De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 278] [p. 278] Sjoerd Spanninga: De iene is de oare net Nou is dit wol in frjemd forhael dat jow ik jo gelyk mar op de achtste skeppingsdei doe skoep de Hear de klyk nei adam mei syn sleauwe kop en eva yn it neaken jak kaem it de skepper yn it sin hy hie noch hwat forgetten en doe wie 't út mei hiel de rêst en die er wer opnij syn bêst mar wie it oare goed biteard dit stik bitearde bryk soks stiet net yn de bibel né dat jow ik jo gelyk mar op de achtste skeppingsdei doe skoep de Hear de klyk it hat him ivich muoid wo'k ha en smar him dizze bak hy lei der op 'e knibbels by as stie er earst in amerij to wifkjen en yn wetten doe naem de Hear in hânfol slyk en bloes der oer en spij der op en makke de komyk mar dit hat wol fortuten dien dat jow ik jo gelyk hwant dy hat nou it lêste wurd en set de tsjerke noch foar skut sa sjocht men dat in raer forsin de minsken it gebet soms leart as 't hert him nei de mûle keart by sjappytou en sjevaljé en dat is har gewin sont taelt gjin kristen mear nei smaed de sinne skynt yn 't jiskelaed om koart to gean mei dit korael hwat wille komt ús ta oars rekket men yn 't kwea bistive wy baeije net troch 't wetterlân en hâld in stien foar ús privé [pagina 279] [p. 279] lit stean de blabber en it sân kin men de dyk der mei gerive mar lyk as ik al trijeris sei 't wie op de achtste skeppingsdei doe skoep de Hear de klyk - hwat earder jo en my. De luchtskippers Hwat jofele jonges dy't sindelik tochten en bleat foar 't fatsoen soms har rude forkochten dy hiene harsels op in kear slim to pakken doe't hja ris in loftreis nei koaridon makken sú tsjok stie de dize dochs foar de propeller dat neffens pyt-snot of de achte forteller wist langer gjin skepsel mear hwer't men bidarre lykwols hat it lot harren wûnderlik sparre mar 't die him gjin nij kwant sa liet er my hearre hwa't sindelik stjonkt moat ek sindelik stjerre wy libje net mear yn de tiid fan de goten dus socht men syn heil op it fleanfjild fan kloten. [pagina 280] [p. 280] Stoomkarrousel Wy draeije mar mei yn de âld karrousel it hynstefolk hobbelt de baen op en del se drave de rit wer fannijs yn it roun as siet men jinsels efternei dizze joun dochs ride der ek yn in staesjekaros 't fluwiel op 'e rêch en it jild nei de jas wylst skommelje boaten as wie men op sé of sjocht ien binaud siet hja stil op 'e plé hwa makket nou spul yn it rûzich publyk in lummel gril wylder noch as syn komyk soms helpt men in fanke en weaget in gok hja laket foreale de hân op 'e rok mar hwat bliksem is dit foar in maetskippij hat hitler der faeks wer in krantewyk by dêr sit de forrieder fan siger en detsje fordomme wer breed mei de kont op it kedtsje en mûlk hat it allegear neat to bitsjutten mar 't oargel dat spilet mei hannen en fuotten it slacht op 'e tromme by pauk en triangel sa hellet men ús muzikael troch de mangel wy draeije mar mei yn de âld karrousel it hynstefolk hobbelt de baen op en del se drave de rit wer fannijs yn it roun as siet men jinsels efternei dizze joun. Vorige Volgende