Krityk yn it koart:
Spoek-by-de-earte
Leafdedea, roman fan Homme Eernstma, útjown fan quatrebras. s.j.
‘res. ex. - tastjûrd fan 'e skriuwer’. Gjin útjowersadres, gjin kolofoan, gjin jiertal, yn ien wurd sûnder omballingen, sa waeide dêr in yn offset printe boekje fan 125 bledsiden yn myn brievebus. ‘Res. ex. -’, dus hwat moat men. Ik haw it lêzen. It bifettet in noch al fiis forhaeltsje, dat as in lizpuzzel ynelkoar past is; de symbolyk lei der op as slachreamme op in merkekoeke, en der wurdt in djipsinnige komposysje suggerearre troch in rigel dy't oan 'e ein fan 'e ‘haedstikken’ as in refrein weromkomt. It kulminearret yn in rotterich fisioen fan de haedfiguer, dy't yn in sike seksuéle forbylding syn tafelbuorfrou symbolysk ‘opfret’. De forlykjende details (túnkjers-lichemshier, wynmenstruaesjebloed) wurde útstald, it braeksel fan in mislike frou analisearre.
Dizze haedfiguer makket as feanter ‘goud út slyk’. De skriuwer liket ús wysmeitsje to wollen dat hy sa út modder fan 'e impotinsje literatuer meitsje kin. Quatrebras, mear tydskrift yn impotinsje as yn potinsje, hat wer ris in grap úthelje wollen. Lykas in kweaminske nei syn dea (as men S.J.v.d. Molen leauwe mei) net rêste kin, mar sa út en troch yn hjerstige nachten it lânfolk de deaskrik op 'e lea jaget mei spoekeftige forskinings, sa hat Quatrebras nou nei syn dea, of tusken dea en libben yn, dat is dêr dochs nea út to meitsjen, de iene of oare stumper oerhelle om foar kannibaelspoek to rinnen. In stokramt kin men altyd by Freud krije, in pet fan Marten, in baitsje fan Jelle en in seilbokse fan Hessel.
Sadré de sinne opkomt, sille de minsken sjen dat it skrikoanjeijend skynsel in spoek-by-de-earte is.
Mar de beukers op it skoalleplein der rjochtfoaroer sille it útkraeije - pas mar ris op. ‘Le style c'est l' Homme’.
In fierdere analyse fan dit wurdbraeksel lit ik graech oan 'e pathologen oer.
FEDDE SCHURER