reden ta om dat mei oertsjûging to dwaen? Binne hja goed genôch foar in publyk dat blykber dòchs (ek troch de goede helte fan tongersdeitojounen fan de televisy) in hwat better smaek krijt? Twa premières fan Fryske kabaretselskippen hawwe my der fan oertsjûge, dat it yndied sa is en dat biswieren, dy't der op ûnderdielen tsjin de beide nije programma's binne, tsjin de eftergroun fan dy weardearring ûtbrocht wurde kinne. Dat is yn in tiid, hweryn oare easken steld wurde as destiids oan it biwende Fryske winter- en simmerjounenocht, al hiel hwat.
It Selskip Rients Gratama hat yn De Lawei to Drachten de première jown fan syn twadde programma. Tusken syn programma fan forline jier en dit nije, dat de namme Nou ha wy de hichte krige, hat Rients Gratama hjir en dêr ris yndividueel in pear nije nûmers brocht en dy joegen de forwachting, dat it twadde programma noch wol hwat better wêze soe as it earste, dat der oars ek al sa bêst ynfoel. Rients Gratama is mei it nije programma àl boppe syn earste, mar perfoarst net boppe syn tuskentiidske nûmers útkommen. Ik kin allinne mar riede nei de reden hwerom dat sa is. Doar er it net oan en freegje noch efkes mear fan it publyk? It bisûndere is, dat it measte wurk fan Gratama modern en yntelligent is, mar dat gjinien fan de nûmers nou spesiael eat foar fynpriuwers neamd wurde kin. Dat kin in komplimint wêze; sawol de fynpriuwers as it greate publyk foldwaen is in greate prestaesje. Dy prestaesje is hjir levere en sawol mei it each op it nivo fan it Fryske kabaret as foar de skûtsjesylkommisje meije wy dêr wiis mei wêze. Allinne, as biskaet wurk al tige knap is, wurdt de langst nei eat dat noch efkes knapper is, altyd it greatst. Rients Gratama syn wurk mist, alteast as wy it bioardielje nei dit nije programma, noch to folle de ‘stilte’. It is fleurich en bytiden oerdwealsk, it is optimistysk, suver ûntwapenjend, mar it is mei dat allegearre dochs noch efkes to iensidich. Goed kabaret hat ek de mimering, ik soe hast sizze de meditaesje, dêr't efkes de stilte yn falt om it (skrik)effekt fan de stikmannich wurden, dy't de ôfsluiting foarmje, to aksintuearjen. Dit wichtige elemint fan kabaret, dat bygelyks Seth Gaaikema knap bihearsket, haw ik by Rients Gratama noch net foun. Tetman de Vries hat der wolris tichte by west; mar by him bleau it almeasten by de mimering en Roel Oostra hat
der yn syn tiid ek wol nei stribbe.
Fan Roel Oostra en Tetman (net yn dy syn nije programma, oars) kin Rients Gratama ek noch de ymprovisaesje yn de rjochting fan de aktualiteit leare; dat er dêr oanliz foar bisit, hat er mei in inkeld aktueel grapke al biwiisd.
Mar fierder: alle weardearring foar de goede fynsten, ek yn dit nije programma, foar de fine irony likegoed as foar it dochs altyd wol knap útbalansearre lol-elemint yn in mannich nûmers. Fakwurk, dat mûnsterje kin tsjin it goede moderne kabaret yn de Nederlânske tael, bêste en soms forrassende teksten en in (binammen troch de man sels, mar ek troch Jetske Zylstra) treflike presintaesje. Titia Dykstra en binammen Sipke Oppedyk sille it nivo fan Jetske en Rients to'n earsten noch wol net helje, mar hja binne yn dit selskip dochs wol bihoarlike krêften. Cor Huisman komt, nei de lange steat fan tsjinst by Tetman, ek alle jierren wer mei knappe nije muzykkomposysjes en hy past him by dit selskip, dat dochs wer in oare ynstelling freget as dat fan Tetman de Vries, knap oan.
Tetman de Vries hat oars, krekt hwat it muzikale part oanbilanget, mei syn nij programma As 't nou mar út is, in goede hael dien. Hy