Sjoerd Leiker:
De jas
Der wie al in ûre as hwat tige foarmlik en hoflik en amtlik mei him ompraet. Der wie hiel hwat sein oer kapitaelsforlet en yndustry-bigearte, mar ynsté fan dat it petear útroun op it loksillich gearwêzen fan minsken, dy't de wjukslach en it ingele-lûd heard hawwe fan de greate jildôfskouwer, waerd it preekjen oer de bikende thema's al earnstiger en dreger en nearziger.
De multimiljonair, in Amerikaen fan Frysk komôf, hie de greate sigaer al lang dellein en siet der mar hwat sleau en ôfwêzich by, krekt as wie it selskip him net represintatyf genôch. En dochs wie it deselde kundige ploech, dy't ek warber wie by in ‘wurkbisite’ fan in minister of in steatssiktaris.
It wiisde ek net bêst dat de gast by de kantige redefiering fol dryst en fisionair siferwurk fan de direkteur fan it ûntwikkelingsburo sa nou en dan siet to gapjen en to skodholjen. De prognose út it hâlden en dragen fan de Amerikaen wie sa dúdlik as hwat. It soe gjin Fryslân wurde, gjin Drachten, Ljouwert of Snits, mar Europoarte of IJ-mouning.
It skoft mei thé en koekjes brocht in lyts bytsje fleur en noch in biwyske fan hoop. De direkteur fan it ûntwikkelingsburo hie gjin fragen hawn, mar hy krige wol eefkes de grouwe knûst fan de multimiljonair op 't skouder en in ‘smile’, dy't fan alles bitsjutte koe.
‘Hoefolle fan dy “lectures” krije wy noch’, woe de Amerikaen fan de foarsitter witte. ‘Jo krije noch ien’, sei de foarsitter. En doe fortroulik om de toarre sfear hwat to forhimmeljen: ‘Noch ien foar 't brekken, sille wy mar sizze. De lêste sprekker is in gemeenteriedslid fan Ljouwert. O sa'n bêste man, ienfâldich, freonlik, minsklik, mar yn it offisieel forkear in knoffelskonk. Jo bigripe wol, by sa'n gelegenheit kinne wy der net foar wei; dan moat Ljouwert ek oan 't wurd’.
‘Men moat jin der foar skamje’, suchte de direkteur fan it ûntwikkelingsburo doe't de fortsjintwurdiger fan Ljouwert foar it buordtsje stie to stammerjen. De gast lykwols lei de earms oerinoar hinne en sette him yn postuer, krekt as soe der nou einliken yn hert en holle hwat learsums yndale. ‘In minne sprekker wurdt jo fansels net alle dagen oanbean’, hie de foarsitter sein. Wolnou, dit wie in minnenien. Hy sloech der sa raer yn om dat de foarsitter, alhoewol't er wist hwat der sahwat komme koe, lykwols noch de kleuren op en ôf gyngen.
It doel fan de gearkomste wie dat de Amerikaen, dy't in