| |
| |
| |
John dos Passos:
Trije prologen en in epilooch
Ut: Midcentury (1961)
John Roderigo Dos Passos waerd yn 1896 to Chicago (Illin.) berne. Syn heit wie dêr rjuchtslearde; syn pake kaem út Portugal en hie him as skuonmakker delset yn Philadelphia. Syn oplieding krige er op in Ingelske kostskoalle, mar letter studearre er oan 'e Harvard University, dêr't er 1916 Bachelor of Arts waerd. Yn 'e earste wrâldoarloch tsjinne er as frijwilliger by de ambulances, earst de Frânske, dêrnei by de Amerikaenske. Syn oarlochsbilibbingen hat er stal jown yn syn earste romans One Man's Initiation (1919) en Three Soldiers (1921). De earste dichtbondels forskynden yn 1922: A Pushcart at the Curb en Rosinante to the Road Again.
Mei Manhattan Transfer (1925) makke Dos Passos namme, en doe't syn USA-trilogy yn it ljocht kaem (42-nd Parallel, 1930; Big Money, 1936) wie er ‘one of the most read young American novelists’. Hy biskikt oer in opmerklike technyk: rouwe dialogen, rêd wikseljende scenes fan in great tal persoanen en groepen, sitaten, oernommen advertinsjes en stikken út krantehaedartikels, strjitlietsjes, libbensbiskriuwingen, krantebirjochten ensfh., en dat allegear keazen om it karakteristike ljocht, dat elts diel fan dy grienmank smyt op 'e ‘american way of life’. It is dúdlik, dat sa'n kaleidoskopyske skriuwtrant hwat fan 'e film oer him hat: The Camera Eye. Letter komt dêr, ek yn syn fersen, de ympressionistyske werjefte by fan 'e stream fan tinzen dy't yn 'e minske omgeane.
Dos Passos hat romans, essays, fersen, toanielstikken en reisforhalen skreaun, mar hast altiten is it him to rêdden om in soarte eigentiidske histoaryske dokumintaesje. It soasiale probleem, to witten de forhâlding oer en wer fan yndividu ta groep en maetskippij lukt him jimmeroan; de iene kear nimt er op it harspit de bidjerrende en degradearjende ynfloed dy't in weirotsjende sivilisaesje fan 'e kommersialistyske steat op it karakter útoefenet; dan wer skriuwt er mei leafde oer lân en folk as er it libben fan hellingbazen en boeren bihanlet en in oare kear is it allegearre korrupsje, lytsens, frustraesje en totale forsleinens hwat de klok slacht.
Fan 'e lêste jierren binne syn wurken District of Columbia, in trilogy (1952), Head and Heart of Thomas Jefferson (1954) en Midcentury (Houghton Mifflin, 1961) dêr't it folgjende in fragmint út is. Ek hjir brûkt er de ‘mural novel’-technyk: oertinkingen fan 'e minske yn 'e spegel fan syn kultuer om beide to biljochtsjen. De line fan it forhael en ûnderskate rigen fan feiten wurde trochinoar frissele om sadwaende de lêzer to twingen syn patroan to folgjen, dat oan 'e ein in soarte loftfoto fan 'e moderne maetskippij opleveret, en, jit wichtiger, in ‘pause to wonder’ jowt.
| |
| |
| |
I.
Rinnend oer 'e wrâld ûnder de stjerren,
yn tinzen to midnacht yn midsieu,
trapet in man de dyk del mei syn houn;
de houn, minder tiidboun yn syn hielal fan stank en
skril lûd, drafket longerjend foarút.
De man wurdt ek roken gewaer:
de biripe Breide en 'e kâlde brij,
it waermswiet fan kij, en faeks in skymke yn it foarbygean fan
it tût, tût, tût-tût fan 'e hoarnûle,
like fol fan in fier aen as de floit fan in
houtbaernende lokomotyf hoar oer 'e fjilden as bern
Orion heech yn 'e loft pronkjen mei fûnkeljende Rigel
en Betelgeuse, en 'e trije knopen fan 'e gurle
dy't nei Sirius wize, en Bellatrix dy't de kânt útwiist fan
it blauwulve planetarium dat om 'e noardstjer wynt
dat de neitinksume Griken en 'e Bedouinen
biprinte dreamden mei de útsûnderlike bylden fan 'e
diereriem; de sfearen ta muzyk bispoun
en ingels, guodlik foar minsken oer,
songes mei fredige stimmen
Hommels bliuwt de houn stean, de foarpoat efkes omheech,
snuvet djip en sjit jankend fuort efter in biweech yn 'e
De man rint allinnich troch.
Tinzen krioele; harsencellen, like mannichfâldich as de bleke
stjerpunten dy't gearrane ta de Molkwei heech yn 'e loft, litte
tinkbylden ûntsnappe; fannacht,
yn 'e lêste helte fan 'e ieu,
oerhearsk je nije fantasijen. Foto-elektryske rekkenmasinen
forbjusterje de geast mei tal, mechanysk ûnmjitlikheden
formannichfâldigjend mei biljoenen ljochtjierren.
In miljoen fijannige Chinezen de moanne; hûndertentritich
tûzen ûnderskate minskemûlen de dei tafoege oan 'e bifolking
| |
| |
Mar raketten stige mei gloarje op en satelliten mealle har
eptige banen boppe de stratosfear. Sam, it Rhesus-aepke
komt wer del yn syn romtecapsule, syn lyts antlit like min
nei to kommen as doe't er omheech gong. In aeronaut ûntdekt
troch syn kiker út in njuggentjin KM hege ballon wei wetten-
damp yn 'e atmosfear fan Venus. Norbert Wiener seit dat syn
computers op 'e hichte binne; tink derom at hja ris eigenwiis
wurde. Ien of oare Dr. Otto Struve hat de mûglikheit foarsein
fan tsien miljoen libbendragende planeten middenmank de
eilân-molkwegen, en, to Greenbank (West-Virginia)
(fier fan 'e sûnden fan 'e wrâld)
binne hja in radioteleskoop oan it bouwen sa great as in
baseballfjild, mei sechstich fordjippingen skean omheech set,
dêr't de natûrkundigen fan projekt Osma fan doel binne mei
to harkjen nei boadskippen, dy't mei sin útstjûrd wurde
fan tau Ceti of epsilon Eridani.
In miljoen minsken, erfgenamten fan in miljoen generaesjes,
biprakkesearje op in miljoen nachten de formannichfâldiging
fan har miljoenen ta de miljoenste macht ont
mannichte útboarst yn neatichheit,
Under de fuotten fiel ik it grint, de stjerljochte nacht om
my hinne. De noas rûkt, de earen hearre, de eagen sjugge.
‘Doelbiwitten libje?’ ‘Hwêrom net?’ Nou't ik ont sa fier to-
minsten de deadwaende hagel fan kosmyske dieltsjes oerlibbe
haw, seit de oardieljende geast: ‘Ik bin hjirre’.
Yn it strewel ûnder de spjirren janket myn hjitfolgjende
houn. Bifachte lichems batse opinoar
yn it tsjuster mank de brutsen tûken. Tosken slane opinoar,
kloeren skuorre; byljen, grauwen, snauwen, hymjende siken as
de tsjeaken tichtsnappe op it sêfte hier fan 'e strôt. In skreau,
net dierlik net minsklik, in skreau fan neakene deadseangst
Yn 'e stiltme tôget myn houn in groubealch troch de brom-
en leit del foar 'e fuotten fan syn baes
| |
| |
| |
II.
De minske is in wêzen, dat ynsettingen bout
op 'e selsforleagening fan libbens, dy't mei doel gearkeppele
sa't de blomeftige polipen, de koraelmakkers fan 'e
op forstienne lagen fan ôftanke libbens:
atols en greate barrièreriffen
en skulpebanken dy't de kalkstiennen founeminten foarmje
fan 'e skiereilannen, dêr't biskavingen tiere en bloeije en
Minske' ynsettingen stalje syn bistemming
lykas de bijekoer, it nêst, de seiskânte cellen fan 'e hunichskiif,
ticht njonken en boppe elkoar,
yn kloften keppele neffens de ympulsen
dy't fêstlein binne yn 'e genen,
stalje it soasiale ynsekt, syn kasten en syn funksioneel forskaet:
de biwjukke mantsjes en wyfkes, de bline wurkers, de soldaten,
de ramplesanten fan 'e ‘fjirde kaste’
hwaens komplisearre maetskippij de natûrûndersikers
Ynsettingen, sa fornije de soasiologen ús,
jowe stal oan minskene libbensrin.
lyk as it kommen en gean fan 'e skylddutsene eamelders -
har iver hat sûnt it moarnsrea fan 'e filosofije de fabeldichters
en de moraelhjitters meinomd -
foarbiskaet is troch ynstinkt.
De ynsettingsminske moat,
krekt as de termiten en 'e soasiale ynsekten ûnder de hymenoptera,
sa wurdt ús sein, it yndividuéle forskaet opofferje oan it forskaet
yn kaste. (Yn syn burokratyske foarm steapelet de ynsettingsminske
al, mei in iver dy't eltse himsels frijhâldende natûrûndersiker
fornuverje soe, heappen...
| |
| |
yn klûzen en archiven en kabinetten,
itselde papier, dêr't de Polistesmeeps syn
en de termiten fan 'e trapyske heechlannen
har tuorkjende kastielen.)
Yn syn kolleezje oer ‘Soasiale ynsekten’ plichte Prof. Wheeler silger
fan Harvard syn studinten der net sûnder haetlikens op to wizen,
mei al de foarbiskikte folsleinens
lije oan hwat er neamde ‘tsjinnatuerlikheden fan it smucht’
Har ûndergrounske gallerijen en fordjippingen wurde ûnfeilich makke
fan in rige deadlike drigingen, dieven en rôvers, ies-yntsjes,
roppige kakkerlakken en rôfkrobben en binammen ien lyts ynsekt, dat
oerdutsen is mei nijsgjirrich fearreplommich hier
dat in elixir draecht, sa'n
dat de eamelders alle sin foar sels- of
soart-bihâld kwyt reitsje
en de dea sykje yn syn omearming.
| |
III.
Hwa minske kin de aardvark biskôgje en forwûnderje him net?
Hwa kin (as er lokkigernôch is dat de dieretúnoppasser him
it bistke yn 'e hannen jowt) it nuver dûbelsinnige bealchje
fan 'e fûgelbek-platypûs fiele
sûnder in tel de siken yn to hâlden en jin fol ûntsach ôf
to freegjen (stel dou wiest my en ik wie dy):
wekker roppen troch it opnimmen mei de sêfte fluïde eagen
sette de cellen fan dy harsentsjes oan it wurk.
Of de stikelige eamelfretter?
Hokfoar dreamen, as er krôllet yn it tsjuster fan syn hok,
| |
| |
ljochtsje op binne dy kylfoarmige plasse?
It mannichfâldich forskaet fan it libben
as út klearebare tipelsinnigens
dat de minske, de yndieler yn klassen, arbeidsum konstruearret
om it lijen to forlichtsjen fan
it útskiftsjen fan ûngelikensheden.
By de minske binne der mear farianten
as yn it diere- en plante-ryk
of yn 'e kristallinen wrâld fan 'e mineralen; bytiden, as
homo classifaciens hwat forsloppet ûnder it einleas gewrot
fan it weiriddenearjen fan komplikaesjes;
de minske de nijsgjirrige taskôger;
de oare minske, de naïve,
bisjucht himsels yn in spegel of lit syn fingers de
asymmetryen neiplúzje fan syn ûnlykmjittich biente, of
ûntdekt, mocht er ris troch in fluoroskoop sjen,
genôch ôfwikende faktoaren om 'e bestiaria fan
aardvark ont zebra fier to boppe to gean.
‘Wisten Jimme’, frege Dr. R.J. Williams, de biochemikus fan
Texas, oan in omsit fan wize mannen by in symposium yn 'e
‘dat de greatens fan 'e minsklike mage in seisfâldige fariaesje
fortoant of dat de termen fan manlju en froulju yn lingte
forskele kinne fan sa'n trije ont trettjin meter?’
Alve ûnderskate patroanen binne foun foar it forrin fan 'e
wiisfingerkrûmspier. De bloedstream troch ieren en slach-
ieren rint yn syn banen likefolle útinoar as de greate
rivierestelsels fan 'e ierde. De biochemy fan 'e lichemscellen
en de dêrmei mank geande elektryske ympulsen skele fan
yndividu ta yndividu. Gjinien fan uzen rûkt allyk (Sa komt de
bloedhoun oan 'e kost; dy kin it witte).
En as jo bisykje de kriemingen fan 'e harsens yn kaert to
bringen, dan is elts breinwurk in hielal, dêr't de cellen,
yn lagen oerinoar, in triljoen ynteraksjes formannichfâldigje
fornimt homo intellectualis by Doubledome
‘dat ynsté fan ienfoarmigens fariaesje
| |
| |
| |
Ofskie
Yn tinzen to midnacht en yn 'e lêste helte fan 'e ieu
sjokseljend oer it grint oan 'e kânt fan 'e dyk, dêr't wy bytiden
tusken de kwartsene kidelstientsjes plichten to finen ôfbrûkte
pylkpunten fan 'e Powhatan-Indianen.
It biroune swurk fortsjusteret de stjerren. Sels gjin glimpke fan
'e ûnbiskamsume Echo, Amearika's boartersguod-ballon, dêr't
de radioman fan sei rin der bileaven ris út om him to sjen.
It is to let yn 'e hjerst foar ljochtkrobben, inkeld hjir en dêr
in koel biwyske fan in glintwjirm yn it wiete gers.
De houn draeft fol fjûr en snuvet de nacht, greatsk op 'e
stappen fan syn baes efter him. De man sleepsoallet biskamsum
mei forsleine trêdden, de holle leech, allinne noch mar it
op 'e farao's fan it rattelmansreau, hwaens rouwe forflokkingen
de ûnpartidige transistoaren him yn 'e earen tûtere hawwe.
It kwee is ûndielber. Troch hate binne hja opstiigd ta
flitsljochtgloarje en it geâl fan têdde klibers,
wyls plysje-sirenen balte
hoe great de lieder, hoe lyts de laten: de smaedlike mikro-
foan jimmer yn ôfwachting om
it smoarge losbarnen fan har moardnersmacht op to heinen.
De leagen yn it kwadraet, de leagen yn 't kubyk, de leagen
ta de x-te macht docht dea as in tornado.
Fan hate libje hja. Fan hate sjugge wy har nochris stjerren.
Wy hawwe har eerder stjerren sjoen. De hate bliuwt
om it goede to smoaren, om to dwêsten
Gods fûnk yn 'e minske. De minske forkomt
Dizze nachten binne tsjuster.
Yn it ljocht fan 'e weinlampen op 'e stoepstiennen fan it
sliepende hûs wer thús, bliuwt de man efkes stean foar in
lêste sykhel fan 'e nachtloft; de houn wriuwelet de snút yn syn
hân. Hy bûget him, wriggelet, stout fuort, giet op 'e rêch lizzen,
de eagen rôljend yn wylde wurdearring:
rinner op efterpoaten, smiter fan stokken, foerskaffer, bouwer
fan ûnderdak, arkmakker, hear fan 'e skepping, foarstapnimmer,
hippelwipjend houn-Shakespeare syn sturt forkundiget:
(oersetting H.Tj. Piebenga)
|
|