in tiid west dat yn wichtige dingen it wurd fan de literair-rjochte kultuerdrager swier woech, dat yn kulturéle oangelegenheden de lettré de trochslach joech. Der hat in tiid west, dat hwa't net in biskate mjitte fan kultuer hie, him yn kulturéle oangelegenheden biskieden stilhâldde. Der hat in tiid west, dat hwa't net de adekwate wurdearring opbringe koe foar hwat yn de kunst in troch de goede smaek biskate rangoarder hie, dat as in tokoart by himsels fielde. En noch binne der lju dy't biskieden sizze (hwat hja tinke wit men al net iens mear) ‘dat is neat foar ús’, mar de measten sizze al planút: ‘Bach? Waerdeloas!’ Dat is inkeld hwat fan bipaelde regionen yn ús folk, mar dat lûkt troch de hiele maetskippij hinne, stipe fan de sosiology. Men kin bêst minister-presidint wêze en jow ta dat men mar ienris yn jins libben bisocht hat in roman to lêzen en noch nea in gedicht - de sosiolooch sil fortelle dat minsken dy't hwat binne yn 'e wrâld inkeld twa detektiveforhalen yn 't jier lêze en fierders neat. Men kin noch nea in wurd poëzij bigrepen hawwe en forklearje dochs coram populo dat de dichter A. weardeleas is en alwer de sosiolooch sil fortelle kinne, dat de goede man ek mar by 0,03% fan de lêzende minsken gehoar fynt. Nou dan! Ta goed bigryp mei ik noch wize op de programma's fan radio en t.v., in fearntsje fan ús kultuer, dy't dus kultureel to bioardieljen binne. Dat bart dan ek: ‘Och heden, menhear, hâld dochs op mei dy programma's, dat hat syn tiid ommers al lang hawn. Jow leaver goede muzyk (resp. in goede show)’. Wichtiger fansels binne de lju, dy't noch àl útgeane fan ‘de goede smaek’, mar hja fiele har ûnwis, en hieltyd wer wurdt fan 'e kant fan 'e kritisi frege om in hark- en kykûndersiik. De sosiology sil baes. In forskynsel as dat fan Radio Veronica wurdt ek bileaven net op syn kulturéle wearde (goede smaek) hifke, mar sosiologysk bineijere.
It sil dúdlik wêze dat ik net sa objektyf bin of de ûntjowing dy't ik konstatearje, griist my ek. De oergong fan de lettré as | |
[pagina 317]
| |
idéaeltype op de sosiolooch, hat hwat wei fan in sûndefalGa naar voetnoot*). Wis, it bitsjut in biskate demokratisearring. Nou hâld ik fan alle minsken - mei inkelde útsûnderingen fansels - as se Jan hjitte, of Douwe, of Sibe of Anne of Murk, mar as se my oangnize en oangrize forklaeid as sifers en persintaezjes, haetsje ik se as de pest; as se my oertsjûgje wolle troch har wurd, troch har redenearring, har spot byneed en har hún, dan is my dat bêst, mar as hja my yn saken des geastes bileare wolle troch de macht fan har tal, dan kom ik yn forset. Demokratisearring, ja, mar ek forboargerliking. Op in oar plakGa naar voetnoot**) haw ik ris útlein, dat it bigjinsel fan it boargerlike de abstrahearring is, in ôfsjen fan it unike, it minsklike en natuerlike, hwat liedt ta in oerwurdearring fan it telbere, mjitbere, weachbere, fan sifers en formules. Salang't it wurd noch sintrael stean koe yn de idéaliteit fan de boarger wie der noch in paed dat tagong joech ta hwat boppe de boarger útgiet, mar as it sifer sintrael stiet binne dy wegen noch slimmer to finen. Demokratisearring, ja, mar dit is net hwat wy bidoeld hawwe en dy wy dat binne dan allegearre, dy't, de ieuwen troch, opkommen binne foar mear demokraty, foar greater minsklikens. Hwat wy woene, dat wie opstjitte nei boppe ta, dat wie eltsenien diele litte yn freugden dy't wy forovere hiene. It is mooglik dat wy dêrby slachtoffer wiene fan in boargerlik gelykheitsbigjinsel, dat net mear is as it wurd seit, in bigjinsel, dêr't dan wol de organisaesje fan de boargerlike wrâld op birêst, mar dat gjin stân hâldt foar it kulturéle en de konkrete minsklikens oer. Né, ik wol net pleitsje foar in forâldere élitebigryp en likemin wol ik yngean tsjin in ûntjowing, dêr't ik de bitingsten foar oanwêzich sjoch, mar àl wol ik in mennich wearden fêsthâlde, ek yn ús tiid. Nêst, boppe en byneed tsjin de boarger yn hawwe minsklike wearden har bitsjutting. Winliken kom ik dus ta deselde formule as Podium yn 1945: humanisme, mei hier op 'e tosken. Dêr heart dan by it optearjen foar ‘de goede smaek’. Goede smaek, wis, mar bileaven gjin bitizing mei bon ton, dat hiel hwat oars is. Bon ton is de toan dy't opstiicht út 'e sosiologyske rapporten. Goede smaek, ja, mar gjin bitizing mei goede seden, dy't in bûtenliteraire oangelegenheit binne. Lit it | |
[pagina 318]
| |
dochs net sa wêze dat De Tsjerne hoeder wurdt fan goede seden, mar fan minne literatuer. Goede smaek, dat wol sizze anti-boargerlik wêze, net út ressentimint, mar om't Jan, Douwe, Sibe, Anne of Murk as minske mear wurdich binne dan as boarger; om't hja, sels al stjonke hja út 'e azem, gâns fordraechliker binne as persintaezjes.
Hwat in eksklamaesjes allegearre, tink ik en dêrmei is de ein de ein noch net. Myn konklúzje hat mear fan in bilidenis as fan logysk resultaet. It hear jitris oersjende, mien ik dat ik it forline trochsichtich makke haw en oanwiisd haw hwer't de bitingsten lizzen foar de hjoeddeiske ûntjowing. Net dúdlik lykwols is wurden hwat ‘de goede smaek’ foar hjoed en takomst realiter to bitsjutten hat. Dat wol sizze, it is mysels klear, mar it is my net slagge it mei to dielen. Datselde wie it gefal, doe't ik yndertiid (De Tsjerne 1960, bis. 207 e.f.) skreau oer modern proaza en doe mei de term ‘moreel’ foar it ljocht kaem, in bigryp dat mysels op dat stuit alles sei, mar dat dochs yn de kommunikaesje mei oaren bitizing en misforstân towei brocht. Letter (De Tsjerne 1963, bls. 405) haw ik it wurd forfongen troch ‘ethysk’, mar dêr is it net folle better fan wurden. Dat mei dus in warskôging wêze it net to gau sitte to litten. Ik haw sjen litten hoe't de idéale boarger drager west hat fan de idé fan ‘de goede smaek’, mar dat it aerd fan wittenskip en maetskippij der ta laet hat, dat er syn foaroanplak kwytrekke is. Ek seagen wy dat der bisocht wurdt in oar ienheitspunt to finen, hwerútwei de wrâld in bipaelde trochsichtigens krije kin en dat dit winliken leit yn it tapassen fan in methoade, dy't ik mar de sosiologyske neamd haw en dy't de dingen oan 'e iene kant har pluralistysk karakter bihâlde lit, oan 'e oare kant dochs de deskriptiviteit sels as unifisearjend bigjinsel hat. In soarte forlegenheitsmethoade dus, mar dat bêst in reculer pour mieux sauter wêze kin. Ik wiisde yn dat forbân op in parallel mei de fenomenologyske oanpak yn 'e literatuer, dy't Kl. de Wit nei foaren brocht hie (De Tsjerne 1963, bls. 410). De parallel is dúdlik; it is allinne de fraech oft de oarsaek, of leaver it oarsakekompleks, yn beide gefallen gelyk is. De frage hat sin oft út 'e kunst sels gjin ynfloeden yn dy rjochting wurkje. Dy fraech hat namstomear sin, om't der noch hwat nuvers is, dêr't wy net by stilstien hawwe, mar dat as oanlieding op 'e eftergroun siet, doe't ik myn oertinkings oer ‘de goede smaek’ bigoun. It soe nammentlik foar de hân lizze, dat it âlde bigryp ‘goede smaek’ him it bêst en it langst hantha- | |
[pagina 319]
| |
venje soe op eigen terrein, dat wol sizze op dat fan 'e kunst. Nou jildt dat al, foarsafier't it de tradisionéle kunst oanbilanget, mar perfoarst net foar de moderne kunst. Party lju, fan erkend ‘goede smaek’, jowe blyk each noch ear to hawwen foar moderne kunst en steane der fijannich foar oer. Ja, de ressentiminten foar de moderne kunst oer komme it measte foar, krekt by in élite mei ‘goede smaek’. Hwat, sa is blykber de frage dy't earst biandere wurde moat, is it greate forskil tusken âlde en nije kunst? Yn De Tsjerne haw ik in mennich kearen skriuwe meijen oer moderne kunst. Twakear dêrfan gie it biwust en útsprutsen oer it moderne as sadanich, nammentlik yn it proaza (De Tsjerne 1960, bls. 207 e.f.) en yn 'e poëzij (De Tsjerne '59, bls. 21 e.f.). Dy twa stikken binne ûnôfhinklik faninoar skreaun en tocht; útgeande fan algemiene yndrukken, opdien as lêzer, bisocht ik ta hwat forheldering to kommen foar mysels. Allyksa bisocht ik, al wie it dan mear en passant, my rekkenskip to jaen fan it moderne yn 'e byldzjende kunst, yn it artikel dat ik skreaun haw by de dea fan Cor Reisma (De Tsjerne 1962, bls. 308 e.f.). As ik my nou ôffreegje oft yn dizze skôgingen ek in ienheit oanwêzich is, net inkeld fan útgongspunt, mar fan resultaet, dan leau ik dat it bifêstigjend andert tige ienfâldich ûnder wurden to bringen is: de âlde kunst is réalistysk, de moderne net. Romantyk en naturalisme, dy't yn har tiid tsjinpoalen liken, hawwe op in distânsje dochs it réalisme mien; in réalisme dat hjiryn bistiet, dat in birop dien wurdt op algemien minsklike eigenskippen; in réalisme dat him forriedt yn in mooglike identifikaesje fan de konsumint mei it subjekt fan de kunst. Net-réalistysk is it wurk fan de moderne kunstner, om't er fan it to maklike en algemiene òfsjocht, om't er it direkt-minsklike krekt bisiket bûten syn wurk to hâlden. Hwat er wol is kunst, en hy wit dat dat hwat artifisieels is. Hwer't beide, réalist en modernist, winliken nei longerje is nei de réaliteit-as-sadanich, mar dy bistiet nou ienris net foar ús, minsken. It riedsel fan it ûnderlizzende bisteande is foar har it wêzenlike. De réalist bisiket dat op it spoar to kommen yn de reproduksje fan it bisûndere, de modernist yn de produksje fan it nije. Dêrom projektearret de lêste net syn minsklikens op de dingen (minsken, forhâldingen, bisten) dy't er útbyldzje wol, of alteast hy docht dat sa min mooglik. Dêrby kin er twa kanten út: bisykje dy minsklikheit to eliminearjen, hwerby as foarbyld de Nouveau Roman fungearje kin, of dy minsklikheit sels as réaliteit ôfbyldzje, expressionistysk to | |
[pagina 320]
| |
wurk gean dus, hwerby it histoaryske expressionisme, dat typysk gearhong mei vitalistyske idéen, as foarbyld tsjinje kin. Sa soe men him dus yn hegere sin dochs wer réalist neame kinne, lyk as men ek úthâlde kin dat abstrakte kunst yn biskate opsichten folle konkreter is as figurative kunst; mar bihalven dat ús praktyske sin foar kleare ûnderskiedingen him tsjin sok wurdeboartsjen forset, is der ien wichtich elemint dat de ûnderskieding ek théoretysk folslein rjochtfeardiget. Yn dit bisykjen fan de modernist komt ta utering hwat Ortega y Gasset yn in Ingelsk opstel ‘the dehumanization of art’ neamd hat, in ûntminskliking fan de kunst, en hwat Lolle Nauta yn syn proefskrift De mens als vreemdeling, de forfrjemding neamt: ‘Vervreemding betekent dus in dit verband, dat in de esthetische ervaring de dagelijkse ervaring van de mens problematisch wordt. De schema's, waarmee hij zich oriënteert, moeten hem vreemd kunnen worden, wil er esthetische ervaring mogelijk zijn.’ Mei oare wurden, it wêzenlike, dat ús inkeld yndirekt en forhoalen foartsjoend wurdt, mar dat ‘an sich’ it folslein frjemde is, bisiket de modernist neiby to kommen troch út to gean fan de idé fan it frjemde sels, fan de forfrjemding, wylst de réalist it siket yn 'e wei fan de identifikaesje. Ortega y Gasset ropt yn dit forbân it byld op fan in rút, dêr't wy in tún trochhinne sjen kinne, klear en dúdlik, wylst de esthetyske ûnderfining nou krekt freget it rút yn al syn transparânsje as it wêzenlike to sjen, hwertroch it tún faech wurdt. Elts réalisme is in stan-yn-'e-wei foar esthetysk ûndergean; it esthetyske forskynt yn it réalisme heechstens as byprodukt, yn de nije kunst as it wichtichste elemint. It gefolch is dêrom in skieding fan 'e geasten; net langer kin de goede smaek diskriminearje tusken moai, minder moai en hiel moai, mar giet it om de frage oft men in orgaen hat foar moderne kunst of net. Earst as men los is fan de biwende skema's, dêr't ek de goede smaek by heart, kin men ta bigripen komme. It gefolch fan net bigripen is ressentimint, hiel oars as it gefoel fan selsfoldienens dat men hat, as men it ien of oare al bigrypt, mar forsmyt. Foarm en ynhâld binne, al is dat wolris kunstmjittich, to skieden yn 'e réalistyske kunst, mei it ek wêze dat de ynhâld gauris net oars is as in gefoel fan mankelikens, fan opteinens, fan sereniteit. In muzykstik fan Beethoven, om noch in oare kunstfoarm to neamen, is dúdlik réalistysk en freget net nei esthetyske ûnderfining, mar nei minsklike gefoelichheit foar minsklike sentiminten oer. | |
[pagina 321]
| |
‘Man ist urn den Preis Künstler, dasz man Das, was alle nicht-Künstler “Form” nennen, als Inhalt, als “die Sache selbst” empfindet,’ hat Nietsche al sein en dêrmei hat er de esthetyske ûnderfining moai krekt oanjown. It is dúdlik dat it njoggentsjinde-ieuske réalisme, dat de foarm soms úlhiel otballe towille fan de nijsgjirrige ynhâld, populair wurde koe, mar tagelyk noch mar o sa'n bytsje mei kunst to meitsjen hie. ‘Het is een “metabasis eis allo genos” als de kunst fungeert als een bron van informatie, waarover men zonder verdere restricties beschikken kan’, skriuwt Lolle Nauta (bls. 6, bis. 255) en dêr kin men it mei iens wêze, as men bitinkt dat it net ‘de kunst’ is dy't fungearret, hwant sa is it ek bidoeld. It komt hieltyd oan op foarmjaen, op stilearjen. Nou bitsjut stilearring altiten in deformaesje fan 'e réaliteit en dus ek, yn de sin dy't hjirfoar brûkt is, ûntminskliking. De Grykske, folslein stilearre en troch momdragers spile, trageedzjes, stekke as kunst himelheech út boppe de bêste stikken fan Heijermans, of, foar Fryslân Schuitmaker, dy hichtepunten fan it réalistysk toaniel, dy djiptepunten tagelyk as kunstwurken. Hjir reitsje ik in punt, dat ik yn Modern proaza neamd haw, de selsstilearring fan de minske, dy't dus ek déformaesje (mar dêrmei winliken formaesje, hwant de natuerlike minske hat gjin foarm) en ûntminskliking (mar dêrmei krekt in oantrún ta it wurd-dyst'-biste) bitsjut. Dy minsklike stilearring wie it dy t ik mei it wurd ethysk oantsjutte, mar dat kin ik dan nou amendearje yn esthetysk, hwat noch wol, mar folle minder, misforstân oproppe sil. Minsken binne gjin goaden - hja kinne net skeppe út neat. Al hwa't wolris biskuldige is fan fantasy, wit hoe bitter dat smakket, hwant krekt hwa't oer saneamde fantasije de biskikking hat, wit dat it nea bitsjut hwat nijs úttinke, mar inkeld it hwat oars oarderjen fan hwat foarhannen is. Dochs, hwat de moderne kunstner wol is: hwat nijs. Hwat nijs, en dêrmei yn elts gefal hwat, dat safier mooglik ôfstiet fan de fortroude, deistige skemata; hwat nijs, en dus in ûntminskliking, in déréalisearring fan 'e kunst. Dat dat net tafalt sjogge wy op in sydpaed fan 'e kunst, yn de saneamde science fiction, dêr't in soart gelikense driuw ta ûntminskliking net liedt ta hwat wierliken nijs, mar ta in nuver gearmjoksel fan bikende ierdske foarmen en funksjes. Dat it net tafalt wit ek elts dy't wolris nei de Rorschachtest sjoen hat; de tafallige inketplakken blike alhiel net frij fan minsklike foarmen to wêzen, mar oan 'e nare kant, hoe folle poëtysker, hoe folle mear kunst binne dy kladden as ea in réalistyske ôfbylding fan | |
[pagina 322]
| |
hwat wy der yn sjen kinne. En sjoch ekris hoe't de hannel leard hat. Yn gjin winkelfinster sjocht men langer de réalistyske étalaezjepoppen fan earen en yn de djûrste docht bliken hoefier't hja ôfwike doare fan de réalistyske foarmen en hwat in forromming dat is. Ut dizze, frijhwat ûnsuvere foarbylden, komt noch hwat oars nei foaren: kunst, moderne kunst, moat boartlik wêze. Al is de geast fan 'e moderne kunstner net frij fan 'e idé fan de byldestoarm, dêr't de âlde hillige bylden - de minsklike foarmen - yn oan stikken sille, hy set syn eigen wrâld boartlik yninoar. Hy kin dat dwaen, om't syn kunst gjin religy is, gjin Weltanschauung, gjin heech-op-'e-troan-sitten as yn it tinken fan de âlde lettré, gjin profetyske oangelegenheit, mar beuzichheit neist oare, net allesomfiemjend, mar forfrjemde fan oare funksjes: kunst. Dat wol net sizze, dat de kunst foar it yndividu minder bitsjutting hawwe soe as earen, de modernist leaut sels fan mear, mar de kunst hat eigen rjochtlik plak - net mear en net minder. De moderne kunstner gniist him dea as hy de profetyske hâlding sjocht fan Tachtigers of Jongfriezen, en hy bisaut him as er yn har wurk mar sa'n lyts dripke of alhiel gjin kunst oantreft. En freegje ik nou jitris: goede smaek as kritearium? Dan siz ik né en jitris né. De goede smaek fan alearen, hoefolle to forkiezen boppe it sosiologysk wurdearjen, hat ôfdien; hwat nou kritearium wêze moat kin inkeld wêze in gefoelichheit foar kunst, foar stilearring. Alde en nije kunst, hja slute inoarren út, sa tige binne hja beide yn har idéaliteit to karakterisearjen. Mar ik hie dit opset as in théoretyske forkenning en yn 'e praktyk sille wy se net gau yn folsleine idéaliteit moetsje, as heechstens by in lytse foar- en efterhoede. Yn 'e praktyk giet it mear om in rjochte wêzen op in biskate manear, om bistribbingen, om in sykjen en taesten forskillende kanten út. Yn 'e wurklikheit fan hjoeddedei rinne de dingen noch trochinoar, is der noch gâns bitizing en forskaet fan mooglikheden, lykas it hiele mêd fan de kunst de lêste heale ieu sjen lit. Meastentiids giet it net om absolute kwaliteiten yn in kunstwurk, mar om mear of minder. Mar krekt dêrom kin it mei de goede smaek as kritearium net mear ta. De tiid freget hwat oars.
Noch ien persoanlik ding ta bislút. It foel my yn dat ik net alhiel krekt wie doe't ik yn it bigjin sei, dat ik net witte soe hwat De Tsjerne ôfwiisd hat. Oer 't ginnerael mei dat sa | |
[pagina 323]
| |
wêze, mar fan ien stik wit ik it al: in toanielstik, dat ik sels ris oan De Tsjerne tastjûrd haw, mar dat ik weromkrige. Dat de goede smaek fan de redaksje dat ôfkard hat, muoit my. Net omdat it sa'n bêst stik wie, dêr bin ik sels subjektyf net fan oertsjûge, mar al bin ik oertsjûge dat it objektyf in modem stik wie en ik hie der sa moai it ien en oar oan demonstrearje kinnen. Binammen om't it hielendal net de yndruk makke modern to wêzen en ek quatrebras it ôfwiisd hat. It aerdige fan it stik wie dat it yn it foarste plak net spylber wie en as sadanich iroanysk foar himsels oerstie. Ien fan de merktekens fan de moderne kunst is nammentlik, dat er himsels net serieus nimt, dat wol sizze dat it wurk wurdearre wurde wol, krekt om't it kunstmjittich, om't it in farce is. |
|